• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Fakatuere: promovendus taalkunde Fryske Akademy & UvA

8 oktober 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op dit stuit is de Fryske Akademy yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam (UvA) op syk nei in promovendus.

It giet om in foltiidske promovendus-oanstelling (38 oeren wyks) foar 4 jier. Reagearje kin oant 21 oktober 2024, sjoch de webside fan de Fryske Akademy foar mear ynformaasje.

Funksje-omskriuwing

De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam ien promoasjeplak foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ast op syk bist nei in nijsgjirrich wurkplak dêr’tst selsstannich ûndersyk dwaan kinst en dêr’t belangstelling foar de Fryske taal ferbûn wurdt mei eigentiidsk ûndersyk oan ien fan de Europese topuniversiteiten op it mêd fan taalwittenskip, dan biede wy no in unike mooglikheid. Troch de gearwurking tusken Fryske Akademy en Universiteit van Amsterdam krijst tagong ta in sterke, ynternasjonale ûndersyksomjouwing en tagelyk ta spesjalistyske kennis oer Fryslân en de Fryske taal.

Do skriuwst yn fjouwer jier in proefskrift oer it tema ‘Tense, Mood and Aspect in Verbal Morphology of Old Frisian’. Dit ûndersyk is part fan it projekt ‘The Roots of Old West Frisian’ en leveret ek in bydrage oan de opbou fan de Taaldatabank. De projektbeskriuwing is taheakke by de advertinsjetekst op de webside fan de Fryske Akademy.

Foar de útfiering fan it ûndersyksprojekt binne wy op syk nei kandidaten mei in eftergrûn yn of dúdlike affiniteit mei de taalkunde, benammen morfology en syntaxis en mei each foar histoaryske/diagroane aspekten. In oantoanbere affiniteit mei it Frysk en/of bestudearring fan de Fryske taal strekt ta oanbefelling.

Funksje-easken

  • in mastertitel mei treflike sifers yn in oanbelangjend fakgebiet;
  • fereaske talekennis: Ingelsk (dominante taal fan publikaasjes) en de reewilligens om op koarte termyn funksjonearje te kinnen yn in omjouwing dêr’t Frysk en
    Nederlânsk as fiertaal brûkt wurde; foar de bestudearring fan de âldere fakliteratuer is passive kennis fan it Dútsk nedich;
  • treflike akademyske skriftlike en mûnlinge feardichheden;
  • goede sosjale en organisatoaryske feardichheden;
  • grutte belangstelling foar in wittenskiplike karriêre.

Ynljochtingen

Foar mear ynformaasje sjoch de advertinsjetekst op de webside fan de Fryske Akademy.

Stânplak

De promovendus komt foar in part by de Fryske Akademy yn Ljouwert en in part by de Universiteit van Amsterdam te wurkjen. Yn oerlis en mei each foar dyn persoanlike omstannichheden sil dat oer dy fjouwer jier tusken de 40 en 60% yn Ljouwert of Amsterdam wêze. De promoasje is oan de Universiteit van Amsterdam.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: aldfrysk, fakatuere, Fryske Akademy, taalkunde, Universiteit van Amsterdam

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

moderne maaie • André Looijenga

mêsten koperglânzgjend
meitsje har út pannedakken, beammen
los, glide beret efter de flatsjes
hinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêd
skûtsjes stome de stêd wer út
de ûnsichtb’re Greuns, de marren op

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân

23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân

16 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

16 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis

21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis

2 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
17 maaie 2025: Grûnfestival – iepening Arcadia

17 maaie 2025: Grûnfestival – iepening Arcadia

25 april 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
17 maaie 2025: Muzyk en poëzy yn Koarnjum

17 maaie 2025: Muzyk en poëzy yn Koarnjum

12 april 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d