Yn alle hjoeddeistige Fryske talen hat it wurd foar “ko” in ûnregelmjittige meartalsfoarm. Yn it Westerlauwersk Fryslân is it ientallige wurd almeast ko, wylst by Kollum om koe sein wurdt (mei it lûd fan kût). It meartal dat dêrby heart, is kij (mei it wenstige dialektferskaat yn de útspraak fan it lûd). Yn Noard-Fryslân leit it spul der net botte oars hinne. Op ‘e fêstewâl wurdt yn it iental meast kü brûkt en yn it meartal kee. Op ‘e eilannen Feer en Oomram is it iental kü en it meartal ki.
It hjoeddeistige Frysk hat dat lûdsferskil urven fan it Aldfrysk, dat yn it iental ku en yn it meartal ki hie. Safierhinne is der net safolle bysûnders te melden. It Sealterfrysk docht it lykwols oars. Dat hat yn it iental Ku en dat is fansels neat net opfallend, mar yn it meartal wurdt Bäiste sein. Dat mei dan ek ûnregelmjittich wêze, it is al gâns wat oars as de meartallen yn de oare Fryske talen.
Yn it Sealterfrysk is Bäiste in plurale tantum, mar it Westerlauwersk Frysk hat itselde wurd as beest of bist ek yn it iental. It hat dêr lykwols in wat oare betsjutting. Hjoed de dei ferwiist it nei wat de biologen de Animalia neame, útsein de minsken. Dêr hearre eamelders by, snoeken, kikkerts, protters, fûgelbekbisten, hûnen en al sawat mear. It wurd bistetún makket dat moai dúdlik.
Dat wurd beest is al yn ‘e midsieuwen út it Frânsk wei liend, dat doe soks as beste hie – mei in [s]-lûd deryn, dat yn it hjoeddeiske bête weiwurden is. Yn it Westerlauwersk Frysk hat it earst lûdferkoarting yn it meartal krigen, dus njonken ien beest wienen der twa bisten. In part fan de Frysktaligen hat út dat meartal letter in nij iental bist foarme. De buortalen ha it Frânske wurd ek oernaam, mar mei justjes oare betsjuttingen of gefoelswearden. Sa betsjut it Dútske Biest soks as “rotbist” of sels “rotding”. It Hollânsk hat beest as wat wat rûch of leechlizzend synonym fan dier.
Yn it Westerlauwersk Frysk wurdt bisten ek wol foar de kij brûkt. In boer te Hallum dy’t by de bisten sjen sil, giet almeast net nei de bargen of de hinnen ta, mar nei Bartele-en-dy. Mei it Noardfryske bäiste is dat yn grutte halen itselde: de boer by Risem om dy’t nei da bäiste ta giet, sjocht by de kij, al fernijde Erk Petersen my út syn eigen ûnderfining op it Noardfryske plattelân dat bäiste njonken de melke kij ek de bollen en it jongfee dat noch net melk is, omfettet. Wat men derfan by eintsjebeslút fan op ‘e panne hat, wurdt wol bäistebroos neamd, wylst sa’n gebradentsje yn it Westerlauwerske kowefleis neamd wurdt. Yn it Noardfrysk binne kee by Erkomme de bisten dy’t men melke kin.
Yn it Sealterfrysk hat Bäiste noch rommer plak yn it wurdfjild fan it bûthús. Dêr wurdt Bäistebroaden iten, njonken Bäisteflaask of Bäistesoppe. It Noardfrysk brûkt yn sokke gearstallingen almeast nüütje, dat deselde stam hat as it Westerlauwerske nut en genietsje. Yn Risem komt bygelyks nüütjeflååsch op ‘e tafel. Fierder is yn it Sealterfrysk it meartal fan Moalkku Moalkbäiste. It âlde meartal Kie is helendal út de taal weiwurden.
Helendal? No, dat tochten wy. De wurdboeken litte der ek gjin spoar fan sjen. Wy hienen lykwols ûngelyk. Bouke Slofstra fûn okkerdeis nammentlik it wurd Kiebäiste. Dat kaam foar yn oantekeningen fan Pyt Kramer, dy’t yn de foarige ieu sawat twahûndert petearen yn it Sealterfrysk op bân opnaam hat. Dêr docht út bliken dat Kiebäiste kokeallen (yn tsjinstelling ta bollekeallen) binne. Dat dûbelde meartal sit noch in spoar yn fan it âlde meartal Kie.
Dat sa’n meartal as foarste lid fan in gearstalling of ôflieding brûkt wurdt, is wat nuver, mar meartallen dy’t der net al te meartallich útsjogge, dogge soks wol mear. Elk kin fansels de rigel “Kijkes yn ’t finlân rinne te weidzjen” út de Wâldsang. Fierder komt njonken koferweidzje ek kijferweidzje foar. Skuon hellet yn skuontsjes deselde grap út.
Dat: it wurdfjild mei him dan yn elk fan de Fryske talen oars ûntjûn ha, de Aldfryske foarmen ku en ki binne yn allegear noch te finen.
Siebren Dyk zegt
Moai stikje, Henk. Hjir noch in lytse oanfolling út it Skiermûntseagersk wei, my foaral basearjend op it Eilander Wezzenbúek. Dat jout wol de foarm “kú” [kü], dêr’t grif in earder [ku] aan foarôfgien is. Mar it wurdboek seit der fuort by dat “kú” seldsum is, “vrijwel uitsluitend voorkomend in de zegswijze hierna en als eerste lid van enkele samenstellingen, zie kúbeest, kúblome, kúkaalf, kústaal”. De oanbelangjende útdrukking is “sjai de kú feur de eers, dan sjochste gele prúmmen”, ‘zie de koe in haar gat, dan zie je gele pruimen (berispend antwoord op een al te vrijpostige, nieuwsgierige vraag)’. It wurdboek jout ek gjin meartalsfoarm. De gearsetting “kúbeest” krijt oars ek al wer de kwalifikaasje seldsum mei. It gewoane wurd foar de ‘ko’ is simpelwei “beest”, en dat wordt “beesten” yn it meertal. Sa kin ik it ek út eilander teksten.