Op de grammatikawebsite Taalportaal.org stiet sûnt 13 desimber in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk. Dat is in foarm fan it Frysk dy’t praat wurdt yn de Dútske gemeente Sealterlân. De grammatika is in gearwurkingsprojekt fan de Fryske Akademy, it Seeltersk-Kontoor, it Instituut voor de Nederlandse Taal en de Japanske Kyushu-universiteit.
Op Taalportaal.org wienen al wiidweidige wittenskiplike grammatika’s te finen fan it Frysk, Nederlânsk en Afrikaansk. De taalkundigen Eric Hoekstra en Bouke Slofstra fan de Fryske Akademy hawwe no de wurdfoarming en sinbou fan it Sealterfrysk op in wittenskiplike manier foar de website beskreaun. Meikoarten komt der noch in stik fan de Ingelsk-Japanske taalwittenskipper Stephen Laker oer de útspraak fan it Sealterfrysk by.
De trije taalkundigen hawwe har de lêste jierren yn it Sealterfrysk ferdjippe. De taal hat mar in lytse twatûzen sprekkers mear oer en it is wichtich dat er goed beskreaun wurdt. Hoekstra en Slofstra hawwe mei Tessa Leppers earder al twa Dútsktalige grammatika’s fan it Sealterfrysk skreaun. Om it foar learders en ûndersikers makliker te meitsjen om ynformaasje oer it Sealterfrysk te finen ha se no ien yn it Ingelsk skreaun. Dy hat in oare, folle wittenskipliker opbou as de Dútsktalige grammatika’s. “Se folje inoar echt oan”, seit projektlieder Eric Hoekstra.
De grammatika is basearre op fjildwurk, op eardere grammatikale beskriuwingen en op it grutte korpus mei Sealterfryske lûdsopnamen dat Pyt Kramer rûchwei tusken 1960 en 2000 oanlein hat. De ûndersikers ha in protte nije feiten ûntdutsen. In pear nijsgjirrige foarbylden binne:
It Sealterfrysk hat njonken de âlde keale foarm fan it eigenskipswurd ek in út it Platdútsk liende foarm op -et:
- ’n groot Skip / ’n grotet Skip
“in grut skip”
Oan it begjin fan in sin kin foar in plaknamme it wurdsje ‘yn’ fuortbliuwe:
- Skäddel wädt moor Seeltersk boald.
Skäddel wurdt mear Sealtersk praat
“Yn Skäddel wurdt mear Sealtersk praat.”
It Sealterfrysk hat njonken V1- en V2-haadsinnen ek V3-haadsinnen:
- Wan wie umekemen, uus Mäme stoorf fon Ferträit.
as wy omkamen ús mem stoar fan fertriet
“As wy omkomme soenen, soe út mem stjerre fan fertriet.”
It Sealterfrysk hat gjin Imperativus pro Infinitivo, mar wol in op it each ferlykbere konstruksje mei in nei foaren skode persoansfoarm yn it twadde lid fan in njonkenskikking:
- Dät mäi wäil beter weze, dät du foaruut gungst un fertälst uzen, dät du ’n froamden Wäänt träft hääst.
it mei wol better wêze dat do foarút giest en fertelst uzes dat do in frjemde fint troffen hast
“It soe wol better wêze asto foarút gean soest en fertel ús lju datsto in frjemde fint troffen hast.”
Martijn Kingma zegt
Moai nijs! Foar de noch online te publisearjen seksjes oer fonetyk (en faaks fonology) soe ik graach wize wolle op de grutte bult wurk dy’t Jörg Peters en syn team fan de universiteit fan Oldenburg ferset hawwe. Mei dat as fûnemint hawwe je samar in moai stik foar op Taalportaal liket my ta.
Eric Hoekstra zegt
Stephen Laker en Jörg Peters binne frege om de seksjes oer fonology en fonetyk te skriuwen en se hawwe tasein!