Meslânzers – In reaksje op Jonkman
Nei oanlieding fan it útkommen fan it Meslânzer Woardeboek ferskynde der op frisistyk op 1 april fan ‘e hân fan Reitze Jonkman in skôging oer de oarsprong fan it Meslânzers, en foaral oer wat it wurdboek dêroer te melden hat. Hy hat it dêrby benammen op myn persoan foarsjoen, wat yn safier terjochte is dat de parten fan ‘e publikaasje dêr’t de kwestje, alhoewol net prominint, in rol spilet, fan myn hân binne.
Jonkman syn stik befettet opmerkings der’t ik myn hanteken sa wol ûnder sette wol. Lykas:
“De nije memmetaal fan de Meslânzers is fansels net ien-op-ien kopiearre en hat troch substraatwurking lienwurden en mooglik oare typysk Fryske eleminten yn him opnommen.”
Dat it Meslânzers net folslein kopiearre is, is bygelyks te sjen oan ‘e ferliking mei it Beemsters. Jonkman fynt dêr yndied in rychje wurden dy’t gelyk binne, mar as men de tekst – in moaie boarne oars! – ris opsiket, dan is der ek gâns dat yn it Meslânzers sa net foarkomt. Bygelyks al dy n-en dy’t as ng foar de hearen komme, as yn wangt foar ‘want’.
Dochs binne der yn syn stik ek passaazjes dy’t wol wat kommintaar fertsjinje. Jonkman syn wichtichste krityk liket ferpakt te sitten yn in trijetrepsraket opmerklik – opmerkliker – opmerklikst. No komme de basisfoarm en de superlatyf eins op itselde del, dat miskien rikt de raket wat minder fier as dat Jonkman tinkt. “Op it foarste plak is opmerklik dat hjir fan Nederlânsk (en net fan dialektaal Hollânsk) útgongen wurdt”, seit Jonkman. En yn in alinea fierderop:
“der moat by de analyze neffens it model fan Van Coetsem net (inkeld) fan Nederlânsk mar ek fan Hollânsk útgongen wurde. Troch it mei opsetsin noch altyd fêsthâlden oan it stânpunt om inkeld fan it Nederlânsk út te gean, wurdt it Hollânske elemint bewust skoudere (sjoch tabel 1) en dat hat wer in iensidige syngroane analyze fan gefolgen.”
Ik ha dus blykber dat hiele Hollânsk net neamd. Mar wat stiet der op side 10-11 fan de ynlieding fan it wurdboek?:
“Bovendien, ook al doet een woord Nederlands aan, dan nog hoeft het niet volledig gelijk te zijn aan het woord in het Standaardnederlands, bijvoorbeeld omdat de klinker enigszins afwijkt. Een oorzaak daarvan kan gelegen zijn in de sprekers die als richtpunt dienden. In het geval van het Meslânzers moeten we daarvoor waarschijnlijk in de eerste plaats denken aan ambtenaren uit het gewest Holland, maar die spraken ook niet allemaal keurig ABN, zeker niet in de 17e eeuw.”
Hjir wurdt dochs mei safolle wurden sein dat de oriïntaasje wie op Hollânske dialektsprekkers. Boppedat giet it net om it hjoeddeiske dialekt, mar om dat fan ‘e 17de iuw, in faktor dêr’t Jonkman, mei rjocht, ek nochal de klam op leit. Mooglik hat Jonkman finaal oer dizze passaazje hinne lêzen. Mar dan is it wol apart dat him de ferfolchsin net ûntkommen is as er seit:
“It wurdt blykber dreger foar de leksikograaf de Hollânske oarsprong te ûntrinnen as de foarm peard net Frysk (ros/hynder) of net Nederlânsk (paard) is, want dat “staat uiteindelijk toch nog weer dichter bij bijvoorbeeld het Noordhollandse peard uit het Westfries’ (s.11), klinkt it sunich…””
Der noch even fan ôfsjoen dat de ferliking net is mei ros of hynder mar mei Westers hòs en Aasters hos, dit hat neat mei sunich klinke út te stean; yn inbehanneling fan ‘e oarsprong fan it dialekt dy’t mar goed twa siden yn beslach nimt, mei ien sa’n foarbyld genôch wêze.
It komt faker foar dat Jonkman by syn lêzen wat liket te ûntkommen. Cor van Bree wurdt nammentlik ek gjin rjocht dien:
“Yn de toanoanjaande taalkundige literatuer fêstiget him lykwols it idee dat de Meslânzers net de sprutsen taal fan Hollân, it dialekt, mar de ‘Schriftsprache’ mei ‘Substratwirkung’ oernommen hienen: ‘In Midsland, dem Zentrum der Insel, stand eine Burg der holländischen Herrscher, und die Midsländer hätten die höher angesehene Sprache ihrer Herren übernommen.’ (neffens Knop, sa werjûn troch Cor van Bree yn it Handbuch des Friesischen 2001: 134-135). Hjir komt it anagronistyske misbegryp wer nei foaren dat dy Hollanners yn dy tiid al Standertnederlânsk (‘Schriftsprache’) praat hawwe soenen.”
Mar dat komt út dit sitaat hielendal net nei foaren, der stiet nearne dat dy “holländische Herrscher” standertnederlânsk praten. Ik tink dat Jonkman hjir earder reagearret op in passaazje op side 134 fan datselde artikel yn it Handbuch:
” … dasz auch die mit dem Stadtfriesischen verwandten Dialekte von Midsland, Ameland und Kollum durch friesische Substratwirkung auf das (Nord-)Holländische mit der hinzukommenden Schriftsprache entstanden sind”.
Hjir wurdt dus, oars as wat Jonkman seit, de taal fan (Noard-)Hollân wol deeglik neamd. Wat dan de rol fan de “Schriftsprache” yn dit sitaat krekt is, dat is miskien foar mear ynterpretaasjes fetber, mar yn alle gefal net dat dy Skylgers tenei dêr inkeld mar op oergien binne. Nei alle gedachten sil hjir bedoeld wêze dat it Hollânsk like op ‘e skreaune taal dy’t de Skylgers ûnder eagen krigen, bygelyks de bibel, en dat sil bydroegen ha oan it prestiizje fan ‘e nije taal.
Werom nei de twatrepsraket, nei de komparatyf fan opmerklik. Jonkman ferwyt my dat ik net konsekwint bin mei de term mingdialekt, omdat ik yn in eardere groepspublikaasje it wurd kontaktfariëteit foar kar naam ha. Dêr hat er gelyk yn, mar men sit yn in kollektyf en dan wol men de beroerdste ek net wêze. Jonkman hie my doe mei dat lange wurd ek itselde ferwyt meitsje kind, omdat ik earder “mingdialekt” brûkte. Je kinne dus ek sizze dat ik de ynkonsekwintens wer ynruile haw. Ik fiel my wol lekker mei dat wurd, want it beskriuwt behindich wêr’t it nei ferwiist. As it in mingdialekt is, wêrom soene we it dan net sa neame?
Fan myn kant haw ik dan wer beswier tsjin Jonkman syn term pidgin yn syn oanhelling “De ûnderlizzende stelling is mei safolle wurden dat der in nije, op himselssteande fariëteit as in synteze ta stân kaam, in ‘pidgin’, dy’t letter memmetaal waard.” In pidgin bestiet út wol hiel primitive taalbousels, en dêr sil hjir gjin kâns op west ha omdat de Skylgers har Hollânske foarbylden grif ferstien hawwe. As foarbyld fan dy synteze brûkt er ferlytsingswurden. No liket it Meslânzer diminutyfsysteem wol hiel bot op dat fan it Frysk, en ek op dat fan it Westers en it Aasters (al sit de foarm –tsje dan wat tusken Aasters –tje en Westers –tse yn). Dat, it leit yn ‘e reden om oan te nimmen dat it stelsel fan ferlytsingsfoarmen troch substraatwurking oernaam is yn it Meslânzers. Neffens Jonkman is dat net sa, it “rint dêrom stomp, om’t ferlytsingswurden mei -ke al yn it Noard-Hollânsk foarkamen.” En dat lêste is wier goed mooglik. Plaatsman set yn syn magnum opus Tessels. Taal over zee (2021) op side 627-628 de ferlytsingsútgongen fan fjouwer Noardhollânske dialekten op in rychje. Wieringen en Opperdoes binne dêr idintyk oan it Frysk, mar it Tessels en Westfries perfoarst net. Mar, dit is de hjoeddeiske tastân. Plaatsman nimt oan dat –ke yndied ek âlder Tessels wie, mar dat moat yn ‘e 18de iuw al oan it ferskowen west hawwe, sadat it ferfongen waard troch –tje en –pie. “Het kan ook zo zijn dat het Tessels en het Westfries deze vormen gelijktijdig uit het Hollands overnamen”, sa skriuwt er op side 630. Dêrmei komt er sa sydlings wol op in potinsjeel probleem. It gewest Hollân wie fansels in grut gebiet, dat talich ek net ienfoarmich wie, en dat, sa moatte wy yn dit gefal begripe, yn it suden dat –ke al folle earder ferlern hie. Dogge jo in berop op Fryskeftige foarmen út it Hollânsk, dan sille jo der faker as ien kear fan út gean moatte dat de foarbyldsprekkers út ‘e kop fan Noard-Hollân kamen, en net bygelyks út Dordrecht. As jo dêrfoaroer by “Fryske” foarmen útgeane fan substraatwurking, dan ha jo dat geografyske probleem net.
Mar Jonkman jout der dus de foarkar oan om by gelikense diminutyffoarmen de ynfloed fan ‘e doeltaal (Hollânsk) de foarkar te jaan boppe de ynfloed fan ‘e boarnetaal (Frysk). En net allinnich by ferlytsingsfoarmen, dit liket, te sjen oan ‘e foarbylden yn syn ien nei lêste alinea, by him in algemien patroan. Ik kin dan as Frysk sjovinist wol roppe fan “substraatwurking!”, en ik kin miskien ek wol sizze dat besteande kennis giet foar nije kennis, mar úteinliks liket my dizze wedstriid om gelikense foarmen yn in lykspul te einigjen, wat de treners dan miskien ek sizze sille oer oerwicht dit of kânsen dat.
Wichtiger binne dêrom de fenomenen dy’t wol dúdlik wize op substraatwurking. Jonkman erkent wol dat soks bestiet, mar hy makket der fierder gjin wurk fan. Noch sterker, hy hellet it foarbyld út ‘e ynlieding fan it wurdboek ûnderút mei it sizzen dat de sch– en de rûzer g– yn ‘e anlaut fan folle letter tiid binne, him dêrby beroppend op Winkler (1874). No kin ik by Winkler neat fine oer dy g-, mar sch– is yn syn transkripsje yndied sk-. En dus kinne dy rûzjende anlauten yn it Meslânzers by de taaloergong net meikommen wêze út it eardere Skylgers. Mar dan is it wol wat apart dat it Aasters en Westers hjoeddedei wol dy rûzers sjen litte. Knop, berne yn 1873, seit yn syn Spraakkunst der Terschellinger dialecten (1954) ek planút “Germ. sk, ofri. sk anl. tersch. sx” (s. 92) en “Germ. g is tersch. anl. als stemloze open velaar (gutturale spirans)” (s. 97). Stel dat Knop op syn tsiende in bytsje by syn taalbenul kaam is, dan soe er dochs hast wat fan in útspraak mei [sk-] en [ɡ-] fernommen hawwe moatte, soe men sizze.
It leit dêrom, leau ik, ek in bytsje oars. Staveringen mei sk– fine jo by Winkler net allinnich foar it Meslânzers, mar ek foar it Aasters en Westers. No is der foar it Westers in âldere boarne. Dat binne in stikmannich teksten fan J.S. Bakker (1802-1863), ûnder de titel Ds. J.S. Bakker en het Westerschellingers yn 1972 útjûn troch Tineke J. Steenmeijer-Wielinga, en it docht dêrút bliken dat Bakker konsekwint sch– staveret. Mar dan soe it Westers yn ‘e foarste helte fan ‘e 19de iuw sch– hân ha, dan even (in pear desennia?) sk-, en dêrnei op ‘en nij wer sch-? Dat soe dochs wol in bûtenwenstich senario wêze. It liket my dêrom wierskynliker dat Winkler dy yn Frysk perspektyf bûtenwenstige staveringen mei sch– yn ‘e Skylger oersettings fan syn ynformanten net fertroud hat, en se eigenhandich feroare hat yn sk-. Ik tink dus dat Skylge al hiel lang dy rûzers yn ‘e anlaut hân hat, langer teminsten as dat Jonkman oannimt. As ik gelyk haw, dan soe dat op in ienfâldige wize ferklearje wêrom oft it Meslânzers hjir rûzers yn ‘e anlaut hat, en de oare mingdialekten ploffers. By it oergean op ‘e oare taal binne se simpelwei út ‘e memmetaal meinommen. En sa binne der mear lûdferskynsels dy’t it Meslânzers unyk mei de oare Skylger dialekten mienskiplik hat, yn ferliking dan mei mei de mingdialekten op ‘e fêste wâl en it Frysk dêre. Mar dy sil Jonkman yn it boek grif ek al fûn hawwe.
Dit is ek de reden dat ik skreaun haw dy oergong spontaan en ongereguleerd wie. Jonkman makket dêr nochal wat wurk fan, mar dit hat wier net “te krijen (…) mei it ym- dan wol eksplisyt lizzen fan de ferbining mei de negative folksaardige beneamingen as ‘grienmank’, in ‘raar mengelmoesje’ en ‘geen vlees en geen vis’.” Jonkman begjint hjir in bytsje troch te draven, ik soe net witte hoe’t er dit hurd meitsje wol. Nee, de oantsjutting is inkeld bedoeld om oannimlik te meitsjen dat dy substraatwurking ek werklik in kâns hie. Hie der by it oanleren fan ‘e nije taal in kursuslieder oan it wurk west, dan hie dy dy ôfwikende klanken der grif út reage.
Ta beslút. Jonkman fettet nei myn smaak syn stik wol aardich gear yn dizze, al earder oanhelle, passaazje:
“Troch it mei opsetsin noch altyd fêsthâlden oan it stânpunt om inkeld fan it Nederlânsk út te gean, wurdt it Hollânske elemint bewust skoudere (…) en dat hat wer in iensidige syngroane analyze fan gefolgen”
Dy syngroane analyze, dêr hat er wol wat gelyk oan, en hy jout yn ‘e lêste alinea sels ek al de reden oan. Yndied, dat wurdboek jout yn it foarste plak in beskriuwing fan ‘e hjoeddeiske taal, en hat ek rekken te hâlden mei it referinsjeramt fan ‘e hjoeddeiske brûker. Likegoed, as de data ek oars brûkt wurde kinne, dan is dat allinnich mar moai. Mar dat skouderjen is hjirboppe no wol ûntkrêfte, tinkt my. Dat hat him inkeld mar yn Jonkman syn holle fêstset omdat er wat al te rûch oan it lêzen west hat. Of ha wy hjir te krijen mei in pôt dy’t in tsjettel wat ferwyt as er seit: “It MW (…) werhellet selektyf wat de (fer)âldere literatuer dêroer [ntl. oer de oarsprong(en) fan it Meslânzers, SD] te melden hie.”?
Laat een reactie achter