• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Rymwurdboek lansearre – In rymke by it rymwurdboek

25 november 2023 door Redaksje Frisistyk en Janneke Spoelstra Reageer

Snein 12 novimber is it digitale Frysk rymwurdboek online gongen. Ter eare fan dy gelegenheid hat dichteres Janneke Spoelstra In rymke by it rymwurdboek skreaun. Sels ek in rymke meitsje? It rymwurdboek is streekrjocht te finen fia www.frysker.nl/rymje  en fia www.rymwurdboek.nl .

In rymke by it rymwurdboek

Janneke Spoelstra

Hjoed bin ik sneinsdichter, stedsdichter,
mei it rymwurdboek rimet it lichter.
Ja, sa wurdt elk fan Fryslân in Dichter,
doarpsdichter, gemeentedichter, wrâlddichter.

Kom, lit ús rymje, lit de wurden flymje,
lit ús wurden lymje. Net mear pûste en hymje,
net langer grymje of stymje,
lit dyn slomjend dichttalint ûntkymje.

Mar pas op, mei it rymwurdboek op ’t skerm
rydst mei auto of fyts samar as in blineterm
fan dyk of fytspaad ôf yn ’e berm.
Yn ûnderwâl of sleat brekst skonk of earm.

Dêrom rimest better thús,
by jimme of by ús,
op ’e bank of ûnder it itensieden by it fornús.
Elk kin it, bist smoarryk of earm as in lús.

Wiest earder oeren yn ’e war
mei in rym foar him of har,
fan hjoed ôf oan hast kar foar bar
en is ’t it oergearkommen mar.

Der skûlet ek in Gysbert of in Rixt yn dij.
In rym foar Sinteklaas of trouwerij,
mei it rymwurdboek dichtest blij en frij,
hast samar libben yn ‘e brouwerij.

Mei it rymwurdboek op frysker.nl
begjint de dichtier te streamen, krijst pikefel.
Mei de rymwurden fan de Fryske Akademy
dichtest mei om priis en premy.

Of bist mear in rapper, dan kinst mar rappe,
mei rymwurden in wrâld skeppe.
Of in appke op rym nei dyn leafste appe.
Al rymjend fierder as de pols lang is ljeppe.

Lit dy noflik yn ’e kessens sakje
mei tee of kofje, in gebakje of konjakje.
Wie it dy oars te stûf, mei o-e of û-dakje,
it rymjen is no foar elk in makje.

Is it rym manlik, froulik, glydzjend, heal, ryk of fol
en liket it dy earst eins in tizebrol,
bist bang, do wurdst as in ko hoarndol,
yn it rymwurdboek fynst grif it goede rymwurd wol.

Rymjen wurdt no foar elk wille en tier.
Mei it dichtsjen rekkest fan ’e flier.
Rymjen dochst grif fan hjoed ôf mei plezier.
Mei it rymwurdboek giet it as in tierelier.

Binne de wurden de stiennen, de rym is de speesje.
Brûk se goed, en brûk se mei diskreesje.
In rymke meitsje wurdt no foar elk in feestje.
En hoechst net ta de bûse, it is ek noch fergees, juh.

Der rinkelet gjin winkelskille. O, wat in wille,
sa’n rymwurdboek, en kinst dy der ek net oan fertille.
Wa’t earder foar dichtsjen noch tebekskrille,
kin no rêstich rymjend tsjille.

Dit rymwurdboek is foar elkenien, foar alle minsken
ienlingsminsken, mienskipsminsken, wonderminsken.
En ta beslút bring ik hjirby oan elk de sûnwinsken,
en foar de makkers en de brûkers de hertlike lokwinsken.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Fryske Akademy, frysker, gedicht, leksikografy, poëzie, rijmwoordenboek, rymwurdboek, woordenboek

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Sneontejûn • Pieter Jelles Troelstra

Klokken hear ik klinken
Yn de stille jûn;
’t Sintsje sjoch ik sinken,
Wolkjes sjoch ik blinken,
’t Hiele swurk yn ’t rûn.

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 augustus 2025: Mei-inoar lêze

10 augustus 2025: Mei-inoar lêze

13 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

11 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 augustus 2025: deadline de Gjalp

1 augustus 2025: deadline de Gjalp

8 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

7 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 july 2025: Mei-inoar lêze

20 july 2025: Mei-inoar lêze

28 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d