• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Grammatika fan it Sealterfrysk op Taalportaal

19 december 2023 door Henk Wolf 2 Reacties

Saterland, bron: WIkimedia

Op de grammatikawebsite Taalportaal.org stiet sûnt 13 desimber in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk. Dat is in foarm fan it Frysk dy’t praat wurdt yn de Dútske gemeente Sealterlân. De grammatika is in gearwurkingsprojekt fan de Fryske Akademy, it Seeltersk-Kontoor, it Instituut voor de Nederlandse Taal en de Japanske Kyushu-universiteit.

Op Taalportaal.org wienen al wiidweidige wittenskiplike grammatika’s te finen fan it Frysk, Nederlânsk en Afrikaansk. De taalkundigen Eric Hoekstra en Bouke Slofstra fan de Fryske Akademy hawwe no de wurdfoarming en sinbou fan it Sealterfrysk op in wittenskiplike manier foar de website beskreaun. Meikoarten komt der noch in stik fan de Ingelsk-Japanske taalwittenskipper Stephen Laker oer de útspraak fan it Sealterfrysk by.

De trije taalkundigen hawwe har de lêste jierren yn it Sealterfrysk ferdjippe. De taal hat mar in lytse twatûzen sprekkers mear oer en it is wichtich dat er goed beskreaun wurdt. Hoekstra en Slofstra hawwe mei Tessa Leppers earder al twa Dútsktalige grammatika’s fan it Sealterfrysk skreaun. Om it foar learders en ûndersikers makliker te meitsjen om ynformaasje oer it Sealterfrysk te finen ha se no ien yn it Ingelsk skreaun. Dy hat in oare, folle wittenskipliker opbou as de Dútsktalige grammatika’s. “Se folje inoar echt oan”, seit projektlieder Eric Hoekstra.

De grammatika is basearre op fjildwurk, op eardere grammatikale beskriuwingen en op it grutte korpus mei Sealterfryske lûdsopnamen dat Pyt Kramer rûchwei tusken 1960 en 2000 oanlein hat. De ûndersikers ha in protte nije feiten ûntdutsen. In pear nijsgjirrige foarbylden binne:

It Sealterfrysk hat njonken de âlde keale foarm fan it eigenskipswurd ek in út it Platdútsk liende foarm op -et:

  • ’n groot Skip / ’n grotet Skip
    “in grut skip”

Oan it begjin fan in sin kin foar in plaknamme it wurdsje ‘yn’ fuortbliuwe:

  • Skäddel wädt moor Seeltersk boald.
    Skäddel wurdt mear Sealtersk praat
    “Yn Skäddel wurdt mear Sealtersk praat.”

It Sealterfrysk hat njonken V1- en V2-haadsinnen ek V3-haadsinnen:

  • Wan wie umekemen, uus Mäme stoorf fon Ferträit.
    as wy omkamen ús mem stoar fan fertriet
    “As wy omkomme soenen, soe út mem stjerre fan fertriet.”

It Sealterfrysk hat gjin Imperativus pro Infinitivo, mar wol in op it each ferlykbere konstruksje mei in nei foaren skode persoansfoarm yn it twadde lid fan in njonkenskikking:

  • Dät mäi wäil beter weze, dät du foaruut gungst un fertälst uzen, dät du ’n froamden Wäänt träft hääst.
    it mei wol better wêze dat do foarút giest en fertelst uzes dat do in frjemde fint troffen hast
    “It soe wol better wêze asto foarút gean soest en fertel ús lju datsto in frjemde fint troffen hast.”

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Nieuws Tags: Fries, grammatica, Saterfries, Sealterfrysk, taalportaal

Lees Interacties

Reacties

  1. Martijn Kingma zegt

    19 december 2023 om 15:46

    Moai nijs! Foar de noch online te publisearjen seksjes oer fonetyk (en faaks fonology) soe ik graach wize wolle op de grutte bult wurk dy’t Jörg Peters en syn team fan de universiteit fan Oldenburg ferset hawwe. Mei dat as fûnemint hawwe je samar in moai stik foar op Taalportaal liket my ta.

    Beantwoorden
  2. Eric Hoekstra zegt

    26 februari 2024 om 12:06

    Stephen Laker en Jörg Peters binne frege om de seksjes oer fonology en fonetyk te skriuwen en se hawwe tasein!

    Beantwoorden

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

moderne maaie • André Looijenga

mêsten koperglânzgjend
meitsje har út pannedakken, beammen
los, glide beret efter de flatsjes
hinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêd
skûtsjes stome de stêd wer út
de ûnsichtb’re Greuns, de marren op

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

25 maaie 2025: Dichter op de Deel

25 maaie 2025: Dichter op de Deel

18 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen

1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen

18 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân

23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân

16 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

16 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis

21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis

2 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d