• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

“Meartaligenskoördinator”: misbetearde wurdsjebakkerij

10 juni 2024 door Henk Wolf Reageer

Omrop Fryslân fernijde op 5 juny dat Wietske Poelman “meartaligenskoördinator” fan de gemeente Noardeast-Fryslân wurdt. Dat is moai nijs. It taalferskaat yn Noardeast-Fryslân is grut: de measte doarpen binne Frysktalich, Dokkum hat syn stedsk, yn it Lauwersmargebiet wurde dialekten praat dy’t almeast by it Nedersaksysk rekkene wurde, al tinke guon dêr langer wat oars oer en it Nederlânsk heart en lêst men der ek rûnom. Sille de lytse talen der net ûnder strûpe, dan hat men grut ferlet fan ien as frou Poelman.

De funksjenamme meartaligenskoördinator is lykwols al wat nuver. Dat sit sjesa: meartaligens is in ôflieding fan it eigenskipswurd meartalich mei it achterheaksel -ens. Dat achterheaksel is wat in nuver ding, want it makket wurden dy’t men mar beheind brûke kin. Ien fan ‘e dingen dy’t men der net mei dwaan kin, is om se as foarste lid fan in gearstalling te brûken. Of om it ienfâldich te sizzen: je kinne der net in oar wurd achter plakke.

Dat haw ik net sels betocht. It is beskreaun yn in stik út 1993, dat suver ferneamd wurden is ûnder lju dy’t mei Fryske taalkunde piele: Morfologyske tûkelteammen by de leksikale útwreiding fan it Frysk fan Rienk de Haan en Jarich Hoekstra. Yn dat stik neame de beide skriuwers allegear soarten amtlike Nederlânske wurden dy’t men samar net ferfryskje kin, mei’t de regels foar wurdfoarming yn beide talen no ienkear ûngelyk binne. It stik stiet spitigernôch net op it Internet, mar Taalportaal jout aldergeloks al in gearfetting fan ‘e ynhâld.

Dy observaasje fan De Haan en Hoekstra is net alheel sûnder útsûnderingen. It wurd sûnens hat him bygelyks oan de twang fan it taalsysteem ûntwrotten, dêr fynt men allegear gearstallingen mei, mei sûnenssoarch as ien fan ‘e bekendste foarbylden. Dat is lykwols in wurd dat net in konkurrint mei in oar achterheaksel hat: sûnheid sil de measte Friezen sa fluch net ûntkomme en sûnichheid wol ek net sa lyk.

Meartaligens hat lykwols in wenstige fariant meartalichheid neist him. Sa’n wurd op -heid is morfologysk in stik nofliker om mei te wurkjen. Men kin it skoan as earste lid fan in gearstalling brûke: net in mins sil oer meartalichheidskoördinator stroffelje. Wat soe men dat folle gewoanere wurd dan net nimme om der frou Poelman har funksje mei te beneamen?

No haw ik De Haan en Hoekstra har stik heel wat kearen op myn taalkundekolleezjes bepraat en eins alle kearen seinen studinten dat wurden lykas blidensûndersyk en readensmjitting har net oan woenen. Ynstee soenen se leaver in omskriuwing brûke: ien ûndersiket de blidens fan minsken of hy wol mjitte hoe read oft saken binne, sokssawat. Gong it lykwols om amtlike wurden dêr’t dat net sa maklik mei wol, dan liet har taalgefoel har gauris yn ‘e steek. Dêr sit him neffens my de oast.

Dat amtlik Frysk foar Frysktaligen suver in frjemde taal is, is net sa’n wûnder, want sok Frysk is der net safolle en hast net ien wurdt der grut mei. It heart dêrtroch eins foar elkenien wat wûnderaardich. Is men der net yn trochkrûpt, dan kin men samar tinke dat meartaligenskoördinator wol raar heart, mar grif goed Frysk is – wat dat ek mar wêze mei. Men tinkt boppedat út it amtlike Nederlânsk wei: it wurd meertaligheidscoördinator is in mal dêr’t op ‘e ien of oare wize in Frysk wurd út rûgelje moat, al hoe’t dat ek beslipe wurdt. Boppedat binne guon ek nochris tangele mei it idee dat Frysk better wurdt neigeraden dat it minder op Nederlânsk liket, it prinsipe fan distansjearring. As men kieze kin út meartalichheid en meartaligens en men wit dat it Nederlânsk inkeld mar meertaligheid hat, dan moat it yn it Frysk mar meartaligens wurde, ek op plakken dêr’t dat net earlik wol. Sa sil de stikjeskriuwer fan de Omrop grif ek tocht ha.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: meertaligheid, morfologie, taalkunde

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26 maart 2026: Lettertreffen

26 maart 2026: Lettertreffen

15 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
%d