
It nasjonale Boekewikegeskink wurdt dit jier skreaun troch de bestsellerauteur fan de populêre deiboeken fan Hendrik Groen. Groen bleau mear as tsien jier anonym foar it grutte publyk. Skriuwer Peter de Smet stapt spesjaal foar de nasjonale Boekewike foar ien kear út de anonimiteit. ‘Piaggio’ fan Peter de Smet ferskynt as nasjonaal Boekewikegeskink ek yn it Frysk. De Fryske oersetting is makke troch Ytsje Steen-Buwalda.
Peter de Smet oer it ferskinen fan it Boekewikegeskink yn it Frysk: “Piaggio in het Fries! Hindrik Grien is sa grutsk as in pau!” Yn 2018 waard foar it earst in Fryske oersetting fan it nasjonale Boekewikegeskink makke, en fanwege de suksesfolle ûntfangst waard dat in jierlikse tradysje. De oersetting fan ‘Piaggio’ fan Hendrik Groen is sadwaande alwer de njoggende Fryske oersetting fan it Boekewikegeskink.
Oer ‘Piaggio’: It libben laket Anton (61) alderminst ta: frou fuort, baan kwyt en in bemuoisuchtige heit dy’t him op ’e hûd sit. Ek Marieke (58) kin wol wat gelok brûke, want it is sukkeljen mei de leafde en in lestige dochter. As se elkoar foar it earst tsjinkomme op in feestje, helpe it tafal en in pear drankjes harren in ein op wei. Letterlik en yn it libben.
De nasjonale Boekewike wurdt dit jier holden fan 11 o/m 22 maart. By oanskaf fan € 17,50 oan boeken by jo boekhannel krije jo yn de Nasjonale Boekewike it Boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.
Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. Sjoch op de webside fan Boeken fan Fryslân foar mear ynformaasje oer projekten en aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân: www.boekenfanfryslan.frl.

Laat een reactie achter