• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Aventoeren fan Astrid Lindgren

29 oktober 2023 door Froukje Sijtsma Reageer

Jant van der Weg-Laverman en Rymke Zijlstra. Foto: Anne Popkema

It is belangryk dat klassikers út de berneliteratuer oerset wurde nei talen lykas it Frysk. Dat fine oersetter Rymke Zijlstra en berneliteratuer-ekspert Jant van der Weg-Laverman. It berneboek De bruorren Liuwehert ferskynde 50 jier lyn en is twa kear oerset nei it Frysk.

It Sweedske berneboek Bröderna Lejonhjärta fan de ferneamde skriuwer Astrid Lindgren (1907-2002) ferskynde yn 1973. It waard yn 1985 nei it Frysk oerset troch Jante Geartsma. Yn 2019 fersoarge Rymke Zijlstra in oersetting, sadat dizze klassiker ek yn de hjoeddeistige stavering te lêzen is.IBBY Honours List 2022

Foar dy oersetting krige Zijlstra in plak op de IBBY (International Board on Books for Young People) Honour List 2022. Dy organisaasje set him yn foar kwaliteitsboeken foar bern yn de hiele wrâld. Ienris yn de twa jier ferskynt in list mei dêrop titels fan orzjineel wurk, yllustraasjes en oersettingen. Sûnt 2018 komt ek Frysktalich wurk yn de beneaming foar dizze list.

Ofbylding: Utjouwerij Regaad

Bröderna Lejonhjärta

De bruorren Liuwehert giet oer de bruorren Karel en Jonatan Liuw. Karel is deasiik. Hy sil gau stjerre. Mar ôfskied is net foar ivich, wit Jonatan. Se sille inoar weromsjen yn Nangijala, it ryk dêr’t alle mearkes weikomme… Mar dan komt der brân en ferstjert Jonatan. Earder as syn broer komt er oan yn Nangijala. As se elkoar wer treffe, docht bliken dat mearkes net altiten like moai binne. De tiran Tengil bedriget de fredige falleien fan Nangijala. Mei de freeslike Katla soarget er foar dea en ferdjer.

Utjouwerij Regaad frege Rymke Zijlstra, ôfstudearre skandinavist, om it boek wer oer te setten. ‘It wie in eare dat se my fregen om mei ien fan de masterwurken fan Astrid Lindgren oan de slach te gean. It wie in prachtige opdracht. En de erkenning fan de IBBY Honour List 2022 fielt foar my as in kers op de taart.’

Boartsje mei taal

Zijlstra fynt dat klassikers yn de berneliteratuer ek te lêzen wêze moatte yn lytse talen lykas it Frysk. ‘Sa litst sjen dat dy taal in folweardige taal is. Boppedat bringt it lêzen fan de moaiste boeken fan oer de hiele wrâld, yn dyn eigen memmetaal, it ferhaal tichter by dysels.’

Jant van der Weg-Laverman is it mei har iens. Sy promovearre yn 2000 oan de Katholieke Universiteit Brabant op har ûndersyk nei Fryske bernepoëzij yn de tweintichste iuw. ‘Minsken tinke faak dat oersettingen net goed ferkocht wurde, om’t dy literatuer ommers ek wol yn gruttere talen beskikber is. Dat is net sa. Minsken fine it krekt hiel aardich om klassikers yn it Frysk te lêzen. Se kenne it ferhaal al en fine it moai om dat boek ek yn de memmetaal yn de kast del te setten.’

Yn it promoasje-ûndersyk konkludearret Van der Weg-Laverman dat oarspronklik Frysktalige berneliteratuer oant 1950 foaral in edukatyf karakter hie. ‘It draaide allegear om lêsbefoardering.’ Yn de jierren dêrnei krigen berneboeken in mear literêr karakter. ‘Yn de boeken fan de Frysktalige skriuwer Diet Huber sjochst bygelyks dat sy echt mei taal boarte.’

Neffens Van der Weg-Laverman docht bliken dat troch oersettingen der ek faker oergien wurdt op it lêzen fan oarspronklik Frysktalich wurk. ‘Dat is de krêft fan oersettingen en dus moatte je dêr net benaud foar wêze dat it minsken de eigen skriuwers lizze litte.’

Astrid Lindgren yn it Frysk

Ferskate klassikers fan Lindgren binne oerset nei it Frysk. Sels sette Van der Weg-Laverman ek wurk oer fan Lindgren. Yn 1980 ferskynde Emyl de dogeniet (oan de hân fan de boekesearje Emil i Lönneberga, fan 1963 ôf) en yn 1981 kaam har oersetting Ronja de Rôversdochter (Ronja Rövardotter, 1982). 

Martsje de Jong fersoarge yn 2019 de oersetting Karlsson fan it dak (Karlsson på taket, 1955). Yn datselde jier wie ek de suksesfolle foarstelling fan Tryater yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert te sjen. Yn 2020 kaam De Jong har oersetting Pippi Langkous (Pippi Långstrump, 1945) yn de winkel. Fanwege it sukses ferskynde al rilleau in twadde printinge.
Ek Frysktalige iepenloftspullen en teäterselskippen hawwe harren ynspirearje litten troch Lindgren. Sa is it ferhaal fan Ronja de Rôversdochter ferskate kearen op toaniel útfierd. Yn 2000 spile Tryater in stik, yn 2008 kaam it iepenloftspul fan Opsterlân mei in foarstelling en it Mearke fan Winsum liet him yn 2018 ynspirearje troch dizze klassiker. Yn de simmer fan 2023 fierde it Berne-iepenloftspul it stik Pippi, oer Pippi Langkous op.

Van der Weg-Laverman fynt dat omtinken foar Lindgren net gek. ‘De aventoeren dy’t Lindgren har haadpersoanen belibje lit, sprekke foar bern nei al dy jierren noch altyd ta de ferbylding. Dy ferhalen hawwe noch altyd har wearde.’ In ferklearring dêrfoar hat se wol. ‘Lindgren har boeken nûgje bern út om har fantasij te brûken en sels nei te tinken oer frijheid en keuzes meitsje.’

Dit artikel is earder ferskynd op de webside fan Tresoar.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Artikel, Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: astrid lindgren, Jant van der Weg-Laverman, jeugdliteratuur, letterkunde, Rymke Zijlstra, tresoar, vertalen

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Sneontejûn • Pieter Jelles Troelstra

Klokken hear ik klinken
Yn de stille jûn;
’t Sintsje sjoch ik sinken,
Wolkjes sjoch ik blinken,
’t Hiele swurk yn ’t rûn.

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 augustus 2025: Mei-inoar lêze

10 augustus 2025: Mei-inoar lêze

13 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

11 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 augustus 2025: deadline de Gjalp

1 augustus 2025: deadline de Gjalp

8 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

7 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 july 2025: Mei-inoar lêze

20 july 2025: Mei-inoar lêze

28 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d