• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

‘Oant sjen, yn Spello of yn Fryslân!’

24 april 2026 door Sybren Sybesma Reageer

Prampolini yn petear mei Anne Sybe Wadman, Hylkje Goïnga, Douwe Annes Tamminga en Hendrika Akke van Dorssen (Rixt). Foto: Tresoar

Giacomo Prampolini (1898-1975) wie in Italiaanske polyglot (talekenner), oersetter en literatuerwittenskipper. Hy hie in soad belangstelling foar de Fryske literatuer en publisearre ûnder oare in bondeltsje Italiaanske oersettingen fan Fryske poëzy. Foar in ûndersyksprojekt fan de Universiteit Leiden besjoch ik syn korrespondinsje. Yn Tresoar lizze sa’n tritich brieven fan him oan ferskate Fryske skriuwers. Koartlyn binne yn syn privee- argyf yn Spello yn Italië in tsiental brieven fan Fryske skriuwers fûn, dy’t it byld fan syn kontakten mei de Fryske literêre wrâld kompleter meitsje.

Dat Giacomo Prampolini goed talen leare koe, wie al gau dúdlik. As lyts jonkje koe er al Frânsk, Spaansk en Ingelsk lêze en as gymnasiast wie er in trou besiker fan de Circolo Filologico yn syn wenplak Milaan, dêr’t er kursussen Russysk, Japansk en Arabysk folge. Nei de middelbere skoalle begûn er oan in stúdzje rjochten; hy tocht oan wurk yn ’e diplomasy. Dochs keas er nei syn ôfstudearjen yn 1920 foar in karriêre yn ’e literatuer. 

Yn de lytse tweintich jier dy’t folgen, wie er ûnwierskynlik produktyf. Sa sette er likernôch fyftich boeken út tsien talen oer yn it Italiaansk, de measte út de Skandinavyske talen, en levere er in soad bydragen oan belangrike literêre blêden lykas Il Convegno en La Fiera Letteraria: essees oer en oersettingen fan literatuer út in ferskaat fan talen, lykas it Ingelsk, Tsjechysk, Dútsk, Russysk en Yslânsk. Dêrneist skreau er lêsrapporten foar grutte útjouwerijen. Ek begûn er oan syn haadwurk, in ensyklopedy fan de wrâldskriftekennisse, de Storia universale della letteratura, dêr’t de earste edysje fan yn de jierren 1933-1938 yn fiif dielen publisearre waard. Bysûnder oan de ensyklopedy is dat er gauris t a yllustraasje fan syn arguminten stikjes poëzy of proaza oersette.

Oan ’e ein fan ’e jierren tritich ferhuze er mei syn frou en bern fan Milaan nei Spello, sa’n 170 kilometer b ppe Rome. Dêrnei wurke er minder foar de grutte útjouwerijen. Hy fûn dat se him te min betellen foar syn oersettingen. Leaver makke er bibliofile blomlêzingen fan poëzy út lytse talen lykas it Yslânsk, Frysk en Afrikaansk, dêr’t er sels de oersettingen foar fersoarge. Ek skreau er literatueranalyzes en wurke er oan nije edysjes fan syn mânske ensyklopedy. De tredde en lêste edysje waard yn sân dielen útjûn yn de jierren 1959-1961. Yn alle edysjes hie er omtinken foar de Fryske literatuer; yn ’e tredde edysje bestege er der tweintich siden oan.

Poeti Frisoni

De grammatika fan it Hollânsk learde er yn ’e rinfuorgen fan de Earste Wrâldoarloch, út in boekje dat er by him hie, sa skreau Prampolini yn 1964 nei’t er de prestizjeuze Martinus Nijhoffpriis foar oersetters krige. Wannear’t er mei it Frysk begûn, is net hielendal dúdlik. Ut brieven oan syn freon, de dichter en skriuwer Jan Greshoff, docht bliken dat Greshoff him yn maaie 1922 in Frysk literêr tydskrift tastjoerde, hokker tydskrift is spitigernôch net bekend. 

Prampolini skreau werom dat er der net folle fan begrypte en dat er dêrom in Dútsk boek oer it Aldfrysk besteld hie; hy hope dat kennis fan it Aldfrysk holp it moderne Frysk te begripen. Oft dat ek sa wie, is net wis, mar yn alle gefallen wie syn Frysk in jier letter sa goed dat er derút oersette koe: yn it literêre tydskrift Giornale di Poesia publisearre er oersettingen fan fjouwer gedichten fan Rixt (pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen), Rinke Tolman, Douwe Kalma en Rintsje Piter Sybesma. Under de gedichten stie in koarte tekst fan syn hân oer it Frysk en de Fryske literatuer.

Yn Fryslân liken net folle minsken weet hân te hawwen fan dizze publikaasje. Rixt (1887-1979) yn alle gefallen net. Se skreau Prampolini yn 1926 dat sy yn Ljouwert op in ‘tentoanstelling fen Fryske litteratúr’ wie en dat se dêr de Giornale di Poesia mei in gedicht fan har deryn seach. By de boekhannel hie se dêrnei besocht in eksimplaar fan it blêd te bestellen, mar dat wie net slagge. Se frege Prampolini oft er faaks noch in eksimplaar foar har hie. Hy andere dat er sels gjin mear hie, mar dat er by de útjouwer neifraach dwaan soe. 

Italiaanske brieven fan Hylkje Goïnga

In oare ûntdekking binne twa brieven fan Hylkje Goïnga (1930-2001). Dat sy en Prampolini kontakt hân hawwe, wie noch hielendal net bekend. Sy skreau Prampolini yn april 1955 – yn it Italiaansk – dat sy dwaande wie Italiaansk te learen. Sy frege har ôf oft hy har miskien in maklik Italiaansk boek oanriede koe, in berneboek bygelyks, sadat sy har Italiaansk oefenje koe. Hy stjoerde har – sa leare wy út har twadde brief (syn brieven binne net oerlevere) – ûnder oare in eksimplaar fan Pinokkio ta. 

Har brieven binne prachtich. It binne hast lytse ferhalen, dêr’t se ek it waarme gesinslibben yn beskriuwt. Sa meldt se Prampolini dat har soantsje krekt ‘Heit’ sizze kin, dat har man, Anne Wadman, drok is mei syn promoasje, en dat sy krekt in auto kocht hawwe. En dat allegear yn geef Italiaansk! 

Ik hie hope dat ek de brieven fan Anne Wadman (1919-1997) noch yn Prampolini syn argyf te finen wiene, mar dat is spitigernôch net sa; wy hawwe dus allinnich Prampolini syn kant fan ’e korrespondinsje dy’t se oan it begjin fan de jierren fyftich hiene. Dêrút is op te meitsjen dat Wadman holpen hat om finansjele stipe te krijen foar de útjefte fan Prampolini syn blomlêzing  fan Fryske poëzy yn it Italiaansk, Poeti Frisoni d’Olanda, dy’t yn 1952 ferskynde.

Brief fan Hylkje Goinga oan Prampolini. Foto: Tresoar

Yn Fryslân én Spello

Prampolini hie fierwei it langste kontakt mei Rixt. It kontakt begûn yn 1926 en duorre nei alle gedachten oant Prampolini syn dea yn 1975, al binne net alle brieven weromfûn. Nei de Twadde Wrâldoarloch besocht Rixt in oantal kear mei Prampolini ôf te praten, se gong doe gauris nei Italië foar fakânsje. Der kaam hieltyd wat tusken, wêrtroch’t it ynearsten net slagge. Doe’t Rixt him yn 1956 melde dat har reis op ’e nij net trochgie en dat hy miskien ris nei Fryslân komme moast, net allinnich foar de literatuer, mar ek foar de keunstkolleksjes dy’tneffens har nijsgjirrich foar him wêze soene, andere hy har: ‘Yes, I am interested also in the arts, and it would be for me a fine experienceto visit Frisia and its collections. Anyhow (…): oant sjen, yn Spello of yn Fryslân!’

Rixt (links) mei Elsa Damiani Prampolini. Foto: Tresoar

Uteinlik seagen se inoar yn Spello én Fryslân. De earste kear wie yn 1959, doe’t Prampolini foar in rige lêzingen yn Nederlân wie. Hy wie troch de Fryske Akademy útnûge om in middei nei Ljouwert ta te kommen. Dêr krige er in lûdbân oanbean mei de gedichten dy’t er yn Poeti Frisoni d’Olanda opnommen hie. De doe noch libbene dichters hiene de gedichten sels foardroegen. It wie by dy gelegenheid dat Prampolini foar it earst sprutsen Frysk hearde. Neffens Douwe Tamminga, dy’t derby wie, wie er dêr bot troch oandien. Oant dat momint hie er de taal allinnich mar yn skreaune foarm kend. De twadde kear dat Rixt en Prampolini inoar seagen wie yn 1964, doe’t se him opsocht yn Spello. It wie einlings slagge om ôf te praten.

Dit artikel is earder ferskynd yn Letterhoeke 2026-1 fan Tresoar

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: frysk, Hendrika Akke van Dorssen, Hylkje Goïnga, Italiaans, literatuer, rixt, vertalen

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

20 maaie 2026: presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

24 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

16 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

14 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

11 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d