
Joech de maitiid folle wille,
Ek de winter is my djoer;
As ‘k dy sjoch, sa moai en krigel,
D’eagen fol fan heger fjoer.
Mei de faam der oer te waaien,
Wat in wille foar in Fries!
Binn’ de beammen keal en neaken –
Dat is: maitiid op it iis.
1881. Pieter Jelles Troelstra, út: It sie fan moarn, geselecteerde gedichten, 1999
Studintetiidsentimint!
Yn Leiden hawwe in soad minsken dat fers – miskien net lêzen mar wol sjoen.
It stiet op in muorreskildering op in hûs yn ‘e Weddesteeg, sa’n bytsje op it plak wêr’t Rembrandt hikke en tein is.
Omrop Fryslân hat der yn 2019 in stikje oan wijd: “Wat is it ferhaal efter it Fryske gedicht dat yn Leiden op in muorre stiet?”