• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
    • Chris van Geel
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Frisistyk Agenda

18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

11 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Akademylêzingen is in rige fan seis publykslêzingen fan de Fryske Akademy yn trije dagen, ferspraat oer it winterskoft, yn Ljouwert en op 'e Jouwer. Elk jier organisearret de wurkgroep Akademylêzingen in oansprekkende rige lêzingen, yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân. De rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden op deselde dei: yn De Koperen Tún yn … [Lees meer...] over18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

10 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Yn in tiid fan globalisearring, mar ek groeiend konservatisme wurket de Fryske identiteit befrijend en belêstend. Joost Oomen en Sylvana IJsselmuiden sille fertelle oer harren fyzje op it tema. Fedde Schurer wie Frysk, mar hie ek in drege relaasje mei it Fryske. Hy sette him in soad yn foar de Fryske taal en de Fryske kwestje. Mar minderheidsrjochten, sosjale kwestjes en … [Lees meer...] over15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

9 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, mei it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. De Dichter fan Fryslân socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de … [Lees meer...] over13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

12-14 novimber 2025: Conference on Frisian Humanities

9 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins, en de ôfdieling Taal, Technology en Kultuer fan RuG/Campus Fryslân organisearje de tredde Conference on Frisian Humanities. Fan 12-14 novimber … [Lees meer...] over12-14 novimber 2025: Conference on Frisian Humanities

12 novimber 2025: boekpresintaasje ‘Wêr bliuwe de froulju?’

8 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Janneke Spoelstra ynterviewde tsien dichters oer harren poëzy en harren posysje yn de Fryske literatuer. Net tafallich binne it alle tsien froulju. Skriuwe froulju likefolle as manlju? Wurde se like maklik publisearre? Hawwe froulju tsjintwurdich like goede kânsen as manlju yn ’e Fryske literatuer? Datsoarte saken kamen oan ’e oarder yn de ynterviews. Op woansdei 12 novimber … [Lees meer...] over12 novimber 2025: boekpresintaasje ‘Wêr bliuwe de froulju?’

10-14 novimber 2025: Lêzingen Kadoboek 2025

7 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

‘Oan ’e ein fan De Oere’, it Kadoboek, skreaun troch Anne-Goaitske Breteler, foar de Fryske Boekewike (8 o/m 16 novimber 2025), fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart. It grutste part fan harren libben wennen de net-troude broers Pieter, Jan, Dirk en harren suster Wytske mei-inoar op it âlderlik stee: in pleats yn Moddergat.   Troch … [Lees meer...] over10-14 novimber 2025: Lêzingen Kadoboek 2025

9 novimber 2025: Foarstelling de Gjalp

3 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Moanne, Ensafh en Frysk Dichterskollektyf RIXT nûgje elk fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol. Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers … [Lees meer...] over9 novimber 2025: Foarstelling de Gjalp

8 novimber 2025: EBLT presintearret Grienlânske film op NFF

2 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneon 8 novimber, draait it Noordelijk Filmfestival, NFF, de Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk. De fertoaning op sneontemiddei wurdt presintearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). Nenets-antropologe en - aktrise Roza Laptander (Pudana, Last of the Line) sil de film ynliede. oer de film De Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk fan … [Lees meer...] over8 novimber 2025: EBLT presintearret Grienlânske film op NFF

8 novimber 2025: DINGtiidlêzing

31 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Hoe kinne de Fryske taal en sport inoar fersterkje? Oer dit tema organisearret DINGtiid syn jierlikse DINGtiid-lêzing op sneon 8 novimber 2025. Ferskillende sprekkers sille fertelle oer hoe’t sy de Fryske taal ynsette om harren sportdoelen te berikken. En oarsom: oer hoe’t sport in prachtich middel is om it Frysk te hearren en te sjen op it fjild of yn de sportkantine. Mar ek: … [Lees meer...] over8 novimber 2025: DINGtiidlêzing

7-16 novimber 2025: Frysk Boekefeest en Fryske Boekewike 2025

26 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Freed 7 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2025. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’ fan Anne-Goaitske Breteler presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 8 o/m 16 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15 … [Lees meer...] over7-16 novimber 2025: Frysk Boekefeest en Fryske Boekewike 2025

6 novimber: Silent Book Club Fryslân

24 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Lang om let lêzeIn oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?Hast in moai boek? Mar leit it noch altyd net lêzen yn 'e kast? Híel werkenber... Dêrom organisearje wy de earste Silent Book Club yn Fryslân! De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 1500 lokaasjes yn mear as … [Lees meer...] over6 novimber: Silent Book Club Fryslân

2 novimber 2025: Feestlike lansearring audiokolleksje Ype Poortinga

18 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Fryslân is in lân fan ferhalefertellers. Fan generaasje op generaasje waarden ferhalen oer de natuer, duvels, dieren, spûken en tsjoenders winterdeis by it hurdfjoer dield. Benammen ‘op de heide’ wie in grutte rykdom fan ferhalen te finen. Stoere, sterke en spannende, mar ek oandwaanlike ferhalen as ferdivedearjend jûnspraat. Ferhalen mei nijsgjirrich meitsjende titels as … [Lees meer...] over2 novimber 2025: Feestlike lansearring audiokolleksje Ype Poortinga

1 novimber 2025: Literêre middei mei Durk van der Ploeg

16 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneon 1 novimber stiet de Fryske skriuwer Durk van der Ploeg (1930) sintraal op in literêre middei yn Tresoar. De noch altyd warbere skriuwer hat lêsten syn 95ste jierdei fierd en by dy gelegenheid is syn nijste roman ferskynd. Neist poëzy en novellen hat Van der Ploeg sa’n tritich romans skreaun. Yn 2011 krige er de heechste Fryske literêre ûnderskieding, Gysbert … [Lees meer...] over1 novimber 2025: Literêre middei mei Durk van der Ploeg

30 oktober 2025: stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 2025

15 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Hoe krije wy learlingen entûsjast om te skriuwen yn it Frysk? Dy fraach stie sintraal yn it projekt MultiLit … [Lees meer...] over30 oktober 2025: stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 2025

25 oktober 2025: Poëzie Zaterdag, Marktzicht

13 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Eens in de zoveel tijd organiseert Erik Poëzie Zaterdag; hét poëzie-evenement van Drachten!Poëzie Zaterdag is een gezellig samenkomen van tal van woordkunstenaars die hun kunsten laten zien en poëzieliefhebbers die aan hun trekken komen. Een poëtische avond met een hoog ‘open mic’ gehalte, bijzondere ontmoetingen en literaire verrassingen op een bijzondere locatie; Café … [Lees meer...] over25 oktober 2025: Poëzie Zaterdag, Marktzicht

23 oktober 2025: Lunchlêzing Reitze Jonkman: Obe Postma taalsosjologysk besjoen

12 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Obe Postma taalsosjologysk besjoen Obe Postma is yn de frisistyk bekend as Frysk dichter, mar net as Frysk beweger. Oars as syn tiidgenoaten Douwe Kalma en Fedde Schurer liket er him net as aktivist foar it Frysk ynset te hawwen, mar hoe stie er dêrfoaroer? Jonkman sil besykje om Obe Postma taalsosjologysk yn syn tiid fan it maatskiplik opkommen fan it Frysk te pleatsen, ek … [Lees meer...] over23 oktober 2025: Lunchlêzing Reitze Jonkman: Obe Postma taalsosjologysk besjoen

17-18 oktober 2025: Friezekongres 2025

12 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op 17 en 18 oktober 2025 fiert de Ynterfryske Ried it hûndertjierrich jubileum fan it earste Fryske Kongres yn de moderne tiid. Dizze histoaryske gearkomste, dy’t yn 1925 ôffurdigen út West-, Noard- en East-Fryslân byinoar brocht, wurdt beskôge as in mylpeal yn de bopperegionale gearwurking tusken de Fryske regio’s. Der is noch plak op it Frysk Kongres 2025 yn Jever: hûndert … [Lees meer...] over17-18 oktober 2025: Friezekongres 2025

15 oktober 2025: Ynspiraasjedei Wy binne mbû 2025 

12 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Meartaligens yn beweging Wy binne mbû en Praktoraat Frysk & Meartaligens nodigen je graag uit voor de Ynspiraasjedei 2025. Van Fries en Duits tot jongerentaal en vaktaal; meer taal, meer perspectief in een meertalig en taalvriendelijk mbo in Fryslân. What to expect? In dei fol ynspiraasje, taal en takomst!13.30 – 13.45 Inloop deelnemers 13.45 – 14.45 Iepening14.45 … [Lees meer...] over15 oktober 2025: Ynspiraasjedei Wy binne mbû 2025 

14 oktober 2025: Mercator Multilingualism Lecture (online)

7 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dr. Little (University of Sheffield) praat oer ‘Rivers of Multilingual Reading: how to embed multilingualism into everyday literacy practice’. Dr. Sabine Little is ferbûn oan de University of Sheffield as Senior Lecturer in Educational Studies (Languages Education) en  Senior Fellow of the Higher Education Academy.  “Children's reading in home or heritage … [Lees meer...] over14 oktober 2025: Mercator Multilingualism Lecture (online)

12 oktober 2025: Silent Book Club foar bern (7-12 jier)

6 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Hasto in bern dat fan lêzen hâldt? Dan wolle jim dit net misse! Snein 12 oktober organisearje wy yn de mande mei de Berneboeke-ambassadeur de alderearste Silent Book Club foar bern fan 7 oant en mei 12 jier. In hearlik, rêstich plak om sels yn stilte te lêzen, sûnder broerkes of suskes dy't steure, blaffende hûnen of skermen dy't om oandacht freegje. Allinne dyn bern, in … [Lees meer...] over12 oktober 2025: Silent Book Club foar bern (7-12 jier)

11 oktober 2025: Gysbert Japicxpriisutrikking

5 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneon 11 oktober 2025 krijt Elmar Kuiper foar syn bondel Ferlosboartsje de Gysbert Japicxpriis 2025 útrikt troch deputearre Eke Folkerts yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De Lytse Gysbert wurdt op dizze middei troch wethâlder fan Gemeente Súdwest Fryslân Petra van den Akker útrikt oan Alen Hrustic. De provinsjale Gysbert Japicxpriis is sûnt 1947 de heechste ûnderskieding … [Lees meer...] over11 oktober 2025: Gysbert Japicxpriisutrikking

11 oktober 2025: start kursus Leewarders / Liwwadders

5 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneon 11 oktober o.k. set de kursus Leewarders (‘Liwwadders’) útein. Pieter de Groot (publisist oer Ljouwert en âld-sjoernalist fan de Ljouwerter Krante) en Reitze Jonkman (wittenskiplik ûndersiker fan it stedsdialekt yn Ljouwert) jouwe yn oktober 4 kear om bar les (De kursus wurdt oek in die taal geven). Krekt as in pear jier lyn wurdt de kursus organisearre foar wa't wat … [Lees meer...] over11 oktober 2025: start kursus Leewarders / Liwwadders

11 oktober 2025: Dei fan de Sealterfriezen

3 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op 11 oktober wurdt yn Roomelse/Ramsloh foar de twadde kear in "Dei fan de Sealterfriezen" holden. Njoggen sprekkers sille op 'e tekst oer de Sealterfryske taal en skiednis. Tuskentroch binne der dûns en muzyk út de regio. It program sjocht der sa út: De dielname omfettet in middeisbrochje, kofje en tee. De oanmelding is fergees, mar omdat it tal plakken beheind is, is … [Lees meer...] over11 oktober 2025: Dei fan de Sealterfriezen

5-11 oktober 2025: Gysbert Japicxpriiswike

28 september 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op 11 oktober wurdt de Gysbert Japicxpriis 2025 útrikt oan Elmar Kuiper foar de dichtbondel Ferlosboartsje. Dat is yn de Martinitsjerke yn Boalsert. By dy feestlike gelegenheid wurdt ek de Lytse Gysbert útrikt, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8. Yn de wike foarôfgeand oan de útrikking binne ferskate literêre aktiviteiten om de winner fan … [Lees meer...] over5-11 oktober 2025: Gysbert Japicxpriiswike

5 oktober 2025: Hommaazje Gysbert Japicxpriiswinner Elmar Kuiper

28 september 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dit jier wurdt de Gysbert Japicxpriis útrikt oan Elmar Kuiper foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Yn de wike foarôfgeand oan de útrikking op sneon 11 oktober, binne ferskate aktiviteiten om Elmar Kuiper en syn wurk yn it sintsje te setten. Op snein 5 oktober fynt in hommaazje plak: in muzikale en literêre middei yn Kafee de Gouden Leeuw yn Tresoar. Kom op dizze middei yn 'e … [Lees meer...] over5 oktober 2025: Hommaazje Gysbert Japicxpriiswinner Elmar Kuiper

« Vorige
Volgende »

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Johan van Heemskerck • Gedicht, dat de meisjes hun tijd niet moeten laten verloren gaan

Verharde Herderinnen,
Die noch het smeken noch de klacht,
Van uw getrouwe Herders acht,
Afkerig van het zoete minnen.

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Vlaggetjes

Ik vind, elke dag heeft genoeg
aan zijn eigen kwaad. Wie zijn dag
niet mint, gaat mokkend ten onder.

Bron: Anton Korteweg

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

30 april 2026: Kampliteratuur van Charlotte Delbo

30 april 2026: Kampliteratuur van Charlotte Delbo

25 april 2026

➔ Lees meer
16 mei 2026: Hommage In de Knipscheer

16 mei 2026: Hommage In de Knipscheer

22 april 2026

➔ Lees meer
15-16 October 2026: LiME Conference on Language Variation (LiCLA 2)

15-16 October 2026: LiME Conference on Language Variation (LiCLA 2)

21 april 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

sterfdag
1877 Arie de Jager
2018 Steven ten Brinke
➔ Neerlandicikalender

Media

In gesprek met literaire duizendpoot Jonathan Van Der Horst

In gesprek met literaire duizendpoot Jonathan Van Der Horst

22 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
The perks of literature – with Jeroen Dera

The perks of literature – with Jeroen Dera

22 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
In gesprek met auteur Joke van Vliet

In gesprek met auteur Joke van Vliet

20 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact