It Fryske wurd hjoed liket net safolle op it Nederlânske ‘vandaag’. Mei it Dútske ‘heute’ binne de parallellen oars folle dúdliker. Hjoed is dan ek net net besibbe oan it Nederlânske ‘vandaag’, mar oan ‘heden’. De Proto-West Germaanske foarm hat nei alle gedachten wat as *hiu dagu west, wat letterlik ‘op dizze dei’ betsjutte. It Aldingelsk, nau besibbe oan it Aldfrysk, hie … [Lees meer...] overHjoed
wurdboek
Hjoed
Nei [fytsjəˈfɪnə]
De bydrage dy’t hjir folget soe net bestean moatte. Hjirûnder stiet ommers in útstel foar in Fryske plaknammelist yn IPA-transkripsje. In list dy’t ta myn fernuvering noch altyd brek is. It Frysk Hânwurdboek fan ‘e Akademy (2008) lit op siden 2373 oant 2384 in moaie rige plaknammen sjen, fan Abbegea oant Wymbritseradiel. Der stiet ek by hoe’t de nammen útsprutsen wurde. … [Lees meer...] overNei [fytsjəˈfɪnə]
Nút en noat
It Nederlânsk neamt in muzyknoat en in nút om te iten beide ‘noot’, wylst it Frysk ûnderskied makket tusken ‘noat’ en ‘nút’. Eins is it Nederlânsk hjir de frjemde ein yn ’t bit, want de measte Germaanske talen hawwe twa ferskillende wurden. De muzyknoat is in frij resint lienwurd fan it Latynske ‘nota’ en is sadwaande folle minder ferfoarme troch de klankwetten fan de lienende … [Lees meer...] overNút en noat
Grammatica van het Bildts
De Grammatica van het Bildts is bij De Bildtse Boekerij útgeven as dârde deel in de bekinde blauwe taal-sery. In overleg en samenwerking met de Fryske Akademy het Sytse Buwalda de grammatika skreven. ‘t Is ‘n waardefolle en belangrike anfulling op ‘t Woordeboek fan ‘t Bildts. De Grammatica van het Bildts is presinteerd in Campus Middelsee in St.-Anne, op donderdeg 4 april … [Lees meer...] overGrammatica van het Bildts
Kwalster
Kwalster is in heal teraande (en ek wol wer opferzen) laach snie. Kwalster is ribbelich en net stevich, je sakje der samar troch hinne en it ferrifelet de rider. It iis kin kwalsterich wêze en as snie teit, dan kwalsteret it. Kwalster hat ek in oare betsjutting: in kwak slimerige flibe, in rachel. Yn it Nederlânsk is kwalster amper gongber, de wurdboeken hawwe it al, … [Lees meer...] overKwalster
Snie
Fan snie hat men trije kear lêst: as it falt, as it der leit en as it teit. Dy wiisheid sljochtsje etymologen oer, dy sjogge snie as in útdaging. It Sanskryt hie al in wurd 'snihyati' (betsjutting: 'plakt oaninoar') dêr't ús 'snie' yn werom te kennen is. Yn Keltyske, Slavyske, Germaanske, Baltyske en Romaanske talen binne de wurden foar 'snie' ek besibbe oan datselde … [Lees meer...] overSnie
Jûn
It Fryske wurd foar it part fan de dei tusken 18:00 en 00:00 oere hat hjoed-de-dei amper wat wei fan dy yn ús buortalen. Op it earste each liket “jûn” neat te krijen te hawwen mei “avond”, “Abend” of it Deenske “aften”. Yn it iere Aldfrysk hiene wy de foarm “even(d)”, dy't dochs ferrekte bot liket op it Ingelske “eve”. Yn wat letter Aldfrysk fine we oars ek al in foarm dêr't dy … [Lees meer...] overJûn
Krookjefakânsje
Ofrûne wike wie it krookjefakânsje. Ek wol foarjiersfakânsje neamd of, yn it Nederlânsk, voorjaarsvakantie of krokusvakantie. Krookje is it Fryske wurd foar krokus en referearret oan de wolbekende blom. Oars as yn it Nederlânsk is krokus yn it Frysk dus wurden ta krookje, nei alle gedachten in ferlytsing fan krook, in foarm dy't wy histoarysk sjoen ek noch wol sporadysk yn it … [Lees meer...] overKrookjefakânsje
Besykje en probearje
Yn it Frysk hawwe wy twa wurden foar wat yn it Nederlânsk ‘proberen’ is, nammentlik ‘probearje’ en ‘besykje’. De twa wurden hawwe elk ek krekt wat in oare betsjutting. As je wat besykje, dan spanne je je yn om wat te dwaan of om wat te berikken. Je witte dan net hielendal seker oft it slagje sil. Je kinne bygelyks besykje om lekker sop klear te meitsjen. As je wat probearje, … [Lees meer...] overBesykje en probearje
Frommes
Yn earder tiden wie 'frouminske' in wurd dat brûkt waard om in minske fan it froulik slachte mei oan te tsjutten. De foarm frouminske is yn ûnbrûk rekke, mar de gearlutsen en ferbastere foarm frommes bestiet noch wol yn it Frysk fan hjoed-de-dei, bygelyks yn 'Dêr rint in frommes mei in laptop.' De fraach is oft frommes hjir neutraal is, mooglik sil elk dêr net … [Lees meer...] overFrommes
Wêr is … keard?
In kollega op ’e Fryske Akademy frege my nei oanlieding fan de fynst fan in kacheltsje fan it Poptaslot fan Marsum oft ik de ûndertitel “mar wêr binne de oaren keard?” wol bêst genôch fûn. Ik hie der gjin problemen mei, mar bin fansels kleure troch de regio dêr’t ik opgroeide en de hast acht jier dat ik al yn de Fryske akademyske rûnten meidraai. Neffens rabbeltsjes yn ’e … [Lees meer...] overWêr is … keard?
Heit
It Fryske wurd foar de pater familias wykt bot ôf fan de talen om ús hinne, dat falt in bytsje taalsneuper al gau op. Al sûnt de santjinde iuw wurdt besocht om te ferklearjen wêr't ús wurd foar heit wei komt. Neffens Buma, earder heechlearaar Frysk yn Grins, komt it fan it Aldfryske tiidwurd heta ,dat sokssawat betsjut as it Nederlânske bevelen. Yn it hjoeddeiske Frysk hawwe wy … [Lees meer...] overHeit
Ornaris
Op it stasjon fan Ljouwert hinget in plakette mei de tekst: “De minsken wolle ornaris wêze hwer't se net binne”. Dat wurd “ornaris” sjocht der net sa Frysk út. It betsjut sokssawat as “meastentiids, gewoanwei, yn ’e regel”. Nei alle gedachten is it in Latynsk lienwurd, ordinarius, dat al in pear iuwen yn it Frysk meidraait en sadwaande moai ferfryske is ta ornaris. It is … [Lees meer...] overOrnaris
Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers
De tiid fan dichtsjen en rymjen komt der wer oan as Sinteklaas ynkoarten foet oan wâl set. Yn it ferlet fan alle helpsinteklazen, hobbyrappers en aspirant-dichters wurdt no foarsjoen. Op sneintemiddei 12 novimber 2023, presintearret de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’. De … [Lees meer...] overDigitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers
Op syn idioatysk Frysk. Taalkundige analyze fan it ‘Idioticon Frisicum’(1806) fan Everwinus Wassenbergh.
Ynlieding Op 9 oktober stie myn artikel Op syn Gryksk op Frisistyk. Dat wie basearre op de lêzing dy’t ik op de Dei fan de Fryske taalkunde (6 oktober ll.) holden haw oer de ynfloed fan de Schola Hemsterhusiana op de taalresepsje fan Everwinus Wassenbergh-en-dy, de heechleararen Gryksk en oare akademisy yn de achttjinde en de earste helte njoggentjinde iuw. It gie om in … [Lees meer...] overOp syn idioatysk Frysk. Taalkundige analyze fan it ‘Idioticon Frisicum’(1806) fan Everwinus Wassenbergh.