• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Op syn kreas Frysk

14 januari 2026 door Reitze Jonkman Reageer

By it yn it ljocht jaan fan Dat is moai Frysk! Ljouwert 2025. Tekst: Welmoed Sjoerdstra. Konsept en kreaasje: Doutsen Jellema, Harm van Zuiden, Lisa Boersma, Stephan Berger, Tjeerd Kooistra en Welmoed Sjoerdstra. ISBN: 978 949 331 8724 Priis: € 14,95 Tal siden: 96.

Ynlieding

Yn de tiid dat ik noch foar de klasse yn it fuortset ûnderwiis stie, brûkte ik it lesboekje De Stipe om benammen taaleigen oan te learen. It boekje wie doe al slim ferâldere mei gâns útdrukkingen dy’t âldfrinzich wienen en in hiel soad drûge skoalske leskes. As eigentydsk dosint besykje jo troch in tûke seleksje fan wol brûkber idioom en in eigen oanpak fan de ferwurking fan de stof – bygelyks it fisuëel útbyldzjen fan it ferskil tusken ‘slikje’ (plaatsje mei in tonge) en ‘slokke’ (plaatsje mei in kiel) – aardiger te meitsjen foar de learlingen dat de stof ek noch hingjen bliuwt. No is folslein oarsoartige opfolger fan De Stipe ferskynd dêr’t in tûke eigentydske seleksje yn tapast en in fisuëel oantreklike útbylding fan de stof makke is!

De opset

De earste side begjint fuortdaliks al mei in folle bledspegel kleurige grienmank fan ‘moai Frysk’ taaleigen: ‘tútsjeboarstje’, ‘bûkemantsje’, ‘ûnsjoch’, ‘snypsnaren’, ‘krôkje’, folle net genôch. Yn de yntroduksje dêrnêst wurdt de oprop dien om dy unike stikjes Frysk yn plak fan it Nederlânske wurd faker te brûken. It boekje hat in echt ûnderwiisdoel: ferbetterjen fan flaters dy’t in soad makke wurde en ferdjipping fan it Frysk om it op in moaiere wize te sizzen, wol mei in grapke want it moat benammen aardich[i] wêze. Dat is moai Frysk! bestiet út seis haadstikken mei in fêste opbou: ferhaaltsjes mei moaie wurden, foarbyldsinnen en stikjes oer taaleigen. Dêrtuskentroch puzels, sykplaten en in soad kleurige printsjes. De tema’s fan de haadstikken binne achterinoar: minsken, liif en sûnens – famylje en relaasjes – kommunikaasje – natuer – moade, iten en drinken – skoalle, wurk en frije tiid. Neikommend it foarbyld fan haadstik 3.

3 ‘Prate is sulver, harkje is dreech’

Haadstik 3 begjint mei de titel ‘Prate is sulver, harkje is dreech’. It is dêrmei in ymplisite oankundiging fan kommunikaasje. Yn it ferhaalstje ‘Dy’t in soad praat, moat in soad wiermeitsje’ komme sadwaande in soad útdrukkings dêroer foar: ‘nei fernimme’, ‘prate as in abbekaat’, ‘op ‘e tekst’, ‘it planút sizze’, ‘mei de klompen yn it spul komme’, ensfh. Op de tsjinoerlizzende side wurde de útdrukkingen yn lytse ôfskuorde briefkes koart útlein. By dy lêstneamde útdrukking is in yllustraasje (fan Tessa Spijker) opnommen; ien dy’t mei de klompen oan op in damboerd stiet! Dan folget in twakollommerke mei oan de linker kant 14 útdrukkingen as ‘Dêr mei ik net oer’ dêr’t de betsutting oan de rjochterkant út de 14 útlizzen socht wurde moat as ‘Dat kin ik net ferdrage’ (De oplossingen steane allegear achteryn). Yn in fermaaklik ferhaaltsje fan de twa froulju Dookje en Jookje wurdt it ferskil yn de oansprekfoarmen ‘do’ en ‘jo’ behannele.

Yllustraasje fan Tessa Spijker út it boek side 37

Ek komt de tredde persoan ‘Wol mem my it sâlt jaan’ foarby. Spitich is wol dat de bypassende meartalsfoarm ‘jimme’ net op it aljemint brocht wurdt, nammentlik by ynformeel én formeel gebrûk itselde (oars as by it Nederlânske duo ‘jullie/u’) én by it oansprekken fan ien persoan (‘jo’) krekt oars as by dat fan mear persoanen (‘jimme’). It komt nochal ris foar dat in publyk yn in seal mei ‘jo’ oansprutsen wurdt! Mei in boartlik sykplaatsje moatte dan skelwurden by bygelyks in hoannekop socht wurde (Janhin). Nei wer in taaleigenferhaaltsje as yn it begjin slute fjouwer siden mei it echte taallearwurk it haadstik ôf. It giet dêrby om útdrukkingen oer ‘Net ferjitte’ lykas ’Dat heucht my,’ it faak ferkeard brûkte ‘per’ (week) (want de wike of wyks)[ii], en it ferskil tusken ‘faak’ en ‘faaks’.  De lêste twa binne echte Stipe-ûnderdielen; moai typysk Frysk idioom as ‘bûkemantsje’, ‘ferlechjes’, ‘ditsjes en datsjes’, ‘ôfwaaid praat’, it kontrastearjen fan it kertet ‘eigentlik’, ‘eins’, ‘einliks ‘ en ‘einlings’ en it ferskil tusken ‘besykje’ en ‘probearje’.  

De gearstallers

Dat is moai Frysk! is makke yn it ramt fan Lesprojekt foar it fuortset ûnderwiis troch it team Fuortset Underwiis fan de Afûk, yn gearwurking mei dosinten Frysk. De ynhâld is foar in part basearre op De Stipe en it nije boekje is dan ek in spirituele opfolger te neamen. Nêst meiwurking fan âld-kollega’s fan my (Harm van Zuiden en Tjeerd Kooista) hat in nij talint Welmoed Sjoerdstra (*1999) in sintrale rol krigen as tekstskriuwer. Dêrmei makket se al wier dêr’t sy har al yn it jongere-panel fan Asega’s (Dingtiid) mei oppenearre om har generaasje ‘goed fertsjintwurdigje te kinnen om de Fryske taal op it plak te krijen dêr’t it heart.’ Moai!

By einsluten

Lykas ik hjirfoar al ‘trochskimerje’ litten haw, bin ik optein oer dit nije learmiddel, al stean iksels net mear foar de klasse. Yn in oantreklike boartlike foarm binne oersichtlike ûnderdielen fan earste stikken fan it Fryske taaleigen op it aljemint brocht dy’t yn in lesprogramma fan de boppebou fuortset ûnderwiis passe. Fansels kin in betûfte dosint noch altyd in seleksje oanbringe of krekt ûntbrekkende saken taheakje lykas ‘jimme’. It is oars ek moai foar persoanlike gebrûk gaadlik, al moat der dan wol de nedige dissipline opbrocht wurde om de stof te ferwurkjen, want dy is dreech genôch mei hast hûndert siden. Der kin oars ek maklik in kar makke wurde troch de dúdlike opset fan de seis haadstikken. It is treflike moderne opfolger fan it âldfrizige De Stipe fan al wat jierren lyn; dat is in moai Frysk boek!


[i]  Yn in noat stiet: ‘Net ‘leuk’ dus, dat is Nederlânsk!’
[ii] Ik miste hjir wol de Fryske omskriuwing fan ‘Per definitie’: by definysje.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: afûk, Frysk yn it ûnderwiis, taalonderwijs, taalvaardigheid

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarmoanne

Jannewaris, earste moanne fan it jier 

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

23 jannewaris 2026: Akademylêzingen mei Johannes Boonstra en Paul ter Heyne

23 jannewaris 2026: Akademylêzingen mei Johannes Boonstra en Paul ter Heyne

14 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
21 jannewaris-1 febrewaris 2026: Nasjonale Foarlêsdagen 2026

21 jannewaris-1 febrewaris 2026: Nasjonale Foarlêsdagen 2026

2 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 jannewaris 2026: Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’

15 jannewaris 2026: Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’

30 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
9 jannewaris 2026: ynformaasjejûn “Skriuw in essay”

9 jannewaris 2026: ynformaasjejûn “Skriuw in essay”

29 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
8 jannewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

8 jannewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

12 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d