mêsten koperglânzgjend
meitsje har út pannedakken, beammen
los, glide beret efter de flatsjes
hinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêd
skûtsjes stome de stêd wer út
de ûnsichtb’re Greuns, de marren op
o kultureel briedplak!
fan ôfbakte balkontsjes wolle jo
ek op ’t koeltsje ta, it föhnde
gerslân yn, en oan ’e Ie
bygelyks – moai fuort –
dat teewetter tusken tondeuze-
fjild en drûchboeketteberms
sleau it diselpontsje swaaien sjen
yn dit jiers maitiids-magnetron
ûnderweis gjin ljippen sjoen
mar op ’t terras
binne mosken noch net útstoarn
Mei tastimming fan © André Looijenga, 2018. Earder publisearre op Frysk Dichterskollektyf RIXT
Laat een reactie achter