De rol fan de dosint is tige wichtich yn taalûnderwiis. Mar wat we no krekt bedoele wannear’t we it oer in goede dosint hawwe, is dreech om út te drukken. We hawwe allegear wol in idee fan in dosint dy’t strang, mar rjochtfeardich is, dy’t aardich is, mar ek dúdlik en konkreet. Miskien ropt it fuort in dosint by dy op dy’tst sels hiest doe’tst noch op skoalle sietst. In dosint dy’t tagelyk, lykas do en ik, ek mar in minske is. Alle dosinten binne fansels hartstikke ferskillend, en elk hat in eigen styl (Englehart, 2009).
Dat jildt ek foar de learlingen yn de klasse. Alle learlingen ûntwikkelje harren op ferskillende manieren. De iene learling hat de stof him of har frij rap eigen makke, de oare miskien wat minder. De ien hat miskien wat mear nocht oan it learen, de oar hat problemen thús dy’t meispylje op de eftergrûn. Al dy faktoaren spylje mei op it momint datst nei (taal)ûnderwiis sjochst en ast derachter komme wolst wat no krekt in ‘goede’ dosint is, of wat no krekt in ‘goede’ (taal)les is.
Yn dy (taal)les is it oan de dosint om op de yndividuele ferskillen tusken de learlingen yn te spyljen om dy wat by te bringen. Dat docht dy dosint troch te differinsjearjen tusken de learlingen. Dan makket dy in ûnderskied tusken de learlingen om harren eigen learproses te stypjen (Deunk et al., 2018; Tomlinson et al., 2003). Dat ûnderskied kin op basis fan allegear soarten ferskillen wêze, sa as ferskillen yn it tempo fan de learling, it nivo, mar ek op basis fan kulturele ferskillen. As we it bygelyks oer differinsjaasje op basis fan nivo hawwe, kin dat konvergint of divergint wêze: konvergint differinsjearje is wannear’t de dosint de learlingen op in ferskillende manier behannelet, om sa de learlingen úteinlik ta itselde nivo te bringen. Divergint differinsjearje is wannear’t de dosint learlingen ferskillend behannelet om se allegear in nivo heger te bringen as dêr’t se earst op sieten.
Differinsjaasje is in moai konsept en it belang derfan wurdt bot ûnderstreke yn de ûnderwiiswrâld. Fansels wolle we alle learlingen sa benei komme dat se harsels optimaal ûntwikkelje. Mar ast it tapasse wolst op de (taal)les rinst al gau tsjin de fraach oan: hoe moatte je dat dan dwaan? Wat is in goede manier fan differinsjearjen?
Differinsjaasje by it fak Frysk yn de ûnderbou fan it fû
Yn dit ûndersyk is sjoen nei differinsjaasje op basis fan taaleftergrûn yn de Fryske les yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Foar alle hoeken fan it ûnderwiis jildt dat der ûntelbere ferskillen binne tusken learlingen dy’t fan ynfloed binne op har learproses. Boppedat jildt, as we ús rjochtsje op it Frysk, dat de ferskillen yn taalnivo tusken Friezen ek tige grut binne. Yn 2019 joech 93,1% fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân oan dat se neffens harsels goed Frysk ferstean koenen. 64,1% sei dat se de taal goed prate koenen, 52,4% sei dat se it goed lêze koenen en 15,9% sei dat se it goed skriuwe koenen. Neffens 57,3% fan de ynwenners is it Frysk har memmetaal, of ien fan har memmetalen (Provinsje Fryslân, 2020). Dat binne dus grutte ferskillen tusken de minsken wat it machtich wêzen fan it Frysk oangiet op ferskillende domeinen. Om dy reden is ek sjoen nei it fak Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis: dêr is it fak ferplichte foar alle learlingen, en dat betsjut dat de taalfeardigens fan de learlingen dy’t de dosint yn de klasse hat hiel bot út inoar rinne. Oan de iene kant soe der in learling sitte kinne dy’t grutbrocht is yn it Frysk, altyd Frysk op de basisskoalle praat hat en in hiel soad Frysk meikrigen hat út hûs wei; neist dy learling kin ien sitte dy’t krekt ymmigrearre is fan in oar kontinint ôf, dy’t it Nederlânsk noch leare moat en al hielendal noch noait it Frysk meikrigen hat. Al dy learlingen sitte by inoar yn ien klasse, en dan is it oan de dosint om tusken dy learlingen te differinsjearjen om se allegear wat by te bringen yn en/of oer it Frysk. Dat klinkt as in útdaging. Hoe dogge je dat dan?
Om dat yn kaart te bringen wie de haadfraach yn dit ûndersyk: hoe differinsjearret de dosint Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis tusken learlingen op basis fan taaleftergrûn? Om antwurd jaan te kinnen op dy fraach, is in twatal subfragen formulearre dy’t beide in oar aspekt fan differinsjaasje beljochtsje. Oan de iene kant in fraach rjochte op wat der presys yn de Fryske les bart as it op differinsjaasje op basis fan taaleftergrûn oankomt, en oan de oare kant op de perspektiven fan de dosint dêrop. Dizze fragen wienen: is differinsjaasje tusken learlingen op basis fan taaleftergrûn te observearjen yn de ynteraksje tusken de dosint en de learlingen, en hoe? En: wat is it perspektyf fan de dosint Frysk op differinsjaasje op basis fan taaleftergrûn?
Wat de dosint oan differinsjaasje yn de les docht
Om antwurd te jaan op de earste subfraach is in lesobservaasje útfierd yn sân ferskillende lessen Frysk yn de ûnderbou, by sân ferskillende dosinten yn de les. Foarôfgeand oan de lesobservaasje wie de dosint frege om in plattegrûn yn te foljen mei wat neffens de dosint de taaleftergrûn fan de ferskillende learlingen wie.
Doe is yn de lesobservaasje sjoen nei fjouwer ferskillende aspekten fan differinsjaasje yn de les: der is sjoen nei it gebrûk fan de doeltaal, it Frysk, troch de dosint; nei bewuste aksjes fan de dosint om te differinsjearjen yn de les; stipe fan de dosint oan de learling en ynteraksjonele weromkeppeling (interactional feedback). Dat lêste is weromkeppeling fan de dosint oan de learling dêr’t de learling yn korrizjearre wurdt op flaters yn it taalgebrûk dat yn de ynteraksje bart, yn stee fan eksplisyt te korrizjearjen bûten de ynteraksje om (Nassaji, 2020).
Ofbylding 1: it observaasjeynstrumint mei de ferskillende aspekten fan differinsjaasje
Ofbylding 1 lit it observaasjeynstrumint sjen dat ûntwurpen is foar en brûkt is yn dit ûndersyk, basearre op oare observaasjeynstruminten makke foar ûndersyk yn (taal)ûnderwiis. It wichtichste resultaat fan dit earste diel fan it ûndersyk wie dat der gjin ferskil fûn is yn de ynteraksje tusken de dosint en de learling op basis fan taaleftergrûn. De dosint behannele de learlingen mei in Frysktalige eftergrûn yn de les presys itselde as de learlingen mei in Nederlânsktalige eftergrûn. Dêrneist prate de dosint foar it grutste part Frysk yn de les, sawol klassebreed as yndividueel tsjin de learling. As lêst binne der hast gjin gefallen fan ynteraksjonele weromkeppeling weromkaam yn de lessen. Redenen dêrfoar kinne wêze dat it domein fan praten yn de les Frysk hielendal net foarop stiet yn de les, of dat der net genôch tiid is foar de dosint om yn de les yndividueel yn te gean op de flaters dy’t de learlingen meitsje.
It perspektyf fan de dosint op differinsjaasje op basis fan taaleftergrûn
It twadde diel fan it ûndersyk gie oer it perspektyf fan de dosint sels op differinsjaasje op basis fan taaleftergrûn. Dêrfoar is in ynterview dien mei deselde dosinten by wa’t ek de lesobservaasje dien is. Yn dat ynterview waard yngien op de opliedingseftergrûn fan de dosint; wat de dosint leard hat oer differinsjaasje op eardere opliedingen en/of yn it wurklibben; hoe’t de dosint sels oanjout tusken de learlingen te differinsjearjen op basis fan taaleftergrûn en hoe’t se dosint winsket te differinsjearjen op basis fan taaleftergrûn. De wichtichste resultaten wienen dat fjouwer fan de sân dosinten net krekt mear wisten wat se oer differinsjaasje leard hienen op de oplieding, en fiif fan de sân dosinten joegen oan der mear oer leard te hawwen op in oare oplieding of yn it wurklibben. De dosinten hienen net in soad kunde paraat oer differinsjaasje, mar koenen wol in soad praktyske foarbylden neame fan hoe’t se differinsjearje, en ek fan hoe’t se differinsjearje wolle soenen.
As we de resultaten fan dy twa fragen dus by inoar lizze, is de konklúzje dat der eins gjin differinsjaasje fernaam is yn de les en dat de dosint net in soad kunde paraat hat oer it ûnderwerp, mar dat dy wol begien en entûsjast is, graach differinsjearje wol en in soad foarbylden derfan hat. Mar neist in byld fan differinsjaasje op basis fan taaleftergrûn by it fak Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, hat dit ûndersyk ek wer nije fragen oer taalûnderwiis wat it Frysk oanbelanget opsmiten.
Bygelyks de fraach fan wat no krekt it doel fan it fak Frysk is. It ûndersyk tsjut oan dat de fokus yn de les net op it domein praten leit, mar wêr leit it dan wol op? En as we sjogge nei de foarbylden dy’t de dosinten neame op de fraach watfoar manieren oft sy brûke om te differinsjearjen, dan sjogge we allegear ferskillende metoades dy’t liede ta ferskillende resultaten foar de learling. Bygelyks jouwe de dosinten foarbylden fan differinsjaasje dêr’t se it nivo fan de learlingen heger mei krije wolle (sa as it differinsjearjen yn it nivo fan de opdrachten), mar ek metoaden dêr’t de learling mooglik in positivere hâlding tsjinoer it Frysk krijt (sa as it gebrûk meitsjen fan kreative opdrachten, sadat alle learlingen in goed sifer krije kinne op Frysk, ûnôfhinklik fan taaleftergrûn). Hast alle dosinten joegen yn it ynterview oan op gefoel te differinsjearjen: mei watfoar doel wurdt dat dan dien, en wat betsjut dat foar it fak Frysk?
Taalplan Frysk 2030 is it begjin fan it ferbetterjen fan it Frysk yn it ûnderwiis: lit ús wurkje oan de doelen fan Taalplan Frysk 2030, en dan fierder.
De folsleine skripsje is werom te finen yn de thesis repository fan de RUG fia https://arts.studenttheses.ub.rug.nl/32835/.
Boarnen brûkt
Deunk, M. I., Smale-Jacobse, A. E., de Boer, H., Doolaard, S., & Bosker, R. J. (2018). Effective differentiation Practices: A systematic review and meta-analysis of studies on the
cognitive effects of differentiation practices in primary education. Educational
Research Review, 24, 31–54. https://doi.org/10.1016/j.edurev.2018.02.002.
Englehart, J. M. (2009). Teacher-student interaction. In Saha, L. J., & Dworkin, A. G. (Eds.).
International handbook of research on teachers and teaching (pp. 711-722). Springer.
Nassaji, H. (2020). Assessing the effectiveness of interactional feedback for L2 acquisition: Issues and challenges. Language Teaching, 53(1), 3–28. https://doi.org/10.1017/S0261444819000375.
Provinsje Fryslân. (2020). De Fryske Taalatlas 2020: Fryske taal yn byld. https://friesland.databank.nl/report/Taalatlas%202020%20%28Fries%29.pdf.
Tomlinson, C. A., Brighton, C., Hertberg, H., Callahan, C. M., Moon, T. R., Brimijoin, K.,
Conover, L. A. & Reynolds, T. (2003). Differentiating Instruction in Response to Student Readiness, Interest and Learning Profile in Academically Diverse Classrooms: A Review of Literature. Journal for the Education of the Gifted, 27(2-3), 119–145. http://dx. doi.org/10.1177/016235320302700203.
Laat een reactie achter