It Fryske wurd foar de pater familias wykt bot ôf fan de talen om ús hinne, dat falt in bytsje taalsneuper al gau op. Al sûnt de santjinde iuw wurdt besocht om te ferklearjen wêr’t ús wurd foar heit wei komt. Neffens Buma, earder heechlearaar Frysk yn Grins, komt it fan it Aldfryske tiidwurd heta ,dat sokssawat betsjut as it Nederlânske bevelen. Yn it hjoeddeiske Frysk hawwe wy ek noch altyd it tiidwurd ‘hjitte’. De orizjinele, letterlike betsjutting fan in heta soe dan sawat as ‘hy dy’t hjit’ wêze. Nei alle gedachten is it fan dy net-oerlevere foarm oergien op heita, wat yn it Midfrysk heite waard. Yn dy foarm sit noch de –e dy’t wy wend binne fan wurden as omke en pake. Yn in letter stadium is dy ûnbeklamme e weifallen, mar dy komt noch wol foar yn it útropwurd heite: No giest deroan heite!
Karel zegt
Ik haw ek les (Aldfrysk en Goatysk) hân fan Buma. It stiet my foar dat hy heit ôfliede woe fan hikkia, ‘hikje’, dat mei de beweging fan de kopulaasje ferbân hâlde soe. De heit is dus de ferwekker, de faar, de man mei it gesach oer it bern.
Jarich Hoekstra zegt
It besykjen fan (manlike) etymologen om ‘heit’ as ‘gebieder’ (Buma, Us Wurk 37, 1988) of ‘oansetter’ (Hofstra, Us Wurk 21, 1972/73) te ferklearjen en dêrmei in semantyk motivearre komôf te jaan, is amper oertsjûgjend. ‘Heit’ (‘heite’, ‘deite’) kin maklik gearbrocht wurde mei de hûnderten fan oare ‘Lallwörter’ foar ‘heit’ op ‘e wrâld (Goatysk atta, Fering-Öömrang aatj, Baskysk aita, Hessysk heite ensfh.). Nils Århammar hat dat wiidweidich beargumintearre yn in spitigernôch nea ferskynd manuskript (‘Zur ‘Etymologie’ der friesischen Wörter für Mutter und Vater. Zugleich Bausteine für eine Typologie der Bezeichnungen für ‘Mutter’ und ‘Vater’ und anderer lexikalisierten sog. Lallwörter’), mar sjuch ek Meijering (Tyskrift foar Fryske Taalkunde 8, 1993) en myn artikel ‘Kuusche skal üs möle du – Baby Talk im Nordfriesischen’ (yn: Elmentaler/Niebuhr (bes.), An den Rändern der Sprache. Berlin 2020). Wassenbergh skreau yn 1802 nammers ek al: “Het oorspronkelijke [van Heit(e)] is Atta, Aita (Vader), een van die Woorden, welke de Natuur de Menschen in alle Taalen heeft geleerd.”
Jarich Hoekstra zegt
De e fan ‘heite’ is wat oars as de e fan ‘omke’ en ‘pake’, dat ferlytsingswurden binne fan ‘om(m)e’ en ‘pa’.
Lútsen zegt
Oan Hoekstra: is dat -ke net earder in suffiks fan affeksje ynstee fan ferlytsing, lykas Wytse wurdt Wytske (faak foar famkes) en Hille wurdt Hylke (foar jonges) en -kje foar Hylkje foar famkes? Dus net lytse pa en omme, mar leave pa en omme (ieme)? Ik bin mar in leek, hear.
Jarich Hoekstra zegt
Oan Lútsen: Ja, it ferlytsingssuffiks (hjir mar efkes formeel foar -ke/-tsje/-je) kin in affektive funksje ha. Mar men kin jin by pake, omke en ek by nammen lykas Wytske, Hylke en Hylkje (dat lêste feitliks mei in dûbeld suffiks!) ôffreegje oft it ferlytsingssuffiks dêr hjoeddedei noch wol ferlytsjend/affektyf is. Wol dúdlik affektyf is dan wer it ‘ekstra’ ferlytsingssuffiks -je yn paakje (‘in âld paakje’).