• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Hânboek mei ynformaasje en tips oer taalûntwikkeling by jonge meartalige bern

4 februari 2026 door Redaksje Frisistyk Reageer

Read with MEE hânboek
Read with MEE hânboek

Op 27 jannewaris hat it projektteam fan Read with MEE harren hânboek ‘Handbook-INC: Inclusive Multiliteracy Development in Early Childhood Education and Care’ lansearre. Dat hânboek is in samling fan ynformaasje en praktyske tips foar eltsenien dy’t, as âlder of beropsmjittich, behelle is by jonge meartalige bern.

Iere taalûntwikkeling

It hânboek fertelt mear oer de iere taalûntwikkeling by bern, en yn it bysûnder hoe’t it sit as bern meartalich grutbrocht wurde. Ynformaasje en tips oer lêsfeardigens, foarlêze en ferhalen fertelle krije hjirby in soad oandacht. It hânboek hat in sterke wittenskiplike basis, mar is skreaun yn gewoane taal sûnder fakjargon om de teory sa tagonklik mooglik te meitsjen.  

By de online lansearring wiene mear as 60 minsken oanwêzich út hiel Europa wei. Sprekkers fan NHL Stenden Hegeskoalle en Trinity College Dublin (IE) fertelden mear oer de ynhâld en ûntwikkeling fan it hânboek. Neist de teory en praktyske tips jout it hânboek ek praktykfoarbylden út ferskate Europeeske lannen wei om oaren te ynspirearjen. Sa wurde bygelyks de Fryske Berneboeke-ambassadeur en de Lês-mar-foar wiken yn it sintsje set. 

Fergees

It hânboek is fergees del te laden as pdf fia de projektwebsite.

Goed om te witten: De kommende tiid komme der ek oersettings fan it hânboek yn meardere talen, lykas it Frysk, Nederlânsk, Iersk, Baskysk en Spaansk!

Read with MEE hânboek
Read with MEE hânboek

Oer Read with MEE

It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy’t meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.

Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út België, Ierlân Nederlân en Spanje. Dat binne ATiT (BE), Trinity College Dublin (IE), NHL Stenden University of Applied Sciences (NL), 8D (NL), University of the Basque Country (ES) en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy, Ljouwert) as koördinator.

Lês mear ynformaasje op de Read with MEE website.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Frysk yn it ûnderwiis, kinderboeken, kleuters, leesvaardigheid, meertaligheid, peuters, taalontwikkeling

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Sellemoanne

Febrewaris

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

1 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

28 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

24 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
%d