Snein 12 novimber is it digitale Frysk rymwurdboek online gongen. Ter eare fan dy gelegenheid hat dichteres Janneke Spoelstra In rymke by it rymwurdboek skreaun. Sels ek in rymke meitsje? It rymwurdboek is streekrjocht te finen fia www.frysker.nl/rymje en fia www.rymwurdboek.nl .
In rymke by it rymwurdboek
Janneke Spoelstra
Hjoed bin ik sneinsdichter, stedsdichter,
mei it rymwurdboek rimet it lichter.
Ja, sa wurdt elk fan Fryslân in Dichter,
doarpsdichter, gemeentedichter, wrâlddichter.
Kom, lit ús rymje, lit de wurden flymje,
lit ús wurden lymje. Net mear pûste en hymje,
net langer grymje of stymje,
lit dyn slomjend dichttalint ûntkymje.
Mar pas op, mei it rymwurdboek op ’t skerm
rydst mei auto of fyts samar as in blineterm
fan dyk of fytspaad ôf yn ’e berm.
Yn ûnderwâl of sleat brekst skonk of earm.
Dêrom rimest better thús,
by jimme of by ús,
op ’e bank of ûnder it itensieden by it fornús.
Elk kin it, bist smoarryk of earm as in lús.
Wiest earder oeren yn ’e war
mei in rym foar him of har,
fan hjoed ôf oan hast kar foar bar
en is ’t it oergearkommen mar.
Der skûlet ek in Gysbert of in Rixt yn dij.
In rym foar Sinteklaas of trouwerij,
mei it rymwurdboek dichtest blij en frij,
hast samar libben yn ‘e brouwerij.
Mei it rymwurdboek op frysker.nl
begjint de dichtier te streamen, krijst pikefel.
Mei de rymwurden fan de Fryske Akademy
dichtest mei om priis en premy.
Of bist mear in rapper, dan kinst mar rappe,
mei rymwurden in wrâld skeppe.
Of in appke op rym nei dyn leafste appe.
Al rymjend fierder as de pols lang is ljeppe.
Lit dy noflik yn ’e kessens sakje
mei tee of kofje, in gebakje of konjakje.
Wie it dy oars te stûf, mei o-e of û-dakje,
it rymjen is no foar elk in makje.
Is it rym manlik, froulik, glydzjend, heal, ryk of fol
en liket it dy earst eins in tizebrol,
bist bang, do wurdst as in ko hoarndol,
yn it rymwurdboek fynst grif it goede rymwurd wol.
Rymjen wurdt no foar elk wille en tier.
Mei it dichtsjen rekkest fan ’e flier.
Rymjen dochst grif fan hjoed ôf mei plezier.
Mei it rymwurdboek giet it as in tierelier.
Binne de wurden de stiennen, de rym is de speesje.
Brûk se goed, en brûk se mei diskreesje.
In rymke meitsje wurdt no foar elk in feestje.
En hoechst net ta de bûse, it is ek noch fergees, juh.
Der rinkelet gjin winkelskille. O, wat in wille,
sa’n rymwurdboek, en kinst dy der ek net oan fertille.
Wa’t earder foar dichtsjen noch tebekskrille,
kin no rêstich rymjend tsjille.
Dit rymwurdboek is foar elkenien, foar alle minsken
ienlingsminsken, mienskipsminsken, wonderminsken.
En ta beslút bring ik hjirby oan elk de sûnwinsken,
en foar de makkers en de brûkers de hertlike lokwinsken.
Laat een reactie achter