• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Nij taalkado foar âlden

10 april 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer


Bewardoaze
It Taalkado hat de foarm fan in boek. Dy fleurige en handige ferpakking kin letter brûkt wurde as bewardoaze foar oantinkens út de poppetiid. Yn it Taalkado sitte ûnder oaren: in fleurich kartonboekje mei rymkes foar poppen, in foarlêsboekje, in ferskewaaier, in sêfte slabber, kleure berte-flachjes mei in Fryske tekst en ynformaasje oer meartalich opfieden.

Der is in nij Taalkado. It Taalkado wurdt yn Fryslân útdield oan âlders dy’t yn in dielnimmende gemeente oanjefte dogge fan de berte fan harren poppe. Sûnt 2008 jout de provinsje Fryslân it bertegeskink al út. It projekt wurdt ek yn 2025 en 2026 op ’e nij útfierd troch de Afûk. It nije Taalkado sit wer fol mei aardige en edukative produkten, dy’t jonge bern en harren âlden op boartlike wize yn oanrekking bringe mei de Fryske taal en meartalich opfieden.

Bern yn Fryslân skriuwe harren libbensferhaal yn in meartalige provinsje en dat begjint al by de berte. De provinsje Fryslân sjocht dat taalferskaat as rykdom en as in kâns foar de ûntwikkeling fan bern. Dêrom biedt de provinsje Fryslân âlders fergees in bertepakket oan: it Taalkado, foar no en letter.

Ien fan de earste nije Taalkado’s waard persoanlik útrikt troch deputearre Eke Folkerts oan Pytrik & Wietse út Dronryp, dy’t krekt harren twadde berntsje Jilles krigen hawwe. Deputearre Folkerts: “Mei it Taalkado wolle wy âlders stypje by it oerdragen fan de Fryske taal en harren ek bewust meitsje fan de foardielen fan meartalich grutbringe. Mei de ynhâld fan it Taalkado kinne sy fuortendaliks oan de slach mei it foarlêzen en sjonge yn it Frysk, want dêr kinst net betiid genôch mei begjinne. Wy hoopje dat dit in goede start jout foar de taaloerdracht fan it Frysk, want bern binne de takomst.”

Oanjefte by de gemeente
Alders krije it Taalkado yn it gemeentehûs, as sy oanjefte dogge fan de berte fan harren berntsje by ien fan de Fryske gemeenten (mei útsûndering fan gemeente Weststellingwerf en de Waadeilannen). By in digitale oanjefte kinne âlden it Taalkado op in letter momint noch by harren gemeente ophelje.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: kinderboeken, meertaligheid, Provinsje Fryslân

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

22 novimber 2025: Masterclass én workshop oer it boek Kening & Kening

22 novimber 2025: Masterclass én workshop oer it boek Kening & Kening

16 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 novimber 2025: Poëzie Zaterdag

22 novimber 2025: Poëzie Zaterdag

14 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
18 novimber 2025: start Skriuwersfakskoalle Berne- en jeugdliteratuer

18 novimber 2025: start Skriuwersfakskoalle Berne- en jeugdliteratuer

13 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

11 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

10 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d