Nei oanlieding fan it ferskinen fan: Dyami Millarson, Beknopt woordenboek Nederlands-Hindeloopers. Hindeloopen 2024.
Op 22 septimber ferline jier wie ik op de Streektalekonferinsje fan de Taalunie yn Frjentsjer. Elk moast oan it begjin – nêst de namme – it dialekt dat hy fertjintwurdige op in kaartsje skriuwe. Ik wie dêr net foar it Frysk, dat ik keas foar it Leewarders en skreau yn it algemien ‘Stedsk’ op. ‘Dus it Hylpersk’, sei in oare dielnimmer dy’t dat stean seach. Ik hie dus eins ‘Stads’ opskriuwe moatten, betocht ik my doe, mar it brocht my fuortdaliks ek ien fan myn stellingen by myn proefskrift oer it Leewarders yn gedachten: ‘6. De iennichste taalfariëteit dy’t yn de hjoeddeiske, taalkundige betsjutting Stedfrysk neamd wurde mei, is it Hylpersk.’ De oare eigen dialekten yn de Fryske stêden binne ommers (fan oarsprong) Hollânske dialekten.
It Hypersk it oerbleaune, echte Frysk
It Hylpersk is dêrmei in spesjaal gefal, en dat hat it ek al hiel lang west. Yn de santjinde iuw waard it sels noch as it iennichst oerbleaune Frysk sjoen. It sterk ôfwikende (Let-)Aldfrysk fan de wetten en oarkonden fan de midsiuwen wie yn de iermoderne tiid troch ynslûpsels tichter by it Nederdútsk kommen te stean. Tagelyk waard troch de ûntfrysking fan de stêden de taal fan it plattelân as boeretaal sjoen. Dy tongslach makke (mei de taal fan de Fryske stêden) diel út fan de nije taal fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, doe’t elke provinsje yn kontemporêne eagen in eigen soarte fan ‘Nederduitsch’ prate. Tony Feitsma hat dêr mei ‘Gysbert Japiks tusken Frysk en Nederlônsk’ yn Us Wurk (1967: 1-21) en Tussen volkstaal en schrijftaal (har ynaugurele rede oan de VU yn 1978) hiel nijsgjirrige bydragen oer yn it ljocht jûn: ‘Net ollinne yn de steatkunde is Fryslôn un pat fon Nederlôn, ek yn de yndieling en klasjerring fon ut frysk fernimme wy de nije nederlônske ienheid.’ Feitsma wiist dêr op de omskriuwing fan it Frysk troch Gysbert Japicx:
„to eere fen uwz friessche tonge“. Oan de “Nauw-keurigen Needer-lander” leit Gysbert Japiks út, hû’t ur, útgeande fon de stavering fon ut nederlônsk, de spesyfyk fryske lûden skriuwt. Hy wól yn de stavering de útspraak sekuer en mei bekende tekens werjaan, en him sa meitsje, “dat se een letter-kundigen on-Frieze zal konnen lezen”. De fwarfaars, “de oude Friezen”, brûkten un oare stavering os Gysbert; dy havve “eertijds, gelijck alle Nêerlandsche Provincien, wat ruwelijck ende wanschickelijck in ’t stellen der letteren vervallen geweest”. [Myn fetprint, RJ]
(Feitsma 1967: 4)
Hoe kin dat no? It Frysk ûnderdiel fan it doetiidske Nederlânsk, it ‘Nederduitsch’? Dat beart as skuorde klokken! Dy yndieling as dialekt hat út te stean mei de kontemporêne fyzje op ‘De fwarfaars, “de oude Friezen’ dy’t wat ‘ruwelijck ende wanschickelijck in ’t stellen der letteren vervallen geweest’, mar net inkeld de stavering doogde foar de minsken yn de santjinde iuw net. Dy negative ideeën oer de eigentydkse taal kamen fuort út harren renêssânsefyzje op de suvere taal út de eardere tiid; de eigentydske taal waard ôfmetten oan it grutte foarbyld fan it Latyn, de regelmjittige skriuwtaal mei allerhanne namfallen; de folkstaal moast neffens it standertmodel fan de klassike taal op ’e nij opboud wurde. Ut de taalskiednis fan de besteande dialekten fan alle provinsjes koe materiaal helle wurde om de nije taal stal te jaan, en dêr komt it Hylpersk op it aljemint.
It idee dat it Frysk as in op himsels steande taal weiwurden wie (en noch inkeld yn it Hylpersk bestie) en no in ‘Friessche tonge’ wurden fan it Nederdútsk, wie in frij algemiene gedachte, dy’t fier rikte. In Ingelskman Sir Simonds D’Ewes (1602–1650) skreau dit dêroer (yn oersetting):
Wy Nederlanners prate ferskillende dialekten neffens de ferskillende provinsjes op sa ’n wize lykwols dat se inoar sûnder muoite begripe kinne (útsein in pear wurden by mear of minder minsken yn gebrûk, en bepaalde wurden dy ’t inkeld bekend binne by mar in pear minsken en soms mar by ien, mar ûnbekend by oaren), it Fryske dialekt ferskilt dus net folle fan it Hollânsk, mear fan de Brabânske en Flaamske dialekten; yn Fryslân bestiet lykwols op in pear plakken in âld, ôfhandich dialekt dat sels de buorlju en de oare Friezen net begripe; it liket op de teksten dy’t yn de bibleteken opburgen binne [d.w.s. de Aldfryske wetsteksten, RJ].
(Sir Simonds D’Ewes 1602–1650)
Ek de bekende Nederlânske taalkundige Lambert Ten Kate (1674-1731) makke deselde yndieling fan de taalsituaasje yn syn Aenleiding tot de kennisse van het verhevene deel der Nederduitsche sprake.
Dog nu, met deze vereeniging, en met den band van eenerlei Staet-belang, en gedurigen Koophandel, is de Hollandse tael aldaer als eigen geworden, uitgenomen, als gezegt, op ’t platte land, voornaemlijk na de Zuider Zee kant toe, [myn fetprint, RJ] (gelijk ook in ’t Nedermunsterse Saderland bij Oost-Friesland gelegen), onderhoud de Boer nog het Oud-Friesch, hoewel dat van het Regt-oude eenigerwijze verloopen is; want de oude Friese wetten trekken meer na ’t Angelsaxisch.
(Ten Kate 1723 dl I: 49-50)
It Hylpersk yn it isolemint
Mar hoe kin it no dat it Hylpersk sa bewarre bleaun is, mei foarmen dy’t ek yn it âldere Frysk – yn de eagen fan de doetydkse minsken it ‘echte’ Frysk – foarkamen? Ien diel fan it antwurd is dat Hylpen yn de iermodere tiid yn in sosjaal-geografysk isolemint fan it achterlizzende Fryske plattelân lei; it Hylpersk die net mei oan de taalkundige feroaringen dy’t sûnt de santjinde iuw yn it fierdere Fryslân ta stân kamen. It oare diel fan it antwurd is dat dit stedsje ek troch de Sudersee yn it isolemint lei fan de oare, Hollânske, kant. Der hat him hjir gjin ‘ymport’ fêstige dy’t syn eigen dialekt binnenbrocht, lykas wy yn de foarige ôfleveringen mei it Meslânzers en it Biltsk sjoen hawwe. It sosjale netwurk fan de stêd bleau Frysk. Hylpen wie gjin fêstigingsplak foar Hollanners. Hylpen hie nammentlik sels gjin haven; de skippen leinen foar de kust sadat it net maklike tagonklik wie. Fia oare, Hollânske stêden as Amsterdam en Saandam wie der troch Hylpers hannel mei Skandinaavje. De Hylper kapteins wienen yn tsjinst fan Amsterdamske reders en keaplju. Sy gongen der dus krekt op út, mar namen de taal fan bûtenút net mei nei hûs. Inkeld soe der wiisd wurde kinne op in lichte Hollânske beynfloeding yn lûden as [I:] as yn ‘bread’ (d.i. gjin twalûd as yn it Fryske ‘brea’ [Iə]) en [o:] as yn ‘smôrch’ (d.i. gjin twalûd as yn it Fryske ‘smoar’ [oə]) (sjoch Versloot 2012: 142).
Wat binne dan dy ferskillen tusken it Hylpersk en it Nijfrysk?
Hylper Frysk (âlder Frysk) | Yn it Nijfrysk (feroare) |
<aa> ‘haa’ en <ae> ‘slaet’ | <ea> ‘hea’ en ‘sleat’ |
<ea> ‘bread’ [I: | (ea> ‘brea’ |
<a> kat [ɑ] | <a> kat [ɔ] |
<ee> ‘hee’ | <ie> ‘hie’ |
<oo> ‘book’ | <oe> ‘boek’ |
<ii> ‘nii’ | <ij> ‘nij’ |
<l> ‘aald’ | <0> ‘âld’ |
<d> ‘laand’ | <0> ‘lân’ |
<n> swieren | <0> ‘swiere’ |
<k> ‘meikje’ | <tsj> ‘meitsje’ |
<tj> ‘tjian’ | <tsj> ‘tsjin’ |
<ô> ‘smôrch’ [o:] gjin brekking] | <oa> ‘smoarch’ [va] (brekking] |
‘jo’ (iental) / jé (meartal) | ‘hja’ / ‘sy’ |
Jer, jerm | ‘har’, ‘harren’ |
jitte | ‘noch |
‘haad’ | ‘holle’ |
‘naat’ | ‘net’ |
‘het’ | ‘wat’ |
‘een’ | ‘ien’ |
‘twa’ | ‘twa’ |
‘trê’ | ‘trije’ |
‘fouwer’ | ‘fjouwer’ |
‘fiiuw’ | ‘fiif’ |
‘seks’ | ‘seis’ |
‘saan’ | ‘sân’ |
‘acht’ | ‘acht’ |
‘nougen’ | ‘njoggen’ |
‘tên’ | ‘tsien’ |
Der binne lykwols ek in pear feroaringen dy’t it ‘gewoane’ Frysk krekt net meimakke hat. Sa falt de ch [x] yn it Hylpersk konsekwint fuort yn wurden as dôter ‘dochter’ en naet ‘nacht’. Wy kenne dat ferskynsel wol yn wurden lyklas yn de persoansfoarmen fan sjen en dwaan; ik sjo(ch), do sjo(ch)st … en ik do(ch), do do(ch)st, ensfh.
De boppeneamde ferkillen binne ek te sjen yn de faak oanhelle tekst: De ferlerne soan.
Hylpersk (Johan Winkler) | Nijfrysk (Wumkes yn nije stavering) |
11. En hy see: immen hee twa soanen. 12. De jûngste fan jerm see tjian syn fear: Fear, jou my it deal fan ús fermoagen, dat my tókómt. En hy ferdealde it besit ûnder jerm. 13. En naat fúle dêgen letter mekke de jûngste soan alles tó jèald en geeng op reis nei in fier laand, wur’t er syn fermoagen fergreemde yn in libben fan oerdaed. 14. Dê’t hy der alles tróchbrôt hee, kôm der in swieren hûngersnoad oer dot laand en hy begôn gebrek te liien. 15. En hy geeng der op út en twaing him op oen een fan ‘e burgers fan dot laand en dy stierde him it fèald yn óm syn bargen te hoedjen. | 11.En hy sei: In man earne hie twa soannen. 12.En de jongste sei tsjin syn heit: Heit jou my it diel fan it goed, dat my takomt. En hy dielde harren it goed. 13.En net folle dagen dêrnei makke de jongste soan alles oan jild en teach fuort nei in fier lân en dêr brocht er al syn goed yn in weelderich libben dertroch. 14.En doe’t er alles ferdien hie, kaam der in swiere hongers need yn dat lân, en hy begûn it krap te krijen. 15.Doe gyng er hinne en slagge oan wurk by ien fan de boargers fan dat lân, en dy stjoerde him nei syn lân om de bargen te weidzjen. |
It Hylpersk op ’e nij yn it isolemint?
In opmerklike taheakke (en krityk) op it al besteande wurdboek fan Blom en Dyk is it nije behindige wurdboek fan Dyami Millarson*, op 29 april yn Hylpen oanbean. Dy wykt net allinnich ôf fan de wenstige stavering dy’t ek yn it wurdboek fan 2019 te finen is, dat wurdboekje is mei syn lytse oplage ek slim te besetten. It iennige dat ik der oan no ta fan sjoen ha is in foto fan side 215 (mei dêrop it trefwurd ‘taalambassadeur’: 1. Spraikbóóde 2. spraikbóódskipper). Dat liket allegear botte ûnhandich dien, mar dat is mei sin. Yn in manifest op syn Ingelstalich webstek leit Millarson dat út.
De Hylper Friezen hawwe har eigen unyk perspektyf op harren taal, dat sil hjir fierder besprutsen wurde. De wêzentlike saken oangeande dat perspektyf fan it Hylper Frysk binne dat it Hylper Frysk blykber âld is, it Hylper Frysk autentyk stavere is en it Hylper Frysk in selsstannige taal is. De offisjele Operation X-stavering fan it Hylper Frysk, sa’t te sjen is yn publikaasjes op it Operaasje X-blog, is de van der Kooy-stavering. (…) Operation X docht ûndersyk yn Hylpen troch mei de mienskip op te arbeidzjen en by it ûndersyk safolle mooglik goedkarring en tastimming fan de mienskip te sykjen. Doel is om it ûndersyk nei it Hylper Frysk te dekolonisearjen sadat foaroardielen fuorthelle wurde en eigen perspektiven ûndersocht wurde. [Myn oersetting en fetprint, RJ]
Om boppesteande ferklearring goed te begripen moat men dy neffens my pleatse yn it ramt fan it hjoeddeiske (Amerikaanske) wokisme. It ‘Hielepes’, de eigen beneaming fan de taal, is ûnder oaren troch de op it Frysk basearre stavering yn in Frysk tinkramt twongen en moat dêr út befrijd, dekolonisearre wurde. It bekend meitsjen fan dat Hylper perspektyf sjocht Millarson as ‘spraikbóódskipper’ as syn missy, want it Hylpersk is lykas it Yslânsk in tige argayske taal dy’t de lêste iuwen min ofte mear deselde bleaun is. Dêrom moat it autentike Hylpers lykas dat út de santjinde iuw troch – nei alle gedachten – Johannes Hilarides oerlevere is ek yn dy skriuwwize fuortset wurde, want neffens Millarsion hat dy tekst in hast mytyske status foar de Hylpers, en dy ûnderfining moat respektearre wurde. De moderne Fryske stavering fan it Graet Hylper Wordebook wurdt troch him mei de omskriuwing fan ‘Shire Frisian’** oantsjut. Dat is neffens de auteur de oersetting nei de Ingelske kontekst [tink oan Yorkshire] fan ‘Geafrysk’. Oan syn útlis te sjen, soe it earder ‘Goafrysk’ [tink oan Easter- en Westergoa] wêze moatte, want hy ferwiist mei safolle wurden nei de twa eardere lânsgemeenten dêr’t it (Standert)Frysk út foarme wurden is: it Klaai- en Wâldfrysk. Oare dialekten lykas it Súdwesthoeksk, mar ek de lytse Fryske dialekten binne dêrby bûtensletten, en dat is net ynklusyf. Dêrom moat de eigen identiteit neffens Millarson sa dúdlik mooglik profilearre wurde mei in eigen, oarspronklike stavering. It docht mysels tinken oan it njoggentjinde-iuwske idee fan Harmen Sytstra (1817-1862) syn eigensinnige en mytyske Iduna-stavering om alle Frysk yn de stavering fan de Aldfryske wetten te skriuwen. Mei dy ynstelling komt it Hylpersk op ’e nij yn it isolemint.
*Troch dyselde Dyami Millarson soe oars it Hylpers yn 2019 wol as selstannige taal erkend wêze troch Glottolog, de online databank fan it Max Planck Instituut yn it Dútske Jena (Duitsland): “Language: Hindeloopen-Molkwerum Frisian” mei as taalkoade: “hind1273”.
**Mei tank oan Tom Johnston en Jelle Krol oangeande it begryp ‘shire’.
Boarnen
Gosse Blom en Siebren Dyk, Graet Hylper Wordebook. Ljouwert 2019, ben. side 12-14 en 73.
Sir Simonds D’Ewes (1602–1650).’ In: S. D. Hall T.N. (ed.), Anglo-Saxon Books and Their Readers: Essays in Celebration of Helmut Gneuss’s ‘Handlist of Anglo-Saxon Manuscripts’. Stanford 2008: 136-174.
A.Feitsma, Tussen volkstaal en schrijftaal; meningen van filologen over het fries. Ljouwert/Leeuwarden 1978.
Fryslân. Historisch tijsschrift. Een Hindelooper zeereis. 22, 1 (2016).
K. F. Gildemacher e.o, Hindeloopen stad van levende herinneringen. Leeuwarden 2012.
Bouke Slofstra zegt
Ik ferbyldzje my al in spandoek mei de tekst “orthography = colonisation”.
Yn it ferneamde wurdboek fan Waling Dykstra wiene in soad pleatslike net-standert-farianten te finen, bygelyks de Skiermûntseager foarmen. Tsjintwurdich wurdt it “eilounders” by de pleatslike VVV as in folslein ‘eigen’ stikje kultureel erfgoed kultivearre. Waling en de VVV hawwe allebeide gelyk, fansels. Talen binne gauris ‘fan harsels’ en in part fan in grutter gehiel. Dat is gjin nijs. It hat mei kolonisaasje net folle te dwaan.
En soe in nederlânske stavering fan it Hylpers miskien minder koloniaal wêze as in fryskenien?
Mear yn it algemien liket it my ta dat taalkundige arguminten mear ta de saak dogge as politike.
Wêrom soene je net yn it foarste plak nei de fonology fan in taal of dialekt sjen? De stavering “beam” yn it ‘standert’-frysk is gjin foarbyld fan distânsjearring. Wy ha hjir in foneem by de ein dat yn it nederlânsk net foarkomt. It lûd fan nl. “beer” liket der wol wat op, mar elk begrypt dat in stavering “beem” foar it frysk net wurket. It lûd fan “beer” is in allofoan, mar it lûd fan “bear” (en “beam”) net.
anske smit zegt
Het perspectief van de Hielpers min of meer af te doen als woke is een gedurfde stelling. Die stelling is niet houdbaar. Het is meer een kwestie van: “Iek wol naet yn oarmans tael skriuwe” Van identiteit, dus!