It twadde diel fan Op syn Feensters1, skreaun troch Reitze Jonkman (fan Nijskoat) nei oanlieding fan Willem Winters, Ut Feensters; hoe staat het ervoor. Leeuwarden 2006.
Hjir folget de twadde ôflevering fan myn koarte histoaryske skets oer it Hearrenfeanster dialekt: it Feensters. De earste ôflevering fan 6 maaie ll. gie oer de iermoderne tiid (1a). Dêryn kaam nei foaren dat de flekke ’t Heerenfeen earst oan de ein fan de sechtjinde iuw syn namme krige en dat it plak yn it begjin fan de santjinde iuw in groeispurt meimakke troch de tarin fan gâns minsken fan bûten Fryslân. De sprutsen taal sil fan it begjin ôf oan net Frysk mar in soarte fan Frysk Nederdútsk west ha, dat ik de namme fan ‘Stedsk light’ jûn haw, omdat dy fariëteit – lykas it doarp sels – net oan de stedsstatus takommen is.
De twadde ôflevering giet oer de moderne tiid. Dy skets moat ynsjoch jaan yn de kontemporêne kontekst dêr’t it plak en syn taal harren profyl yn krigen. Yn de tredde ôflevering yn july sil nei de taalsosjologyske en taalkundige kant sjoen wurde.
It moderne tiidrek: profilearring fan plak en syn taal
Op in kaart fan 1841 stiet it doarp net mear as in stip, mar as in flek op de kaart. Dat is ek oan de fierder útwreide bebouwing te sjen.

It plak is no breder wurden as de lintbebouwing yn de foargeande iuw. It begjint net allinnich oan ynwenneroantal boppe de omlizzende doarpen en flekken út te groeien; It Hearrenfean lûkt no ek nije funkjes oan. Sûnt 1811 is it ien fan de trije arrondissimintsrjochtbanken fan Fryslân wurden (it rôze gebiet op ôfbylding 2).

Yn 1828 waard it boppedat ek nochris it haadplak fan de gritenij Skoatterlân (oan dan ta wie dat Aldskoat). Jan Jelles Hof skriuwt dêr letter yn syn Friesche dialectgeographie (1933: 6) koart wat oer:
‘Het dorp Heerenveen. […] in dit door de vervening ontstane en zich sneluitbreidende gebuurte (vestigden zich) vele kooplieden uit de Friesche steden […]. Voorts werd het centrum en de hoofdplaats van de gemeenten en Aengwirden, hetgeen reeds aan de plaats iets ambtelijks gaf. Door de vestiging van een arrondisimentsrechtbank, een kantongerecht, belastingkantoren nam dit ambtelijk karakter toe, en een en ander heeft er toe geleid dat Heerenveen in den loop der vorige eeuw vrijwel voor het Fries verloren gegaan is. De taal die er gesproken wordt, heeft heel veel van die der ontfrieschte steden, doch een minder eigen karakter; ’t is meer “Hollandsch [=Nederlânsk] met een Frieschen mond gesproken”. De reden hiervan is ongetwijfeld het latere ontstaan, waardoor de op school geleerde en door lezen onderhouden algemeene rijkstaal meer meewerkte aan de vorming.’
Dat ‘sneluitbreidende gebuurte’ komt werom yn de hurd oprinnende ynwenneroantallen. Nei’t It Feen yn 1811-1816 mei Nijehaske, Terbant en Skoat in mairie (Frânske tiid) foarme, hie it sa’n twatûzen ynwenners, Yn 1840 ferdûbele dat tal ta 4.000 en yn 1900 ta 6.300. Hof giet by syn beskriuwing sa’t it liket noch út fan in fan oarsprong Frysktalich plak dat doe pas yn dy noggentjinde iuw by dy útwreiding ûntfryske en late ta in lichtere fariant fan it Stedsk, in Nederlânsk dat justjes troch it Frysk beynfloede waard. It soe troch dat ‘latere ontstaan’ makliker yn it Nederlânsk opgongen wêze.
Dy dizenige identiteit fan dat Nederlânsk mei Frysk aksint (‘met een Frieschen mond’) spilet it Feensters noch hiel lang parten. Winkler naam it yn 1874 net yn syn Algemeen Nederduitsch en Friesch Dialecticon op, in grutskalich dialektûndersyk dat allerhanne dialekten yn kaart brocht troch in oersetting fan de bibelske gelikenis fan ‘De ferlerne soan’ (Lukas 15: 11-32). Nei oanlieding fan de dêrneifolgjende enkête fan it Aardrijkskundig Genootschap fan 1879 lûkt de nearlandist Te Winkel de konklúzje dat de taal dêre ‘in groote mate het Nederlandsch (nadert)’. By it feest fan 1898 ta eare fan de troanbestiging fan keningin Wilhelmina is de grutskens op it eigen plak aardich grut. Der wurdt by it Programma fan feestlijkheden referearre oan it eigen ferline. It liet ‘Nieu Liedeken’ is yn de trant fan de loffersen út dy iuw lykas Starrter syn ‘Nieu liedeken tot lof van Vrieslandt‘ (1621).
Nieu Liedeken
Van de veenwerckers, omstreeks 1620 gecomen uyt de Ommelanden, ’t lantschap Drenth ende Oversticht naer de pleck, daer nu ’t Heerenveen leyt ende van de gildemeesteren ende handwercksluyden, hebbende bijgedraghen tot de Stichtinghe deser plaetse
5.
Waer uw streven, onbekeven,
Cuyk en Foeits en Decama,
Riep de nijverheit ten leven,
Rijs' door ons een dorpeken drae !
Laeter groot, in d' aenvang cleen,
't Heerenveen, 't Heerenveen.
6.
Vreê daer woone ; d'uytkomst loone
Al ons moeyte ! Dan, wie weet
Of het niet, der dorpen croone,
Eens “die Vriesche Haghe" heet ?
Bloey en groey door d'eeuwen heen
't Heerenveen, ’t Heerenveen
By al dy grutskens op de aktive ekspânsje fan it ‘cleen dorpcken’ liket der gjin bining mei de eigen sprutsen taal te bestean; der waard weromgrepen op de Nederdútske skriuwtaal (mei stavering) út de iermoderne tiid, net op de sprektaal.

De ‘bloey en groey’ set yn de tweintichste iuw troch mei yn 1940 12.000, yn 1975 23.000, yn 2000 28.000 en yn 2025 31000 ynwenners. Yn it ynterbellum bliuwt dy dizigens wat de taalnamme oangiet wat folget út in nijsgjirrige bydrage út ûnferwachte hoeke. De romanskriuwster Cissy van Marxveldt, pseudonym fan Setske de Haan (Oranjewâld 1889- Bussum 1949) hat fragminten fan it dialekt op it Feen yn guon fan har boeken opnommen (kursivearring fan Jonkman):
‘Hij zal wel zo temet [daliks] komme.’ Sjoukje, die ook in het dorp geboren was, trachtte altijd naar een steedse spraak, maar verviel, als ze kwaadaardig was, ongemerkt weer in het dialect, dat toch ook geen Fries was.’ De enige weg (1936: 40)
Net allinnich mei de neutrale omskriuwing ‘steedse spraak’ en de op negaasje basearre omskriuwing dat it net Frysk is. Ek noch twa oare boarnen foar en yn de oarloch jouwe net folle sjoege. De frisist Fokkema ferlike yn syn Stadsfries (1937) de taal fan Ljouwert mei dy fan de Fryske stêden, It Amelân en It Bilt: ‘op Heerenveen en Kollum na, de andere ontfrieste plaatsen in Friesland. In het kleine Stavoren was heel moeilijk iemand te vinden, die het Stadsfries sprak: de taal was er of Nederlands, of Fries. Hetzelfde geldt van Heerenveen (s.3). Yn de bibel fan de Nederlânske dialekten yn Fryslân Avondrood (1944) troch Burger wurdt by IX. Heerenveen (s.250) koart it minder dúdlike karakter fan it Feensters befêstige, mar ek it resinte ûntstean derfan: ‘Inderdaad is de ontfriesing van Heerenveen een proces uit de laastste tachtig jaar.’ [twadde helte 19de iuw]. As lêste hellet Burger noch in sekere Kramer oan dy’t him trochdie dat
‘het dialekt (hem) wonderlijk in de oren klinkt: “Het is een mengelmoes van de Hollandsche (eerst vooral Utrechtse [Burger liket hjir te ferwizen nei de twa leden fan de kompanjy Van Cuijk en Foeyt, dy’t oars festige bleaunen yn Utert] bovenlaag, de Gietersche en andere inwoners van Noord-Overijssel […].”’
Terjochte einiget Burger mei ‘Wetenschappelijk bestudeerd is het dialekt nog niet.’ ….
Taalsosjolooch Krine Boelens jout de earste attestaasje fan de namme mei de omskriuwing ‘Hearrenfeansters’ yn 1950. By de earste grutte Fryske taalsojologyske taalenkête De taal fan het schoolkind in Friesland, moast dyselde Boelens lykwols konstatearje dat ‘de situatie om het dorp Heerenveen de toestand erg onoverzichtelijk (is). Het Stadsfries of “Veensters” en het min of meer A.B. Nederlands lijken hier en daar zoveel op elkaar, dat ze voor onderwijzers moeilijk te onderscheiden zijn.’ (1956: 82). It is sa’n bytsje deselde omskriuwing as Boelens, en Van der Woude yn de Dialect-atlas van Friesland yn de Reeks Nederlandse dialectatlassen jouwe: ’In Heerenveen is de taaltoestand zeer onoverzichtelijk.’ Mei alle foarsichtigens rûze se dat ‘de huiselijke omgangstaal zou dan voor ongeveer 75% der bevolking het Feensters (een stadsfries dialect) zijn, (…). (1955: 340)
Nei dy nammejouwing yn de jierren fyftich dûkt de namme faker op, it meast prominint yn it boekje fan Willem Winters Ut Feensters yn 2006.
Foarriedinge ôfsluting
Ut de beskriuwing fan de histoaryske ûntjouwing fan de flekke It Hearrenfean komt nei foaren dat it in slow start hân hat dat it pas yn 1595 op de kaart ferskynde. Yn de iuwen dêrnei kaam der troch ymport fan bûten Fryslân en nei alle gedachten ek fan de Fryske stêden in boomtown mei grutte ekonomyske en bestjoerlike aktiviteiten ta stân. Mei de namme ‘Friesch Haagje’ waard dat belang ek profilearre, en die dat ek mei it algemiene Nederlânsk. It profyl fan it eigen dialekt fan Nederdútske oarsprong bleau lykas it plak sels as stêd in Unvolendete; de namme ‘Feensters’ dûkt pas nei de twadde wrâldoarloch yn de boeken op, mar krijt dan noch hieltyd net de status fan it susterdialekt Stedsk fan de Fryske stêden takend en wurdt yn dizze kollum ek as ‘Stedsk light’ kategorisearre.
Yn july mear mei Op syn Feensters 2 oer de taalsosjologyske en taalkundige achtergrûnen.
Referinsjes
Boelens, K., Veen, J. v. d., & De Fryske Akademy. (1956). De taal van het schoolkind in Friesland : cijfers en beschouwingen : dialect-geografische enquête uitgaande van de Fryske Akademy. [Coulonhûs] ; Fryske Akademy.
Boelens, K., Woude, G. v. d., Fokkema, K., & Blancquaert, E. (1955). Dialect-atlas van Friesland : (Nederlandse en Friese dialecten). De Sikkel.
Burger, H. (1944). Avondrood : bloemlezing en overzicht der stadfriese, Amelandse en Bildtse letteren. van Gorcum.
Feestcommissie. (1898). Programma der feestelijkheden te Heerenveen op Woensdag 31 Augustus en Donderdag 1 September 1898 – ter gelegenheid van den 18en verjaardag en de troonbestijging. https://books.google.nl/books?id=HZ47bu2RCYMC&newbks=0&printsec=frontcover&hl=nl&source=gbs_ge_summary_r&cad=0#v=onepage&q&f=false
Fokkema, K. (1937). Het stadsfries : een bijdrage tot de geschiedenis en de grammatica van het dialect van Leeuwarden [Dissertation]. Van Gorcum.
Hof, J.J. (1933). Friesche dialectgeographie. Nijhoff.
Marxveldt, C. v. (1936). De enige weg. Valkhoff & Co.
Reding,H. G. (1841). Kaart van de Provincie Vriesland.
Winkler, J. (1974). Algemeen Nederduitsch en Friesch dialecticon. ‘S Gravenhage.
Winters, W., & Stichting Uitgeverij Perio (Leeuwarden). (2006). Ut Feensters : hoe staat het ervoor? Perio.
Fuotnoaten
- Mei tank oan Dick Bunskoeke en Klaas Peereboom, twa (âld-)Feensters dy’t my mei materiaal en ynformaasje oer de histoaryske kontekst skewield hawwe. ↩︎
Laat een reactie achter