Ynfinitiven binne bysûndere tiidwurden. Se feroarje bygelyks net at je in sin fan’e notiid nei de doetiid sette. Sjoch mar nei de foarbylden yn (1) en (2). Ite is hjir de ynfinityf. Sin (1) stiet yn’e notiid en sin (2) stiet yn’e doetiid. Je sjogge dat de persoansfoarm kin feroaret nei syn doetiid koe at de tiid feroaret. De ynfinityf ite bliuwt yn beide sinnen gelyk.
(1) Ik kin ite.
(2) Ik koe ite.
Ynfinitiven feroarje ek net as in oare persoan it ûnderwurp fan in sin wurdt. Fergelykje sin (1) mar mei sin (3). De persoansfoarm (kin of kinst) feroaret, mar de ynfinityf bliuwt wer gelyk.
(3) Do kinst ite.
No is it Frysk in taal (der binne mear, bygelyks it Ingelsk en ferskate Dútske dialekten) dy’t meardere foarmen hat foar de ynfinityf. Der binne der twa: stam + -e en stam + -en. (1)-(3) binne foarbylden fan de earste foarm: dêr wurdt de ynfinityf foarme troch in -e oan de stam fan it tiidwurd ta te heakjen: it-e. Ik jou in foarbyld fan it twadde type yn (4).
(4) Nei it iten fiel ik my altyd foldien.
Hjir is -en oan de stam taheakke. Der is faak sein (Visser 1989, Hoekstra 1997, Bergstra 2020) dat ynfinitiven op -e ‘tiidwurdeftige’ ynfinitiven binne en ynfinitiven op -en ‘haadwurdeftige’ ynfinitiven. Yn dit stikje sil ik sjen litte dat dit yn guon gefallen ek sa is, mar dat dizze yndieling net altyd past. It liket of is der ek in tiidwurdeftige -en ynfinityf.
Ik begjin mei de ynfinityf op -e, dy’t tiidwurdeftich wêze soe. Ik nim it foarbyld út (1)-(3). Hjir komt de ynfinityf nei in modaal tiidwurd, hjir kinne. Dizze sin is allinnich goed as je de ynfinityf op -e brûke, lykas yn (5a). As je de ynfinityf op -en brûke, lykas yn (5b), dan kloppet de sin net mear. Je moatte dus echt de ynfinityf op -e brûke nei in modaal tiidwurd.
(5)
a. Ik kin ite
b. *Ik kin iten.
As je oanjaan wolle wat de ik-persoan oan it iten is, dan moatte je sizze wat yn sin (6a) stiet, dus dan sette je appels foar de ynfinityf. Dat je dat dwaan kinne is typysk foar tiidwurden. Wat je net dwaan kinne, is fan appels nei de ynfinityf sette, lykas yn (6b). Dat soene je ferwachtsje as ite in haadwurd wie. De ynfinityf op -e is yn (6a) dus echt in tiidwurd.
(6)
a. Ik kin appels ite.
b. *Ik kin ite fan appels.
Ik gean no troch mei de ynfinityf op -en, dy’t ‘haadwurdeftich’ wêze soe. Ik nim it foarbyld út (4). Hjir komt in ynfinityf nei it lidwurd, hjir it. Hjir binne de saken krekt oarsom as by it foarige foarbyld.Dizze sin is allinnich goed as je de ynfinityf op -en brûke, lykas yn (7b). As je de ynfinityf op -e brûke, lykas yn (7a), dan kloppet de sin net mear. Je moatte dus echt de ynfinityf op -en brûke nei in lidwurd.
(7)
a. *Nei it ite fiel ik my altyd foldien.
b. Nei it iten fiel ik my altyd foldien.
As je dan wer oanjaan wolle wat de ik-persoan oan it iten is, dan kinne je net sizze wat yn sin (8a) stiet, dus appels foar de ynfinityf sette. Dat moat wol mei it tiidwurdeftige ynfinityf nei de modale ynfinityf. Wat je wol dwaan kinne, is fan appels nei de ynfinityf sette, lykas yn (8b). De ynfinityf op -en is hjir dus echt in haadwurd.
(8)
a. *Nei it appels iten fiel ik my altyd foldien.
b. Nei it iten fan appels fiel ik my altyd foldien.
Oant no ta hawwe dus in ynfinityf op -e sjoen dy’t in tiidwurd wie en in ynfinityf op -en dy’t in haadwurd wie. Wat no komt, is in ynfinityf op -en dy’t in tiidwurd is.
It giet om it foarbyld yn (9). Hjir komt de ynfinityf nei in tiidwurd fan persepsje, hjir hearre. Dizze sin is allinnich goed as je de ynfinityf op -en brûke, lykas yn (9b). As je de ynfinityf op -e brûke, lykas yn (9a), dan kloppet de sin net mear. Je moatte dus echt de ynfinityf op -en brûke nei in tiidwurd fan persepsje.
(9)
a. *Ik hear de minsken ite.
b. Ik hear de minsken iten.
As je de appels der dan wer by helje wolle, dan bart der wat frjemds. By de ynfinityf op -en yn (8) moasten je fan appels dernei sette en wie appels derfoar net goed. Dat is hjir krekt oarsom, wat je sjen kinne yn (10a) en (10b). Yn dat opsicht binne dizze foarbylden itselde as yn (6), by de tiidwurderige ynfinityf. Dit is dus in foarbyld fan in ynfinityf op -en dy’t in tiidwurd is.
(10)
a. Ik hear de minsken appels iten.
b. *Ik hear de minsken iten fan appels.
As we alles op in rychje sette, dan liket it of hawwe we trije ferskillende ynfinitiven: yn tiidwurdeftige op -e (foarbylden (5) en (6)), in haadwurdeftige op -en (foarbylden (7) en (8)) en in tiidwurdeftige op -en (foarbylden (9) en (10)). Dy lêste ynfinityf liket dus krekt in bytsje tusken de earste twa yn te sitten: de ynfinityf hat de foarm fan de haadwurdeftige omdat er op -en einiget mar gedraacht him lykas de ynfinityf op –e tiidwurdeftich.
Referinsjes
Bergstra, M. (2020). Infinitival innovations: A case study on Frisian-Dutch language contact. Utrecht: Utrecht University
Hoekstra, J. F. (1997). The syntax of infinitives in Frisian. Ljouwert: Fryske Akademy.
Visser, W. (1989). Ta de nominale ynfinityf yn it frysk. Philologia Frisica anno 1988. Lezingen en neipetearen fan it alfte Frysk Filologekongres jannewaris 1988, 51–74.
Karelfgildemacher@gmail.com zegt
Hy komt te iten en wy gean te fytsen hearre der dochs ek by?
Fenna zegt
Ja, seker! Mar dat is nei alle gedachten sels in fjirde foarm mei as morfologyske foarm ’te STAM-en’. Je sizze nammentlik net
(i) ik begjin te appels iten.
mar:
(ii) ik begjin appels te iten.
Dus it ynterne argument ‘appels’ komt foar ’te iten’ en net tusken ’te’ en ‘iten’ yn. Der is ek nijsgjirrige fariaasje yn te-ynfinitiven yn Dútske dialekten. Dêr hawwe Kolmer en Weiß
(2003) bygelyks oer skreaun.
Willem Visser zegt
Hjir kin ek goed ‘ik begjin te appeliten’, mei it ynterne argumint yn it tiidwurd ynkorporearre (Dyk, 1997). Ynkorporaasjetiidwurden hâlde har wat de distribúsje oangiet, kreas on ‘de regels’.
Fenna zegt
Ja, ynkorporearre haadwurden kinne wol tusken ’te’ en it tiidwurd komme. Mar krekt ast al seist is it haadwurd ‘appels’ hjir ynkorporearre, dus it is net in echt yntern argumint. Dat kinne je snel kontrolearje troch it haadwurd yn it meartal te setten: ‘Ik begjin te appelsiten’ kin net.
Jarich Hoekstra zegt
De en-ynfinityf nei tiidwurden fan sinlike waarnimming liket my yndie ’tiidwurdeftich’ ta (en hielendal net ‘haadwurdlik’). Yn myn dissertaasje hie ik al fêststeld dat it besykjen (ek myn eigen) om de distribúsje fan ‘e Fryske ynfinitiven te ferklearjen, bgl. as ‘haadwurdeftich’ of ’tiidwurdeftich’, oant dan ta net botte súksesfol west hie. Ik skreau dêr (op side 15): “Thus, it might be suggested that from a synchronic point of view some en-infinitives, e.g. those historically deriving from present participles (in the complement of perception verbs, aspectual verbs, hawwe and fine) and those appearing in verbal te-infinitives, differ from e-infinitives only in their morphophonological shape, but not in their morphosyntactic function, i.e. they would be just as ‘verbal’ as e-infinitives.” Ik joech dêr in argument út dialekten dêr’t by ha(wwe) en-infinityf en e-ynfinityf in einhinne gearfallen binne; dêr kin men krije “Ik wol wille ha”, “Ik seach him wille ha” en “…om wille te ha”, mar it bliuwt “It hawwen fan wille”.
Fenna zegt
Tank datst op dizze data wiist, Jarich. Dat is yndie supernijsgjirrich! Dêr liket it sa of past de morfologyske foarm wol by de morfosyntaktyske funksje.
Ik bin ek hiel benijd wat der bart at je fariaasje/feroarings bestudearje yn it Frysk. Wat dogge minsken? Hâlde se allegear netsjes fêst oan de patroanen dy’t hjir boven stean, en hawwe se dus in oantal foarms dy’t ‘heal tiidwurderich’ en ‘heal haadwurderich’ binne, wat my kompleks liket om te learen? Ik soe it logysker fine at se óf fan de tiidwurderige -en-ynfinitiven haadwurderige -en-ynfinitiven meitsje óf fan de -e-ynfinitiven -en-ynfinitiven.
Jarich Hoekstra zegt
Ta myn eigen benijing seach ik dat stelling VI fan ‘e dissertaasje wie:
De e-infinitief en de en-infinitief in het Fries kunnen niet simpelweg gekarakteriseerd worden als respectievelijk ‘verbaal’ en ‘nominaal’.
Fenna zegt
Ja presys! En no besykje ik te sjen oft it byld wat helderder wurdt at je sizze dat der trije foarmen binne: ferbale -e, ferbale -en en nominale -en. En mei de foarbylden dy’t ik hjirboppe jûn haw, tink dat dat wol aardich slagget. Mar der binne fansels noch mear konteksten dêr’t je ynfinitiven yn brûke kinne, bygelyks de ‘bare infinitives’ yn subjekt en objekt posysje, en dan wurdt it ferhaal folle minder dúdlik.