Yn de perioade febrewaris oant en mei juny fan dit jier haw ik myn masterskripsje skreaun oer de ynfloed fan lokale taalfarianten en identiteiten op it Frysk. De wichtichste útkomst dêrfan wie dat it hawwen fan it Biltsk en/of it Stedfrysk as memmetaal derfoar soarget dat learlingen yn de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis signifikant positivere attitudes foar it Frysk oer hawwe en taalfeardiger binne as learlingen mei it Nederlânsk as memmetaal. Boppedat is op beide mêden gjin ferskil mei learlingen dy’t fan hûs út Frysk prate te merkbiten. As nei de ynfloed fan jins identiteit sjoen wurdt, falt op dat Bilkerts ek signifikant hegere taalfeardigens yn it Frysk hawwe as Nederlanners en net signifikant minder feardich binne as Friezen. Op it mêd fan attitudes ferskille Bilkerts net signifikant fan sawol Friezen as Nederlanners.
Meartaligens en it Frysk
We libje hjoed-de-dei yn in wrâld dêr’t meartaligens hieltyd mear de noarm wurdt en sjoen wurdt as in posityf fenomeen (Conteh & Meier, 2014; May, 2013). Dochs hat men oanstriid de talen dy’t it tichtst by steane te fertutearzjen en om benammen te sjen nei de gruttere, dominantere talen (De Angelis, 2011; Moenandar et al., 2023). Sadwaande binne attitudes fan dosinten en learlingen foar dominantere talen, lykas it Ingelsk, oer in stik positiver as dy foar it Frysk oer (Debreczeni et al., noch te ferskinen; Van Ruijven & Ytsma, 2008; Günther-Van der Meij et al., 2021).
Gelokkich foar it Frysk is de taal fan de ferline iuw ôf goed ynstitúsjonalisearre en binne skoallen (útsein skoallen yn plakken dy’t net ta it Fryske taalgebiet rekkene wurde) sawol yn it primêr ûnderwiis (sûnt 1980) as yn it fuortset ûnderwiis (sûnt 1993) ferplichte it Frysk as skoalfak oan te bieden en in positive attitude foar de taal te stimulearjen (Varkevisser & Walsweer, 2018). Dêrnjonken leit der sûnt 1992 mei de European Charter for Regional or Minority Languages (ECRML) in ynternasjonaal fûnemint ûnder de posysje fan it Frysk (Ried fan Europa, 1992).
Likegoed docht út ûndersyk fan Varkevisser et al. (noch te ferskinen) bliken dat lang net alle skoallen it Frysk as fak oanbiede. Dat is neffens de ECRML wol ferplichte, krekt as dat it Frysk neffens artikel 8 fan de ECRML ek yn in diel fan it ûnderwiis as fiertaal ynset wurde moat, sa’t dat yn bygelyks it Baskelân en Kataloanië wol dien wurdt (Cenoz & Gorter, 2019; Juarros-Daussà & Lanz, 2009). Omdat dat net it gefal is, hat de Ried fan Europa yn 2021 foar de sânde kear op rige har soargen útsprutsen it Fryske ûnderwiis.
Om de posysje fan it Frysk fuort te sterkjen, is troch de Provinsje Fryslân bepaald dat it fak Frysk yn it jier 2030 op in danich nivo jûn wurde moat dat memmetaalpraters leare om Frysk te lêzen en te skriuwen en net-memmetaalpraters leare it Frysk te ferstean en te praten (Ministearje fan BSK & Provinsje Fryslân, 2018). Dat kin dien wurde troch de fokus folslein op it Frysk te lizzen, mar ek troch it Frysk op te nimmen yn in meartalich skoalprogramma. Yn sokke programma’s wurdt njonken it Nederlânsk, en faak ek it Ingelsk, in diel fan in ûnderwiis yn it Frysk jûn.
It stramyn is hjoed-de-dei dan ek om nei it Frysk te sjen út in perspektyf fan dy dominantere talen wei, mar yn myn masterskripsje haw ik besocht nei it Frysk te sjen út in kontekst wei dêr’t it Frysk net allinnich de minderheidstaal is. Yn relaasje mei it Stedfrysk en it Biltsk, de twa taalfarianten dy’t ik yn it ûndersyk opnaam haw, is der just ek sprake fan in beskate hegemony fan it Frysk.
Kultuer en identiteit
Talen en kultueren steane noait los fan inoar en yn gebieten dêr’t ferskate kultueren gear komme, ûntstiet gau friksje, mar sa lang as dat binnen de perken bliuwt, hoecht dat hielendal net slim te wêzen. Troch de wei fan wat ûnder oaren Panayi (1999) en Cornips en De Rooij (2013) bestimpelje as Selfing en Othering ûntdekke je ta hokker groep of kultuer oft je hearre troch oaren dy’t net oan beskate skaaimerken foldogge te bestimpeljen as ‘de oar.’ Dat kin fansels hiel maklik oan de hân fan taal: sy prate Frysk en wy Stedfrysk, dus sy binne de oar, mar ek troch te sjen nei kulturele skaaimerken: sy drage mei grutskens de Fryske identiteit út en wy net, dus sy binne de oar. Dêrby moat trouwens oanmurken wurde dat it ien it oar net yn essinsje útslút en identiteiten faak ‘hybride binne (Nunan & Choi, 2010; Sarkar & Allen, 2007). Deselde persoan kin yn it stadion fan SC Cambuur bygelyks ‘’100% anti-Fries’’ wêze, mar by it keatsen it Frysk folksliet entûsjast mei sjonge.
Minsken sette har dus (ûnbewust) ôf tsjin oare kultueren dy’t yn har libben foarkomme. Sa distansjearje Bilkerts har fan it Frysk (Kuiken, 2014) en is it Stedfrysk oait ûntstien trochdat de ynwenners fan guon stêden kontakt krigen mei minsken út oare dielen fan Nederlân, mar har taal kwealik ûnder de knibbel krigen. Dochs hie it Stedfrysk oan de ein fan de sechtjinde iuw mear status as it Frysk (Jonkman & Versloot, 2018) en wurdt it noch hieltyd brûkt om jin tsjin de Fryske kultuer ôf te setten.
De oare kant fan it ôfsetten tsjin kultueren is lykwols dat men leart om kultueren en talen te wurdearjen troch der mei yn oanrekking te kommen. Sa is it learen fan frjemde talen net inkeld goed foar jins taalfeardigens yn dy taal, mar ek foar in breder fûnemint dat je ek by it learen fan oare talen brûke kinne (Cenoz, 2013; Jessner, 2006) en jins taalbewustwêzen (Bialystok et al., 2014). Dat lêste is dan wer goed foar it ûntwikkeljen fan positive attitudes foar (frjemde) talen oer (Haukås et al., 2021).
Undersyksmetoade
Bern sette yn de middelbere skoalle perioade grutte stappen yn it foarmjen fan har identiteit (Bruin-Raven et al., 2016; Verhoeven et al., 2017). Boppedat geane se yn Fryslân faak fan basisskoallen, dêr’t learlingen foar it grutste part út deselde doarpen of wiken komme, nei middelbere skoallen, dêr’t in grutter ferskaat is yn wen- en berteplakken fan learlingen. Dêrom is keazen om it ûndersyk út te fieren op ien middelbere skoalle yn Frjentsjer, dêr’t Stedfrysk praat wurdt, en ien yn Sint Anne, dêr’t Biltsk praat wurdt.
Op beide skoallen binne de attitudes foar it Frysk oer, de identiteit fan learlingen en har taalfeardigens yn it Frysk metten. Dat is dien oan de hân fan in enkête, dy’t foar in part basearre is op wurk fan Coret-Bergstra et al. (noch te ferskinen), en de Frisia basistoets, dy’t troch Jonkman (2017) ûntwikkele is. Beide binne yn acht klassen (fiif yn Frjentsjer en trije yn Sint Anne) ôfnaam by learlingen op tmbû, hafû en hafû-ateneum nivo. Uteinlik binne der 81 responzen meinaam yn de analyze fan de resultaten. Foar in wiidweidigere beskôging fan de ûndersyksmetoade en de folsleine enkête ferwiis ik graach nei de metodology-seksje fan myn skripsje.
Konklúzjes
It ûndersyk sa’t dat hjirboppe beskreaun is, hat laat ta in oantal konklúzjes, te witten:
1) Der bestiet in sterk ferbân tusken jins memmetaal en identiteit, mar beiden hoege net altyd te oerlaapjen. Sa binne der bygelyks guons dy’t gjin Biltsk prate, mar har wol as sadanich identifisearje en oarsom. Dêrby moat lykwols opmurken wurde dat learlingen mei Biltsk as memmetaal ek faak oare memmetalen, lykas Frysk, hawwe. Dat taal hoe dan ek in wichtige rol spilet yn jins identiteit, waard earder al útwiisd troch bygelyks Norton (2010);
2) Learlingen dy’t fan hûs út Frysk, Stedfrysk of Biltsk prate, hawwe signifikant positivere attitudes foar it Frysk oer en binne ek signifikant feardiger yn it Frysk as learlingen dy’t fan hûs út Nederlânsk of in oare taal prate. Der is gjin signifikant ferskil mei learlingen mei Frysk as memmetaal;
3) De attitudes foar it Frysk oer fan Bilkerts (learlingen dy’t har dus as sadanich identifisearje) ferskille net signifikant fan dy fan Friezen of Nederlanners. Friezen hawwe wol signifikant positivere attitudes as Nederlanners. Bilkerts binne yn it Frysk, krekt as Friezen, wol signifikant taalfeardiger yn it Frysk as Nederlanners;
4) It ûnderwiisnivo fan de learlingen en de lokaasje fan de skoalle hawwe gjin ynfloed op attitudes foar it Frysk oer, mar wol op har Fryske taalfeardigens. Sa helje learlingen dy’t tmbû dogge signifikant legere skoares op de Frisiatoets as learlingen dy’t hafû dogge. Der is net in signifikant ferskil tusken learlingen fan de nivo’s hafû en hafû-ateneum en, opmerklik genôch, ek net tusken learlingen fan tmbû en hafû-ateneum. It feit dat der op de skoalle fan Frjentsjer signifikant legere skoares helle waarden as op dy fan dy fan Sint Anne liket in gefolch te wêzen fan de ynfloed fan it ûnderwiisnivo, omdat yn Frjentsjer mear learlingen mei tmbû-nivo oan it ûndersyk meidienen;
5) Der bestiet in signifikante positive relaasje tusken jins attitude foar it Frysk oer en jins feardigens yn it Frysk. Dat, wat positiver de attitude foar it Frysk oer, wat better de taalfeardigens yn it Frysk. Yn oare konteksten kamen al ferlykbere útkomsten oan it ljocht (Lasagabaster, 2006).
Al mei al kin konkludearre wurde dat it foar it Frysk net bedriigjend is as learlingen Biltsk of Stedfrysk prate en/of har as Bilkert identifisearje. It Stedfrysk is wol as taalfariant ûndersocht, mar net as identiteit, omdat immen dy’t him/har as Biltker identifisearret frij maklik yn dy groep ynsletten wurde kin, wylst immen dy’t him/har identifisearret as in ynwenner fan bygelyks Frjentsjer of as stedsjer net automatysk in Stedfries is. Foar neier ûndersyk soe it nijsgjirrich wêze om dúdlikere mjitstêven te kreëarjen en sadwaande immen as Stedfries bestimpelje te kinnen. Dan kin der faaks ek djipper yngien wurde op de attitudes foar it Biltsk en it Stedfrysk oer.
Kontakt
As jo nei it lêzen fan dit artikel fragen foar my hawwe, beäntwurdzje ik dy graach. Jo kinne it bêste in mailtsje stjoere nei: thom.de.haan1@nhlstenden.com
Literatuer
Bialystok, E., Peets, K. F., & Moreno, S. (2014). Producing bilinguals through immersion education: Development of metalinguistic awareness. Applied Psycholinguistics, 35(1), 177-191.
Bruin-Raven, A., Wassink, H., & Bakker, C. (2016). Kiezen voor persoonsvorming: Identiteitsontwikkeling van leerling en school. Phronese.
Cenoz, J. (2013). The influence of bilingualism on third language acquisition: Focus on multilingualism. Language Teaching, 46(1), 71-86.
Cenoz, J. & Gorter, D. (2019). Minority Languages, National State Languages, and English in Europe: Multilingual Education in the Basque Country and Friesland. Journal of Multilingual Education Research, 9(1), 61-77.
Conteh, J. & Meier, G. Introduction. (2014). Yn J. Conteh & G. Meier. The Multilingual Turn in Languages Education: Opportunities and Challenges (pp. 1-14). Multilingual Matters. https://doi.org/10.21832/9781783092246
Coret-Bergstra, M., Günther-Van der Meij, M. T., & Duarte, J. (noch te ferskinen). Heritage Language Education in Minority Language Settings, the Affordances of a Language Awareness Approach. Yn J. Parda & M. Driver (Red.), Emotions and Identity in heritage language maintenance (pp. …). Heritage Language Journal.
Cornips, L., & De Rooij, V. A. (2013). Selfing and othering through categories of race, place, and language among minority youths in Rotterdam, The Netherlands. Yn P. Siemund, I. Gogolin, M. E. Schulz, & J. Davydova (Red.), Multilingualism and Language Diversity in Urban Areas : Acquisition, identities, space, education (pp. 129-164). Benjamins.
De Angelis, G. (2011). Teachers’ beliefs about the rôle of prior language knowledge in learning and how these influence teaching practices. International Journal of Multilingualism, 8(3), 216-234. https://www.tandfonline.com/doi/epdf/10.1080/14790718.2011.560669?needAccess= true&role=button
Debreczeni, S., Duarte, J., & Günther-Van der Meij, M. T. (noch te ferskinen). Potential new speakers of Frisian in educational settings: Implicit and explicit attitudes in learning a minority language. Yn J. Cenoz & D. Gorter (Red.), Acquiring a minority language as a second language (pp. …). Routledge.
De Haan, T. (2023). De ynfloed fan lokale taalfarianten en identiteiten op it Frysk. [Masterskripsje]. Ryksuniversiteit Grins.
Günther-Van der Meij, M. T., Duarte, J., & Coret-Bergstra, M. (2021). Design-Based Research at the core of the innovative development in the field of multilingual education. Yn R. J. Coelen, G. Geitz, A. Donker, & H. Assen (Red.), Stepping into Design-Based Education, 120-129. NHL Stenden Hegeskoalle.
Haukås, Å., Storto, A. C., & Tiurikova, I. (2021). Developing and validating a questionnaire on young learners’ multilingualism and multilingual identity. Language Learning Journal, 49(4), 404–419. https://doi.org/10.1080/09571736.2021.1915367
Jessner, U. (2006). Linguistic Awareness in Multilinguals: English as a Third Language. Edinburgh University Press.
Juarros-Daussà , E., & Lanz, T. (2009). Re-thinking balanced bilingualism: the impact of globalization in catalonia. Language Problems and Language Planning, 33(1), 1–21. https://doi.org/10.1075/lplp.33.1.01jua
Jonkman, R. J. (2017a). Ontwikkeling van een taalkennistoets voor Fries op school: De Frisiatoets. Yn R. Jonkman (Red.), Wêr hast it wei? Evaluaasjesysteem Frysk (Grip-project 2014-2016), (pp. 9-23). NHL Hegeskoalle.
Jonkman, R. J., & Versloot, A. P. (2018b). The story of frisian in multilingual friesland. (T. Johnston, Oers.). Afûk.
Kuiken, C. J. (2014). Van broedertrouw tot bildtweb : de friese gemeente het bildt in de lange twintigste eeuw. Wijdemeer.
Lasagabaster, D. (2006). Language Use and Language Attitudes in the Basque Country. Yn D. Lasagabaster & Á. Huguet, Multilingualism in European Bilingual Contexts: Language Use and Attitudes (pp.65-89). Multilingual Matters. https://doi-org.proxy-ub.rug.nl/10.21832/9781853599316
May, S. (2013). The multilingual turn: implications for sla, tesol and bilingual education. Routledge. https://doi.org/10.4324/9780203113493
Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes & Provinsje Fryslân (2018). Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019-2023.
Moenandar, S-J., Lucaci, M., & Duarte, J. (2023). “Or even Frisian, yes. No, no”: The negotiation of space for a minority language in narratives by pre-service teachers. Frontiers of Narrative Studies, 8(2), 224-249. https://doi.org/10.1515/fns-2022-2022
Norton, B. (2010) Language and Identity. Yn Hornberger, N. & McKay, S (Red.), Sociolinguistics and Language Education (pp. 349-369). Multilingual Matters. https://doi.org/10.21832/9781847692849
Nunan, D., & Choi, J. (2010). Language and Culture: Reflective Narratives and the Emergence of Identity. Routledge.
Panayi, P. (1999). An Ethnic History of Europe since 1945: Nations, States and Minorities. Routledge.
Ried fan Europa. (1992). European Charter for Regional or Minority Languages. Rieplachte op 20 febrewaris 2023, fan https://rm.coe.int/1680695175
Ried fan Europa. (2022). Seventh Evaluation Report on the Netherlands. Council of Europe. Rieplachte op 17 april 2023, fan https://rm.coe.int/netherlandsecrml7-en/1680aa8930
Sarkar, M., & Allen, D. (2007). Hybrid Identities in Quebec Hip-Hop: Language, Territory, and Ethnicity in the Mix, Journal of Language, Identity, and Education, 6(2), 117-130. https://doi.org/10.1080/15348450701341253
Van Ruijven, B. & Ytsma, J. (2008). Trijetalige Skoalle yn Fryslân. Onderzoek naar de opbrengsten van het drietalige onderwijsmodel in Fryslân. Fryske Akademy. https://www.nuffic.nl/sites/default/files/2020-08/trijetalige-skoalle-yn-fryslan.pdf
Varkevisser, N. A., Visser, F. H., & Walsweer, A. P. (noch te ferskinen). It is mei sizzen net te dwaan: De 1-mjitting Primêr Underwiis. Provinsje Fryslân.
Varkevisser, N. A., & Walsweer, A. P. (2018) It is mei sizzen net te dwaan. Provinsje Fryslân.
Verhoeven, M., Poorthuis, A. M. G., & Volman, M. (Septimber 2017). Exploreren kun je leren: De rol van onderwijs in de identiteitsontwikkeling van learlingen. Universiteit fan Amsterdam.
Laat een reactie achter