
Wat hearre de wetten te wêzen? –
Hânwizers oan ’t paad, dy’t, ienfâldich en sljucht,
De mjitte en natoere fan plicht en fan rjucht
Us oanwize en jouwe te lêzen. –
Wat binne hjoeddeis soms de wetten? –
Dwaalljachten op ’t paad, dy’t, swietfierich en sêft,
De froede en onnoaz’le faak liede yn ‘e grêft,
Of weifiere yn strûpen en netten. –
Wat oft wol de wetten meast binne? –
Spinreagen, yn herren, oeribele fyn.
De michjes betiizje en ferhingje ‘er har yn;
Mar de holders – dy brekke ‘er trochhinne.
Ut: Samle dichtwurk fan Rein Baukes Windsma, Fryske Akademy, Ljouwert 1981
Laat een reactie achter