• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Hoe wurket it rymwurdboek?

23 november 2023 door Jelske Dijkstra Reageer

De Fryske Akademy hat, mei help fan rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn freonen Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, in rymwurdboek ûntwikkele. Hoe wurket sa’n rymwurdboek no eins?

Rymje bart op basis fan klanken. De útspraak fan wurden is dus hiel wichtich. Yn de wittenskip wurdt dy útspraak wjerjûn yn saneamd fonetysk skrift. Dat is in spesjaal skrift dat foar alle klanken in eigen teken hat. It rymwurdboek is te finen op frysker.nl/rymje en rymwurdboek.nl. Litte wy op dy webside ris it wurd krûpelhintsje ynfolje.

Earst wurdt krûpelhintsje mei Fryske útspraakregels automatysk omset nei fonetysk skrift:
k r u p l h ɪ n t s j ə. Dy útspraakregels hâlde rekken mei it gegeven dat guon bylûden fuortfalle yn it fonetysk alfabet (lykas de /r/ yn lears), en dat stomme lûden fuortfalle, bgl. de schwa-klank yn beammen, dat útsprutsen wurdt as bjemn. Ek it wurd kûpelhintsje hat sa’n stomme klank, nammentlik de schwa-klank tusken de /p/ en de /l/ yn krûpel. No’t wy it wurd yn fonetysk skrift ha, wurdt automatisearre bepaald hokfoar part fan it rymwurd brûkt wurde sil om yn de wurdlisten fan it rymwurdboek te sykjen. Dat part dêr’t op socht wurdt, wurdt bepaald op basis fan it tal wurdlidden (lettergrepen). Yn it gefal fan krûpelhintsje is dat dus
–hintsje, yn fonteytsk skrift:h ɪ n t s j ə. Alle wurdlisten wurde neisocht op wurden dy’t mei dyselde klanken einigje. Ta eintsjebeslút wurde alle resultaten filtere en sortearre. Der wurdt bygelyks sjoen nei de frekwinsje fan de wurden, en oft se ferâldere binne. Ek wurdt sjoen oft it om foarkarsfoarmen giet of om farianten. By it sortearjen wurde de resultaten groepearre op it tal wurdlidden en oardere op Fryske alfabet en op suvere rym of healrym.

De syktocht nei rymwurden op krûpelhintsje leveret yn totaal 785 resultaten op, alderearst sortearre op it tal wurdlidden, û.o. komplimintsje (fjouwer wurdlidden), sprintsje (twa wurdlidden), boerintsje (trije wurdlidden), supertalintsje (fiif wurdlidden), muzykynstrumintsje (seis wurdlidden). Dêrnei komme de minder brûkte wurden, lykas hertsfreondintsje of bûssintsje.

De brûker kin sels by ‘Yndieling’ oanjaan oft it rymwurdboek de resultaten gewoan as list mei rymwurden werom jout of dat de resultaten tegearre mei útspraak yn fonetysk skrift wjerjûn wurde moatte. By ‘Konfiguraasje’ kin de brûker hânmjittich ynstelle oft socht wurde moat op de lêste 1 lettergreep of lêste 2, 3 of 4 lettergrepen. Fierder kin de brûker der foar kieze om bygelyks allinnich de rymwurden mei 5 wurdlidden sjen te litten, of allinnich bepaalde wurdsoarten lykas haadwurden, tiidwurden of eigenskipswurden. As lêste kin de brûker oanjaan oft de minder brûkte wurden of de wurden mei healrym al dan net sichtber binne.

De resultaten jouwe yn alle gefallen genôch ynspiraasje om der mar op los te rymjen:

It lytse, lytse krûpelhintsje

Der wie ris in lyts, lyts krûpelhintsje
Sy koe net oer in komplimintsje
Krige se der ien, dan naam se in sprintsje
Se fleach sa hurd as se koe nei it boerintsje

Mar dat lytse, lytse krûpelhintsje
Wie echt in supertalintsje
Koe spile op elk muzykynstrumintsje
Allinnich of tegearre mei har hertsfreondintsje
Sa fertsjinne se in aardich bûssintsje
Dat lytse, lytse krûpelhintsje

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: Fryske Akademy, gedicht, leksikografy, lexicografie, rymwurdboek, woordenboek

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Sneontejûn • Pieter Jelles Troelstra

Klokken hear ik klinken
Yn de stille jûn;
’t Sintsje sjoch ik sinken,
Wolkjes sjoch ik blinken,
’t Hiele swurk yn ’t rûn.

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken

1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken

7 juli 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

3 augustus 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

28 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 augustus 2025: deadline de Gjalp

1 augustus 2025: deadline de Gjalp

27 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 july 2025: Boekpresintaasje ‘Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501)’

10 july 2025: Boekpresintaasje ‘Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501)’

21 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7-11 july 2025: Old Frisian Summer School

7-11 july 2025: Old Frisian Summer School

20 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d