[Gisteren is op Neder-L de aankondiging en oproep voor lezingen van het 20ste Fries Filologencongres geplaatst. Dit bleek echter de tekst van de eerste oproep te zijn. Hieronder volgt de juiste, meest actuele (Fries-/Engelstalige) tekst van de tweede oproep.]
De Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tweintichste kear it Frysk Filologekongres, yn Ljouwert op woansdei 10, tongersdei 11 en freed 12 desimber. It kongres wol in poadium wêze foar it wittenskiplik debat oangeande de frisistyk yn ’e breedste sin. De fiertalen binne: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.
The Fryske Akademy (FrisianAcademy) organizes the 20thFrysk Filologekongres (Frisian Philologists’ Conference), in Leeuwarden, on December 10 to 12. The conference provides a forum for scientific debate concerning Frisian Studies in the broadest sense. The working languages will be Frisian, Dutch, English, and German.
De opset fan it kongres is dat der elke dei út ein set wurdt mei in plenêre lêzing. Dêrnei binne der parallelsesjes. Op ’e tongersdei is der in jûnssesje oer Underwiis. It kongres is rjochte op ’e neifolgjende ûndersyksmêden: Aldfrysk, Taalkunde, Letterkunde, Leksikografy, Taalsosjology, Skiednis fan Fryslân/Kultuerstúdzje. It ûndersyksfjild is it Frysk, mei ynbegryp fan ‘e dialekten dy’t yn Fryslân foarkomme, yn al syn fazen en it Frysk yn Dútslân (Noard- en East-Fryslân). Lêzingen dy’t út in ferlykjend perspektyf wei relevant binne, binne ek fan herten wolkom.
Sprekkers
De neikommende sprekkers op útnoeging hawwe al tasein: prof. dr. Piet van de Craen (Vrije Universiteit Brussel), prof. dr. Jürg Fleischer (Philips-Universität Marburg), prof. dr. Antje Dammel (Johannes Gutenberg-Universität Mainz), Ms Sara K. Hayden MA (Philips-Universität Marburg), prof. dr. Damaris Nübling(Johannes Gutenberg-Universität Mainz), prof. dr. Monika Schmidt (University of Essex/Rijksuniversiteit Groningen), dr. des. Wendy Vanselow (Christian-Albrechts-Universität, Kiel), dr. Scott Lyall (Edinburgh Napier University), prof. Gerwyn Wiliams (Bangor University), prof. dr. Arjen Versloot (Universiteit van Amsterdam), dr. Oebele Vries (Rijksuniversiteit Groningen).
Each day will start with a plenary session, followed by parallel sessions. An evening session on Education will take place at Thursday.The following research areas will be focused on: Old Frisian, Linguistics, Literature, Lexicography, Sociology of Language, History of Friesland/Cultural studies.The field of research is Frisian, including the dialects of Friesland, in all its phases and Frisian in Germany (North and East Friesland). Papers offering a relevant comparative perspective are also warmly welcomed.
Speakers
The following invited speakers have already confirmed: Prof. dr. Piet van de Craen (Vrije Universiteit Brussel), Prof. dr. Jürg Fleischer (Philips-Universität Marburg), Prof. dr. Antje Dammel (Johannes Gutenberg-Universität Mainz), Ms Sara K. Hayden MA (Philips-Universität Marburg), Prof. dr. Damaris Nübling (Johannes Gutenberg-Universität Mainz), Prof. dr. Monika Schmidt (University of Essex/Rijksuniversiteit Groningen), Dr. des. Wendy Vanselow (Christian-Albrechts-Universität, Kiel), dr. Scott Lyall (Edinburgh Napier University), prof. Gerwyn Wiliams (Bangor University), prof. dr. Arjen Versloot (Universiteit van Amsterdam), dr. Oebele Vries (Rijksuniversiteit Groningen).
Opset foar in lêzing
De kongreskommisje ropt hjirby saakkundigen op om in opset (fan sa’n 300 wurden) foar in lêzing op ien fan ’e ûndersyksmêden yn te tsjinjen. Sprekkers dy’t har lêzing by in beskaat ûndersyksmêd yndield hawwe wolle, wurdt fersocht om dat oan te jaan. In lêzing duorret in healoere (20 minuten foar de lêzing sels plus 10 minuten foar diskusje). Ut it oanbod fan lêzingen sil nei de slutingstermyn (sjoch hjirûnder) in kar-út makke wurde foar it kongres. De lêzinghâlders kinne har lêzing yntsjinje foar publikaasje yn de kongresbondel Philologia Frisica anno 2014, dy’t ûnder redaksje fan ’e zongreskommisje stean sil. Wa’t in opset foar in lêzing yntsjinje wol, wurdt frege om dat fia e-mail te dwaan by Janneke Spoelstra: jspoelstra@fryske-akademy.nl. De slutingstermyn foar it ynstjoeren fan in opset is 15 septimber 2014. Foar 1 oktober hearre ynstjoerders oft harren opset foar in lêzing oannommen is.
Proposals for presentations
The conference committee invites interested parties to submit proposals for presentations during the parallel sessions by sending in an abstract (of roughly 300 words in length). Lecturers who want to have their lecture placed in a specific research area should mention this at submission. Each presentation will last thirty minutes (20 min. for the lecture itself followed by 10 min. for discussion). After the deadline (see below) a choice will be made from the proposals received. Lecturers can offer their paper for the conference proceedings, Philologia Frisica anno 2014, which will be edited by the conference committee. Please submit abstracts by e-mail to Ms Janneke Spoelstra: jspoelstra@fryske-akademy.nl. The deadline for submission of abstracts is 15 September 2014. You’ll be notified before October 1st whether your abstract is accepted.
It kongres wurdt holden yn Grand-Café Restaurant De Koperen Tuin, Prinsentuin 1, yn Ljouwert (www.dekoperentuin.nl). De kongreskosten binne € 100,- foar it hiele kongres of € 40,- foar ien kongresdei (ynkl. kongresdokumintaasje, kofje/tee en lunch). Lêzinghâlders binne frij fan kongreskosten foar de dei dat se har lêzing hâlde. Studinten ha fergees tagong ta it kongres. Op woansdei 10 desimber is der in kongresdiner; de kosten dêrfan binne € 30,-.
Ynljochtings
Foar ynljochtings kinne jo terjochte by Janneke Spoelstra, e-mail: jspoelstra@fryske-akademy.nl, tel. (058) 233 69 15 of Eric Hoekstra, e-mail: ehoekstra@fryske-akademy.nl, tel. (058) 234 30 38.
The conference will be held at Grand-Café Restaurant De Koperen Tuin, Prinsentuin 1, in Leeuwarden (www.dekoperentuin.nl). The conference fee is Euros 100 to cover the entire conference, or Euros 40 per day (including conference documentation, coffee/tea, and lunch). Conference costs will be waived for participants on the day they present their paper. Students will be admitted free of charge. A conference dinner (Costs: Euros 30) will be held on Wednesday 10th.
More information
For more information please contact Ms Janneke Spoelstra, e-mail: jspoelstra@fryske-akademy.nl, tel. (0031) 58 233 69 15 or Mr Eric Hoekstra, e-mail: ehoekstra@fryske-akademy.nl, tel. (0031) 58 234 30 38.
Update [15-07-2014]: Op de website van de Frsyke Akademy is nu ook de Nederlandstalige tekst van de tweede oproep te vinden, alsmede de congresfolder (pdf).
Laat een reactie achter