• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Jülje/joolje

2 november 2024 door Henk Wolf Reageer

Yn it Saterfriesisches Wörterbuch fan Marron Fort komt it tiidwurd jülje foar, mei de betsjutting “beim Laufen die Absätze schief setzen, so dass die Zehen nach außen stehen”. It lemma ferwiist troch nei twäärsfoutje, dat de omskriuwing “mit nach außen gerichteten Fußspitzen gehen” krigen hat. Dat beskriuwt sawat it loopke fan Charlie Chaplin.

Bouke Slofstra makke my op it lemma opmerksum. Hy frege him ôf oft jülje net in njonkenfoarm wêze koe fan joolje. Ik tink dat er gelyk hat. It lemma joolje hat as omskriuwing “o-beinig gehen, laufen; mit den Knien nach außen laufen”. Dat docht jinsels fansels tinken oan it Westerlauwersk Fryske eigenskipswurd tsjalskonkich as oantsjutting fan ien dy’t net doocht foar it bargefangen.

Neffens Kramer syn Formen-Wörterbuch des Saterfriesischen hat jool in útspraakfariant jöl. De lûden [œ] <ö> en [Y] <ü> lizze tige ticht byinoar. Miskien hat jölje him ta jülje ûntjûn, miskien ek hat ien fan ‘e beide wurdboekmakkers syn ynformant net helendal goed ferstien. Hoe dan ek mar: it hat eigenskip dat jülje/jölje byldspraak is dy’t de foarm fan ‘e minsklike skonken likenet by in tsjel.

Ien dy’t kromme skonken hat, sil grif ek gauris mei de iene rige teannen nei Berlyn wize as de oare de Londener kant út fljocht. Dat, op it stik fan ‘e betsjutting is it sa raar ek net dat it tiidwurd in justjes oare betsjutting krigen hat, of dat de wurdboekmakkers har ynformant net alheel goed begrepen ha, dat kin hjir ek wer it gefal wêze. De ferskillen yn lûding en betsjutting mei joolje binne yn alle gefallen sa lyts dat ik Bouke wol meistimme moat: jülje is grif in njonkenfoarm fan joolje.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: Eastfrysk, Sealterfrysk

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

moderne maaie • André Looijenga

mêsten koperglânzgjend
meitsje har út pannedakken, beammen
los, glide beret efter de flatsjes
hinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêd
skûtsjes stome de stêd wer út
de ûnsichtb’re Greuns, de marren op

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

13 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

11 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

6 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis

20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis

2 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
19-21 juny 2025: Purity in Minoritised Languages

19-21 juny 2025: Purity in Minoritised Languages

26 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d