• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Undersiker André Looijenga: ‘Oars bist mar in passant’

29 april 2026 door Marijke de Boer Reageer

André Looijenga.

Geregeld is André Looijenga op de stúdzjeseal fan Tresoar te finen. Op de tafel foar him lizze iuwenâlde boeken, dy’t er foar syn promoasjeûndersyk bestudearret. Wat fynt er yn de kolleksje fan Tresoar en wêr hâldt er him krekt mei dwaande?

‘As jonge woe ik altyd al in soad lêze en dingen begripe,’ fertelt André Looijenga (1982). ‘Ik fyn it noch hieltyd moai om yn allegear lytse snippers ynformaasje om dy hinne it ferhaal te sjen.’ 

Dy nijsgjirrichheid komt goed fan pas by it promoasjetrajekt dêr’t er mei dwaande is. ‘Ik doch ûndersyk nei it Frysk as literêr brûkte minderheidstaal yn de santjinde iuw.’ Ast it oer Fryske literatuer en de santjinde iuw hast, kinst fansels net om Gysbert Japicx hinne. Teksten fan de Boalserter skoalmaster komme ek yn it ûndersyk werom, mar Looijenga sjocht breder. ‘It giet om it krijen fan in better begryp fan it brûken fan it Frysk as skreaune taal yn de santjinde iuw yn syn meartalige kontekst en dy te ferlykjen mei twa oare minderheidstalen, Oksitaansk en Nederdútsk, yn rûchwei deselde tiid en yn ferlykber kulturele en ekonomyske omstannichheden.’

Looijenga is oplaat as klassikus en wurke jierren as dosint Klassike Talen. It idee om te promovearjen wie der al doe’t er yn Grins syn master die. ‘Ik wie doe dwaande mei in plan oer literatuer en identiteitsfoarming oan de hân fan Grykske poëzy út de tredde en twadde iuw foar Kristus. Ik ûntduts lykwols dat ik mear sin fûn yn in ûnderwerp tichter by hûs en wat tichter by yn de tiid. Oars as it Latyn, koe ik boppedat it antike literêre Gryksk ek nei safolle jier net sûnder wurdboek derby lêze. Dêr kaam by dat ik hieltyd mear yn de Fryske literatuer dwaande wie.’

Promoasjeplak

Doe’t yn 2023 by de Fryske Akademy en de Universiteit van Amsterdam in promoasjeplak frijkaam, grypte er syn kâns en tsjinne syn foarstel yn. Syn histoarysk letterkundich ûndersyk rekket ek oare dissiplines. ‘Kinst sizze dat ik de kultuerskiednis fan in skreaune taal bestudearje, en ljocht skine wol op de brûkers fan dy taal yn dy tiid, – dat is histoaryske sosjolinguïstyk. Ast oer in histoarysk ûnderwerp wat sinfols sizze wolst, moatst dêr frij folle tiid yn stekke, om dy tiid oanfiele en “lêze” te kinnen. Oars bist mar in passant. Moatst der echt yn dûke en sels hâld ik derfan om dat te dwaan. Ik stribje nei in breed byld fan de skiednis en ik gean bygelyks fierder as de teksten dy’t tafallich yn de kanon bedarre binne.’

By Tresoar fynt er tal fan boarnen foar syn ûndersyk. Midfryske teksten sitte yn de kolleksje, lykas de Friesche Rymlerye út 1681, de twadde printinge fan it wurk fan Gysbert Japicx. Simon Gabbema besoarge dy edysje en skreau der in ynliedend essay by. ‘Dat stik waaieret alle kanten út, sa’t dat mei geleardheid yn dy tiid gie. Hy hellet dêrby it wurk fan oare, yn it Latyn skriuwende, gelearden oan, út Fryslân, mar ek út Ingelân en it Eastseegebiet. It moaie is dat de measte fan dy boeken, dy’t er dêrfoar brûkte, by Tresoar steane. Guon teksten binne digitalisearre en mei in pear klikken online te finen, mar sa no en dan freegje ik in âld boek oan. It is bysûnder om dat werklik yn hannen te hawwen.’

It skriuwen yn it Frysk waard yn de santjinde iuw dien troch ‘geletterde mannen’. Der is ek in soad gelegenheidswurk bewarre bleaun, bygelyks lokwinsk-gedichten skreaun foar studinten fan de universiteit yn Frjentsjer. Dat dienen se net inkeld yn it Latyn of Nederlânsk, mar soms ek yn it Frysk. ‘De ynhâld is faak luchtich, it giet om in feestlike gelegenheid. Meastentiids is it skreaun as ien dy’t fan bûten nei de akademyske wrâld sjocht. Der binne ynhâldlike ferskillen. Yn de Latynske fersen giet it oer rom en eare fan de gelearde dy’t in grutte takomst wachtet. De Nederlânske fersen binne soms wat losser, mar wol beskaafd (want dat koe jo mem ek lêze!), en it Frysk is faak mei sin wat rûger.’

Oksitaansk en Nederdútsk

De Fryske teksten set Looijenga yn in breder ramt troch te sjen nei literêre Oksitaanske en Nederdútske teksten. ‘It Oksitaansk sit as taal tusken Frânsk en Spaansk yn en wurdt yn it suden fan Frankryk brûkt. De offisjele bestjoerstaal yn de santjinde iuw dêr wie Frânsk en hjir wie dat Nederlânsk.’ Troch syn oplieding as klassikus kin Looijenga goed Latyn lêze en dat helpt by it begripen fan de oare talen. As tredde taal keas er ien tichter by hûs. ‘It Nederdútsk hie oant yn de sechtjinde iuw breed yn gebrûk west as taal fan bestjoer en tsjerke, mar waard dêrnei as skriuwtaal ferkrongen troch Heechdútsk.’

‘Oksitaansk waard yn de santjinde iuw eins allinnich mar brûkt foar literêre teksten. Je sjogge dêr meardere skriuwers dy’t in soarte fan lokale Gysbert Japicxen wiene, dy’t selsbewust yn har eigen taal bygelyks satiryske toanielstikken, leafdesfersen en religieuze gedichten skreaunen. Soms skriuwe se fol grutskens oer dy taal. Soms sit de grap yn de taal sels, wannear’t yn in klucht de earlike boer of faam Oksitaansk praat, mar in soldaat, dokter of advokaat bryk Frânsk.’

Frysk

Hy bestudearret de teksten yngeand en hellet dêr in soad ynformaasje út, hy lêst der boppedat fan alles omhinne om sa in byld fan de tiid te krijen en de kontekst te begripen. It gefaar leit op de loer om mei de eagen fan no nei sokke teksten te sjen. ‘It wie miskien aktivistysk om Frysk te skriuwen, mar net op de ienentweintichste-iuwske manier. Sjochst wol dat auteurs dy’t mei in minderheidstaal dwaande binne der geregeld op reflektearje. Sa skriuwt Vitus Ringers, in santjinde-iuwske dûmny út Ried, yn in bondel mei psalmberimingen dat it Frysk ‘voor geen der Europische spraaken behoevt te swichten’. Dêrmei seit er dat it Frysk as taal lykweardich is oan oare talen yn Europa.’

Sels begûn Looijenga yn syn stúdzjetiid it Frysk aktyf te brûken. ‘It Frysk wie wol om my hinne yn Tersoal, by ús thús praten we Nederlânsk, ús mem komt fan bûten Fryslân.’ Yn de biblioteek fan de Letterenfaculteit yn Grins stienen de Fryske boeken neist de Klassike Talen. Dêr begûn er yn om te sneupen en sa geandewei rekke er der hieltyd mear yn thús. Hy waard redaksjelid by literêr tydskrift Ensafh en publisearre yn 2023 de dichtbondel Fuortsjefinne.

Krekt as dat de gelearden yn de santjinde iuw breed oriïntearre wienen en har mei meardere ûnderwerpen dwaande hâlden, sa docht de promovendus dat no likegoed. Syn jongesdream komt út om it ferhaal te sykjen út allerhanne ynformaasje. Ek nei syn promoasje hâldt de wittenskip him yn de besnijing. ‘By dit ûndersyk kom ik safolle nijsgjirrige figueren en teksten tsjin. It is in útdaging om my no te beheinen, mar ik ha al tal fan ideeën om hjirnei fierder te gean. In man as Gabbema fertsjinnet gewoan in boek, mar earst myn eigen proefskrift dien meitsje. En wa wit, komt der ek noch wer ris in dichtbondel.’

Dit artikel is publisearre yn Letterhoeke 2026-1 fan Tresoar

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: 17e eeuw, Fryske Akademy, Gysbert Japicx, letterkunde, nederduits, Occitaans, promotieonderzoek, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

21 maaie 2026: Lunchlêzing – In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

21 maaie 2026: Lunchlêzing – In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

27 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

24 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

16 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

14 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d