Sinjalemint
Nicoline van der Sijs, Daar is geen woord Frans bij
Het beeld van vreemde talen in Nederlandse uitdrukkingen.
Leiden: Uitgeverij Scriptum 2023
In hiel aardige publikaasje is wer fan Nicoline van der Sijs. Op Neerlandistiek wie it boek op 24 novimber ll. al as oankundiging foarbykommen, mar ik tocht dat de neamde taal ek moai paste yn myn ‘Op-syn-****’-rige fan oktober, novimber en desimber, ditkear mei de persepsje fan it Frânsk. De boektitel Daar is geen woord Frans bij suggerearret dat it hielendal nét oer dy taal giet, mar it komt krekt wol op gâns plakken yn dit boek prominint op it aljemint. Sa giet it der bygelyks oer dat yn 1527 de earste taalgids yn Nederlân dy fan it Frânsk wie (en dy fan it Frysk pas yn 1960) (s. 23) en dat it Frânsk op it boppeste plak fan de top 5 stiet by de saneamde ‘kromtaal-benamingen’, mei 22 gekoanstekkende nammen foar de breklike taal dy’t utere wurdt (s. 37.): ‘steenkolenfrans’, ‘koeterwaals’, ‘keukenmeidenfrans’, ‘klompenfrans’[Frânsk fan Nederlanners!], ensafuorthinne.
It binne yllustraasjes fan dat it Frânsk in opfallend plak ynnommen hat yn de skiednis fan de Nederlannen (ik gean dêr dit jier yn Op syn Frânsk II noch fierder op yn). Yn 13 haadstikken bringt Nicoline van der Sijs in soad nijsgjirrichheidsjes (‘weetjes’) oer de persepsje fan gâns talen – wêrûnder ek it Frysk – nei foaren, mar it wichtichste ûnderdiel nimt dus it plak fan de taal fan Frankryk hjir te uzes yn. Dat komt fuort nei foaren yn haadstik 1 dêr’t it maatskiplik plak fan de ferskillende talen yn ferdútst wurdt. Nei it Latyn dat fanâlds de taal fan tsjerke, universiteit en bestjoer wie, kaam it Frânsk oan de ein fan de midsiuwen al gau opsetten as de taal fan de adel. Sa wie ek de taal fan it Brabânske hof yn Brussel de hoftaal, de memmetaal fan Karel V. Willem fan Oranje soe syn lêste wurden der yn útsprutsen hawwe. Yn it ûnderwiis lit it him sjen. Yn de twadde helte fan de santjinde en fan de achttjinde iuw wie der in belangryk plak foar de Frânske skoalle. Wy witte sels al dat Wassenbergh yn Frjentsjer kolleezje yn it Frânsk joech foardat er yn 1795 op it Nederlânsk oerstapte. Letter kamen mear minsken yn kontakt mei dy romaanske taal, mar dy fergrutting fan de doelgroep wie miskien tagelyk oarsaak fan dy massa negative kromtaal-oantsjuttingen. By oare útdrukkingen net ferbûn mei taal, skoart it Frânsk wer it heechst. Hast 40 prosint fan de metafoaryske útdrukkingen belangje it oan: in Frânske rat, Frânske courage (fûle mar gau ôfsakjende moed), mei de Frânske slach, en sa fierder.
Foar dy negative namme stie fansels ek in positive oer, omdat de taal yn Nederlân in dominante posysje as frjemde taal hâlde sil oant yn de tweintichste iuw. It wurdt nammentlik foar alles sjoen as de taal fan de diplomasy, it itensieden, de moade, it teater én de romantyk (s.122-3). Alles op syn Frânsk dus. Fierder wurdt der noch even ferwiisd nei de leafde op syn Gryksk, mar histoarysk besjoen is it aardichste ferhaal oer it sechje ‘Dat is Gryksk foar my’ (Ik begryp it net). It komt fan de midsiuwske kopiïsten fan âlde hânskriften dy’t gjin Gryksk mear koenen en dan by in tekst yn it Latyn nei in Gryksk wurd opskreaunen: Graecem est, non potest legit (Dit is Gryksk; net te lêzen).
Fierder passearje yn it boek noch in soad aardichheidsjes oer it Frysk de revu. Us eigen taal hat ek in pear typyske oantsjuttingen foar it min praten fan in taal, nêst ‘apegryksk’ ek ‘bargedútsk’ (s. 45). Sa komt it Frysk by de oersetboeken fan in oare taal nei it Nederlânsk ta aardich heech yn de list mei it wurdboek fan Waling Dykstra (s. 25). Derby wurdt boppedat terjochte opmurken dat it ús bekende Idioticon Frisicum net ûnder de Fryske wurdboeken falt.* It Frysk komt der by stereotypearringen ûnder oaren út as de taal fan de emoasje, it hert en de húshâlding (s.123). Dat lêste soe tsjintwurdich útwreide wurde kinne mei de taal fan de mienskip. Noch in oare útdrukking ‘Zo Fries als Grouw’ (s. 173) is troch de tiid ynhelle; nei de offisjele plaknammeferoaring fan Boarnsterhim is dy fansels net mear aktueel.
Alle gekheid op in stokje. Ik haw hjir in pear krinten út de brij fiske fan de nije publikaasje oer it byld fan frjemde talen yn Nederlânske, en ek Fryske, útdrukkingen dy’t in aardich ynsjoch jouwe yn hoe’t de persepsje fan talen as it Frânsk, Gryksk, Frysk en noch oare talen yn it ferline wie. Der wie ien wurd Frânsk by (lês mar nei).
*Der wurdt yn noat 29 fan haadstik 1 troch Van der Sijs ferwiisd nei Anne Dykstra dy’t oanjout dat it by it Idioticon om it Nederlânsk giet, mar Dykstra wol doe yn ‘Leksikografy fan it Nijfrysk’ (1999: 191) hawwe dat it Lânfrysk dêr net ûnder beflapt waard, want it gong om ‘Het Nederlands van de Friese steden’ (s.179). Wy witte no oars (sjoch Op syn idioatysk Frysk).
Laat een reactie achter