• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Yn ’e hûs of yn it hûs? 

7 augustus 2025 door Anne Merkuur en Fenna Bergsma 6 Reacties

Lidwurdlogika yn it Frysk

Betsjutte de twa sinnen yn (1) itselde? 

(1) 
a. Der siet skimmel yn it hûs. 
b. Der siet skimmel yn ’e hûs. 

Om op dy fraach in antwurd jaan te kinnen, moatte wy earst mear witte oer it Fryske lidwurdsysteem. 

It Frysk hat twa grammatikale geslachten: manlik/froulik en ûnsidich. Manlike/froulike haadwurden kombinearje mei it lidwurd de en ûnsidige haadwurden mei it lidwurd it, lykas yn (2). 

(2) 
a. de dyk 
b. it hûs 

Soms kin de of it ferfongen wurde troch ’e, lykas yn (3). Dat is it gefal as it haadwurd folget op in monosyllabysk ferhâldingswurd, lykas op of yn (Hoekstra & Visser 1996; Popkema 2006: 155). 

(3)  
a. in gat yn de dyk 
b. in gat yn ’e dyk 

Op it earste gesicht liket dit in útspraakhandichhydsje, puer fonology. De d wurdt weilitten en allinne de ’e bliuwt oer. Dit soe in prima ferklearring wêze foar de ’e as ferfanger fan de. It ferklearret allinne net dat ek it ferfongen wurde kin troch ’e, lykas yn (4). 

(4) 
a. skimmel yn it hûs 
b. skimmel yn ’e hûs 

It ferklearret ek net wêrom’t wy ’e allinne sjogge nei ferhâldingswurden, om krekter te wêzen, ferhâldingswurden dy’t útgeane op in net-fuortsettend lûd (in non-continuant yn it Ingelsk). De sinnen yn (5b) en (6b) binne bygelyks ûngrammatikaal. 

(5)  
a. ik nim de lêste appel 
b. *ik nim ‘e lêste appel 

(6) 
a. de fûgel fleant boppe it hûs 
b. *de fûgel fleant boppe ‘e hûs 

Dat wy de ’e allinne sjogge nei ferhâldingswurden liket te kommen út it Aldfrysk (Hoekstra en Visser, 1996), dat noch in datyfkonstruksje hie. Yn ’e datyf krigen ûnsidige en manlike haadwurden it lidwurd tha, dat ferkoarte waard ta ’e (Bremmer 2009: 54).  

sg.masc/neut tha(m) 
sg.fem there 
pl tha(m) 

Ynteressant genôch is der miskien ek wol in ferskil yn ynterpretaasje tusken de twa farianten fan de lidwurden (de en it oan ’e iene kant en ’e oan ’e oare kant). It ferskil yn it Frysk liket nammentlik wol op in soartgelyk ferskil dat beskreaun is foar it Dútsk (cf. Schwarz 2009) en oare Germaanske talen: it ferskil tusken swakke (’e) en sterke (de en it) lidwurden.  
 
Yn it foarbyld yn (7a) ferwiist it sterke lidwurd dem nei wat spesifyks. Yn (7b) wurdt it swakke lidwurd -m brûkt om unykheid oan te jaan. Mei oare wurden, yn (7a) giet it om in spesifyk hûs, bygelyks dat op ’e terp stiet, en yn (7b) giet it om in hûs dat unyk is yn in bepaalde kontekst, bygelyks it hûs fan de sprekker of hearder.  

(7) 
a. Hans ging zu dem Haus. 
b. Hans ging zu-m Haus. 
‘Hans gong nei it hûs ta.’ 

In soartgelikense ferdieling tusken swakke en sterke lidwurden is ek beskreaun troch Ebert (1971a; 1971b) foar it Noard-Fryske dialekt fan it eilân Fering. Yn (8a) giet it oer in spesifyk kopke (út in groep kopkes), bygelyks it kopke dêr’t de sprekker nei wiist op it moment fan sprekken. Yn (8b) giet it oer in unyk kopke dêr’t binnen de kontekst mar ien fan is. Bygelyks it kopke dat de sprekker yn ’e hân hat. 

(8)  
a. Lingst mi ens det kop auer? 
b. Lingst mi ens at kop auer? 
Wolst my it kopke ris jaan?  

It soe wêze kinne dat, op ferlykbere wize, yn it Frysk de of it brûkt wurdt at it ferwiist nei in spesifike dyk of spesifyk hûs ((9a) en (10a)). It wurdt dan anafoarysk brûkt. It swakke lidwurd ’e wurdt dan brûkt at de dyk of it hûs de iennichste dyk of it iennichste hûs is dêr’t nei ferwiisd wurde kin yn in beskate kontekst ((9b) en (10b)). 

(9)  
a. Der siet in gat yn de dyk 
b. Der siet in gat yn ’e dyk 

(10) 
a. Der siet skimmel yn it hûs. 
b. Der siet skimmel yn ’e hûs. 

As dat echt sa is, dan soe dat ek betsjutte dat de haadwurden yn (9a) en (10b) wól fierder spesifisearre wurde kinne, mar de haadwurden in (9b) en (10b) net. Dy binne ommers unyk, dus fierdere spesifikaasje is nea nedich. 

Om te sjen oft dat echt sa is, sjogge we nochris nei de sinnen út (9) en (10) en wat der bart as wy dêr in PP (prepositional phrase) efter sette dy’t de sin fierder spesifisearret. De foarsizzing soe wêze dat de haadwurden allinnich yn kombinaasje mei it sterke lidwurd spesifisearre wurde kinne ((11a) en (12a)), en dat se yn kombinaasje mei it swakke ’e lidwurd ûngrammatikaal wurde, of op syn minst nuver klinke ((11b) en (12b)).  

(11)  
a. Der siet in gat yn de dyk fan de Jouwer nei Snits. 
b. *Der siet in gat yn ’e dyk fan de Jouwer nei Snits. 

(12) 
a. Der siet skimmel yn it hûs fan de buorlju. 
b. *Der siet skimmel yn ’e hûs fan de buorlju. 

De fraach is fansels oft dit echt oerienkomt mei de yntuysjes fan sprekkers fan it Frysk. Wy hawwe besocht om dat te ferifiearjen mei in enkête. Oer de útkomsten dêrfan in oare kear mear. 

Referinsjes 

Bremmer, Rolf H. 2009. An introduction to Old Frisian. Amsterdam: John Benjamins Publishing Company. 

Ebert, Karen. 1971a. Referenz, Sprechsituation und die bestimmten Artikel in einem Nordfriesischen Dialekt (Fering), PhD thesis, Christian-Albrechts-Universität zu Kiel. 

Ebert, Karen. 1971b. Zwei Formen des bestimmten Artikels, in D. Wunderlich (ed.), Probleme und Fortschritte der Transformationsgrammatik, Hueber, München, 159–174.  

Hoekstra, Jarich F. & Willem Visser. 1996. De-en it-wurden yn it Frysk [De– and it-words in Frisian]. Us Wurk, 45(3-4), 55-78. 

Popkema, Jan. 2006. Grammatica Fries [Grammar Frisian]. Utrecht: Prisma Woordenboeken en Taaluitgaven.  

Schwarz, Florian. 2009. Two types of definites in natural language. University of Massachusetts Amherst. 

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Artikel, Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: lidwoorden, taalkunde

Lees Interacties

Reacties

  1. Henk zegt

    7 augustus 2025 om 18:04

    Dat de ferkoarte foarm ”e’ allinne mar nei ferhâldingswurden brûkt wurde soe, is wat te koart om ‘e hoeke. Taalportaal neamt yn it haadstikje ‘Definitie article’ (https://taalportaal.org/taalportaal/topic/pid/topic-13998813310028730) it foarkommen derfan nei bynwurden. De foarbylden “Jelle en ‘e frou” en “… om ‘e trein te heljen” hearre my heel gewoan oan.

    Ik soe ek net samar sizze dat ‘it’ ferfongen wurde kin troch ”e’. Dat wol mar mei in hantsjefol wurden en it resultaat is idiomatysk. Dat is net it gefal by de ferkoarting fan ‘de’ ta ”e’. Njonken ‘yn ‘e wein’ kin ik ek sûnder probleem ‘yn ‘e nije wein’ en ‘yn ‘e sikewein’ sizze, mar ‘*yn ‘e nije hûs’ en ‘*yn ‘e sikehûs’ kinne der net op troch. It idiomatyske kin men sjen as men ‘wein’ en ‘hûs’ yn ‘e betsjutting fan boartersguod beskôget. As in jonkje in dinkytoy krijt en it leit der in apenút yn, dan kin men bêst sizze dat dy apenút “yn ‘e wein” leit, mar as syn suske dy apenút yn har poppehûs leit, kin men net sizze dat er ynienen “*yn ‘e hûs” leit. De wurdgroep “yn ‘e hûs” betsjut soks as ’thús’.

    Ik bin oars nijsgjirrich nei de útkomsten fan jim ûndersyk. Myn yntuysje is dat “*Der sit skimmel yn ‘e hûs fan ‘e buorlju” der net op troch kin, mar “?Der sit skimmel yn ‘e hûs by de buorlju” krekt al, wylst “Der sit skimmel by de buorlju yn ‘e hûs” helendal goed is.

    Beantwoorden
  2. Louw zegt

    8 augustus 2025 om 13:40

    Foar my kin der tusken de twa sinnen yn (1) noch in oar betsjuttingsferskil wêze.

    As ik it oer myn hûs haw en ik sis dat der skimmel yn it hûs sit, dan bedoel ik it gebou yn syn gehiel, dat de skimmel yn ‘e stiennen fan it hûs sit. As ik sis dat der skimmel yn ‘e hûs sit, dan bedoel ik dat it yn ‘e wenromte, oan ‘e binnenkant fan it hûs sit.

    As it deis waarm waar is, dan wurdt it waarm yn ‘e hûs (yn ‘e wenromte, binnen yn it hûs). As it foar in langere tiid waarm waar west hat en de temperatuer bûten sakket wer wat, sit de waarmte faak noch yn it hûs (yn ‘e stiennen, it gebou as gehiel).

    Beantwoorden
  3. Henk Wolf zegt

    8 augustus 2025 om 21:57

    Dat stim ik Louw mei.

    Ik freegje my ek ôf oft de wiksel ‘it-‘e’ net wat te maklik lykslein wurdt mei de wiksel ‘de-‘e’.

    Ommers: wy ha likegoed gefallen lykas ’troch de hûs’ en ’ta de hûs út’ (en miskien hearre ‘oer (d)e hûs’ en ‘út (d)e hûs’ dêr ek wol by, dat is min te hearren). It liket as komt ‘de’ dêr foar de hearen op plakken dêr’t ”e’ op fonologyske grûnen mijd wurdt. Leit it net yn ‘e reden om oan te nimmen dat der in idiomatyske wiksel fan ‘it’ mei in ûnderlizzend ‘de’ bestiet, en dat it krekt wol it troch jim ôfwiisde ‘útspraakhandichheidsje’ is dat dan útmakket oft dat ûnderlizzende ‘de’ úteinlike as ‘de’ of as ”e’ foar de hearen komt?

    Beantwoorden
  4. Bouke Slofstra zegt

    12 augustus 2025 om 17:27

    Anne en Fenna ha der grif gelyk oan dat ‘spesifikens’ in kearnpunt is yn it ûnderskie tusken sterke en swakke lidwurden.
    It modifisearjen fan in NP docht op himsels ommers net folle. Der is om my gjin beswier tsjin “yn ‘e rin der dagen” (TGvdM, 1858) en “yn ‘e hoeke fan syn restaurant” (Jitske Kingma). De “rin” wurdt net spesifisearre, omdat it wurd yn isolaasje niks betsjut (sadat wy net tusken ferskate “rinnen” kieze kinne), en de “hoeke” wurdt likemin spesifisearre, omdat der yn de kontekst fan it ferhaal nearne keazen wurdt tusken ferskillende mooglike hoeken. It útgongspunt is it restaurant sels.
    Syntaktysk besjoen is der ek gjin wêzentlik ferskil tusken modifikaasje fan it type yn-‘e-haadnamme-fan-‘e-haadnamme en it type yn-‘e-eigenskipsnamme-haadnamme. Dat ik nim hast oan dat “yn ‘e Snitser gemeenterie wurdt mear smookt as yn ‘e Jouster” like ûngrammatikaal is as sin (11b).
    Wy fine yn ‘de TDB net allinnich steande útdrukkingen lykas “yn ‘e lytse loege” en “yn ‘e jamkste fâlde”, mar ek (âlde) foarbylden lykas “yn ‘e hiele stêd” en “yn ‘e earste simmer”. (De “earste simmer” is, oars as “de simmer fan 1958” net ‘oanwiisber’).
    Starter skriuwt (yn 1618) oars wol “yn ‘e gouden hous”. Dat fernuvert Foeke Buitenrust Hettema (Fryske Bybleteek, ‘Starters Frysk’ 1895, s. 22). Bedoelde Starter te sizzen: “yn it gouden hûs”? “Yn ‘e hûs” kin wol, mar “yn ‘e gouden hûs” net. Sjogge wy hjir in bewiis dat Starter gjin native speaker wie?

    Beantwoorden
  5. Peter zegt

    22 augustus 2025 om 14:20

    De n fan ‘yn’ is dochs in continuant?

    Beantwoorden
  6. Gertjan Postma zegt

    27 augustus 2025 om 16:13

    Ik tocht dat Jeffrey Pheiff fan Marburg hjiroer skreaun hat, alteast: likense forskynsels dy’t in ’t Grinslâns te finen binne.

    Miskjin is it dit: Jeffrey Pheiff: Definite Articles in Low Saxon Dialects. A Case Study in Grammaticalization, Stuttgart: Steiner 2023, 245 S., 69 Tab., 45 Abb. (Zeitschrift für Dialektologie und Linguistik. Beiheft 191).
    Mar ik kin der sels nou net by.

    Henk hat fansels gelyk, ast er skriuwt: “Ik soe ek net samar sizze dat ‘it’ ferfongen wurde kin troch e’.” Wier! De reden: “Yn ‘e hus” hat in âlde datyf (fgl. Hollânsk “ten huize < te den huize, dus 'den' yn plak fan 'het'); 'e < de is alhiel produktyf, mei beheinings op modifikaasje, sj. Pheiff.

    Beantwoorden

Laat een reactie achter bij HenkReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d