De nationale en regionale talen van Nederland staan volop in de belangstelling, zo ook het Fries. Op deze dag viert de KNAW de rijkdom van de Friese taal en cultuur met een bijeenkomst in het Trippenhuis. Hoe belangrijk deze taal ook is, hij staat wel onder druk. Dat bleek ook uit het KNAW-adviesrapport De Toekomst van de Frisistiek. In deze bijeenkomst gaan … [Lees meer...] over22 novimber 2024: KNAW-middag Rijkdom van het Fries
Frisistyk
21 novimber 2024: Lunchlêzing ‘Simon Vestdijk en de kuorbalsport’
"Stijgen, buigen, kantelen … floep door de mand!" Yn syn debútroman Terug tot Ina Damman (1934) skreau Simon Vestdijk oer in kuorbalwedstriid. Dat is opmerklik, want yn dy tiid wie kuorbal noch in nije sport. Yn dizze lunchlêzing by Tresoar beljochtet Michel van Gent de relaasje tusken de romanskriuwer en dichter Simon Vestdijk en it kuorbal yn Harns. Hoe kaam Vestdijk yn … [Lees meer...] over21 novimber 2024: Lunchlêzing ‘Simon Vestdijk en de kuorbalsport’
20 november 2024: WikiWomen en Fryske edit-a-thon
Op 20 novimber wurde yn Ljouwert twa eveneminten holden dy’t bydrage oan in ynklusivere Wikipedia mei tagelyk mear taalferskaat. It middeisprogramma fan WikiWomen en de jûn fan de Fryske edit-a-thon rjochtsje har op it fersterkjen fan de represintaasje fan froulju en it behâld fan minderheidstalen op Wikipedia, mei bysûndere oandacht foar de Fryske taal en … [Lees meer...] over20 november 2024: WikiWomen en Fryske edit-a-thon
21 novimber 2024 Workshop “Saterfriesisch zum Schnuppern”
Am 21.11.2024 bieten Nordika Köln und das Seeltersk-Kontoor einen Online-Workshop "Saterfriesisch zum Schnuppern" an. Das interaktive, zweistündige Treffen verleiht einen ersten Einblick in die saterfriesische Sprache und ihre Besonderheiten. Saterfriesisch wird von knapp zweitausend Menschen in der Gemeinde Saterland in Niedersachsen gesprochen. Es bildet mit dem … [Lees meer...] over21 novimber 2024 Workshop “Saterfriesisch zum Schnuppern”
Sybe Sybesma, 100 jier lyn berne
Op 5 novimber 2024 wie it 100 jier lyn dat skriuwer Sybe Sybesma (1924-1986) berne waard. Rint Sybesma (1960) stiet op de webside fan Tresoar yn trije artikels mei ynlieding stil by it libben en wurk fan syn omke. Rint Sybesma is heechlearaar Sineeske taalkunde oan de universiteit yn Leiden. Sûnt 2018 publisearret er ûnder it pseudonym Ruerd Smaling gedichten en koarte ferhalen … [Lees meer...] overSybe Sybesma, 100 jier lyn berne
De skjintme vurt ferbwólgwódde fan Trinus Riemersma
Freed 1 novimber is yn Tresoar de biografy Der is neat glêd te striken. Biografy fan Trinus Riemersma fan de hân fan Doeke Sijens ferskynd. Ta de presintaasje hat Pieter Duijff syn fyzje jûn op Riemersma syn roman De skjintme vurt ferbwólgwódde (1981). Trinus Riemersma skriuwt yn syn ienmanstydskrift De Kul yn de foarste jiergong fan 1983 op side 16 in koart ‘jênsteg … [Lees meer...] overDe skjintme vurt ferbwólgwódde fan Trinus Riemersma
Op syn Gitersk (*1751- † ?X) II*. By it weiwurden fan ien fan de migraasjetalen fan Fryslân
Taalkundige ferskillen tusken it Stellingwerfsk en it Gitersk? Yn Op syn Gitersk I is de skiednis fan de opkomst en delgong fan it Nedersaksyske dialekt boppe de Tsjonger of Kuunder ferteld mei de taalsosjologyske achtergrûnen dêrfan. It die bliken dat de sterk geografysk bepaalde identiteit fan it Gitersk syn namme oant op it lêst bewarre hie. De fraach is no oft dat mei de … [Lees meer...] overOp syn Gitersk (*1751- † ?X) II*. By it weiwurden fan ien fan de migraasjetalen fan Fryslân
16 novimber 2024: Fedde Schurerlêzing ‘De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks’
Op sneon 16 novimber is by Tresoar de fyftjinde Fedde Schurerlêzing. Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe beide in lêzing oer it tema De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks. Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo. It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere) en duorret oant 15.30 oere. Neisit oant 16.45 oere. Tagong fergees, mar oanmelde … [Lees meer...] over16 novimber 2024: Fedde Schurerlêzing ‘De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks’
14-17 novimber 2024: Literatuerfestival Meet me at the lighthouse
Meet Me at the Lighthouse (MMATL) is in literatuerfestival op Skiermûntseach. Foar it program, kaartsjes en mear ynformaasje sjoch de webside. Meet Me at the Lighthouse is mogelijk dankzij: Cultuurfonds, Nederlands Letterenfonds, LIRA fonds, Stichting DOEN, Stichting MAPS, Gemeente Schiermonnikoog, Wagenborg Passagiersdiensten, Bibliotheek Schiermonnikoog, Kolstein … [Lees meer...] over14-17 novimber 2024: Literatuerfestival Meet me at the lighthouse
2-10 novimber 2024: Fryske boekewike
Freed 1 novimber is de Fryske Boekewike begûn mei it Boekefeest en de presintaasje fan it Kadoboek ‘Wynroas’ fan Meindert Talma. It Kadoboek is de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske boeken by jo boekhannel. Optredens Yn it ramt fan de Fryske Boekewike – fan 2 o/m 10 novimber – fersoarget Meindert Talma fiif optredens oer it Kadoboek: … [Lees meer...] over2-10 novimber 2024: Fryske boekewike
Jülje/joolje
Yn it Saterfriesisches Wörterbuch fan Marron Fort komt it tiidwurd jülje foar, mei de betsjutting "beim Laufen die Absätze schief setzen, so dass die Zehen nach außen stehen". It lemma ferwiist troch nei twäärsfoutje, dat de omskriuwing "mit nach außen gerichteten Fußspitzen gehen" krigen hat. Dat beskriuwt sawat it loopke fan Charlie Chaplin. Bouke Slofstra makke my op it … [Lees meer...] overJülje/joolje
Skriuwer Ulke Brolsma ferstoarn
Op 21 oktober 2024 is Frysk skriuwer Ulke Hessel Brolsma (1943) út Zaandam ferstoarn. Hy skreau koarte ferhalen en romans, en wûn yn 2000 in Rely Jorritsmapriis. Brolsma groeide op yn Grou en folge in oplieding ta ûnderwizer en sjoernalist. Hy wie wurksum as gemeentefoarljochter. Hy kaam út in skriuwerslaach, mar stapte sels pas op lettere leeftyd yn de literêre spoaren fan … [Lees meer...] overSkriuwer Ulke Brolsma ferstoarn
Portret Gysbert Japicxpriiswinner Jetske Bilker ûntbleate
Op freed 18 oktober is by Tresoar it portret ûntbleate dat keunstner Mark Bunder makke fan Gysbert Japicxpriiswinner Jetske Bilker. Dat wie by in literêre middei, wêrby't skriuwsters Jetske Bilker en Vrouwkje Tuinman te gast wienen. Ek is de Nederlânske oersetting fan Spegel en sonde, it boek dêr't Jetske yn 2023 de Gysbert Japicxpriis mei wûn, presintearre. It portret wurdt op … [Lees meer...] overPortret Gysbert Japicxpriiswinner Jetske Bilker ûntbleate
9 novimber 2024: DINGtiid-lêzing ‘Frysk yn ‘e soarch’
Hoe kinne it Frysk en oare regionale talen de kwaliteit fan de soarch befoarderje? Sneon 9 novimber 2024 – 10.00 oere Auditoarium fan sikehûs Nij Smellinghe, Drachten Hoe kinne it Frysk en oare regionale talen de kwaliteit fan de soarch befoarderje? Wat betsjut it foar de pasjint en wat foar de organisaasje? Oer dat tema organisearret DINGtiid, it Ryksadvysorgaan fan de … [Lees meer...] over9 novimber 2024: DINGtiid-lêzing ‘Frysk yn ‘e soarch’
7-8 novimber 2024: Mercator conference Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism.
On 7 and 8 November, the Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning, hosted by the Fryske Akademy, organizes an International Conference on the theme of Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism. The aim of this conference is to provide a platform for and to stimulate critical discussions on policy development for minority … [Lees meer...] over7-8 novimber 2024: Mercator conference Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism.
Douwe Kalma neireizge
Yntrigearre troch de earste reis nei Ingelân dy’t de Jongfryske foaroanman en letterkundige Douwe Kalma (1896-1953) eksakt hûndert jier lyn makke, beprate ik mei myn maat Binne Keulen, de yndertiid ek yn it Frysk ôfstudearre dosint sjoernalistyk oan de hegeskoalle Windesheim om Douwe Kalma foar in part nei te reizgjen. Kalma hie yndertiid wikenlang yn Ingelân west … [Lees meer...] overDouwe Kalma neireizge
7 Novimber 2024: Silent Book Club Fryslân
Lang om let lêze In oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?Hast in moai boek? Mar leit dy noch altyd net lêzen yn ‘e kast? Híel werkenber… Dêrom organisearret Tresoar de Silent Book Club yn Fryslân! De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 500 lokaasjes yn 50 … [Lees meer...] over7 Novimber 2024: Silent Book Club Fryslân
5 – 26 novimber 2024: Kolleezjereeks In tiidreis troch Fryslân
Wenje en libje yn it hjoeddeistige Fryslân is sûn, bewenners binne lokkich en in soad minsken fine it moai. Ek bûten de grinzen fan ús provinsje hawwe minsken dúdlik in byld fan it Fryske lân. Rom, frij, hechte, mar ek fier fuort, eigensinnich en sels mei in eigen taal. Yn dizze kolleezjereeks giet Arjen Dijkstra yn op de skiednis fan dit Fryske lân. Wannear is it ûntstien? … [Lees meer...] over5 – 26 novimber 2024: Kolleezjereeks In tiidreis troch Fryslân
Leaver ljouwer
It lêste nûmer fan it blêd Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik is hielendal oan it Aldfrysk wijd. Yn dy bondel stiet in stik fan Stephen Laker oer de labiale wriuwer (of: rûzer) yn it Aldfrysk, oars sein: oer de fonologyske skiednis fan it ding dat mei it letterteken <w> útdrukt wurdt yn bliuwe, driuwe en skriuwe. (Noat: de tekens <> wurde brûkt om skreaune … [Lees meer...] overLeaver ljouwer
31 oktober 2024: Skriuwerskafee
Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau! It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle … [Lees meer...] over31 oktober 2024: Skriuwerskafee
Sjedit is ek in konstruksje dêr’t Jarich oer skreaun hat
Op 20 septimber is taalkundige Jarich Hoekstra ferstoarn. Ta syn neitins ha Bouke Slofstra en Henk Wolf in pear stikken út Jarich syn pinne opdold om se hjir nochris wer yn it ljocht te jaan. Ynstee fan dy man kin men ek sizze fan dy man dêr of dy man dêre. Dat makket dat it noch wat mear opfalt dat nei ien man yn it bysûnder ferwiisd wurdt. Fierder kin men mei dy man dêre … [Lees meer...] overSjedit is ek in konstruksje dêr’t Jarich oer skreaun hat
By de presintaasje fan de nije roman fan Marga Claus: Libbe
Tongersdeitejûn 10 oktober fûn yn Tresoar yn Ljouwert de presintaasje plak fan de nije Fryske roman fan Marga Claus. By dy gelegenheid mocht ik wat sizze oer it wurk fan dizze Fryske skriuwster en fansels oer har nije boek. Hjirûnder stiet myn ferhaal by dy gelegenheid. Foar’t ik wat oer Libbe sizze sil, de nije roman fan Marga Claus dy’t fan ’e jûn presintearre wurdt, wol … [Lees meer...] overBy de presintaasje fan de nije roman fan Marga Claus: Libbe
25 & 26 oktober 2024: ‘Oer alles’ Evenementen rond Eppie Dam
Op freed 25 oktober is in fariearre program yn teäter De Koornbeurs. Moarns wurdt it earste eksimplaar fan Pompster Psalmen, Dam syn autobiografy yn dichtfoarm, oanbean. Abe de Vries jout in laudatio en Omrop Fryslân toant de premjêre fan in FryslânDOK oer Dam. Jûns is der in soad ferdivedaasje mei optredens fan û.o. Inez Timmer, dy’t Fryske fertolkingen bringt fan Joni … [Lees meer...] over25 & 26 oktober 2024: ‘Oer alles’ Evenementen rond Eppie Dam
25 oktober 2024: Dei fan de Fryske taalkunde
13e Dei fan de Fryske taalkunde || 25 oktober 2024 || Ljouwert De Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 13e Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. It programma stiet no online. Opjaan kin troch in mail te stjoeren nei taalkundedei@fryske-akademy.nl. … [Lees meer...] over25 oktober 2024: Dei fan de Fryske taalkunde
Omwenners
Op 20 septimber is taalkundige Jarich Hoekstra ferstoarn. Ta syn neitins ha Bouke Slofstra en Henk Wolf in pear stikken út Jarich syn pinne opdold om se hjir nochris wer yn it ljocht te jaan. Jarich wie in alsidich man. As teoretysk taalkundige is er fierwei it ferneamdst wurden, mar yn syn tiid by de Fryske Akademy foarme er mei Rienk de Haan ek it Taalburo, dat de … [Lees meer...] overOmwenners























