Dy’t oan ‘e lette Fryske midsiuwen tinkt, sil tinke oan in lânskip dat skaaimerke waard troch in grut tal kleasters. Goed sechtich hawwe dat der west, dy’t yn ‘e rin fan ‘e sechtjinde iuw harren delgong seagen nei oanlieding fan ‘e reformaasje. Ien fan de ferneamdste en rykste kleasters fan Fryslân wie Thabor, dat tusken 1406-1580 bestie yn Tirns (deunby Snits). In soad minsken sille Thabor kenne fanwegen de grutte kronikeurs dy’t dêr taholden: Petrus fan Thabor, Henricus Goude en Worp fan Thabor (faaks wol de ferneamdste). Njonken de skiedskriuwerij, hawwe we ek oerlevere teologysk, wittenskiplik en diplomatyk wurk dat syn oarsprong fynt yn Thabor.1 Al mei al is der fan gjin kleaster safolle materiaal oerlevere as fan Thabor, nettsjinsteande dat der gjin ryk kleasterargyf bewarre bleaun is.
De perioade dêr’t Thabor yn bestie, 1406-1580, wie taalkundich sjoen ek in tige nijsgjirrich tiidrek. Yn 1498 kaam der in ein oan de Fryske frijheid en yn de heale iuw dêrnei waard it Frysk yn in frij rap tempo troch it Nederlânsk as skriuwtaal ferkrongen2. By de stifting fan it kleaster hie it Frysk as bestjoerstaal noch stevich yn ‘e skuon stien, mar by de opheffing wie it Frysk as skriuwtaal folslein fan it toaniel ferdwûn.
De kombinaasje fan it feit dat krekt fan Thabor safolle oerlevere boarnemateriaal beskikber is én fan it feit dat Thabor yn syn libbensdoer tsjûge wie fan niisneamde yngripende taalkundige ûntjouwings, makket it nijsgjirrich om ris te sjen nei taalferoaringen en taallânskip binnen de kleastermuorren.
Om dêr in better byld fan te krijen, is it maklik en ferdiel de oerlevere boarnen dy’t we út Thabor hawwe yn ferskate kategoryen (of: domeinen)3. Yn it foarste plak is it goed om te sjen nei tsjerklike boarnen, bygelyks missalen en getideboekjes. Dêrfan binne der in pear oerlevere út Thabor, sawol út de fyftjinde iuw as út de sechtjinde iuw. Alle tsjerklike boarnen út Thabor binne yn it Latyn of Nederlânsk skreaun; neat wiist derop dat it Frysk in rol spile hat wat de teologyske aspekten fan Thabor oanbelanget.
Twads sjogge we nei de wittenskip. Der is ien hânskrift mei dêryn it natuerwittenskiplike wurk fan Walterus Enchusen oerlevere, dat yn de Universiteitsbibleteek yn Grins te sjen is (sinjatuer Hs 103). Dit hânskrift befettet benammen kopiearre wurk, oanfolle mei eigen stikken fan Enchusen, dy’t, sa’t de namme al seit, út Inkhuzen kaam. Nijsgjirrich is fol. 224r, om’t dêr in kleasterplattegrûn optekene is fan Thabor!
Op it mêd fan rjocht wurdt it, foar dyjinge dy’t ynteressearre is nei de rol fan it Frysk, wat nijsgjirriger. It Aldfrysk stiet as skreaune taal yn it foarste plak te boek as de taal fan rjocht: rjochtsteksten, oarkonden en testaminten waarden yn it Frysk optekene. Yn de fyftjinde iuw barde dat yn Thabor likegoed (al betsjinnen de lju harren ek fan it Nederlânsk yn testaminten en oarkonden), mar it is nijsgjirrich dat ek yn de perioade 1515-1540, as it Frysk as skriuwtaal al aardich yn ‘e nederklits rekke is, dochs noch de oantrún field waard yn Thabor om sa út en troch oarkonden of testaminten yn it Frysk te ferfeardigjen. Hjir moat ek it plak fan Jus Municipale Frisonum hjir (ek wol Hs R 5 fan ‘e Richthofenkolleksje yn Tresoar) neamd wurde: wylst net mei absolute wissichheid sein wurde kin dat Jus yn Thabor ferfeardige is, wurdt de oarsprong fan dit hânskrift op grûn fan ûnder mear ynhâld en dialektkleur dochs yn Thabor socht, ûnder mear troch Steensma (1970, 92-93), Gerbenzon (1965, 15-16) en ûndersyksgroep Pastei (2023, 90). Jus is in kopy dy’t tusken 1524-1539 ferfeardige is neffens ien of mear lizzers dy’t yn of krekt nei 1464 skreaun binne. Utsein twa Nederlânske teksten, is dit rjochtshânskrift folslein Frysktalich, al is dat wol sa út en troch mei in Nederlânsktalige ynslach. As Jus yn Thabor ferfeardige is tusken 1524 en 1539, is dat tige opmerklik: wêrom soe de needsaak noch sjoen wêze om in Frysk hânskrift mei dêryn Aldfrysk rjocht te ferfeardigjen, as it Frysk as skriuwtaal foar it grutste part al ferdreaun wie en it Aldfrysk rjocht ek al ôfskaft wie? In nijsgjirrich fraachstik!
As lêste is it dan fansels noch tiid om de skiedskriuwerij derby te pakken; ít domein dêr’t Thabor ferneamd om wurden is. Yn it foarste plak giet de oandacht út nei de historiografyske wurken fan kronikeurs Worp fan Thabor, Petrus fan Thabor en Henricus Goude. Trije kroniken dy’t bekend stean as de grutste, wiidweidichste en kleurrykste wurken út Thabor én trije kroniken dy’t alle trije net yn it Frysk skreaun binne. De foarkar wurdt jûn oan it Latyn of oan it Nederlânsk, al komt by de kronyk fan Petrus sa út en troch wol in lytse Frysktalige passaazje foar. Likegoed binne dizze trije kroniken net de iennichste historiografyske wurken dy’t yn Thabor ferfeardige binne. Der binne noch aardich wat oare lytsere kronykjes dy’t harren oarsprong yn Thabor fine, út sawol de fyftjinde as sechtjinde iuw (sjoch tabel 1). As men nei de taal fan dy kronykjes sjocht, kriget it Frysk opfallend faak de foarkar en dan benammen yn de kronykjes dy’t yn ‘e fyftjinde iuw skreaun binne. Nijsgjirrich is dat ek yn de sechtjinde iuw noch lytse kronykjes yn Thabor yn it Frysk ferfeardige binne. Al mei al soe út it niisneamde hoeden opmakke wurde kinne, dat it Frysk op it mêd fan skiedskriuwerij yn Thabor in wat rommer plak hân hat as dat it oant no ta tabedield waard. Likegoed moat men altyd yn ‘e rekken hâlde, dat de trije grutste, kleurrykste wurken nét yn it Frysk skreaun binne.
Al mei al is it noch net sa hiel maklik om in akkuraat taallânskip sketse te kinnen; der is ommers mar in beheind tal oerlevere boarnen, en datjinge dat ferdwûn is, kinne we neat oer sizze. It helpt om de boarnen dy’t we wol hawwe op te dielen yn domeinen, mar sels dan is it dreech om in goed byld te krijen. Fan guon domeinen, lykas (natuer)wittenskiplik wurk, is mar ien hânskrift oerlevere; net genôch om represintatyf te wêzen foar faaks wol in grutter korpus dat yn Thabor ferfeardige wurden hawwe kin. Dêrnjonken binne der ek beskate perioades dêr’t minder of gjin boarnen út oerlevere binne, bygelyks de earste jierren fan it kleaster. Dat it Frysk dochs noch frij lang yn ‘e schtjinde iuw brûkt waard en boppedat net allinnich yn rjochtsteksten, is nettsjinsteande dizze feiten frij opmerklik. Likegoed hat it Frysk yn Thabor, lykas yn hiel Fryslân, lang om let yn ‘e sechtjinde iuw as skriuwtaal gjin stân holden.
1 Yn 1970 hat Regnerus Steensma it kleaster, kleastlibben en syn oerlevere boarnen wiidweidich beskreaun yn syn dissertaasje Het Klooster Thabor bij Sneek en zijn nagelaten geschriften: een inleiding en inventarisatie.
2 Sjoch foar dizze ûntjouwing Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal: De verdringing van het Fries als schrijftaal door het Nederlands (tot 1580) (1993) fan Oebele Vries.
3 Lykas yntrodusearre yn Old Frisian: a Legal Language in Principle (2014) troch Anne Popkema
Laat een reactie achter