Okkerdeis frege in kollega op ’e Akademy wat ik bedoelde mei “minne bak”. Ik skeat fuortendaalks yn ’e ferdigening. “Kinst dat net? Dat is dochs hiel gewoan Frysk!” Ik blufte eins, want as sy as beropsfries de útdrukking net kin, is it miskien dochs net sok “gewoan Frysk”. “Minne bak” is suver myn standert-reaksje as der wat negatyfs bart. In soarte fan negative ferzje fan “bêst genôch”. Bin ik no gek?
Ik die wat ik yn it skoft dat ik op de Fryske Akademy wurkje al hiel gau leard ha: ik socht yn de taaldatabank op “minne bak”. “No results found”, krige ik werom. Gjin probleem. De databank is basearre op skreaun Frysk, en it Frysk libbet folle mear yn ’e mûlen fan de praters as yn inket of pixels. Dochs fielde it net noflik om te sjen dat yn in samling fan goed 28 miljoen tokens oan Frysk proaza de wurden “minne” en “bak” net ien kear neistinoar stean.
Bin ik no sa’n nuveraardige Fryskprater? Dat wol ik net leauwe. Dus ik socht yn myn Whatsapp-skiednis op “minne bak”. Sa krije jim in idee fan de kontekst dêr’t ik it yn brûk. In pear echte foarbylden, uit het leven gegrepen:
Ik: jûn bierke?
D: nee kin net helaas ha orkest
Ik: minne bak
*ûnderweis nei Ajax*
Ik: hoe let bin jim hjir?
J: Kensington is ek dus is superdrok
Ik: minne bak
W: hie onvoldoende op tentamen
ik: minne bak
Ik bin lykwols net de iennige dy’t “minne bak” brûkt yn de Whatsapp-petearen dêr’t ik oan dielnaam fan 2018 oant no. Nochris in pear foarbylden:
B: Jou it mar oan atst de romte hast om ris even in bakje te dwaan
Ik: *foto fan positive koroanatest*
B: Aah minne bak!
Twa wiken earder yn de groepsapp:
B: *foto fan in positive koroanatest*
K: Aah minne bak! Veel last?
Okee, myn freonen brûke it dus ek, mar as lyts ploechje kinne je wol faker inside jokes hawwe. Ik fertroude it dus noch altyd net hielendal. Om mysels foar sliepeleaze nachten te hoedzjen haw ik yn de baas syn tiid omraak socht op Google om foarbylden fan “minne bak”. Dat smiet gelokkich mear op. Sa sei ien fan Surhuzum op Wâldnet yn 2005 by in artikel oer in auto dy’t op in beam knalde “dot is egt minne bak voor de bestuurder”. Ik kaam noch in fuotbalfoarbyld tsjin, opfallendernôch yn it Nederlânsk: “Dokkum slechts 2-2 bij rode lantaarndrager ACV… Minne bak.” It liket net suver in Wâldfryske saak te wêzen, want de skriuwer fan de brassband fan Bitgummole skreau yn 2016: “Ein novimber is it alwer en it liket wol maitiid. Foar in winterminske as dat ik bin in minne bak.” Hoewol… as de Martsje de Jong fan dat stikje de berneboekeskriuwster is, giet dat net op.
Dan noch koart oer it lêste elemint, de “bak”. It Wurdboek fan de Fryske Taal jout by “bak” ûnder skift 4 de Nederlânske oersetting “mal geval”. Van Dale jout foar ek – al is it wol as allerlêste betsjutting – “vreemd, onaangenaam of verrassend voorval”. Nei alle gedachten giet it dus net om in útdrukking dy’t allinnich yn it Frysk foarkomt.
Sa’t it liket bin ik dus net in ôfgryslike krûmprater, dêr bin ik no wol oer út. Dochs binne der noch wol in pear fragen. Is “minne bak” suver wat fan de Wâlden, of wurdt it ek yn oare gebieten wol brûkt? In Westereender kollega wiisde my derop dat “sneue bak” yn dy kontreien hiel gewoan is as útrop. As jimme de útdrukking kinne, of faaks sels brûke, lit it foaral witte.
Reitze Johannes Jonkman zegt
Ik kom fan de grins tusken wâlden en súdwesthoeke: Nijskoat en brûk de útdrukking ek. Ik wit oars net mear oft ik him dêr ôf yn Grins opdien haw.
Mettje zegt
Foar my is it ek in bekende manier fan sizzen as eat net sa giet as dat jo wolle, wat sneu is, spitich is ensfh. Yn myn jeugd yn Aldegea (Sm.) al yn gebrûk.
Jarich Hoekstra zegt
Bak rint sa’t liket frijwat lykop mei boel: (in) minne, sneue boel. Ek: (in) moaie boel njonken (in) moaie bak. En sels: in boel mei in byboel njonken in bak mei in bybak! Lyksa: (in) minne, sneue, moaie grap.
Hindrik zegt
Ik ken se beide wol. Ik tink dat ik se yn Drachten, 1970-80 al hearde. Se moatte as de bliksem yn Frysker! Dat se dêr net yn steane is in minne bak.
GJ Meijer zegt
Ha goeie, ik bin in âld Gordykster, fan mems kant heal Jobbegaester. Minne bak brûke wy ek, meastens foar in fervelende situaasje. It is sprektaal, my it seltse gevoel as “ it koe minder”, je hawwe d’r in bytsje de gek my, je meistsje der eins in grap oer mar nimme it tagelyks ek serieus. It is in soad iisbrekker foar in gesprek súnder it ta zwier te meitsjen. Of ta therapeutisch. Tageliiks awstandelik en meilibbend, as jongens únder mei elkoar. “ my wiif krijtit hûs, de TV en nou ek al de Picanto en de hûn” . Minne bak jonge, bierke dan mar?
Martijn Kingma zegt
Tank foar al jimme reaksjes! Minne bak is dus dochs wat bekender as ik tocht.
Ik hearde fan in Grinzer freondinne noch dat sy minne bak ek brûkt yn har Grinzer dialekt (op de grins fan it Oldambts/Veenkoloniaals). Miskien is it dus wol in noardlike útdrukking. Wurdt ferfolge!