De grutste bestseller fan de bekende Britske reisskriuwer Redmond O’Hanlon (1947), In reis nei it hert fan de Kongo, is ferskynd as Frysk e-boek. Martsje de Jong hat de oersetting makke. De útjefte is in inisjatyf fan ús, Peter Boersma en Anne Popkema – wy ha foar soksoarte projekten Boekburo Fier oprjochte. De download is fergees, om safolle minsken mooglik de kâns te … [Lees meer...] overIn reis nei it hert fan de Kongo: nij en fergees Frysk e-boek mei unyk byldmateriaal
Frisistyk
It bêst ferkochte Fryske boek yn Dijkstra & Evenblij: Arjen Dijkstra oer Anne Wadman
Anne Wadman hie syn nocht fan it skriuwen en sei dat er noait wer in boek skriuwe soe. Mar in heal jier letter ferskynde ‘De Smearlappen’, dat it bêst ferkochte Fryske boek waard. Yn it radioprogramma Dijkstra en Evenblij ter plekke op NPO radio 1 fertelde Arjen Dijkstra foarige wike live yn de útstjoering op 'e Jouwer oer it boek en de opskuor. De podcast is hjir werom te … [Lees meer...] overIt bêst ferkochte Fryske boek yn Dijkstra & Evenblij: Arjen Dijkstra oer Anne Wadman
Frysk oan de Universiteit van Amsterdam
It Amsterdamske universiteitsblêd Folia skreau in moai stik oer de fakken Frysk dy't oan de UvA fersoarge wurde troch Pieter Duijff fanút de Fryske Akademy. … [Lees meer...] overFrysk oan de Universiteit van Amsterdam
Grammatika fan it Sealterfrysk op Taalportaal
Op de grammatikawebsite Taalportaal.org stiet sûnt 13 desimber in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk. Dat is in foarm fan it Frysk dy't praat wurdt yn de Dútske gemeente Sealterlân. De grammatika is in gearwurkingsprojekt fan de Fryske Akademy, it Seeltersk-Kontoor, it Instituut voor de Nederlandse Taal en de Japanske Kyushu-universiteit. Op Taalportaal.org wienen … [Lees meer...] overGrammatika fan it Sealterfrysk op Taalportaal
31 jannewaris 2024: Nijjiersresepsje 10 jier DINGtiid
Yn 2024 is it presys 10 jier lyn dat de Wet gebrûk Fryske taal yn wurking treden is. En dat betsjut dat ek DINGtiid syn earste desennium fiert. Reden foar in lyts feestje op woansdei 31 jannewaris 2024. Hiel graach sjogge wy mei jimme werom op tsien jier Taalwet en DINGtiid. Wat is der yn dy perioade allegear berikt? En fansels wolle wy ek hiel graach foarút sjen. Us … [Lees meer...] over31 jannewaris 2024: Nijjiersresepsje 10 jier DINGtiid
Ornaris
Op it stasjon fan Ljouwert hinget in plakette mei de tekst: “De minsken wolle ornaris wêze hwer't se net binne”. Dat wurd “ornaris” sjocht der net sa Frysk út. It betsjut sokssawat as “meastentiids, gewoanwei, yn ’e regel”. Nei alle gedachten is it in Latynsk lienwurd, ordinarius, dat al in pear iuwen yn it Frysk meidraait en sadwaande moai ferfryske is ta ornaris. It is … [Lees meer...] overOrnaris
Saterfriesische Steigerungsstufen und das bobaljiksche Universal
Es gibt eine Regel, die in fast allen Sprachen der Welt besteht, aber nicht im Saterfriesischen, nämlich dass die Meiststufe nicht regelmäßig sein kann, wenn die Mehrstufe unregelmäßig ist. Um das zu verstehen müssen wir den Begriff “Steigerungsstufen” erstmal auffrischen. Lasst uns dazu mal folgenden Satz nehmen: “Der eine Nachbar ist dick, der andere ist noch dicker und … [Lees meer...] overSaterfriesische Steigerungsstufen und das bobaljiksche Universal
Dichtsje foar de frou nextdoor
Oer it dichtwurk fan Tine Bethlehem Tine Bethlehem debutearre, as tweintichjierrige!, yn 1958 yn literêr tydskrift De Tsjerne, ûnder de namme Tineke Bethlehem, mei fiif gedichten.1 Se folge doedestiids, nei de ULO yn Akkrum, de Foarmingsklasse yn Ljouwert. ‘Minsken fan ’e Foarmingsklasse en minsken fan ’e kweek troffen inoar tusken de middei wol yn ’e … [Lees meer...] overDichtsje foar de frou nextdoor
Febrewaris en maart 2024: Workshops ‘Taalpsychology’ rûnom yn Fryslân
Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma by de Afûk. Tinksto der wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it wolris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Of bisto ien dy't automatysk yn it Nederlânsk … [Lees meer...] overFebrewaris en maart 2024: Workshops ‘Taalpsychology’ rûnom yn Fryslân
19 jannewaris 2024: Akademylêzingen Jurgen Tiekstra en Herman van Vliet
De Akademylêzingen fine trije kear yn it winterskoft tagelyk plak yn Ljouwert en op 'e Jouwer. De twadde lêzingen binne op 19 jannewaris yn de Koperen Tún te Ljouwert en It Haske op 'e Jouwer, en wurde jûn troch Jurgen Tiekstra en Herman van Vliet. Kaartferkeap 2023-2024 Kaarten binne te keap fia dizze link. Hawwe jo in fraach oer it bestellen fan tickets? Dan kinne jo … [Lees meer...] over19 jannewaris 2024: Akademylêzingen Jurgen Tiekstra en Herman van Vliet
Studearje mar Frysk!
Yn dizze fideo fan Taalplan Frysk fertelle dosinten en studinten oer de stúdzjes Frysk oan NHL Stenden Hegeskoalle en de Rijksuniversiteit Groningen. … [Lees meer...] overStudearje mar Frysk!
21 desimber 2023: Skriuwerskafee
Op 21 desimber (en yn 2024 alle lêste tongersdeis fan de moanne) kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, … [Lees meer...] over21 desimber 2023: Skriuwerskafee
It Wangereagersk, in lyts bruorke fan it Frysk
Oant de midden fan ‘e 20ste iuw waard in lyts taaltsje praat yn it noarden fan Dútslân, it Wangereagersk. Dy taal of dat dialekt heart ta it Eastfrysk en is dêrmei in nei famyljelid fan it Frysk, in lyts bruorke by wize fan sprekken. Hoewol’t der in soad grammatikaal ûnderskied is tusken dy twa talen, binne de oerienkomsten dúdlik werom te sjen yn it bewarre Wangereagerske … [Lees meer...] overIt Wangereagersk, in lyts bruorke fan it Frysk
In tuskenstantsje
Yn oktober (Op syn Gryksk) en yn novimber (Op syn idioatysk Frysk) haw ik my hjir op frisistyk dwaande holden mei de taalpersepsje fan Everwinus Wassenbergh, de earste heechlearaar ‘neerlandistiek’ yn Frjentsjer (en hiele Nederlân). Nei it sekuer trochnimmen fan syn bekendste wurk Idioticon Frisicum fan 1802-1806 kaam ik as Fries yn de moderne tiid ta in frij ferrassende … [Lees meer...] overIn tuskenstantsje
In memoriam: Jacobus Knol (Dokkum 30 maart 1936 – Dokkum 30 novimber 2023)
Yn 1994 brocht de advyskommisje nije útjeften fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) yn de Ljouwerter Kuriostsjerke, suver de thúsbasis fan de KFFB, advys út oer de yntsjinne romanmanuskripten foar it jier 1995. Ien fan de manuskripten hie as titel In libben as Styntsje. It bestjoer fan de KFFB krige in tige posityf advys oer it manuskript, dat in 1995 ferskynd is as … [Lees meer...] overIn memoriam: Jacobus Knol (Dokkum 30 maart 1936 – Dokkum 30 novimber 2023)
Der sit hiel wat muzyk yn Aldfrysk!
Guon meie wol tinke dat dat it Aldfrysk mar in stoffige boel is, mar gelokkich binne der minsken dy’t better wite. “Frisia non cantat”, wurdt gauris sein, “de Friezen sjonge net”. De sanger Bernlef wist wol better. Nee, foar dy âlde Friezen docht it âlde sechje gjin opjild. Hja mochten mei alle wille ris in liet oanheffe at der wat te fieren foel. By brulloften, bygelyks, woene … [Lees meer...] overDer sit hiel wat muzyk yn Aldfrysk!
30 novimber 2023: Skriuwerskafee
Op 30 novimber en 21 desimber yn 2023 en yn 2024 alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. It Skriuwerskafee wurdt organisearre … [Lees meer...] over30 novimber 2023: Skriuwerskafee
Yn elts gefal trije ynfinitiven
Ynfinitiven binne bysûndere tiidwurden. Se feroarje bygelyks net at je in sin fan’e notiid nei de doetiid sette. Sjoch mar nei de foarbylden yn (1) en (2). Ite is hjir de ynfinityf. Sin (1) stiet yn’e notiid en sin (2) stiet yn’e doetiid. Je sjogge dat de persoansfoarm kin feroaret nei syn doetiid koe at de tiid feroaret. De ynfinityf ite bliuwt yn beide sinnen gelyk. (1) … [Lees meer...] overYn elts gefal trije ynfinitiven
Tachuntachentich
Wie sagt man auf Saterfriesisch ’88’? Die Frage wird nicht von allen Saterländern gleich beantwortet. Die erste Antwort, die ich erhielt, war sehr deutlich: ‘tachuntachentich’ und sonst nichts. Aufgrund dieser Auskunft habe ich die untenstehende Zeitungskolumne geschrieben. Schnell reagierten jedoch Leser, die meinten, ‘tachuntachentich’ sei eine plattdeutsche Entlehnung, es … [Lees meer...] overTachuntachentich
Swiid
Swiid is in Frysk wurd dat sokssawat betsjut as ‘prachtig, luisterrijk, groots’. De Nederlânske wjergader is zwijd, mar dat wurd is net bepaald swiid ferneamd. De kening kin swiid klaaid wêze, en Grutte Pier hie bygelyks in swide namme. De lange i yn swiid wurdt, benammen troch de jongerein, hieltyd faker útsprutsen as in twalûd. It heart dan as it i-lûd yn stien en bier, en … [Lees meer...] overSwiid
Dossier Hylke Speerstra
Skriuwer Hylke Speerstra hat de Fryske Anjer krigen. Hy stiet bekend as ‘ferhaleferteller pur sang mei in sterke sjoernalistike ynslach’. Hoe gie er te wurk om boeken te skriuwen foar in breed publyk? It argyf fan Tresoar jout ynsjoch: Tresoar - Diel 1: Neaken en bleat foar de dokter Tresoar - Diel 2: Kening op sokken Tresoar - Diel 3: Oare literêre winners fan de … [Lees meer...] overDossier Hylke Speerstra
Rymwurdboek lansearre – In rymke by it rymwurdboek
Snein 12 novimber is it digitale Frysk rymwurdboek online gongen. Ter eare fan dy gelegenheid hat dichteres Janneke Spoelstra In rymke by it rymwurdboek skreaun. Sels ek in rymke meitsje? It rymwurdboek is streekrjocht te finen fia www.frysker.nl/rymje en fia www.rymwurdboek.nl . In rymke by it rymwurdboek Janneke Spoelstra Hjoed bin ik sneinsdichter, stedsdichter,mei … [Lees meer...] overRymwurdboek lansearre – In rymke by it rymwurdboek
Hoe wurket it rymwurdboek?
De Fryske Akademy hat, mei help fan rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn freonen Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, in rymwurdboek ûntwikkele. Hoe wurket sa’n rymwurdboek no eins? Rymje bart op basis fan klanken. De útspraak fan wurden is dus hiel wichtich. Yn de wittenskip wurdt dy útspraak wjerjûn yn saneamd fonetysk skrift. Dat is in spesjaal skrift dat foar alle … [Lees meer...] overHoe wurket it rymwurdboek?
26 novimber 2023: Lân loft en leafde
Snein 26 novimber 16.00-22.00 oereYn de Klameare yn Warkum Muzyk fan Breed Freed en Basile ManekaOptredens fan Piter Hettinga, Bert Looper, Eline de Vries, Syds Wiersma en Sietske Poepjes Entree: 15 euro (ynbegrepen in miel iten en de útjefte 'Oan 'e Brek in dei' fan Tsjêbbe Hettinga) Kaarten bestelle fia: www.klameare-workum.nl … [Lees meer...] over26 novimber 2023: Lân loft en leafde
23 novimber 2023: Feestlike iepening Silent Book Club Fryslân
In oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?Hast in moai boek? Mar leit dy noch altyd net lêzen yn 'e kast?Híel werkenber... Dêrom organisearret Tresoar de earste Silent Book Club fan Fryslân, dy't op tongersdei 23 novimber feestlik iepene wurdt! Programma 19.45 – 20.00 Kom binnen 20.00 – 20.45 Feestlike iepening mei … [Lees meer...] over23 novimber 2023: Feestlike iepening Silent Book Club Fryslân






















