Boekbesprek fan: Harrie Scholtmeijer, Waar onze taal weg komt | Een korte geschiedenis van het dialect in Overijssel. Wbooks 2024. Paperback – ISBN 9789462586260 – 19,95 euro
Al earder dit jier is der in aardich keapsjoch boek (klik op de titel hjirboppe; leesfragment) ferskynd oer in dielgebiet fan it Nedersaksysk, nammentlik oer it dialekt yn Oerisel. It slút geografysk en ynhâldlik moai oan op myn kollum fan foarige kear oer it Gitersk (II), it migraasjedialekt út dy provinsje dat yn Fryslân yn de stripe benammen boppe it eardere Skoatterlân praat waard, ûnder oare yn Tsjalbert (sjoch foarkant fan dit boek boppe de N fan ONZE). Harrie Scholtmeijer, dialektolooch by de Overijsselacademie yn Swolle, hat yn dit ryk yllustrearre boek mei in flotte pinne dialektologysk koart en linich de histoaryske ûntjouwing fan it Oeriselske Nedersaksysk hast letterlik yn kaart brocht; elk haadstik begjint mei in histoaryske kaart (mar ek op de foarkant en yn de haadstikken sels) dêr’t faak ek de dialektferdieling op oanjûn is. Yn myn besprek fan dit boek sil ik benammen de grutte line yn syn ferhaal bylâns gean. Op ‘e ein pleats ik noch in pear kanttekeningen by Scholtmeijer syn relaas.
Ynlieding
De dialekten fan Oerisel binne rûchwei yn te dielen yn trije haadgroepen: Noardwesthoeksk, Sallânsk en Twintsk. In opfallend skaaimerk fan de lêste twa is dat it saneamde ienheidsmeartal, bygelyks (wiej) loopt tsjinoer (wiej) loopm fan de earste groep. Fierders brûkt it Twintsk de <oe> yn wurden as hoes, wylst de sprekkers fan de oare twa dêr huus sizze. Dy dialekten slute bûten de grinzen fan de provinsje oan by nei-inoar it Stellingwerfsk, it Drintsk en it Achterhoeksk (haadstik 1).
Yn de trije neikommende haadstikken wurdt de bredere kontekst fan it Nedersaksysk útinoar set yn in net-gronologyske folchoarder fan Nedersaksysk (h.2), Proto-Yndo-Europeesk (PYE) (h. 3) en dan Germaansk (h.4). By it Nedersaksysk wurdt benammen stilstien by it histoaryske dialektologyske wurk fan ûndersikers as Joast Halbertsma en Van Ginneken yn kontrast mei de modernere taalkundigen Daan en Heeringa, Wieling en Nerbonne. Sintraal yn de diskusje stiet de haadyndieling yn Frysk, Frankysk en Saksysk. Van Ginneken sines wykt wat it Frysk oangiet nochal ôf fan it tsjintwurdige byld, omdat er Noard-Hollân yn 1917 (sjoch s.16-17) noch by it Fryske taalgebiet lûkt! De nammen waarden doe noch mei de âlde stamgroepen ferbûn (Halbertsma 1846), dêr’t healwei de tweintichste iuw in oare fyzje op ûntstie.** Daan makke yn 1969 in skieding tusken Hollân en Fryslân op basis fan wiidweidich empirysk ûndersyk. It Saksyske gebiet lit op in grut tal punten dialektologyske oerienkomsten sjen as wurdfoarming (bgl. ynfinityf loopm), wurdskat (bgl. wegkomen), sinsbou (de griene sinsfolchoarder bgl. komen kan) en taalgebrûk (oanspraak mei 3de pers.: Wil de meester ook koffie?). De Fries sil oars fuort guon fan de oerienkomsten mei it Frysk sjen.
It bekende ferhaal fan it mienskiplike komôf fan it Proto-Yndo-Europeesk (h.3) giet foarôf oan it Germaansk (h.4), dat ‘rond het jaar 0’ [sic!] noch net útinoar fallen wie yn de talen dy’t wy no kenne. Dy opdieling fan it PYE yn selsstannige talen komt troch in kombinaasje fan migraasje en ynterne taalkundige ûntjouwingen. It Germaansk isolearre him nammentlik fan de oare groepen en krige in eigen ûntjouwing: bgl. de p, t, en k feroaren respektyflik yn f (schlafen), s (wasser) en ch (machen). Guon skaaimerken feroaren lykwols net by alle Germaanske talen en waarden dêrtroch krekt ûnderskiedend, bgl it Nederlânsk (sj. slapen, water en maken) ferlike mei it Dútsk.
‘Frysk’ substraat
Dy taalkundige feroaringen komme by ‘Friezen en Franken’ (h.5) yn ferliking mei de Saksen werom mei it each op de eigen posysje fan it (Neder)Saksysk. Yn it hjoeddeiske Nederaksyske gebiet soe dêr – ôfgeand op de earste oerlevering (882) fan de doetiidske namme foar Frysk Frisiaca Lingua (foar de taal fan Dimter) – yn de njoggende iuw ‘Frysk’ praat wêze: ‘de afstand tot de taal was zo gering dat de tijdgenoten die taal als Fries konden aanduiden’ (s.45). Nettsjinsteande dat lytse ferskil wurdt dat ‘Frysk’ lykwols wol wer opfierd yn de ‘meartalige’ taalsituaasje fan Dimter (‘Babel aan de IJssel’, s.42). In skerpe opdieling fan it dialektale kontinuüm tusken beide soarten Germaans yn twa ûnderskate talen hat dan nei alle gedachten noch net west (Jonkman en Versloot 2018: 37), mar neffens Scholtmeijer soe der dochs wol sprake fan ‘Saksysk’ wêze kinne: Frankyske ynfloeden (‘Invloed van het zuiden’) hienen foar in ‘mengtaal’ soarge, boppedat is yn dat omfoarme Frankysk in ‘Fryske’ ûnderlaach (yn faktaal ‘substraat’) opnommen. Fierder hâldt Scholtmeijer foar de beneaming fan de kontemporêne taal dêre it oars terjochte – fanwegen dy ‘geringe afstand’ – op it neutralere ‘Noordtaal’ oftewol ‘Noordzeegermaans’ (bgl. ‘Tsj’ tsjerke). Eastlik fan dy kusttaal wurdt dan ‘Binnengermaans’ (‘k’ kerk en karke) brûkt.
Ynfloeden fan dat Binnengermaans binne der letter fan ‘De Westfaalse expansie’ (‘Invloed uit het oosten’) (h.6) [sj. ek Heeroma 1953] oan te wizen, bygelyks oan de hân fan de sprieding fan it wurd geetlink foar (k)lyster [merel]. Troch it ûntstean fan de Sudersee om sa’n 1200 hinne en de dêrtroch bettere ôfwettering fan it lân wie it westlike part fan Oerisel better te bewenjen en lokke migraasje út it eastlike part en it oanbuorjende Westfalen út (in steatsgrins bestie dêr doe noch net). Kampen waard bygelyks kolonisearre troch Keulenaren dy’t foar de nije mooglikheden foar hannel oerkamen. Mei dy migraasje krijt de taal fan Oerisel (en de oare Nedersaksyske gebieten) nije taalkundige eleminten. Troch de tiid hinne binne oars ek wer ynfloeden weiwurden (mar yn it konservative dialekt fan Vriezenveen bewarre).
De dialektolooch Kloeke hat mei De Hollandsche expansie (h.7) noch in grutte taalkundige ‘invloed uit het westen’ wei fêststeld. Scholtmeijer sjocht religy as belangrike faktor foar it feit dat it westlike, protestantske part wol de Hollânske foarm huus oernommen hat en it eastlike, katolike part (Twinte) hoes fêstholden hat. It kin yndie bêst sa wêze dat dat in (diel fan de) ferklearring is; bygelyks op it Amelân bestiet binnen it Hollânske eilândialekt ferskil yn taalgebrûk tusken east en west dy’t werom giet op in religieus kontrast. It kinne fansels ek gewoan de yntinsivere kontakten mei Hollân troch bygelyks de hannel/migraasje fan it westlike part west hawwe; dat is min te sizzen.
Brek yn de renêssânse
De hieltyd fierdere fragmintaasje fan de gruttere taalfamyljes as Germaansk yn de talen dy’t wy no kenne, komt by it sluten fan de midsiuwen ta in ein as der in tsjinbeweging fan de standaardisaasje fan dy ûntstiene talen begjint. Earst soarget de boekprintkeunst der foar dat de printers sykje nei mear ienheid yn de skriuwtaal om in grutter publyk foar de ferkeap fan harren boeken. De fierdere standerdisaasje fan it Nederlânsk giet lykop mei de ienwurding fan de Lege Lannen yn de sechtjinde en santjinde iuw. Foar it Nedersaksysk komt dy eigen ienheidstaal der dan net, omdat kodifikaasje fan in taal in sintraal polityk machtsintrum mei prestiizje nedich hat en dat wie Amsterdam yn Hollân, it machtichste lânsdiel.
It hege oansjen fan in taal spilet ek de grutste rol by Het prestige van het Frans (h. 8) dat in soad wurden en begripen yn it dialekt achterlit: affeseren, astrant en akkerderen, frânsismen/gallisismen dy’t oars yn alle regionale taalgebrûk yn Nederlân te finen binne, ek yn it Frysk. Ik begryp oars net wêrom’t it Oeriselsk dat mear hawwe soe as de oaren, lykas Scholtmeijer ha wol.
Nei De onderwijshervorming van Thorbecke (h.9) wint de ynfloed fan it fuortsetûnderwiis op it dialekt oan. Nei’t it fak Nederlânsk op de HBS (1868) in feit wurden wie, waard de druk fan de standerttaal op it dialekt tanimmend in bedriging. Troch it ûntstean fan de kompleksere moderne yndustriële maatskippij waard it ferlet fan oplieding en it gebrûk fan in standerttaal aloan grutter. In bykommend ferskynsel is de trek fan it plattelân nei de stêd; de basis fan it plattelânsdialekt wurdt sa hieltyd fierder oantaast. Tagelyk ûnsteane der spesifike stedsdialekten dy’t net geografysk bepaald binne mar sosjologysk. De auteur hat dat maatskiplike proses moai beskreaun op side 81:
Het stadsdialect
De klasse die net onder die hoogopgeleide elite zit, en die zelf nog niet op school met het Nederlands heeft kennisgemaakt, neemt de taal van de elite over, in een poging erop te lijken – alweer de rol van het prestige. Maar dat lukt niet altijd, en in hun Nederlands klinkt nog altijd wat dialect door. De laag daaronder neemt de taal van de klasse daar vlak boven weer over, maar met alweer wat meer dialect. In de stad, waar de verschillende klassen bij elkaar komen, gaat dat transport van taal vrij gemakkelijk. Tot slot komt Nederlands dat het dialect kleurt. Stadsdialecten staan daardoor wat dichter bij het Nederlands dan de dialecten op het platteland.
Utering regionale identiteit
Dat nêst de faktor prestiizje ek solidariteit in rol spylje kin by it brûken fan de streektaal komt yn it lêste haadstik Een taalkundige aardverschuiving (h. 10) te praat. Op de stadige taalwiksel yn de stêd folget yn de twadde helte fan de tweintichste iuw in hiel rappe ferskowing op it plattelân troch geografyske en sosjale mobiliteit dy’t bygelyks ta it ferdwinen fan it dialekt fan it skoalplein late. It haadstik wurdt troch de dialektolooch ôfsletten mei it ynsetten fan de doarpstaal foar it uterjen fan de eigen identiteit; it dialekt hat ‘opgang gemaakt’ as kultuertaal foar bygelyks it sjongen mei as bekendste foarbyld de popgroep Normaal dy’t grut sukses hie mei ferskes (Höken) yn it Achterhoeks (ek al wurdt dy net neamd). Ek wurdt it fragmintarysk brûken fan in Oeriselske chunck, in pear wurden of in sin tusken it Nederlânsk troch, as in foarbyld foar it uterjen fan de eigen identitei neamd.
Dit populêr-wittenskilik wurk slút ôf mei in koarte beskriuwing fan ‘Literatuer & Bronnen’, yndield neffens haadstik.
Ofsluting
Mei Waar onze taal weg komt hat Harrie Scholtmeijer in treflike en lêzenswurdige skiednis fan it Oeriselsk skreaun. Yn in behindige en linige beskriuwing wit er de belangrykste ûntjouwingen yn it Nedersaksysk yn it algemien en it Oeriselsk yn it bysûnder binnen hûndert siden gear te fetsjen. Hy lit dat rinnende relaas boppedat net allinnich begeliede troch in grut tal kleurige (dialekt)kaarten mar ek troch in soad kaderkes dêr’t ferskillende histoaryske dialekten yn toand wurde. Sa is der bygelyks de bibeltekst fan De verloren zoon yn it Oldenzaals fan 1870 en 1996. Ek hat er taaleigenrubrykjes (los hebt, motorbolle, skuddekoppen, botterhorlozie) taheakke, bygelyks oer de skriuwer Tommy Wieringa [*Goor, 20 maaie 1967] oer Twintsk taalgebrûk yn ien fan syn romans. Hy wit syn histoarje faak te lardearjen mei persoanlike ûnderfiningen lykas dat er as Nederlânsktalige soan fan de haadmaster yn it Nedersaksykpratende doarp Veno (Vollenhove) it dialekt as twadde taal praten leard hat, yn in tiid dat de faktor solidariteit noch de belangrykste faktor foar it learen fan in twadde taal wie.
Troch de koartheid fan it ferhaal bliuwe lykwols bepaalde ideeën fan Scholtmeijer wat dizich, lykas it idee fan it ‘Frysk’ substraat en wêrom’t frânsismen mear yn it Oeriselsk opnommen wêze soenen as yn oare streektalen. Dy koartheid sil der faak ek mei anneks wêze dat yn it lêste ein fan haadstik 10 hielendal net rept wurdt oer de opkomst fan in Twintske taalbeweging as de Kreenk vuur de Twentse sproak (1975) en it oprjochtsjen fan Federatie van Streektaalorganisaties in het Nedersaksisch Taalgebied (SONT), in oerkoepeljende feriening dy’t opkomt foar erkenning fan de streektaal yn it Hânfest fan minderheidstalen, mar dat kin te (taal)sosjologysk wêze foar dizze fierder poerbêste dialektologyske skiednis fan it dialekt yn Oerisel.
*Mei tank oan Arjen Versloot foar syn oanfollingen oer it komôf fan it Frysk en it Saksysk.
**Ek dy fyzje is yntiid wer bysteld: de Friezen binne archeologysk en genetysk oan te wizen as ‘Saksyske’ migranten út Noard-Dútslan, dy’t as opfolgers fan de (âlde) Friezen út de Romeinske tiid ‘nije Friezen’ neamd wurde. De Franken nimme it fierhinne lege gebiet súdlik fan de Limes yn besit. De Saksen binne sitten bleaun. ( Û.o. Johan Nicolay e.a., ‘Hallum: ‘nieuwe Friezen’ in beeld.’ In: Annet Nieuwhof, Johan Nicolay en Jeroen Wiersma (red.) De geschiedenis van terpen- en wierdenland. Een verhaal in ontwikkeling. Groningen 2018: 149-172.)
Mear ynformaasje oer it Nedersaksysk is te finen op http://dd.fluksservices.com/nedersaksisch/
Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Fryslân, land van talen. Ljouwert 2018.
Laat een reactie achter