Op tiisdei 1 july 2025 wurdt op basisskoalle ’t Pompeblêd yn De Westereen it earste eksimplaarútrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Dé nije, ynspirearjendemetoade foar Frysk skriuwen en staverjen op de basisskoalle! De nije Skriuw- en Staveringsline is in folsleine metoade foar skoallen dy't it Frysk in moai plak jaanwolle yn harren … [Lees meer...] overNije Skriuw- en Staveringsline primêr ûnderwiis
Frisistyk Nijs
Nij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’
De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en nifelwurkjes – allegear ynspirearre op sammele bûseskatten fan bern. In hearlik boek oer bernefantasy en fynsten, foar bern fan 4 jier ôf. Lês de ferhalen oer it famke Poike, dy’t bûten boartsje it moaiste fynt dat der is. Poike hat altyd de bûsen fol. Mei wûnderbaarlike of gewoan moaie, grutte en lytse … [Lees meer...] overNij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’
Publyksstimming Liet 2025 set út ein
Tsien acts noch yn 'e race foar finale It Fryske publyk kin fan 16 juny ôf online in stim útbringe op ien fan de tsien acts, dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2025. It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op tongersdei 11 septimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De act mei de measte stimmen fan it Fryske publyk kwalifisearret him streekrjocht … [Lees meer...] overPublyksstimming Liet 2025 set út ein
Fakatuere Fryske Akademy: Ynformaasjespesjalist
De Fryske Akademy siket in ynformaasjespesjalist foar 22,8 oere wyks (0,6 fte). Wolsto as ynformaasjesaakkundige it ferskil meitsje yn de wrâld fan wittenskip en taal yn Fryslân? Fakatuere As fersterking fan it team siket de Fryske Akademy in Ynformaasjespesjalist, dy't ferantwurdlik is foar it behear fan wittenskiplike ynformaasjesystemen, argyf én it foarmjaan fan … [Lees meer...] overFakatuere Fryske Akademy: Ynformaasjespesjalist
Oprop Tresoar Fellow 2026
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. … [Lees meer...] overOprop Tresoar Fellow 2026
Meartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk
Op tongersdei 5 juny waard op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert troch mbû-studinten in bysûnder meartalich glês yn lead keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio. Wat betsjut taal en kultuer foar dy? Dy fraach stie sintraal yn it keunstprojekt fan … [Lees meer...] overMeartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk
Nije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’
Wannear’t professionals yn de soarch de eigen taal bewust brûke, dan leveret dat harren foardiel op yn it kontakt mei pasjinten/kliïnten. It nije nûmer fan it magazine 'Taal yn ’e soarch' is spesjaal makke foar én mei professionals dy’t wurkje mei jongerein en jongfolwoeksenen. Ferskillende professionals út de (jongerein)soarch fertelle yn it magazine oer harren wurk en de rol … [Lees meer...] overNije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’
De Hûnekop krijt Fear yn ‘e broek: ‘Makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk’
Rockband De Hûnekop krijt De Fear yn ‘e Broek foar syn ynset foar de Fryske taal. Dat hat De Fryske Beweging bekend makke, dy’t de priis elk jier útrikt. Neffens de taalorganisaasje is De Hûnekop net mear fuort te tinken út it libben fan in soad Fryske jongerein. De priis wurdt elk jier útrikt oan organisaasjes of persoanen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje of makke hawwe … [Lees meer...] overDe Hûnekop krijt Fear yn ‘e broek: ‘Makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk’
Earste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber
Op sneon 17 maaie is de earste tekst ferskynd fan it 100 dagen duorjende projekt ‘Klein geluk | Lyts gelok’ fan Ljouwert UNESCO City of Literature. It giet om de tekst ‘Tu es là?’, ôfkomstich út it koarte ferhaal ‘L’infini’ (It ûneinige) fan de Frânsk-Koreaanske skriuwster Elisa Shua Dusapin. Keunstner Machiel Braaksma ûntwurp de letters en pleatste dy op it Observeum yn … [Lees meer...] overEarste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber
Afûk komt mei Fryske Taallear-app
Minsken kinne har no alfêst oanmelde foar de ‘waitlist’ om mei te tinken oer de app De Afûk is op it stuit drok dwaande mei de ûntwikkeling fan in nije Fryske Taallear-app, yn gearwurking mei Humain’r – ûntwikkeler fan tûke A.I.-oplossingen foar de Fryske taal. It wurdt de earste app dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar útspraakwerkenning spesjaal foar it … [Lees meer...] overAfûk komt mei Fryske Taallear-app
Feestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke
Ofrûne moandei 14 april krigen learlingen fan basisskoalle It Bynt yn Winsum in Lêskiste mei Fryske berneboeken kado út hannen fan René de Vries, wethâlder fan de gemeente Waadhoeke, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn't alle skoallen fan de gemeente in fergeze Lêskiste oanbean krije. Yn de meartalige gemeente kin it … [Lees meer...] overFeestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke
Nij taalkado foar âlden
BewardoazeIt Taalkado hat de foarm fan in boek. Dy fleurige en handige ferpakking kin letter brûkt wurde as bewardoaze foar oantinkens út de poppetiid. Yn it Taalkado sitte ûnder oaren: in fleurich kartonboekje mei rymkes foar poppen, in foarlêsboekje, in ferskewaaier, in sêfte slabber, kleure berte-flachjes mei in Fryske tekst en ynformaasje oer meartalich opfieden. Der is … [Lees meer...] overNij taalkado foar âlden
Lysbeth Jongbloed nije praktor Fryske taal en taalfeardigens
It kolleezje fan bestjoer fan ûnderwiisorganisaasje Firda hat dr. Lysbeth Jongbloed-Faber fan Fryske Peallen beneamd as praktor Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst. Se set op 1 maaie 2025 foar 0,5 fte útein. Dêrneist wurket se troch by de Provinsje Fryslân. Lysbeth Jongbloed is op it stuit wurksum as strategysk beliedsadviseur Frysk by de Provinsje … [Lees meer...] overLysbeth Jongbloed nije praktor Fryske taal en taalfeardigens
Nieuw: Sprachen unter der Lupe – Saterfriesisch und Niederdeutsch
Wist je dat de Friezen vroeger een eigen naam voor de stad Oldenburg hadden? Of waarom er in de veengebieden in Noord-Nederland en Noord-Duitsland veel plaatsnamen zoals Moskou en Korea voorkomen? Of hoe scholen hun leerlingen met succes het Fries en Nedersaksisch bijbrengen? In de Duitstalige bundel "Sprachen unter der Lupe: Saterfriesisch und Niederdeutsch" geeft een … [Lees meer...] overNieuw: Sprachen unter der Lupe – Saterfriesisch und Niederdeutsch
Poëtyske boekelizzers
Alle seizoenen bringt Ljouwert City of Literature yn gearwurking mei in dichter, byldzjend keunstner en boekhannels in poëtyske boekelizzer út. Dêr fynst alle seizoenen fan it jier in nij skreaun Frysk gedicht op en ek in nije yllustraasje. Elk seizoen kriget in oare dichter in skriuwopdracht. Ek wurde alle gedichten oerset yn it Nederlânsk en Ingelsk. Per kalinderjier … [Lees meer...] overPoëtyske boekelizzers
De Simke Kloostermanpriis 2025 is foar ‘Jelle en juf’ fan Mirjam van Houten
De Simke Kloostermanpriis 2025, de priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei Jelle en juf. It boek is skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten. Jelle en juf is it tredde berneboek fan Mirjam van Houten. Neffens de sjuery binne de fiifentweintich ferhalen yn it boek in feest foar sawol bern as de foarlêzers. Wat opfalt is har unike gefoel foar … [Lees meer...] overDe Simke Kloostermanpriis 2025 is foar ‘Jelle en juf’ fan Mirjam van Houten
Dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025
Wa wint dit jier de felbegearde Gouden Fear? Alle bern út de groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025. Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtwedstriid, is der in online lesbrief mei wurkblêden, te gekke filmkes én in dosintehantlieding beskikber. Leaver in fergeze workshop Frysk dichtsjen op … [Lees meer...] overDichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025
Deputearre Folkerts en Douwstra as earste fertsjintwurdigers fan provinsjaal bestjoer mei nei Hilgelân
Fan 23 oant 25 maaie 2025 komme Friezen fan Fryslân, Ostfriesland en Noard-Fryslân byinoar op Hilgelân (Helgoland) foar in feestlik en kultureel evenemint: it Friesendroapen. Dit jier sil deputearre Folkerts en Douwstra meigean wêr't sy ûnder oare bydrage sil oan in kulturele workshop. Ek binne der spesjale optredens fan Fryslân út fan de band KASPAR, dy’t nei û.o. in … [Lees meer...] overDeputearre Folkerts en Douwstra as earste fertsjintwurdigers fan provinsjaal bestjoer mei nei Hilgelân
Fakatuere: Seniorûndersiker Digital Humanities mei koördinearjende taken
De Stifting Fryske Akademy docht mear as 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en … [Lees meer...] overFakatuere: Seniorûndersiker Digital Humanities mei koördinearjende taken
Trije nominaasjes foar Simke Kloostermanpriis 2025
De nominaasjes foar de Simke Kloostermanpriis 2025, foar it bêste Frysktalige berneboek fan de ôfrûne trije jier, binne bekend. De nominearre boeken binne: De Freon – I.E. Bloem (2023) is de tredde young adult roman fan de skriuwer, dy’t yn 2022 de Simke Kloostermanpriis fertsjinne foar It neidiel fan de twivel. It spannende boek De Freon giet oer in geheim boskfeest yn … [Lees meer...] overTrije nominaasjes foar Simke Kloostermanpriis 2025
Femke van Kammen wint Lyts Frysk Diktee 2025
Femke van Kammen fan de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 10 flaters wie se hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it Provinsjehûs, de skriuwwedstriid foar learlingen út groep 7 en 8. Twadde waard Dieuwke Buma fan de Master Frankeskoalle yn Earnewâld mei 11 flaters. It tredde plak, mei 13 flaters, … [Lees meer...] overFemke van Kammen wint Lyts Frysk Diktee 2025
Fakatuere: Seniorûndersiker taalwittenskip Fryske Akademy
De Stifting Fryske Akademy docht mear as 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en … [Lees meer...] overFakatuere: Seniorûndersiker taalwittenskip Fryske Akademy
Fakatuere: Lid fan de Ried fan Tafersjoch Fryske Akademy
De Stifting Fryske Akademy docht mear as 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en … [Lees meer...] overFakatuere: Lid fan de Ried fan Tafersjoch Fryske Akademy
Nasjonaal Boekewikegeskink ‘De krater’ ferskynt ek yn it Frysk
It Nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting fan ‘De krater’is makke troch Jetske Bilker. De kommende Boekewike is de 90e edysje. Foar dizze ekstra feestlike -en ekstra lange - wike lansearre de CPNB in wedstriid foar skriuwers. It winnende manuskript fanGerwin van der Werf waard úteinlik keazen as Boekewikegeskink foar de Nasjonale … [Lees meer...] overNasjonaal Boekewikegeskink ‘De krater’ ferskynt ek yn it Frysk
Wiebe Wieling skriuwt Grut Frysk Diktee 2025
Op tiisdei 8 april is de Steateseal fan it Provinsjehûs wer de arena dêr't it Grut Frysk Diktee holden wurdt. Fyftich minsken sille harren dan bûge oer drege wurden en útsûnderingen yn de stavering. De dikteetekst wurdt dit jier skreaun troch Alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling. De ôfswaaiend foarsitter fan de Koninlijke Vereniging De Friesche Elfsteden fynt it in eare dat hy … [Lees meer...] overWiebe Wieling skriuwt Grut Frysk Diktee 2025





















