90 jier Kristlike Fryske Folks Bibleteek. Diel 3
Hy ûntduts de leafde foar it skriuwen op lettere leeftiid, sy die as bern oars neat as ferhalen optekenje. Anders Rozendal en Jikke Olivier skriuwe romans foar de Kristlike Fryske Folksbibleteek. Nei 90 jier hâldt de KFFB dermei op. De iene leit de pinne dêrom no foarearst del, de oare siket om in nije útjouwer.
Begjin septimber ferskynde Anders Rozendal (78 jier) út Dokkum syn roman De bittere fraach. ‘It spilet him goed 2000 jier lyn ôf, mar wol mei in modern tema. It giet oer in jonge, dy’t in oar paad ynslaan wol as dat syn heit en mem foar eagen hawwe.’ Underwylst is syn 19e roman útkaam. Neist histoaryske romans, hat er ek meardere Frysktalige krimi’s op syn namme stean, mar ek komyske romans. ‘Feest yn Gennaard giet oer in doarpsfeest dat finaal út de hân rint.’ Syn fantasij lit er dêrby frij rinne. Al sitte der ek wol op feiten basearre situaasjes yn. ‘De roman De baas traktearret giet oer in reorganisaasje yn in grut bedriuw. Wat ik beskriuw haw ik by de reorganisaasje by Philips ek meimakke.’

It skriuwen begûn troch in opropke yn it Friesch Dagblad, dat nije skriuwers socht fan koarte ferhalen. Rozendal, dy’t as operator wurke by Philips Drachten, sei tsjin syn frou dat er dat wolris besykje woe. En sa sette syn skriuwerskarriêre útein. Yn 2001 makke hy de oerstap nei it skriuwen fan romans. Syn manuskripten ynstjoere by de KFFB wie miskien wol logysk. ‘Myn pake, Anders Minnes Wybenga, hat de KFFB mei oprjochte en wie de earste foarsitter. Wy binne der thús mei grutwurden.’
Dochs is de nocht oan it skriuwen, sûnt it ferstjerren fan syn frou Corry Boelens, op de eftergrûn rekke. ‘De KFFB hat my in hiel soad oplevere. Mei myn frou, dy’t ek foar de KFFB skreau en yn it bestjoer siet, haw ik in moaie tiid hân. En ik fyn it prachtich dat ien planke fan myn boekekast fol stiet mei eigen wurk, mar no՚t de KFFB dermei ophâldt, bin ik noch net wis oft ik wol fierder gean mei skriuwen.’

Nije útjouwer socht
De 72-jierrige Jikke Olivier út Kollum brocht begjin dit jier har roman It langpaad út by de KFFB. It is har fyfde boek yn koarte tiid. ‘Yn 2018 ferskynde myn debút Skuld en doe krige ik de smaak te pakken.’ Yn de jierren dêrop folgen In soarte fan brekken, Hertsear en Swiet & Bitter. ‘Yn al myn romans steane relaasjes tusken minsken sintraal en hoe’t de keuzes dy’t se meitsje dêr fan ynfloed op binne.’
Sa stapt yn Skuld in frou út it libben wei nei’t se har berntsje ferlern hat. Har man en dochter bliuwe efter en geane elts op eigen wize mei it fertriet om. It binne meast net maklike tema’s dy’t Olivier oansnijt. ‘Ik skriuw graach út persoanlik perspektyf wei oer dilemma’s. Soms binne situaasjes dy’t ik sels meimakke haw ynspiraasje foar in roman, mar ik skriuw ek wol oer wat oaren my ferteld hawwe.’
Hoewol’t Olivier as jong famke graach ferhalen skriuwe mocht, die se der pas op lettere leeftiid mear mei. Se folge kursussen Frysk, dêrnei de oplieding learaar Frysk (NHLStenden) en joech les op de pabû en op middelbere skoallen. Se droech ek by oan it ûntwikkeljen fan lesmateriaal foar Freemwurk (lesmetoade Frysk foar it fuortset ûnderwiis). Pas nei’t se kolleezjes ‘Koarte ferhalen foar bern’ folge hie by Lida Dijkstra, begûn se mei it skriuwen fan romans. ‘Skriuwe yn it Frysk is foar my hiel logysk. It is myn gefoelstaal.’ De bân mei de KFFB lei der ek al. ‘Ik bin lid sûnt de jierren tachtich. Ik fyn it dêrom hiel moai dat ik no sels skriuw foar dizze lêsklup.’
Nei 90 jier wurdt de stekker fan de KFFB derút lutsen. Te min leden, tefolle kosten. En in literêre partij dy’t de 500 leden yn de takomst foarsjen wol fan Fryske romans hat him noch net oppenearre. ‘Begryplik, mar wol skande. Der binne wis wol minsken dy’t Fryske boeken lêze wolle.’ Ek al is de diskusje yn it literêre fjild en de media gauris gien oer de literêre kwaliteit fan de KFFB. ‘Folksskriuwerij waard it ek wol neamd. Te kristlik en te tradisjoneel. Wat moat ik derfan sizze? Ik haw wille om te skriuwen en salang’t der minsken binne dy’t myn boeken graach lêze wolle, gean ik troch. Ik hoopje in útjouwer te finen dy’t goed by my past.’
Dit artikel is earder ferskynd op de webside fan Tresoar.
Laat een reactie achter