• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân

21 november 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Arjan Hut. Foto: Reyer Boxem.

Arjan Hut (Drachten, 1976) is tongersdei 16 novimber 2023 op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy ’t ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut: “Doe ’t ik frege waard, woe ik eins net fuort tahappe, mar foar ’t ik it wist sei ik: ‘Ja, ja, fansels!’ It soe moai wêze as ik yn dizze tiid fan orakels, tsjutters en antwurden in tsjinwicht biede kin, en in romte fertsjinwurdigje dêr ’t plak is foar twifel. In slagge gedicht sit op sa ’n wize ynmekoar dat elkenien der krekt wat oars yn sjocht. Der is net ién wierheid, ién korrekte betsjutting of ién ynterpretaasje. En fierder: minder wifi, mear poetry!”

As Dichter fan Fryslân treedt Arjan Hut de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur fan Fryslân. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Sigrid Kingma, Céline Wierda en Ammerins Moss-de Boer (foarsitter ), hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.

It projekt ‘ Dichter fan Fryslân ‘ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje en it earste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân is te finen op www.dichterfanfryslan.nl

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Arjan Hut, boeken van Fryslân, dichter fan fryslân, explore the north, letterkunde, poëzie, Sigrid Kingma

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Sneontejûn • Pieter Jelles Troelstra

Klokken hear ik klinken
Yn de stille jûn;
’t Sintsje sjoch ik sinken,
Wolkjes sjoch ik blinken,
’t Hiele swurk yn ’t rûn.

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken

1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken

7 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

28 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 augustus 2025: deadline de Gjalp

1 augustus 2025: deadline de Gjalp

27 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 july 2025: Boekpresintaasje ‘Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501)’

10 july 2025: Boekpresintaasje ‘Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501)’

21 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7-11 july 2025: Old Frisian Summer School

7-11 july 2025: Old Frisian Summer School

20 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d