• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

It Wangereagersk, in lyts bruorke fan it Frysk

10 december 2023 door Sune Gregersen Reageer

Wangereach om 1840 hinne. Ut in gravuere yn de fotokolleksje fan it Zuiderzeemuseum Enkhuizen. (Lisinsje: CC BY-SA 4.0.)

Oant de midden fan ‘e 20ste iuw waard in lyts taaltsje praat yn it noarden fan Dútslân, it Wangereagersk. Dy taal of dat dialekt heart ta it Eastfrysk en is dêrmei in nei famyljelid fan it Frysk, in lyts bruorke by wize fan sprekken. Hoewol’t der in soad grammatikaal ûnderskied is tusken dy twa talen, binne de oerienkomsten dúdlik werom te sjen yn it bewarre Wangereagerske materiaal.

It Wangereagersk wie in oerbliuwsel fan it oarspronklike Eastfryske taalgebiet, dat yn de midsiuwen folle grutter wie. Yn ’e rin fan ’e tiid hie it Nederdútsk yn dy kriten de oerhân krigen, sadat it Eastfrysk om 1800 hinne inkeld mar op twa plakken praat waard: yn it Sealterlân en op it waadeilân Wangereach. De Wangereagerske taalmienskip bestie oan it begjin fan de 19de iuw út ien doarpke mei amperoan 200 ynwenners. De belangrykste beropssektor op it eilân wie de seefeart.

It oarspronklik Eastfryske taalgebiet op in kaart út de sechstiger jierren fan de foarige iuw. It Wangereagersk wie doe al útstoarn; it eilân Wangereach is markearre op de plattegrûn (boppe, midden-rjochts). (Boarne: N. Århammar, ‘Friesische Dialektologie’, yn: Germanische Dialektologie, Wiesbaden 1968.)

Nei in heftige stoarmfloed op nijjiersdei 1855 waard de mearderheid fan de Wangereagers nei de fêste wâl ta evakuearre, en dêrnei foel de taalmienskip gau útinoar. De folgjende generaasjes groeiden foar it grutste part mei it Nederdútsk of Heechdútsk op. Om 1900 hinne wiene der likernôch 30 praters fan it Wangereagersk oer, yn de tweintiger jierren wie it mar in hânfol. It is net hielendal wis wannear’t de lêste prater ferstoarn is, mar 1950 wurdt gauris neamd as stjerjier fan it Wangereagersk.

De earste ferwizing nei de Wangereagers en harren taal fine we yn in Dútsk kronyk út 1671 mei de sljochte titel Oldenburgische Friedens- und der benachbarten Oerter Kriegs-Handlungen. Dêr skriuwt de auteur, de histoarikus J.J. Winkelmann, dat de ynwenners fan Wangereach in eigenaardige taal hawwe ‘die ein fremder gar nicht verstehen kan’. It duorre lykwols oant de 19de iuw foar’t it Wangereagersk taalkundich ûndersocht waard. Twa persoanen binne yn dat ferbân fan bysûnder belang: de rjochtsgelearde H.G. Ehrentraut (1798-1866), dy’t yn de jierren 1837-41 in grutte hoemannichte Wangereagersk taalmateriaal sammele, en syn belangrykste boarne Anna Metta Claßen (1774-1846). Dy âldere frou wie op Wangereach hikke en tein en wie in treflike ferteller fan mearkes en oare ferhalen, dy’t Ehrentraut mei syn eigen oanrette stavering opskreau. 

Foto fan H.G. Ehrentraut, dy’t it Wangereagersk yn de 19de iuw wiidweidich dokumentearre. Fan Anna Metta Claßen, dy’t al yn 1846 ferstoarn wie, hawwe we spitigernôch gjin ôfbyldingen. (Boarne: Fr. Braun, ‘Zwei Väter der friesischen Sprachwissenschaft’, Emdisches Jahrbuch 1927.)

Sa’t it liket, hat Ehrentraut it materiaal sammele mei grutte presyzje en omtinken foar de eksakte wurden en útspraak fan de prater, wat yn de 19de-iuwske taalkunde lang net fanselssprekkend wie. Bygelyks hat er ek opskreaun wat de prater sei as se in diel fan it ferhaal fergetten hie. Yn oare skriftlike boarnen út de 19de iuw waard sok ‘gerûs’ ornaris weilitten, mar om’t Ehrentraut dy opmerkingen stean litten hat, krije we in folle better yndruk fan hoe’t de taal spontaan brûkt waard:

yuu hää ’im wíider fúngen, man huu dait tóogiingen is, dait weit iik nich, dait häb iik wíider fargíttiin, lióog kan iik nich. áaber dan äärm mon hää siin laun biihíilen durch dait físken.
‘Sy [de haadpersoan] hat him nochris pakt, mar hoe’t dat tagien is, dat wit ik net, dat haw ik wer fergetten, lige kin ik net. Yn alle gefallen, de earme man hat syn lân behelle troch it fiskjen.’ (Boarne: Ehrentraut MS. 449.214.)

Hoewol’t we dus bysûnder goede taalkundige boarnen fan it Wangereagersk hawwe, is de grammatika fan dy Eastfryske taal noch altyd net goed ûndersocht. Sûnt ein 2022 hâld ik my dêrom dwaande mei taalkundich ûndersyk nei it Wangereagersk om in moderne grammatyske beskriuwing derfan te meitsjen. It projekt wurdt stipe troch Carlsbergfondet, in Deenske stichting foar fûneminteel ûndersyk.

Op dit stuit wurkje ik oan in korpus fan it Wangereagersk, in digitale databank mei it beskikbere taalmateriaal. Mei sa’n korpus kin elkenien dy’t niget hat oan it Wangereagersk sels yn de teksten op ’e siik gean nei nijsgjirrige ferskynsels. Dat kinne fansels bepaalde wurdsjes of grammatyske konstruksjes wêze, mar der sit ek ynteressante kultuerhistoaryske en etnografyske ynformaasje yn it Wangereagerske materiaal. Dêrom like it my heech tiid om de teksten foar elkenien beskikber te meitsjen.

Sune Gregersen wurket oan de Christian Albrechts Universität yn Kiel. Syn ûndersyk nei it Wangereagersk wurdt stipe troch it Carlsbergfondet. Yn de hjerst fan 2023 wurket er as research fellow oan de Fryske Akademy.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Artikel, Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: Eastfrysk, Ehrentraut, historische taalkunde, Wangereagersk

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d