Ynlieding
Op 9 oktober stie myn artikel Op syn Gryksk op Frisistyk. Dat wie basearre op de lêzing dy’t ik op de Dei fan de Fryske taalkunde (6 oktober ll.) holden haw oer de ynfloed fan de Schola Hemsterhusiana op de taalresepsje fan Everwinus Wassenbergh-en-dy, de heechleararen Gryksk en oare akademisy yn de achttjinde en de earste helte njoggentjinde iuw. It gie om in histoarysk-taalsosjologyske analyze troch close-reading fan fral Wassenbergh syn ‘Inleiding’ by it Idioticon Frisiscum of Woordenboek van bijzonder in Friesland gebruikelijke Woorden en Spreekwijzen. Dat Idioticon wie as wurdboekje bedoeld dat in spesifyk Fryske bydrage jaan moast oan it noch te meitsjen grut algemien wurdboek fan it Nederdútsk. De behannele fraach wat it begryp ‘Frisicum’ no krekt ynhold, krige as antwurd dat it om it Nederdútsk fan Fryslân gong mei sted- én lântaal. Neffens de Gryksk ynspirearre Schola waarden oars ek alle oare provinsjale fariëteiten fan de Republyk (it Hollânsk ynbegrepen) ûnder de daktaal Nederdútsk beflapt. It hold tagelyk yn dat it Frysk net as in selsstannige taal, as de unike memmetaal fan de Friezen, sjoen waard, want dat wie it oerkoepeljende Nederdútsk; in taalresepsje dy’t ús no tige nuver oandocht.* In taalkundige analyze wie gjin tiid foar yn de lêzing. Dêrom koe de fraach net beäntwurde oft it taalkundich komôf fan de opnommen wurden werklik oerienkaam mei wat Wassenbergh dêroer yn syn Inleiding skreaun hie.
In oanfoljende taalkundige analyze
Foar it beäntwurdzjen fan dy fraach folget no de oanfoljende analyze fan ‘Woorden door mij [Wassenbergh] in dit IDIOTICON geplaatst‘ (s.4), troch him ek mei ‘Idiotisch Friesch’ (s.5.) oantsjut. Hy beskriuwt yn de ‘Inleiding’ (s. 1-5) syn kar dy’t – mei safolle wurden – yn trije kategoryen utinoar falt:
- ‘Woorden (…) in de steeden, of ook wel ten plattelande (…) [niet] behoordende by (…) de oude Friesche Landtaale’ (s. 4), tenei ‘Stedtaal’
- ‘Woorden (…) ook [myn skeanprint, RJ] nog in het Oud Friesch en bij den Landman aanwezig (…)’ (s.5), tenei ‘Sted+Lântaal’
- ‘Afwijkingen (…) van den Oud-Frieschen Tongval [d.w.s. idioom fan it Aldfrysk], tenei ‘Lântaal’ (s.4)
By de wurden yn de Stedtaal (1) moat tocht wurde oan idioom dat oerienkaam mei in net-Fryske (faak Hollânske) wurdskat dy’t yn Fryslân noch yn gebrûk wie (en bûten Fryslân net mear), én (meast) ek ôfwiek fan de Lântaal. By de Sted+Lântaal (2) giet it om oerienkomsten tusken beide. Wassenbergh docht foar de ûnderbouwing dêrby ek in berop op âldere boarnen lykas it wurk fan Gysbert Japix (17de iuw) en it anonime toanielstik ‘Waatze Gribberts Bruiloft’ (18de iuw). De wurden fan de unike Lântaal (3), dy’t dus net ûnder de twa oare kategoryen beflapt wurde kinne, jout er net eksplisyt in plak en foarmje dêrtroch fanneed in restkategory, in ‘iepen ein’. Yn it lêst fan de Inleiding (s.5) neamt hy noch mei klam dat foar ‘eene groote menigte Woorden [fan it Nederdútsk]‘ (s.5) dêr’t yn it algemien fan ûndersteld waard dat dy ferâldere of fergetten wienen, dat dy yn Fryslân altyd noch yn gebrûk binne. Om dat te bewizen makket er in ferliking mei lemma’s út it Nederdútske wurdboek fan Kiliaan [Etymologicum Teutonicae Linguae (1599)] of bygelyks mei it taalgebrûk fan de Hollânske kronikeur Melis Stoke (13de iuw).
De ferdieling fan de wurden oer de trije kategoryen
Foar it grutste part haw ik besocht op basis fan de (ymplisite) omskriuwingen fan de gearstaller de boppeneamde trijedieling op de lemma’s fan it Idioticon (s.7-121) ta te passen, dêrby safolle mooglik gebrûkmeitsjend fan eksplisite (Fryske of net-Fryske) boarneferwizingen. Probleem dêrby wie dat der net altyd in boarne neamd wurdt. Yn dat gefal haw ik yndield op basis fan de hjoeddeiske kennis oer it (Lân)Frysk (bgl. ’Protter, Spreeuw, anders ook Starg’) of oer it Hollânsk dialekt (bgl. ‘Guster, voor gister). Fierder binne lemma’s dy’t yn de achttjinde iuw ek al algemien Nederdútsk wienen (bgl. ‘Aak’, in soarte fan boat) en lemma’s dy’t foar ús hjoed-de-dei nei ûnbekende, spesjalistyske saken ferwize (bgl. ‘Aalgeer’, in foarke om iel mei te fangen) bûten dizze analyze om it spesifike komôf fan de wurdskat yn Fryslân út te finen, holden. Sa bleaunen 228 lemma’s oer foar de trijedieling fan de wurdskat. De kategorisaasje lit de neikommende persintuele ferdieling sjen (sjoch tabel 1.): 1. Stedtaal 27% (n=61), 2. Sted+Lântaal 30% (n=69) en 3. Lântaal 43% (n=98). Om in yndruk te jaan fan de wurden dy’t yn de trije kategoryen falle, is in karút fan tweintich foarbylden fan elke kategory opnommen yn Tabel 1.
Tabel 1. Foarbylden fan de trijedieling fan de wurden fan it Idioticon Frisicum of Woordenboek van bijzonder in Friesland gebruikelijke Woorden en Spreekwijzen | ||
Stedtaal (27%) (yn prinsipe inkeld in net-Fryske boarne neamd) | Sted+Lântaal (30%) (yn prinsipe net-Fryske en Fryske boarne neamd) | Lântaal (43%) (yn prinsipe inkeld Fryske boarne neamd) |
Butter | Barg | Blier |
Bei | Bazen [bazelje] | Bodden |
Dijnen [úttynje] | besaauwen | Daaien |
Guster | del | Heinen |
Hemelen [himmelje] | Dijn | Hijmen (x) |
Kijn(d) | Dou hest | Kaai |
Loven | Hiem | Kroode |
Orten [earten] | Eerde | Liep [ljip] |
Onthijten | Gaaren [garje] | Loeken |
Schuttel | Hy het [hat] | Mosk |
Schad | Jiemme | Moude (x) |
Snij/snee | Knibbel | Nieut [nuet] |
Suip | Nocht | Onsieuch |
Sundag | Ommers | Protter |
Toon [tean] | Pielen | Ruigelen |
Vleisch | Siegen | Schernbuwtzen |
Vool [foalle] | Sipel | Ruup [rûp] |
Ik wuud | Sleef | Schotel [skoattel] |
Zeun | Sleeuw [sleau] | Schreppen |
Ik zien | (in de) ties | Sieken |
(x) Opnommen yn Pieter Weiland, [Groot] Nederduitsch taalkundig woordenboek (1799-1811/[1859]) |
By de kategory fan de Stedtaal (1) fynt men benammen fan komôf Hollânske wurden dy’t yn Fryslân noch yn gebrûk binne: butter, guster, kijn(d), orten, schuttel, sundag, zeun, ik zien (Wurden dy’t ek yn it tweintichste-iuwske Stedsk sitte). Ek by de kategory fan de oerlaap yn Sted- en Lântaal (2) binne wurden oan te wizen dy’t yn sawol Hollânske – alteast net-Fryske – as Fryske boarnen sitte: barg, del, dijn, dou hest, hy het, ommers, sipel, sleef, mar ek sitte der – yn ús moderne eagen – frisismen yn as hiem, jiemme, knibbel, nocht, (in de) ties (Al de foar neamde wurden sitte yn it tweintichste-iuwske Stedsk). Fan dy wurden binne inkeld hijmen (s. 240) [yn it Frysk ‘hymje’] en moude [los sân] (s. 407) yn it Nederduitsch Taalkundig Woordenboek fan dy tiid (1799-1811) te finen, alle oare lemma’s net. Yn it Idioticon nimme de twa earste kategoryen mear as de helte (27 + 30 = 57%) yn. Eardere ideeën dat it Idioticon it wurdboek fan it Stedsk wie, hat dêrom seker in grûn.** Lykwols wurdt in lytse helte fan de lemma’s (43%) útmakke troch sa’t it liket (en troch it ûntbrekken yn it doetiidske Nederdútsk wurdboek ek befêstige) spesifyk Lânfrysk: blier, daaien, kaai, kroode, ljip, onsieuch, protter, ruigelen, ensfh. Dat grutte oanpart fan de Lântaal sprekt dat idee fan in Stedsk wurdboek dúdlik tsjin: it giet om Sted- én Lântaal fan de hiele provinsje Fryslân. Wassenbergh hat dien wat er skreau!
Dat Wassenbergh-en-dy de wurden fan de lêste kategory ‘Lânfrysk’ dochs by it Nederdútsk yndiele, moat socht wurde yn de meidieling dat der wurden ferâldere of fergetten binne, ek al docht Wassenbergh dêrby net oan boarneferwizing. De measte fan de wurden kinne lykwols weromfûn wurde op bygelyks https://taaldacht.nl/vergeten-woorden/ en https://etymologiebank.nl/. Sa stiet yn de dêr oantroffen boarnen bodden ‘sloven, zwoegen, arbeiden’. Ek wurdt der yn de boarnen ferwiisd nei buorprovinsjes (hijmen yn Grinslân, mosk yn Hollân). De meast – foar ús typysk Fryske wurden- as zieken ‘ademtocht’ en ruigelen ‘etappegewiis falle’ kinne (út oare tiden en) op oare plakken fûn wurde. Mar ruigscherne kin ek gewoan yn Nederlânsktalige deiboeken út de njoggentjinde iuw fan Fryske boeren oantroffen wurde. Dat it is by eintsjebeslút hielendal net sa nuver dat dy taalpersepsje by de Schola oanwêzich wie. Dat dêr nei de helte fan de njoggentjinde iuw minder romte foar oerbleau, kom ik yn in folgjend artikel wol wer werom.
Konklúzje
De eksersyzje fan de oanfoljende taalkundige analyze fan it Idioticon Frisicum befêstiget de útkomst fan de histoarysk-taalsosjolgyske. Wassenbergh-en-dy seagen it Fryske Nederdútsk mei sted- én lântaal as ûnderdiel fan it Nederdútsk. De foar ús spesifyk Lânfryske wurden koenen troch de Hemsterhusianen noch ûnder it Fryske Nederdútsk beflapt wurde, omdat der hast altyd wol in histoaryske of geografysk ekwivalint fan de Lânfryske wurden te finen wie. Troch dy oerlaap tusken en it stadichoan yninoar oergean fan de trije neamde kategoryen fan dit soarte idioatysk Frysk is der sprake fan in kontinuüm dat rint fan algemien Nederdútsk – mei in bytsje Lânfrysk- fia de stedtaal nei inkeld Lânfrysk. Dat stânpunt is fierderop yn de njoggentjinde iuw ek ferwurde troch JoastHalbertsma (Jonkman 2021: 94-107), ek lid fan de Schola Hemstehusiana.
*Op 14 juny 2013 ferskynde in fraachpetear mei heechlearaar Nederlânsk Gijsbert Rutten op it webstek Kennislink fan Nemo www.nemokennislink.nl/publicaties/standaardtaal-kwam-pas-op-in-achttiende-eeuw/. Rutten sei dêr ûnder oaren yn:
“De situatie van het Fries is natuurlijk heel bijzonder. Het Fries werd nog gezien als dialect en niet als zelfstandige taal. Er was wel een vaag besef van de Friese schrijftraditie vanaf de Middeleeuwen. Maar het Fries wordt pas opnieuw gedefinieerd in de negentiende eeuw door de Friese beweging.” Nochal wat Friezen reägearren fûl op dat yn harren earen flokken yn de Fryske tsjerke: ‘Foar my in dúdlik foarbyld fan hoe’t de Fryske skiednis en taal lyts holden wurdt troch wittenskippers fan it nivo fan Rutten.’ (Erwin 2.0), ‘Soe dy “wittenskipper” Gijsbert Rutten wolris heard ha fan dy oare Gysbert?’ (Njirre), ‘Ik sinjalearje al skoften lang in trend ûnder Nederlanske taalkundigen en histoarisi om de (histoaryske) Fryske eigenhyd safolle mooglik te minimalisearjen en fuort te wurkjen.’ (Kerst Huisman) en ‘De oantsjutting “Nederlânsk dialekt” is dus net korrekt om’t hja suggerearret dat it Frysk sjoen waard as in regionale fariant fan it algemene nasjonale Nederlânsk (dat der noch net wie, útsein as skriuwtaal).’ In sekere Rob wist de opmerking fan Rutten better te pleatsen: ‘Rutte[n] hat krekt gelyk. Hy seit sels net dat Frysk in dialekt is, mar dat it earder wol sa sjoen waard.’
**Yn myn proefskrift oer it Leewarders (Jonkman 1993: 68) haw ik dy gedachte ek ferwurde: ‘Dúdlike foarbylden fan de stedtaal yn it Idioticon Frisicum binne net allinnich losse wurden as “butter”, “sundag” en “toon” (tean), mar ek de tiidwurdsfoarmen: “Wie het jimme dat seid?” “Foar Wassenbergh hoegde de fariëteit dy’t dy eleminten yn him hie noch net mei Leewarders (of Bolserters, Snekers, ensfh.) oantsjut te wurden, mar koe noch skoan foar (ien fan de foarmen fan) Nederlânsk trochgean.’ It (grutte) oanpart ‘Lânfrysk’ haw ik doe net op sind.
Bibliografy
Reitze J. Jonkman, It leewarders: in taalsosjologysk ûndersyk nei it stedsk yn ferhâlding ta it Nederlânsk en it Frysk yn Ljouwert. Ljouwert 1993.
Reitze Jonkman en Arjen Versloot, ‘Er was eens een sprookje en dat heette Stadsfries. Over het misleidende van een zeventiende-eeuwse naam.’ Op Neerlandistiek.nl 27 desimber 2018.
Reitze J. Jonkman, Taalknooppunt Halbertsma (1789-1869) Tusken njoggentjinde-iuwske ideeën oer Nederlânsk, Stedsk en Frysk en tusken de iuwen foar en nei him. In: De Vrije Fries 101, 2021: 94-107.
Everwinus Wassenbergh, ‘Idioticon Frisicum, of Woordenboek van bijzondere in Friesland gebruikelijke Woorden en Spreek-wijzen.’ Yn: Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval. Franeker 1802-1806: 1-134.
Laat een reactie achter