Yn oktober (Op syn Gryksk) en yn novimber (Op syn idioatysk Frysk) haw ik my hjir op frisistyk dwaande holden mei de taalpersepsje fan Everwinus Wassenbergh, de earste heechlearaar ‘neerlandistiek’ yn Frjentsjer (en hiele Nederlân). Nei it sekuer trochnimmen fan syn bekendste wurk Idioticon Frisicum fan 1802-1806 kaam ik as Fries yn de moderne tiid ta in frij ferrassende konklúzje. Net sa bot ferrassend dat it om in wurdboekje oer it Fryske Nederdútsk gie (dêr is al mear oer skreaun troch û.o. Feitsma, Galama en Van Rossem), mar – ek foar my nij – dat der nêst Stedsk (‘Stedfrysk’) foar in lytse helte Frysk (‘Lânfrysk’) idioom yn dat idiotikon opnommen wie; yn de eagen fan Wassenbergh-en-dy (de 18de– en begjin 19de-iuwske ‘learlingen’ fan de Schola Hemsterhusiana) hearde it Frysk as in dialekt ûnder it Nederdútsk (net ûnder it Hollânsk). Ferskillende hjoeddeiske Friezen besauden har – ûnder oaren ek al by eardere berjochten dêroer yn de media – oer dat idee, guon gniisden derom, wylst oaren dy gedachte skouderen of fuortstoppen. It kaam blykber oan as de bekende stien yn de fiver of, noch slimmer, as flokken yn de Fryske tsjerke! In soad minsken wolle der net oan dat it Frysk yn de tiid fan de ferljochting in swiere sile as memmetaal te lûken hie, want de hjoeddeiske mantra is: Frysk is in taal (en net in dialekt)! Om dochs wat mear begryp foar de kontemporêne persepsje fan dy Hemsterhusianen te freegjen, haw ik ek nochris sjoen nei de taalpersepsje fan in tiidgenoat fan Wassenbergh: Annaeus IJpeij (1760-1837). Lês en huverje!
Op syn Nederlânsk
Heechlearaar teology yn Grins Annaeus IJpeij, earder studint by Wassenbergh, hat yn 1812 de Beknopte geschiedenis der Nederlandsche tale ferskine litten, in taalskiednis oer it Nederlânsk dêr’t ek it Frysk ûnder beflapt waard. Yn it iermoderne tiidrek (16de-18de iuw) wie yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen ‘Nederdútsk’ de namme wurden fan de mienskiplike taal fan alle provinsjes, ek fan Fryslân. IJpeij fielde him roppen om dy namme rjocht te setten. ‘Ik noem de taal, welker geschiedenis ik wil leveren, met voordacht, de Nederlandsche, en niet, zoals sommigen welligt denken zullen, de Nederduitsche.’ It gie neffens him net langer om it meitsjen fan in eksplisite tsjinstelling mei it Heechdútsk, ek al hiene beide talen fan it earste begjin ôf oan ien en deselde skiednis. ‘Allen waren zij van afkomst Duitschers [Germanen] (…) zoo als het gemeen in ons vaderland thans van afkomst Nederlanders zijn. Allen spraken dezelfde taal, maar in onderscheiden dialekt [myn skeanprint, RJ] zoo als het gemeen in ons vaderland tot op den tegenwoordigen tijd.’ Yn it ferrin fan de iuwen wie der in skieding tusken beide optreden. ‘Met regt meenen wij dat de taal, (…), de Nederlandsche taal genoemd mag worden, als zijnde meerendeels de volkstaal van die landen, welke, van ouds onder den naam Nederlanden, zijn bekend geweest.’ Mei dat ‘meerendeels’ ferwiisde er nét nei it Frysk mar nei it Frânsk, want Belgje waard noch as ûnderdiel fan dy ‘Nederlanden’ sjoen (1812: 2-4). Oer it Frysk as taal hie er it net …
Dat, ek IJpeij hie deselde gedachte as Wassenbergh oer it Frysk as dialekt fan it Nederlânsk! Mar hoe kaam dy IJpeij dêr dan by? It begjint by de doetiidske persepsje fan it komôf fan de ‘Nederlandsche tale’. ‘Uit genoegzame gronden meen ik te mogen besluiten, dat de taal onzes lands zich te dien tijde [yn de âldheid of iere midsiuwen?] in drie voorname dialekten verdeelde, in het Vriesch namelijk, het Vlaamsch-hollandsch of Vlaamsch bataafsch, en het Nederrhijnsch.’ (…) ‘Het Vriesch alschoon een bijzonder dialekt was nogtans al vroeg met het Vlaamsch bataafsch dadelijk eenigzins vermengd geworden.’ (1812: 148-150) Hiel wichtich foar syn taalpersepsje wie dat it Aldfrysk syn taalstatus fierhinne kwytrekke wie troch ynslûpsels. ‘Wat vooreerst het verloop [ferfal] der Vriesche taal betreft, (…) [nam] de Vriesche taal toen reeds hand over hand af […]. Dit toch ziet men genoegzaam bewaarheid bij eene vergelijking van de oude Vriesche taal met de tegenwoordige. In plaatse van vele oude woorden en spreekwijzen, worden thans nieuw ingekomen Vlaamsch-bataafschen gebezigd. Deze taalverwandeling [taalferoaring] wordt eeniglijk veroorzaakt door den omgang der bewoners van het platteland en de kleinste lieden [ynwenners fan de lytsere stêden], waar alleen Vriesch gesproken wordt, met de burgeren der grooter steden, dié zints de zestiende eeuw de Vlaamsen-bataafsche taal gebruikt hebben. (1812: 154) ‘De taal [fan hiele Fryslân] was, gelijk wij hier voor gezien hebben, van den aanvang diens tijds af, het gewoone nederlandsch met inmenging slechts van vriesche idiotismen [myn skeanprint, RJ], (…) (1812: 512). En dy idiotismen hie Wassenbergh krekt yn syn Idioticon Frisicum opnommen.
Konklúzje nei trije analyzes
De Schola Hemsterhusiana, neamd nei heechlearaar Gryksk Tiberius Hemsterhuis (1685-1766) û.o. yn Frjentsjer, hat in grutte ynfloed hân op de taalhistoaryske analyze fan de achttjinde iuw en dêrnei. Troch Hemsterhuis wie syn oanpak yn Nederlân yn de moade rekke en hie hy skoalle makke ûnder benammen heechleararen Gryksk lykas Valckenaer, Van Lennep en Wassenbergh, mar ek ûnder oare akademisy as IJpey, Epkema en Halbertsma. De persepsje fan it Gryksk dat foarme wie as in synteze fan ferskillende dialekten, waard ek op it Nederdútsk tapast: de provinsjale fariëteiten soenen harmonieus de daktaal Nederdútsk foarmje. De earste fraach dy’t ik yn Op syn Gryksk stelde, wie hoe’t de ynfloed fan de Schola Hemsterhusiana werom te finen wêze soe by heechlearaar Gryksk én (de earste) heechlearaar Nederlânsk Everwinus Wassenbergh (1742-1826) oan de hân fan Idioticon Frisicum en Waatze Gribberts Brilloft, in begjin 18de-iuwsk toanielstik: Is it de taal yn de stêden (‘Stadfriesch’) of is it de taal fan it lân (‘Landfriesch’) of is it allebeide? Ut de ynliedingen fan beide publikaasjes die bliken dat alle provinsjale fariëteiten fan de Republyk as ûnderdiel fan it Nederdútsk sjoen waarden: it Fryske Nederdútsk mei stêd- én lântaal stiet as dialekt nêst it Hollânske (en oare soarten) Nederdútsk.
Mei in taalkundige analyze yn Op syn idioatysk Frysk waard befêstige dat Wassenbergh-en-dy it Fryske Nederdútsk mei sted- én lântaal as in ûnderdiel fan it Nederdútsk beskôgen; hast de helte fan syn Idioticon Frisicum bestie út Lânfryske lemma’s. Dy spesifyk Lânfryske wurden koenen troch him en ek de oare Hemsterhusianen noch ûnder it Fryske Nederdútsk beflapt wurde, omdat der hast altyd wol in histoarysk of geografysk ekwivalint fan in Lânfrysk wurd yn oare Nederdútske fariëteiten te finen wie.
Mei de tredde analyze fan IJpeij, Op syn Nederlânsk, wurdt op grûn fan syn belangrykste publikaasje de konklúzje lutsen dat hy deselde persepsje as Wassenbergh hie: it Frysk wurdt as dialekt fan it Nederlânsk sjoen. As oarsaak fan it opgean fan it Frysk yn it Nederlânsk waard de ferwettering fan it Aldfrysk sjoen. Troch it oernimmen fan Nederlânsk idioom wie it Frysk gjin selsstannige taal mear en kaam sadwaande as ien fan de fariëteiten fan it Nederlânsk te boek te stean.*
De einkonklúzje moat dan wol wêze, – hoe opmerklik, ferrassend of sels ôfgryslik – dat de minsken fan de Schola Hemsterhusiana lykas Everwinus Wassenbergh en Annaeus IJpeij (mar ek Joast Halbertsma) yn harren publikaasjes de taalpersepsje fan it (Lân-)Frysk dúdlik ûnder wurden brochten: yn de achttjinde en it begjin fan de njoggentjinde iuw waard it Frysk net as in taal op himsels sjoen, mar as dialekt fan de mienskiplike taal fan Nederlân: it Nederdútsk/Nederlânsk. Moaier kin ik it net meitsje. Hjir moatte jim it mei dwaan.
*Dat is fansels op himsels gjin nijs. Under oaren Tony Feitsma hat dêr al earder de oandacht op fêstige yn Tussen volkstaal en schrijftaal ûnder it kopke ‘Het uitgestorven Fries’ (Ljouwert 1978: 22-24). Der wie nei de midsiuwen in tradysje ûntstien dat it Frysk as útstoarn beskôge waard, màr, redenearret Feitsma fierder: ‘Die traditie is niet zo verwonderlijk als men zich realiseert dat in de 17de en 18de eeuw in toenemende mate alleen met de beschaafde schrijf- en spreektaal werd gerekend. In dat kader gelden nog wel de provinsiaal gekleurde eigenaardigheden [‘vriesche idiotismen’] van de spreektaal der notabelen, maar over het algemeen niet of nauwelijks de taal van het platteland.’ Yn Feitsma har persepsje ‘bestiet’ it Lânfrysk noch wol (foar de plattelanners sels?), mar waard dat troch de skriuwende elite net as sadanich waarnommen. Feitsma leaude net dat it Lânfrysk ek ûnder dat Fryske Nederdútsk beflapt waard. Lykas ik yn myn bydrage fan novimber (Op syn idioatysk Frysk) al skreaun haw, hie ik dêr oant dan ta – nei de taalkundige analyze fan Wassenbergh – ek net op sind.
Cefas van Rossem zegt
Wat ontzettend leuk om Annaeus Ypeij weer voorbij te zien komen! Mijn (omvangrijke, al zeg ik het zelf…) doctoraalscriptie (beschikbaar via ResearchGate, Academia en provinciaal archief Leeuwarden, en op aanvraag natuurlijk) gaat over zijn beknopte geschiedenis. Ook heb ik geschreven over zijn bibliotheek/veilingcatalogus en de unieke werken. Mijn lezing over zijn opvatting over Stadsfries is ooit in de Feitsma-bundel verschenen. Hartelijke groet!
Cefas van Rossem zegt
In forjitten iisbrekker!
Reitze Jonkman zegt
Bêste Cefas,
Wat aardich datst reagearrest. By it skriuwen fan dit artikel en de twa foargeande haw ik noch oan dy tocht. Ik haw dyn artikel yn de Feitsma-bondel der ek by brûkt (wurdt ek nei ferwiisd yn myn earste artikel yn dizze rige ‘Op syn Gryksk’). Ik haw dyn skripsje net ynsjoen, en bin dêr no fansels nijsgjirrich nei. Soest dy pdf (nim ik oan) nei myn Akademymail (rjonkman@) stjoere wolle ?