Klassyk Aldfrysk
Der hat yn de Frisistyk genôch te rêden west oer de nammen dy’t wy jouwe oan de midsiuwske taal. Ik haw dêr ek mines wol ta dien al kinne wy net sûnder it neamen yn dit ferbân fan de namme fan Bo Sjölin. Ek Germ de Haan hat hjir in wichtige bydrage levere. Ut dy diskusje is kaam dat wy in dúdlik ferskil merkbite tusken de taal fan rûchwei foar en nei 1400. Der binne wylst ferskate nammen foar yn gebrûk: ‘klassyk’ – ‘post/nei-klassyk’, ‘Aldfrysk – Midfrysk’, of ‘klassyk Aldfryk – let-Aldfrysk’. Der binne lange listen fan taalkundige ferskillen op te stellen, mar in kriterium dat sterk korrelearret mei in bulte oare ferskynsels is de stavering van de histoaryske /ð/ – bgl. yn lidwurden en oare lytse partikels – as <d> ynstee fan <th>. Sels fyn ik taalkundich-typologysk de term ‘Midfrysk’ passend foar de twadde faze, mar ien dy’t each hat foar de filologyske relaasjes tusken teksten sil faaks leaver ‘post-klassyk’ of ‘let-Aldfrysk’ brûke.
Dy twadieling rint fierhinne, mar net folslein, lykop mei dy tusken hânskriften en teksttypen. Sa falle fierwei de measte oarkonden yn de twadde groep, krekt as de teksten fan de hânskriften Jus Municipale Frisonum, de inkunabel Druk, Roorda; allegearre Westerlauwers. De taal fan de grutte Easterlauwerse hânskriften falt yn de earste groep: Emsingo 1,2,3, Fivelgo, Brokmerbrief en Hunsingo (beide yn twa kopyen), en Rüstringen 1 en 2. Mar ek grutte dielen fan Unia (Westerlauwers) kinne dêrta rekkene wurde. Lykwols binne der in pear útsûnderingen. De taal fan it nustje âldste oarkonden oant likernôch 1410 falt taalkundich yn de earste groep, lykas guon stikken yn Jus, wylst oarsom dielen fan U dúdlik ‘post-klassyk’ binne.
Koarte útlis oer de struktuer fan it Aldfryske oerlevering: der is hjir tenei praat fan ‘teksten’ en ‘hânskriften’. In hânskrift, lykas U(nia) of E(msingo)1 befettet meardere teksten. Guon fan dy teksten komme inkeld yn dat spesifike hânskrift foar, mar fan frijwat teksten komme yn mear as ien hânskrift ferzjes foar. Sa besteane fan de tekst mei de namme ‘17 Kêsten’ wol sân farianten yn like folle hânskriften. Dy farianten lykje soms hiel bot opinoar, mar binne soms ek dúdlik ôfwikende redaksjes. Sawol hânskriften as teksten hawwe in âlderdom. De hânskriften hawwe yn ‘e regel in aardich homogeen taalkundich profyl (mei útsûnderingen!) en dat globale profyl kin ‘klassyk’ of ‘nei-klassyk’ wêze. Mar at men sekuer sjocht, binne der binnen de hânskriften ek wer tiidlagen waar te nimmen. De teksten hawwe ek in âlderdom op basis fan har ynhâld. Sa fertsjinwurdigje de boeteregisters in hiel âld gênre, mei woartels oant yn de iere midsiuwen ta. Mar sa’n ‘alde’ tekst kin yn in hiel nei-klassyk taalkundich jaske ferskine yn in hânskrift út de 15e iuw en taalkundich dus just wer hiel jong wêze, al is it dan dat bgl. wurdskat noch allegearre argaismen befettet út foaroprinners yn dy tradysje fan boeteregisters. |
‘Aldfrysk A’
Hawar, dat is eins allegearre âld nijs. It giet my hjir no benammen om it ‘echte’ Aldfrysk. As jo Van Helten syn altostfriesische grammatika trochnimme dan sjogge jo gauweftich dat der ferskillen binne tusken E1, B, H, R1 en R2 oan de iene kant en E2, E3 en F oan de oare. De taal fan de earste rige hânskriften is argaysker as fan de oare trije. Yn myn analyzes fan ‘Aldfrysk’ konsintrearje ik my dêrom yn ‘e regel benammen op dy earste hânskriften. Mar ek binnen dy hânskriften binne faak wer ferskillen te merkbiten. Guon teksten yn sa’n manuskript – yn ‘e regel dy oan ‘e ein fan it hânskrift – litte taalkundich jongere foarmen sjen as de eardere teksten. Sa kinne wy de lagen fan de ‘Aldfryske’ sipel hieltyd fierder ôfstrûpe. Binnen de âlde dielen fan Unia is it bgl. de tekst fan it Alde Skeltarjocht dat der útkippet en dúdlik argaysker is as de rest.
Giet it oant no ta hieltyd om skaaimerken fan de teksten as gehiel, hifkjen fan de âldste teksten smyt in rige oan skaaimerken op dy’t sels yn dy teksten meastentiids inkeld as minderheidsfoarm foarkomme: as relikt of bestjurre yn in leksikaal of idiomatysk elemint. Ik jou aansen rejaal foarbylden. Hja lykje in echo fan in âlder stadium fan Aldfrysk dat yn lytse biten en brokken bewarre is, ferpakt yn jonger materiaal. Net ien tekst hat al dy skaaimerken en ek de skaaimerken op harsels binne faak inkeld in útsûndering binnen sa’n tekst. Ik neam foar mysels dy âldste laach fan oerlevering ‘Aldfrysk A’ en de rest fan it klassike Aldfrysk dan ‘Aldfrysk B’.
Om in – sa’t yn earste opslach liket frij obskuer – foarbyld fan Aldfrysk A te neamen: de útgong fan de doelfoarm (gerundium). Dy is ornaris ‑ane: to jewane ‘te jaan’, post-klassyk faak ‑ene, ‑an of ‑en. Yn it Alde Skeltarjocht yn Unia komt twa kear ‑anne foar (bgl. ti gewanne ‘te jaan’),tsjinoer mear as santich kear ‑ane. Ek yn E1 komt twa kear sa’n foarm foar: to huueruuanne ‘oer te ervjen’, te sendanne ‘te stjoeren’ (tsjin mear as 100 kear ‑ane)en der binne noch fjouwer foarmkommens yn oare hânskriften. Skriuwflaters? Sa liket it faaks, mar yn it Aldingelsk en Aldsaksysk is ‑anne de wênstige útgong en it is ek wat etymologysk te ferwachtsjen is yn it Aldfrysk. Boppedat komme sokke foarmen inkeld foar yn teksten dy’t ynhâldlik as betiid beskôge wurde: 17 kêsten (K17, ms. H), 24 Lânrjochten (L24, ms. F), Alde Skeltarjocht (SkRa, ms. U, J), bepalingen oer erfrjocht (E1, H). De kombinaasje fan etymology en de sprieding oer de teksten en hânskriften makket it yn myn eagen oannimlik om hjir fan in argayske foarm út te gean. Om’t de Aldfryske, klassike teksten hieltyd wer kopiearre binne, kin sa’n ferskynsel dan ek noch wer yn jongere hânskriften as F en J bedarje, mar dan wol inkeld yn de klassike teksten. It foarbyld fan de doelfoarm yllustrearret dêrom in hiel soad aspekten fan ‘Aldfrysk A’: in minderheidsfoarm, beheind ta de âlde teksten, komt net iens yn alle klassike hânskriften foar (ûntbrekt bgl. yn it oars as argaysk beskôge R1) en komt troch tekstfilologyske omstannichheden soms wol wer bûten de klassike hânskriften foar.
Ik neam hjir noch in pear foarbylden út de morfology:
- Akkusatyf manlik fan it oanwizend foarnamwurd ‘dizze’: thenne (ms. B, SkRa-U); Aldfrysk B: thissen – ferl. Aldnoarsk þenna;
- Datyf meartal fan de i-stammen (Aldgermaanske deklinaasjeklasse): ‑em (SkRa-U, K17-H, E1); Aldfrysk B: ‑um – ferl. Aldheechdútsk ‑im, Aldsaksysk ‑i(o)n;
- Spoaren fan instrumintalis/lokatyf: (SkRa-U, H, E1) – ferl. Aldingelsk en Aldsaksysk;
- Aparte neutrumfoarm fan it telwurd ‘3’: thriu (SkRa-U, L24/K17-H, R1, ferskate boeteregisters yn E1, E3, H en R1); Aldfrysk B: thria (gelyk oan de froulike foarm) – ferl. Aldnoarsk þriu, Aldsaksysk thriu, Aldingelsk þreo;
- Aparte akkusatyfútgong fan manlike haadwurden fan de a-stammen op –a (as relikt yn R1); Aldfrysk B gelyk oan de nominatyf – ferl. Aldnoarsk akk. ‑a, nom. ‑ar.
Ek yn it leksikon tilt it op fan sokke foarbylden:
Modern Frysk | Aldfrysk B | Aldfrysk A | Aldingelsk | Aldsaksysk | Aldnoarsk |
faam | famne | meiden, megeth | mægden | magađ | – |
jonge | knapa, junge | mage | magu | magu | mǫgr |
tige (swiid) | ser | swith | swið | suith | svitt |
sweager | swager | taker | tacor | – | – |
lyk | lik | hre- | hræw | hreo | hræ |
gesicht (antlit) | onsecht | wlite | wlite | uuliti | (and)lit |
swurd | swerd | here- | heoru | heru | hjǫr |
bewize (oantoane) | biwisa | awa | eawian | ogian | eygja |
foarsjen (provide) | forsian | reda | gerædan | giradan | greiða |
Dizze argayske wurdskat is benammen te finen yn de 17 Kêsten, it Alde Skeltarjocht en de ûnderskate boeteregisters en by foarkar yn de hânskriften Unia, H en E1. Mar dy teksten en hânskriften binne inkeld it ‘episintrum’ fan it foarkommen: lykas by de grammatikale skaaimerken kinne se troch filologyske oerlevering oer mear teksten en hânskriften ferspraat foarkomme.
Beslút
‘Aldfrysk A’ is in rekonstruksje-artefakt. Oars as by de suver rekonstruearre talen, giet it wol om ferskynsels dy’t echt oerlevere binne. Allinnich is der net ien hânskrift of sels mar ien tekst dy’t folslein yn ‘Aldfrysk A’ skreaun is. Wol binne der teksten dy’t in soad fan sokke skaaimerken befetsje mei de ferzjes fan it Alde Skeltarjocht yn Unia en de 17 Kêsten yn H en E1 as útsjitters. Mar úteinlik moatte wy ‘Aldfrysk A’ byinoarfandelje út de hiele Aldfryske oerlevering. Aldfrysk A is in taal dy’t typologysk op deselde hichte stie as it 9e iuwske Aldsaksysk, it klassike Aldingelsk fan de 10e iuw en it Aldnoarsk fan de 13e en 14e iuw. Dêrby moatte wy ek betinke dat guon fan de ferskynsels, lykas de ynstrumintalis yn it Aldingelsk of ferskate leksikale foarbylden ek yn dy talen beheind binne ta guon argayske teksten of gênres, lykas de Aldnoarske Eddapoezije of de Aldingelske Beowulf.
Wannear’t sok Aldfrysk A noch de dominante taalfoarm wie (en net inkeld de reliktfoarm sa’t it oerlevere is), falt min út te meitsjen. Frysk wie in relatyf argayske taal, dat it kin skoan sa wêze dat de Friezen sels yn de 12e iuw noch like argaysk praten as de Yslanners, wylst doe it Ingelsk en Leechdútsk al folle moderner wiene. It probleem is dat wy net folle datearbere teksten hawwe. De Brokmerbrief is ien fan de bêst-datearre âldere teksten en is fan likernôch 1250. Alhoewol suver klassyk-Aldfrysk yn taal, sit der net al te folle ‘Aldfrysk A’-materiaal yn. Dat is opfallend. Dat soe betsjutte dat in typologysk min ofte mear konsekwint Aldfrysk-A dochs aardich âlder as de 13e iuw wêze moat. Hoefolle âlder, dêr falt op dit stuit neat konkreters oer te sizzen. Myn ‘ynformearre gok’ giet de kant fan de 11e iuw út.
Laat een reactie achter