• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Omwenners

10 oktober 2024 door Henk Wolf Reageer

Op 20 septimber is taalkundige Jarich Hoekstra ferstoarn. Ta syn neitins ha Bouke Slofstra en Henk Wolf in pear stikken út Jarich syn pinne opdold om se hjir nochris wer yn it ljocht te jaan.

Jarich wie in alsidich man. As teoretysk taalkundige is er fierwei it ferneamdst wurden, mar yn syn tiid by de Fryske Akademy foarme er mei Rienk de Haan ek it Taalburo, dat de leksikale útwreiding fan it Frysk as ien fan syn taken hie. Dat wie in taak yn it ramt fan de emansipaasje fan de Fryskpraters. It wie de tiid fan krekt nei de nota Fan geunst nei rjocht, provinsje en gemeenten soenen it Frysk en it Hollânsk tenei gelikens behannelje en dat makke it nedich dat it Frysk in gruttere wurdskat krige yn de domeinen dêr’t it earder amper in funskje hân hie. Dêr wie profesjoneel wurdsjebakkerswurk foar nedich.

Yn it stik Morfologyske tûkelteammen by de leksikale útwreiding fan it Frysk ha de mannen in stikmannich problemen by de kop dêr’t wurdsjebakkers mei tangele binne. Dy brûke nammentlik gauris in pear fêste strategyen om saaklike Hollânske wurden te ferfryskjen. Dat is gauris in goeie strategy, mar it wol ek wolris net en dan moatte se wat oars betinke.

De earste tûkelteam dy’t De Haan en Hoekstra neame, is de oersetting fan it Hollânske wurden dy’t mei it foarheaksel her- begjinne. Wurdsjebakkers meitsje dêr yn it Frysk gauris wer- fan. Faak smyt dat in ûnfertocht Frysk wurd op, faak ek net. Minne formeel-Fryske teksten tille langer fan werheljen, wylst nochris sizze of nochris dwaan fansels de gewoane manier fan sizzen is. Soms wol werom- yn it Frysk better as wer-, bygelyks yn weromfine. En oars as it yn it Hollânsk falt yn it Frysk in twadde foarheaksel yn it Frysk net altyd fuort: heroveren is net weroverje, mar werferoverje; herenigen net werienigje, mar werferienigje.

As twadde tûkelteam ha de mannen by de kop dat Frysktaligen de rigen ende(n) leafst mije. Dat makket dat men wurden lykas leidinggevende, belangstellende, slechthorenden en omwonenden net al te letterlik yn it Frysk oersette kin. Soms hat it Frysk al in geskikte oersetting: in leidinggevende is oars net as in baas of in sjef. Soms is der yn guon rûnten al in neologisme yn gebrûk, lykas nigethawwer foar belangstellende. Soms kin men jin mei in omskriuwing rêde, lykas lju mei minne earen foar slechthorenden. En as algemiene oersetstrategy is it brûken fan -er yn alle gefallen net yn striid mei it Fryske morfologyske systeem, dat omwenners foar omwonenden hat besteansrjocht.

It Hollânsk hat gâns wurden dy’t persoanen oantsjutte en dy’t eins mulwurden binne, mar dan as haadwurd brûkt. Foarbylden binne gewonden, verdachte, aangeklaagde en verzekerde. Yn it Frysk heart it almeast tige ûnnatuerlik as men in mulwurd selsstannich brûke wol, alhelendal as it net op -te of -de einiget. Dan moat er al krekt in ynboargere wurd wêze, oars moat men útwike nei in omskriuwing: gewonden kinne nei in ûngemak slachtoffers neamd wurde, mar past dat net yn ‘e kontekst, dan moat men al útwike nei ferwûne lju.

Om by mulwurden te bliuwen: as dy net op -t(e) of -d(e) einigje, binne se meastal ek net sa goed as eigenskipswurd te brûken. Het gewonnen geld is net letterlik yn it Frysk oer te setten, likemin as de gelopen race of het gebonden boek. Mei in foarheaksel wol is soms al: it ynbûne boek heart sa raar net.

Dan besprekke De Haan en Hoekstra it Hollânske foarheaksel on-. Dat is fansels faak letterlik te ferfryskjen as ûn-. Yn it Frysk kin dat allinne foar mulwurden stean dy’t mei in foarheaksel begjinne. Onontwikkeld is wol as ûnûntwikkele oer te setten, mar ongewenst net as *ûnwinske. Wat wol kin, is om -ge- yn te foegjen (ûngewinske), mar dat meie in protte Frysktaligen net lije, om’t se ge- as ûnfrysk beskôgje.

By eintsjebeslút besprekke De Haan en Hoekstra noch it Hollânske achterheaksel -heid. Dat kin soms ferfryske wurde ta -heid, soms ta -ens en soms wol it ferfryskjen derfan helendal net. Fan gestructureerd kin men yn it Hollânsk maklik gestructureerdheid meitsje, mar strukturearre kin men neat mear achter heakje. Fierder binne wurden op -ens net as linker lid fan in gearstalling of ôflieding te brûken: fan roodheid is wol roodheidsmeting te meitsjen, mar fan readens net *readensmjitting.

Rienk de Haan en Jarich Hoekstra ha moai sjen litten dat men foar it emansipearjen fan in taalmienskip taalkundige kennis ha moat, en omkeard: dat it útwreidzjen fan in wurdskat út emansipearjende reden sels ek wer taalkundige kennis opsmyt.

In eardere en koartere ferzje fan it artikel is yn it Hollânsk yn TABU ferskynd.

Rienk de Haan en Jarich Hoekstra. Morfologyske tûkelteammen by de leksikale útwreiding fan it Frysk. It Beaken jrg. 55 nr. 1, p. 14-31 (1993)

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: jarich hoekstra, morfologie, neologismen, taalkunde

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d