• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Afûk komt mei Fryske Taallear-app

12 mei 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Minsken kinne har no alfêst oanmelde foar de ‘waitlist’ om mei te tinken oer de app

De Afûk is op it stuit drok dwaande mei de ûntwikkeling fan in nije Fryske Taallear-app, yn gearwurking mei Humain’r – ûntwikkeler fan tûke A.I.-oplossingen foar de Fryske taal. It wurdt de earste app dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar útspraakwerkenning spesjaal foar it Frysk. De Taallear-app is bedoeld foar Nederlânsktaligen dy’t it Frysk leare wolle foar yn sosjale situaasjes of bygelyks foar it wurk. Mar ek foar begjinnende Fryskpraters dy’t harren feardichheden ferbetterje wolle, is de app hiel geskikt.

De Fryske Taallear-app is no noch folop yn ûntwikkeling en sil ein dit jier lansearre wurde. Om de ynhâld goed oanslute te litten by de winsken fan takomstige brûkers, sykje wy nijsgjirrige en entûsjaste taalavonturiers dy’t meitinke wolle oer de ynhâld fan de app. Dêrfoar is no in saneamde ‘waitlist’ oanmakke. Troch dy oan te melden foar de waitlist bliuwst op ’e hichte fan de ûntwikkelingen, wurdst frege om mei te tinken en te testen én krijst as earste tagong ta de app sadree’t dy beskikber is.

Sita Postma, Haad Underwiis by de Afûk: “Mei de app kinne minsken aanst op in leechdrompelige wize yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wolle wy de taal fitaal hâlde. De app kin in smaakmakker wêze foar in besteande kursus Frysk, mar kin ek wurkje as opfrisker by of nei in kursus.”

Gearwurking

Foar de ûntwikkeling fan de Taallear-app wurket de Afûk nau gear mei Humain’r, it Ljouwerter bedriuw dat A.I.-ymplemintaasje ienfâldich, feilich en effektyf makket foar organisaasjes. Domenique van der Niet, direkteur fan Humain’r: “Door gebruik te maken van state-of-the-art AI en digitale pedagogiek, wordt een leermiddel gecreëerd dat niet alleen effectief is in het overbrengen van taalkennis, maar ook boeiend en interactief voor gebruikers. Het platform van Humain’r maakt bovendien continue verbetering mogelijk. Het cursusaanbod kan zich aanpassen aan de voortgang en behoeften van individuele gebruikers, evenals aan veranderingen en nieuwe ontwikkelingen in de Friese taal.”

De realisaasje fan de Taallear-app wurdt mei mooglik makke troch in finansjele bydrage fan de provinsje Fryslân.

Waitlist

Wolsto Frysk leare op in leuke, praktyske en ynnovative manier? Dan is dit dyn kâns! Meld dy oan foar de waitlist en ûntdek de app noch foar de offisjele lansearring! Folje dyn namme en e-mailadres yn op www.taalhelp.frl/waitlist, dan ûntfangst in mailtsje mei dêryn mear ynformaasje.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: afûk, app, taalvaardigheid

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

16 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

14 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

11 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 april: Twalûk ‘Moard en deaslach yn de Fryske literatuer’

23 april: Twalûk ‘Moard en deaslach yn de Fryske literatuer’

10 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d