
Dizze kollum begjint mei in bekentenis dat ik hiel lang de basale fout makke haw om it saneamde Vulgair Latynsk/Latyn as in ferbastering fan it Klassike Latyn te sjen, dat sadwaande ta it ûntstean fan de Romaanske talen laat hat.[i] Dat idee is sa’n bytsje like slim as dat minsken tinke dat de Nederlânske dialekten ûntstien binne troch it ferwaarleazgjen fan it Standertnederlânsk of dat it Stedsk in – neffens guon – brike ferfrysking fan it Nederlânsk is (ferl. de namme Stedsfrysk). Ut de resintere skiedskriuwing oer it Latyn fan boeretaal oan de Tiber ta lingua franca fan hiele West-Europa komt in oar ferhaal oan it ljocht.[ii] Hjir folget in skets fan hoe’t it him fan in regionaal Italysk dialekt ta sawol as in ferstienne deade wrâldtaal as ta libbene memmetaal fan hûnderten miljoenen minsken ûntjoech.

Sprutsen Latyn basis foar it Klassyk Latyn
Yn it earste milennium foar Kristus wie midden-Itaalje in grienmank fan besibbe Italyske soarten regionale taal, lykas it Latyn en it Umbrysk. Dy fariëteiten binne fan in mienskiplik Proto-Italysk komôf, mar hawwe har yn de rin fan de tiid los fan inoar ûntjûn. It oarspronklik dialektale Latyn út it plattelânsgebiet om Rome hinne (Latium, no Lazio) wûn stadichoan oan yn oansjen troch de ûntjouwing fan Rome ta in sintraal plak fan bestjoer en hannel. Yn de skreaune boarnen is noch in protte ferskaat te finen mei ynfloeden fan it Etruskysk mar ek fan it Gryksk oan de Súd-Italjaanske kust. Dy Grykske ynfloed op de ûntjouwing fan it Latyn soe letter noch grutter wurde troch kontakten mei de Grykske wrâld nei de ferovering troch de Romeinen fan Súd-Italje en letter Grikelân sels.
Dy ynfloed hat it skreaune Latyn riker makke en op in heger kultureel plan brocht, iuwenlang hat der in een nauwe taalkundige útwikseling tusken beide west. Sa naam it Latyn tûzenen Grykske lienwurden oer, foaral op it mêd fan filosofy, wittenskip, literatuer, en religy as ‘poeta’, ‘philosophia’, ‘theatrum’, ‘scena’, ‘musica’, ensafuorthinne. Ek it Latynske alfabet sa’t wy dat no kenne, is nêst Fenisyske en Etruskyske in eigen neifolging fan Grykske foarbylden. Yn de lette republyk en it begjin fan it keizerryk (5de iuw f.Kr. -1ste n.Kr.) wurdt Gryksk ûnder de elite ek breed as twadde taal brûkt.
Neifolging Gryksk
Romeinske skriuwers besochten om de elegânsje en kompleksiteit fan it Gryksk nei te folgjen. De Romeinske elite beskôge behearsking fan it Gryksk as in teken fan beskaving en yntellekt. It Gryksk tsjinne boppedat as foarbyld foar de eigen taal. Cicero, Vergilius en Horatius, basearren harren wurk op Grykske foarbylden en sjenres. Vergilius (70-19 f.Kr.) liet yn syn epos Aeneis de Trojaan Aeneas de grûnlizzer wêze fan de Romeinske beskaving. De Grykske healgod flechte nei de fal fan Troje mei syn folk nei Itaalje, dêr’t er de basis foar in nije stêd en in nije dynasty lei. Ut it geslacht fan Aeneas soenen Romulus en Remus komme, de legindaryske stifters fan Rome.

Troch de Romeinen ôfstamme te litten fan in Trojaanske held, joech Vergilius harren in ferheven en godlik komôf: Aeneas is de soan fan de goadinne Venus. Dat joech Rome en syn keizers in mytyske status en ferbûn de Romeinske identiteit mei de grutte heldedichten fan de Griken, lykas de Ilias en de Odyssee. De literêre kanonfoarming hie dêryn in oandiel. Cicero, Vergilius, Horatius, Ovidius en Livius stelden de noarm foar styl, grammatika en wurdskat. Harren wurken waarden as model brûkt yn it ûnderwiis en troch lettere auteurs neifolge. Fan de tredde iuw f.Kr. yn it saneamd Hellenistysk tiidrek (323-146 f.Kr.) ôf wie der in literêre tradysje ûntstien ûnder ynfloed fan de Grykske kultuer. Dat late ta de ûntwikkeling fan in algemiene foarm – tsjintwurdich beneamd mei ‘Klassyk Latyn’ – yn de saneamde ‘gouden iuw’ fan de Latyne literatuer tusken 75 f.Kr. en 14 n.Kr.
Sermo vulgaris
Nêst dat skreaune ‘proprieet latine’ beslipe Latyn bestie der altyd in fariaasje oan sprutsen, ûnbeslipe farianten, dy’t yn de Aldheid sels mei ‘sermo vulgaris’ gewoane spraak, ‘sermo plebeius’ spraak fan it folk of mei ‘sermo rusticus’ plattelânspraak beneamd waarden, dy’t foar elke regio sterk ferskille koe. De ‘sermo vulgaris’, waard lykwols sûnt de renêssânse mei Fulgêr of FolksLatyn oantsjutten as soe dy gewoane spraak eksklusyf fan de mindere man wêze, mar de maatskiplike hegere laach prate dy ek as gewoane omgongstaal en learde de algemiene taal derby foar formele funksjes as taspraken yn de Senaat. Dy gewoane omgongstaal wie minder sekuer as de skriuwtaal yn de grammatika, in oare wurdskat en naam earder wurden oer út oare talen. It taalgebrûk sil boppedat sterk fan de gebrûkssituaasje ôfhongen hawwe. Dêrom moat dy fariabele spraak net as in haadwurd mei in haadletter foarsteld wurde mar earder as in haadwurd mei in eigenskipswurd: fulgêr of folksk Latyn.
It gie doe noch om in ientalige situaasje mei ferskillende farianten fan it Latyn dy’t mei in glidende skaal (‘kontinuüm’) ferbûn wienen. Mei de hjoeddeiske terminology soe sa’n funksjonele ferdieling fan taalgebrûk, mutatis mutandis, ‘diglossia’ hjitte (Ferguson 1959).[iii] Mei dy sosjale farianten waard literêr ek in taalspul spile. Yn syn roman Satyricon sette Petronius (27-65 n.Kr.) – in sprekbuis oer goede smaak oan it hôf fan keizer Nero – omgongstaal om net allinnich de formelere, de literêre styl fan syn tiid ôf tsjin it spraakgebrûk fan de legere lagen fan de Romeinske maatskippij dy’t dy styl konsekwint brûkten. Faaks soe dat leger taalgebrûk ferlike wurde kinne mei it folkstalich gebrûk dat Bredero it gewoane folk fan Amsterdam yn de mûle lei (Daan 1984-1985) mei foarmen as ‘wangt’ want, ‘gien ien’ niemand, ‘veul’ veel, ‘du bist’ jij bent ‘se seid’ ze zegt en ‘peerd’ paard fan de Hollânske folkstaal yn syn kluchten. De foarming fan it Romeinske Ryk soarge letter foar in grutte fersprieding fan it Latyn ûnder oare yn Gallia, fan de beslipe én fan de ûnbeslipe foarm.
It fuortbestean fan it Latyn as lingua franca
Mei it ferdwinen fan it West-Romeinske Ryk yn de fyfde iuw n.Kr. feroare de kulturele en taalkundige situaasje yn West-Europa drastysk. It algemiene Klassyk Latyn kaam hieltyd fierder ôf te stean fan de libbene sprutsen foarmen, mar de sosjaal dominante klassike fariant krige in nije funksje as lingua franca yn wat letter it Frankyske ryk, de opfolger fan it Romeinske, wurde soe. Mei de nije funksje fan it Klassyk Latyn briek sa stadichoan in nije tiid oan dy’t letter as midsiuwen – de iuwen tusken dy eardere (‘Aldheid’) en de folgjende (‘Iermodern’) yn – beneamd wurde soenen. Dy fuortsetting fan it Latyn benammen as skriuwtaal mei in heech prestiizje kin mei oan in pear grutte nammen taskreaun wurde, omdat dyen ynfloedrike wurken as in grammatika (Donatus), in bibeloersetting (Hieronymus) en in ensyklopedy (Isidorus fan Sevilla) yn it Latyn skreaun hawwe. Iuwenlang hawwe dy de noarm steld yn ûnderwiis, bestjoer en tsjerke. It tsjerkelatyn en rjochtslatyn krije in eigen standert—al is dy minder strikt as it Klassyk Latyn. It Latyn waard in ferienjende faktor tidens de Karolingyske renêssânse yn it Westen. Troch it tagelyk wol fuortbestean fan it East-Romeinske Ryk, it Byzantynske, mei it Gryksk as lingua franca, grinzet it Latyn ek de grinzen fan it westersk kristendom ôf.
Fuortfallen Gryksk yn it West-Romeinske Ryk
De Grykske taal, dy’t earder as wittenskipstaal en kultuertaal in wichtige rol as lingua franca spile hie binnen it hiele Romeinske Ryk, rekke yn it Westen stadichoan yn it neigean. Nei de politike skieding tusken it Gryksktalige Easten fan it Byzantynske Ryk en it Latyntalige Westen waard yn West-Europa Latyn de dominante taal fan bestjoer, tsjerke en kultuer. De ynvaazjes fan Germaanske folken en de delgong fan de stedskultuer soargen foar in algemiene kulturele achterútgong en in tanimmend isolemint fan West-Europa. Yn it Easten bleau Gryksk de fiertaal fan de gelearden, it bestjoer en de tsjerke. De Arabieren holden nei de fal fan it West-Romeinske Ryk wól kontakt mei de Grykske kultuer, omdat de Arabieren yn regio’s kamen lykas Egypte, Syrië en Mesopotamië dêr’t de it Gryksk en Grykske teksten oer filosofy en wittenskip noch hieltyd beskikber wienen. De Arabyske wrâld naam in protte fan dy kennis oer troch it oersetten fan Grykske teksten nei it Arabysk, benammen yn it saneamde Hûs fan de Wittenskip yn Bagdad. Sa waard in grut part fan de Grykske filosofy en de medyske en natuerwittenskip bewarre en fierder ûntwikkele yn de islamityske wrâld, wylst dy kennis yn it Westen foar in grut part ferlern gie.
It fuortbestean fan it Latyn as nije folkstaal
Mei de útwreiding fan it Romeinske Ryk kamen de Latynske farianten yn kontakt mei de taal fan stammen as ‘Galli’ en ‘Germani’. Ut de troch de soldaten meibrochte sprektalen[iv] ûntwikkelen de Galjers harren eigen foarm fan folksk Latyn, mar dy’t in oare betsjutting krige as dy’t dy yn de oarspronklike ientalige situaasje fan Rome hie; it waard no in op himsels – los fan it Klassike Latyn – steande taal; der ûntstie in twatalige situaasje (sjoch skema 1.)
| Skema 1. Twataligens: Klassyk en folksk Latyn | |
| Klassyk Latyn | folksk Latyn |
| Skreaune talen Tsjerkelatyn Midsiuwsk Latyn Neolatyn | Folkstalen Proto-Romaansk (Proto-Frânsk -Spaansk, ensfh.) |
| Romaanske talen (Frânsk, Spaansk, ensfh.) | |
Tsjintwurdich wurdt dat fulgêr Latyn taalkundich wol prototaal neamd, bygelyks it yn súdlik Frankryk prate ‘Langue d’Oc’ dat mear beynfloede is troch it oanswettende noardlik Italyske dialekt as dat it gefal is mei de ‘Langue d’oïl’ fan noardlik Frankryk dat wer in oare regionaal dialektale ûndergrûn hie en boppedat mear troch Germaanske ynfloeden in ôfwikende kleur krigen hie. De eardere talen fan Súdwest-Europa Ibearysk en Arabysk waarden yn in grut part lang om let ferdreaun. Nei de milenniumwiksel sille de ferskillende foarmen fan folksk Latyn sa njonkenlytsen in eigen identeit krije as se mei in beskaat bestjoerlik gebiet ferbûn wurde.
Ynfloed fan substraat en superstraat by de foarming fan de Romaanske talen
De ûntjouwing fan de Romaanske talen út allerhanne foarmen fan it folksk Latyn wei kin net begrepen wurde sûnder ek omtinken te jaan oan it substraat—dat is: de ûnderlizzende ynfloed fan de autochtoane talen fan Galje, Hispanje, Dalmaasje en Dacia. Yn Galje hie it Keltysk al in tûzen jier lang in plak yn de troch Romeinen ferovere gebieten. Sels nei de romanisearring binne der Keltyske skaaimerken oer: bepaalde klanken, wurdbou of oersetten struktueren. Ek it superstraat—dat is: de lettere ynfloed fan Germaanske of Arabyske ynfallers fan nei de Romeinske tiid—spilen in rol, mar de grutste ynfloed kaam fan it folksk Latyn fan de kolonisten sels, basearre op it sprutsen Latyn en net sa bot op it Boeke-Latyn.
Yn de ferskillende Romaanske gebieten fynt men in grut taalkundich ferskaat trochdat it ‘soldatelatyn’, de ynlânske talen en de literaire tradysje dwerstrochinoar kamen te rinnen. Yn it Frânsk bygelyks sit sawol Gallysk as Germaansk, wylst it Spaansk evoluearre is ûnder ynfloed fan it Ibearysk, it Keltysk en letter it Moarske Arabysk. Sjoch foar taalkundige foarbylden skema 2.
| Skema 2. Foarbylden fan folksk Latyn ûnderdiel fan beslipe Frânsk. | |||
| Klassyk Latyn (mei oersetting) | folksk Latyn (proto-Frânsk) | ‘Frânsk’ (Langue d’oil) | |
| Caballus (hynder) pulcher (moai) hortus (tún) ignis (fjoer) castellum (kastiel) canis (hûn) capra (geit) | Cabal Bellus Gardinus Focus C(h)astel Can Chevra | Cheval Beau Jardin Foyer Château Chien Chèvre | |
Ofsluting
Gjin simpele ferbastering fan it Klassyk Latyn dus, mar in wat yngewikkelder ûntjouwing út ferskillende soarten fan Latyn wei. De ientalige situaasje fan it antike Rome mei in kontinuüm fan taalfarianten liet gjin sosjaal dúdlik ôfskate opdieling yn twa skerp ôffrede fariëteiten sjen. Der bestie dêrom ek net ien aparte soarte fan fulgêr Latyn, fulgêr wie in oantsjutting fan gewoan, net beslipe taalgebrûk. Ferskillende farianten fan dat folkske Latyn foarmen letter de basis fan de prototalen dy’t de basis foarmen mei substraat en supertstraat fan de beslipe Romaanske fariëteiten lykas it Frânsk. Op de tsjintwurdige gymnasia yn Nederlân steane beide standertfariëteien as sustertalen op it roaster.
No moat ik by einsluten bekenne dat it boppesteande ferhaal in aardich wis alternatyf liket foar myn earder tinken oer it ûntstean fan de Romaanske talen as ferbastering fan it Klassyk Latyn. Wy witte lykwols dat it measte fan sprutsen talen net opskreaun is en wy weromgripe moatte op mar in pear konkrete foarbylden fan losse wurden, dy’t ek noch mei sin yn it bedoelde taalramt set wurde. Dat is fansels frijwat wippelich, omdat der aardich wat fariaasje yn in wurdskat (Labov) fan dialekten sitte kin. Krekt dy dialektfariaasje is oars wol in sterk argumint foar it beskreaune alternatyf fan de meartalige ûntsteanswize fan de Romaanske talen.
Bibliografy
J.N. Adams (2013), Social variation and the Latin language. Cambridge 2013.
Jan Bloemendal (2024). Latijn. Cultuurgeschiedenis van een wereldtaal. Amsterdam.
James Clakson en Geoffry Horrocks (2007), The Blackwell history of latin. Oxford.
Jo Daan (1984-1985), ‘Sociolecten en stijlen bij Bredero.’ In: Spektator 14: 254-260.
Josef Eskhult (2018), Vulgar Latin as an emergent concept in the Italian
Renaissance (1435–1601): its ancient and medieval prehistory and its emergence and developmentin Renaissance linguistic thought. Journal of Latin Linguistics; 17(2): pp. 191–230.
Charles A. Ferguson (1959) Diglossia, WORD, 15:2, pp. 325-340,
Kees Versteegh (2021), The ghost of Vulgar Latin History of a misnomer. Yn: Historiographia Linguistica 48:2/3, pp. 205–227
[i] De omskriuwing ‘Vulgair Latijn’ by wikipedia is ek net sa dúdlik. Sjoch ek Jan Bloemendal (2024), Latijn en
[ii] Sjoch bygelyks Kees Versteegh mei syn History of a misnomer (Versteegh 2021) en Social variation and the Latin language. (J.N. Adams 2013) Cambridge 2013.
[iii] Josef Eskhult (2018), p. 193.
[iv]Al yn de iermoderne tiid waard it idee fan ‘soldatelatyn’ as oergong nei de Romaanske talen troch Celso Cittadini (1533–1627) en Pierre-Nicolas Bonamy (1694–1770) nei foaren brocht, mar by it begjin fan de taalwittenskip yn de romantyk skoaudere; de ferbastering fan it Klassike Latyn kaam wer foarop te stean.

Laat een reactie achter