
Dy’t altyd yn myn libben wie, my it neiste,
myn taflecht fan ûneind’ge feiligens,
yn al wat wiksele de fêstichheid,
is no myn dochter waarn, is no myn bern.
Tin sulver wyndert om myn fingers hinne
en oer de leave lea, dy’t me earen droegen,
binn’ soarchsum no myn hannen gear; o, ’t lok
fan har betrouwend rêsten yn myn noed.
Ik hear har núnderjen: hiel âlde sankjes
út bernetiid, in libben lang ferhoalen
heine no ljocht – wêr wei? – huverjend fiel
ik ’t heimich taasten fan in oare wrâld.
Dizze eale tsjelk is fol, oerrinnend fol,
en eltse oere is tajefte, is geskink;
al tearder dwaan en tinzen om har hinne…
de hiele wrâld draach ‘k op ien fingers-ein.
Ut: De gouden rider, Dokkum, 1952
Laat een reactie achter