Yn it wykein fan 23 oant 25 maaie wie der wer in ‘ynterfryske’ Friezemoeting yn Helgolân. Dat saneamde Friesendroapen fynt sûnt 1962 alle trije jierren op dat eilân plak. Foar my wie it de earste kear en ik ha der perfoarst gjin spyt fan hân, om it sa te sizzen. In ferslach fan de moeting en it programma kinne jo fine op ‘e webstek fan de Fryske Rie. Mar dêr is it yn dit artikel net om te rêden.
Op it eilân wenje noch in foech hûndert minsken dy’t it Halunder machtich binne. Dat is in fariant fan it Frysk dy’t ticht by de Noardfryske dialekten fan Föhr, Amrum en Sylt stiet. It Halunder is ek yn in pear strjitnammen bewarre. Eltse Fries sil bygelyks begripe wat mei Lung wai bedoeld wurdt, mar oaren sille grif miene dat it hjir om in Sineeske namme giet (sjoch plaatsje).

In oare, en mear riedselachtige, strjitnamme is Iip ‘e Swart. Dat strjitsje leit yn it ‘ûnderlân’, tichtby de Lung wai. Dat makke my fuortdaliks nei oankomst op it eilân nijsgjirrich. De earste twa wurden fan dy namme binne dúdlik: iip is ‘op’ en ‘e is ‘de’. Mar wat is in swart?
De âldfrisist Han Nijdam, dy’t ek meigongen wie, hie blykber deselde ûnderfining. Hy hie it in native speaker frege dy’t him útlei dat de namme ‘op de boarne’ betsjut. De iene fraach hellet de oare út, want wêr wie dan dy Helgolanner boarne en hokker Aldfrysk wurd skûlet yn dat swart?
Der wiene op Helgolân gjin ûndergrûnske boarnen (yn ‘e sin fan natürliche Quellen). De Halunders moasten eartiids sels reinwetter opheine en yn amers ferpleatse. It wie altyd in heikerwei. Dat stiet yn Das alte Helgoland fan Mina Borchert (3e pr. 2023, s. 57). Mar der rûn oars wol brak wetter ûnder de Brunnenstraße, sa’t de tekst op side 13 fertelt (mit einer Brackwasserader und öffentlicher Pump), mei it plaatsje fan de pomp derby. (Dy pomp is der no net mear, blykber.) Dat plak hiet yn ‘e folksmûle iip ‘e Swaat, of be de Pump, stiet derby.
De Dútske taalkundige Christoph Hössel wie ek oanwêzich by it Friesendroapen. Doe’t André Looijenga en ik yn in Helgolanner fiskrestaurant de urginte etymologyske kwestje fan de ‘swart’ by him op it aljemint brochten, hie er al gau in ferklearring. It soe hiel goed it Fryske wurd saad wêze kinne, wat it WFT as ‘welput’ omskriuwt en it Hânwurdboek as “in plak dêr’t grûnwetter omheechkomt”. It komt, sa seit it WFT, fan it Aldfryske sâth (‘Brunnen’, neffens it wurdboek Hofmann-Popkema), dat mei siede gearhinget.
Dat liket my in treflike ferklearring ta, en ik soe gjin betteren witte. Yn it Halunder wurdt de r foar in t ommers net útsprutsen, likemin as yn it Frysk, Grinzersk en Platt. De útspraak fan it Halunder wurd suaart liket op dy fan ús swart, wat itselde betsjut. It rychje –wa(a)– fine wy ek yn Suaak ‘wang’. Dat is it Aldfryske wurd tziâke, ferâldere nijfrysk tsjeak, en it is besibbe oan it Ingelske cheek en it Hollânske kaak (dat krekt wat oars betsjut). Tuaan ‘tean’ is ek sa’n wurd. Der sit in Aldfryske lange â yn, dy’t by ús in ea wurdt en yn kit Sealtersk in oo (Soke, Tone).
Apart is wol dat dat de strjitnamme mei in einichste t skreaun wurdt, hoewol’t it Halunder, neffens it learboek Wi lear Halunder (fan Mina Borchert en Ritva en Nils Århammar 1987) gjin einferstimleazing hat. Je ferwachtsje in skreaune d op ‘e ein (dy’t ommers ek sa útsprutsen wurdt). Apart is fansels ek dy oerstallige stomme r. It soe my gjin nij dwaan as de skriuwers fan it strjitnammebuordsje al net mear sa bekend wiene mei dat wurd dat ik no eefkes as Suaad rekonstrewearje. En dat se betize rekken troch it wurd swaart ‘swart’, dat se nei alle gedachten noch wol koene.
Lykas oan it begjin sein, it Friesendroapen hat wer in moai feestke west. Ik haw my skoan fermakke, leuke petearkes hân, muzyk en lêzingen beharke, de treppen nei it boppelân bekleaun, ginten en seekoeten sjoen en folle mear. En út en troch, heel eefkes mar, in etymologysk ûnderwerpke foar de fariaasje.
Laat een reactie achter