By it ferskinen fan: Meslânzer Woardeboek, samengesteld door de werkgroep Meslânzers [Triny Martens, Gettje Pals, Piet Smit & Nel Swart], redactie Siebren Dyk. Ljouwert 2024.
Ynlieding
Ien fan de lytste dialekten yn Fryslân – mei in pear hûndert sprekkers – is wol it Midslânsk of, sa’t de sprekkers út Meslâns it sels neame, it ‘Meslânzers’. In dialekt dêr’t de oarsprong nochal tsjuster fan is. Ut de tiid dat it dialekt it plak fan it Frysk as mienskipstaal oernommen hawwe soe, is der net yn en ek net oer skreaun. Rom nommen soe de taalwiksel yn it doetiidske bestjoerlike haadplak fan Skylge nei alle gedachten yn de iermoderne tiid (1500-1800) west hawwe. It hat oanlieding jûn ta allerhanne spekulaasjes oer de oarsprong en de krekte ûntsteanstiid, oant hjoed-de-dei ta. Ik sil sjen oft der no, mei it útkommen fan it Meslânzer Woardeboek (tenei MW), nije antwurden op dy fragen jûn wurde. Nei in skets fan wat oan no ta bekend is út de literatuer oer de histoaryske en taalkundige kontekst, wurdt it MW op dy punten hifke.
In ferkennend opstapke
Terschelling kent drie dialecten, het Schylingers van West, het Aasters van oost Terschelling en het Meslânzers uit Midsland en omstreken. Taalkundigen hebben het Meslânzers dankzij het Hollandse karakter van het dialect vaak beschouwd als een niet Fries maar Nederlands dialect, dit in tegenstelling tot de beide andere dialecten op het eiland.
Fan: Midsland Sfeervol middelpunt van Terschelling (it webstek fan Meslâns)
Door gunstige ligging met een slenkverbinding naar Striep groeide het dorp na 1500 uit tot het bestuurscentrum van Terschelling. Het Polderhuis en het Drosthuis getuigen nog van deze functie, die nu toebedeeld is aan West, waar het huidige gemeentehuis is gevestigd.
Het Meslônzers, dat voornamelijk in Midsland zelf gesproken wordt, is daarentegen geen Fries, maar een Hollands dialect. Helemaal zonder Fries is het dialect niet, want de tongval komt daar wel degelijk vandaan. De verklaring voor het afwijkende dialect in Midsland is te vinden in de Franse tijd, toen het bestuur van Terschelling in Midsland gevestigd was. Net als in veel andere steden in Fryslân gingen de bewoners “netter” en dus meer Hollands spreken.
Fan: Skylgenet
Mar lit ús earst de feitlike situaesje ris fan tichteby bisjen. Der wurde op syn minst trije dialekten praet. It Westers, in Frysk dialekt op Westskylge, it Aesters, ek in Frysk dialekt dat yn it easten fan healwei Formerum ôf oant en mei Aesterein sprutsen wurdt en yn ‘e midden it Meslânzers: in Hollânsk dialekt, mar dúdlik mei Fryske stân fan ‘e mûle útsprutsen en dúdlik rêstend op in Frysk substraat. (…) De fraech by it Meslânzers bliuwt fansels hwannear’t it ûntstien is, hwat de foarbylden west hawwe fan it Hollânsk dat foar in part it Frysk forfongen hat ensfh. Op ‘e fraech nei it hwannear leau ik wol anderje to meijen: foar de Herfoarming. (s. 21 en 25). [alle boppesteande skeanprinten fan my, RJ]
Jo Smit (Midslân 1916- Formearum 1991) Skylge en syn tael
Wat út dizze histoaryske fragminten fan Meslânzers sels nei foaren komt, is dat it as in Hollânsk dialekt sjoen wurdt dêr’t it Frysk – troch substraat – ynfloed op hân hat. It oerstappen fan it Frysk op it Hollânske dialekt soe motivearre wêze troch it ‘netter’ prate wollen. De tiid fan ûntstean fariearret fan ‘foar de Herfoarming’ (fan 1517 ôf), nei 1500 en ‘in de Franse Tijd’ (1795-1813), mar wat is der yn de fakliteratuer te finen oer de oarsprong, de motivaasje foar de oerstap en de ûntsteanstiid fan it Meslânzers?
Fakliteratuer oer de histoaryske kontekst
Op grûn fan it foargeande gean ik der fanút dat it Meslânzers as in Hollânsk dialekt sjoen wurdt dat mei it (sechtjinde-iuwske of lettere) bestjoerssintrum út te stean hat. Ymplisyt wurdt suggerearre dat it unike fan in sosjaal-hegere Hollânske bestjoerslaach in te berikken sosjaal doel wie foar de lagen dêrûnder. Dat idee fan sosjale mobiliteit slút oan by it feit dat dat lokale bestjoersintrum diel útmakke fan Hollân mei syn dominante taal. Skylgers witte fansels wol dat it eilân pas yn de twadde wrâldoarloch (1942) bestjoerlik by Fryslân plakt is, mar fan de sechtjinde iuw ôf al ûnderdiel fan in Hollânske, dus net-Fryske kontekst wie. Foar it ferlerngean fan de Fryske frijheid (1498) wie der aadlik grûnbesit op it eilân fan Gerrit fan Heemskerck (1417). Yn de sechtjinde iuw kaam it yn besit fan Cornelis van Bergen. Hoefolle oare minsken oft der út Hollân meikamen, is net dúdlik, mar blykber wol sa’n soad dat der in Hollânskpratend netwurkje ûntstean koe, want in hiele mienskip jout syn eigen taal net fanwegen in pear ienlingen oer, hoe dominant oft dy ek binne; dêr is in grutskaliger sosjaal netwurk foar nedich. It is net om ’e nocht dat de gruttere stêden yn Fryslân yn de sechtjinde iuw ûntfryske binne troch in frij omfangrike, sosjaal sterke groep minsken fan bûtenút (benammen fan Hollân). It Bilt, dat fanwegen syn plattelânskarakter better ferlykber is, is dêr ek in sprekkend foarbyld fan mei syn ymport fan in kloft boeren út Súd-Hollân wei. De Skylger histoarikus Philip de Boer (1980) makket him der yn in ferliking mei in Hollânsk doarp yn de omkriten fan Saandam in foarstelling fan dat der yn de santjinde iuw, nei’t it eilân oer gie nei de Steaten fan Hollân (1615), ‘burger-ambtenaren’ út Hollân kamen, dy’t oars op paste ôfstân ta de bestjoerders lykas de yn Meslâns fêstige drost (skout) stienen. Mooglikheden foar sosjale mobiliteit lykje yn dy tiid net sa foar de hân te lizzen. Ek de tsjerke soarge foar minsken fan bûten. De grinzen fan it dialektgebiet komme oerien mei dy fan de eardere tsjerklike gemeente (symboalysk stiet de tsjerke fan Meslâns ek foarop it MW). Ut 1654 is de namme fan grifformearde predikant Johannes Grevesteyn bekend en sa sille der (folle?) mear west hawwe. Boppedat sil der noch in oanpart wêze fan minsken dat har wurk op de seefeart hie en dêr kontakten mei net-Friezen hie. Ut houliksregisters docht bliken dat yn de achtjinde en njoggentjinde iuw op Skylge in soad troud waard mei minsken fan bûten it eilân; tusken 1801 en 1811 mear as in fearn fan de nije pearen (Van Oostendorp en Jansen 204: 15). De nearlandist Wytze Gs Hellinga hie al oer de ûntfrysking fan de Fryske stêden skreaun dat it by de taalwiksel nei de algemienere taal yn de sechtjinde iuw gong om it kiezen foar in taal dy’t kommunikaasje mei dy minsken fan bûtenút mooglik makke. ‘Het ontstaan van het Stadsfries zal in eerste instantie niet veel tijd genomen hebben. Het Hollands is niet langzaam binnengedrongen (hoe stelt men zich zoo’n proces eigenlijk voor?), noch het Fries langzaam aangepast aan Hollands, maar een tweede omgangstaal is geleerd door hen, die deze nodig hadden (Hellinga 1940: 43). It oanlearen is dus net op it foarste plak ynjûn troch it ‘netsjeser’ praten. Wannear’t krekt yn dy iermoderne perioade de ferhollânsking fan de mienskip fan Meslâns en de omlizzende doarpen syn beslach krigen hat, is – lykas al hjirboppe sein – net krekt fêst te stellen; it leit yn ‘e reden dat it néi it yn earste ynstânsje oerstappen op it Hollânske dialekt in trochgeand proses west hat wêrmei’t beskate ûnderdielen (bgl. de 16de/17de-iuwske dûbbele ûntkenning fan ‘en … niet’ fuortfallen binne mar de dou-foarm bewarre is (faaks stipe trochdat dy foarm ek yn de oanbuorjende eilândialekten brûkt wurdt) en dat de sk– en [g]-anlaut folle letter pas troch sch– en [X] ferfongen wurden binne (sjoch ek **): it einresultaat is it tsjintwurdige dialekt mei dy foarmen. It Fryske dialekt fan Aast en West wie troch it oergean op it Hollânsk relatyf ûnbegryplik foar de Meslânzers wurden en de nije ‘Nederdútske’ (de doetiidske namme foar de algemienere taal fan de Republyk) taal fungearre dêrom ek as in lingua franca foar it hiele eilân. De sprutsen ferkearstaal hie him yn dy tiid noch net ta it Nederlânsk fan tsjintwurdich ûntwikkele en waard troch alle lagen mei dialektale wurden brûkt. Doe’t de fertsjintwurdigers fan de provinsjes yn de Frânske tiid foar it earst byinoar kamen yn it parlemint, foel op dat hast iderien ‘dialekt’ prate, in tastân dy’t oars noch de hiele njoggentjinde iuw oanhâlde soe.
Fakliteratuer oer de taalkundige kontekst
Mei it boppeneamde senario dat dy nije ‘Nederdútske’ taal fan Skylge yn de iermoderne tiid ‘foet oan wâl’ krigen hie, is net te ferwachtsjen dat de taal fan Meslâns sa unyk is. Yn de tiid dat Skylge noch ûnderdiel fan Noard-Hollân wie, seach de Skylger dialektolooch Klaas Heeroma (1934: 24) grutte oerienkomsten tusken it Meslânzers en de dialekten fan Flylân, Teksel, Wieringen, Drechterland (bij Inkhuzen) en de Saanstreek. Ien fan de ferklearringen dy’t lykwols troch him foar dy oerienkomst jûn waard, wie dat Hollân krekt as it Schylgeralân hielendal Frysk praat hie. Dy Fryske ûndergrûn (substraat) dy’t al yn de oernommen Hollânske taal sitte soe, moast in ferklearring fan de oerienkomsten mei it Frysk jaan. Fierdergeand ynsjoch bringt lykwols nei foaren dat party fan de oanbelangjende foarmen ek bûten it eardere Frysktalige gebiet oanwêzich wienen.*** Dat der in beskaat oanpart Frysk substraat yn it Meslânzers sit, mei dúdlik wêze, mar út de literatuer waard net dúdlik hoe grut en wát dat oanpart fan op dy grûn tatochte Fryske eleminten wie. In oanmerklik part fan de oerienkomsten sil nammentlik ûntstien wêze troch in foar de hânlizzende ferklearring: de Fryske bewenners hawwe foar it meastepart it Hollânsk dialekt fan de dominante Hollanners oernommen (ferl. Hellinga 1940: ‘een tweede omgangstaal is geleerd door hen, die deze nodig hadden’). Skylge lei yn dy tiid yn Hollân en wie mei de kontakten dêr ek op oriïntearre.
Yn de toanoanjaande taalkundige literatuer fêstiget him lykwols it idee dat de Meslânzers net de sprutsen taal fan Hollân, it dialekt, mar de ‘Schriftsprache’ mei ‘Substratwirkung’ oernommen hienen: ‘In Midsland, dem Zentrum der Insel, stand eine Burg der holländischen Herrscher, und die Midsländer hätten die höher angesehene Sprache ihrer Herren übernommen.’ (neffens Knop, sa werjûn troch Cor van Bree yn it Handbuch des Friesischen 2001: 134-135). Hjir komt it anagronistyske misbegryp wer nei foaren dat dy Hollanners yn dy tiid al Standertnederlânsk (‘Schriftsprache’) praat hawwe soenen. Van Bree en Versloot hawwe dat letter oars formulearre: ‘Als de leerders van het ‘gemeen Nederduits’ in de 16e eeuw met name naar Holland keken (luisterden), ligt het voor de hand dat allerlei taalvormen die nu als typisch dialectisch hollands gelden [skeanprint fan my, RJ], meegenomen werden. Dat geldt trouwens ook voor het Fries zelf zodat ook het Fries veel uit het Hollands c.q. het Nederlands van die tijd overnam. Nadat in de nederlandse verhoudingen het Hollands in de 18e eeuw definitief ‘dialect’ geworden was, kwam het Stadsfries in een bipolair krachtenveld tussen Standaardnederlands en Fries. Veel ‘dialectische’ kenmerken – op alle niveaus van de taal – uit Holland of in ieder geval – met het Hollands overeenkomend, bleven als relict in Friesland hangen. Het mag eerder verbazen dat er nog zoveel ‘Hollands’ in het Stadsfries zit, dan dat wij ons af moeten vragen waarom in al die andere gevallen Stadsfries en Hollands uit elkaar gegroeid zijn. (Van Bree en Versloot 2008: 229)
Konklúzje tuskentroch
Ut de populêre en fakliteratuer oer de histoaryske en taalkundige kontekst komt in byld nei foaren dat der yn de iermoderne tiid troch bestjoerlike, tsjerklike mar seker ek maritime ynfloeden út Hollân wei in ûntfrysking fan de mienskip fan Meslâns e.o. ta stân kommen is, omdat dêr it bestjoerlik sintrum fêstige wie dat as kristallisaasjepunt wurke hat foar in Hollânsktalige mienskip. De krekte tiid fan ûntfrysking is net fêst te stellen, mar it resultaat is dat de ynwenners fan it Frysk benammen op it dialektale Hollânsk (net de skriuwtaal) oerstapt binne. De motivaasje soe foar in part ynjûn wêze kinne om netsjeser te praten, mar it kiezen fan in taal fan de machtiger groep om kontakt te lizzen, spilet like goed in rol; it is de taal fan bûten mei in grutter berik mei it Hollânske achterlân, dêr’t Skylge ûnderdiel fan wie. De nije memmetaal fan de Meslânzers is fansels net ien-op-ien kopiearre en hat troch substraatwurking lienwurden en mooglik oare typysk Fryske eleminten yn him opnommen. Dat it net om ‘Nederlânsk’ sa’t wy dat no kenne ûnder de namme A(B)N giet, is troch de oerienkomsten mei oare Hollânske dialekten dúdlik wurden. Op dat punt ûntstiet der soms wat in misferstân omdat Meslânzer, Stedske en Fryske wurden as bygelyks do(u) syngroan besjoen op inoar lykje en dêrom no foar spesifyk Frysk oansjoen wurde en net foar it net mear bekende Hollânsk. It lit it Meslânzers, mar ek it Stedsk en it Biltsk yn moderne eagen Frysker lykje as dat it histoarysk wie.
Wat seit it Meslânzer wurdboek hjir no oer?
It moaie fan it nije MW is dat it ek brûkt wurde kin om de boppesteande ideeën te hifkjen: komt it Meslânzers dialekt it meast oerien mei it (dialektale) Hollânsk of mei it Frysk (of binne de ynfloeden like grut)? It hjoeddeisk Meslânzers wurdt dêrom no earst ferlike mei achttjinde-iuwske fariëteiten, omdat dêr de oarspronklike eleminten yn werom te finen binne: in Hollânsk dialekt (Beemsters), it Leewarders, dat oarspronklik ek fan nei Fryslân ta kommen Hollanners yn de iermoderne tiid oernommen is, ôfset tsjin it Frysk út dyselde tiid. Gâns oerienkomsten tusken de net-Fryske fariëteiten ûnderling springe fuortdaliks sûnder allerhanne foarûnderstellings yn it each. Fansels bliuwe der wol wat lienwurden en substraat oer dy’t net oars as Frysk wêze kinne. Beide ferklearringen tegearre dekke inoar oanfoljend en foar in part oerlaapjend de oarsprongen fan it dialekt goed ôf.
Ferliking Hollânsk mei Meslânzers, Leewarders en Lânfrysk | ||||
Hollânsk | Meslânzers | Leewarders | Lânfrysk | |
(Wolff) | (Woardeboek) | (Jeltema) | (Althuysen) | |
fonology: | speule | speule | speule | (spijlje) |
teugen | teugen | teugen | tyen | |
zeumer | seumer | zeumer | simmer | |
zundag | sundag | zundag | (sneyn) | |
kort | kort | ku.t | kort | |
motte | motte | mutte | matte | |
stien | stien | stien | stien | |
gien | gien | gien | nin | |
allien | allien(eg) | allienig | allinne | |
twie | twie | twie | twaa | |
keers | kears | kee.s | (kjersen) | |
vandeen | fandean | van deen | fendinne | |
dogt | docht | dogte | togt | |
pond | pond | pon | (poen) | |
toen | doe | doe(n) | doa | |
morfology: | speule | speule | speule | spijlje |
komen | kommen | koomen | komd | |
edeen | dean | deen | dien | |
karweitje | bryfke | karweike | gleske | |
ik gaan | ik gaan | ik gaan | (ik gean) (gae) | |
hebben | hewwe | hewwe | habbe | |
hy het | hij het | hy het | hy het | |
wij binne | wij binne | wij binne | Wy binne (sind) | |
u weet | je wete | jou weete | y witte | |
Idioom: | nog | nog | nog | jytte |
wat | wat | wat | het | |
vleis | fleis | fleis | flêsk | |
koey | koeies (meartal) | koei | ky |
Fetsetten foarmen binne de oarspronklike Fryske foarmen dy’t yn de 17de/18de iuw ferkrongen binne troch de Hollânske. Noch lettere feroaringen yn it Frysk (nin -> gjin, doa-> doe, komd -> kommen, habbe -> hawwe, y -> jo, jytte -> noch, het -> wat, flêsk -> fleis) litte sjen dat krekt it Frysk sels wakker beynfloede is troch it Hollânsk (al of net troch de stêden); noch in reden dat de Meslânzer fariëteit op it hjoeddeiske Frysk lykje kin (mar nét op dat fan de 17de iuw). (tusken heakjes út in oare 17de-/18de-iuwske boarne).
Wat docht it MW mei dy oerienkomsten tusken it dialektale Hollânsk en it Meslânzers?
It lykjen op it Stedsk fan Harns (opmurken troch de oanhelle Halbertsma 1856: 77-78) liedt yn de ynlieding (s.9-12) ta de opmerking dat ‘Het [Meslânzers] namelijk een van de loten [is] aan de stam van de Fries-Nederlandse mengdialecten.’ (s.9) [Myn skeanprinten, RJ]. Dat ‘namelijk’ wurdt fierder net ûnderboud, mar is de kar fan de wurdboekmakker. ‘Minging’ wurdt hjir rûchwei ferantwurde omdat ‘de woordenschat geïnspireerd is op het Nederlands maar dat de basis van de uitspraak de basis van de uitspraak en syntakis Fries is.’ Dat dy basis (folslein) Frysk wêze soe, is yn de literatuer oars noch langn’t in útmakke saak, omdat ferskate útspraakferskynsels, lykas de s- en de f-anlaut ek hjoed noch oanwêzich binne yn it Hollânsk en ek de ‘Fryske’ tiidwurdfolchoarder foar in grut part oerienkaam en oerienkomt (Fr. ‘dat er dat dien hat’ Hol. ‘dat ie dat gedaan had’).
Op it foarste plak is opmerklik dat hjir fan Nederlânsk (en net fan dialektaal Hollânsk) útgongen wurdt. Op it twadde plak is it noch opmerkliker dat de meiwurkjende leksikograaf it begryp ‘mengdialect’ brûkt. Dat yn tsjinstelling mei in resinte publikaasje (Hans Van de Velde, Pieter Duijff, Siebren Dyk, Wilbert Heeringa en Eric Hoekstra 2019: 3). Dêryn nimme Dyk-en-dy sels krekt eksplisyt ôfstân fan dy betiizjende term: ‘We gebruiken hier niet de term mengtalen. Deze term wordt in de taalkunde doorgaans gebruikt voor een specifieke vorm van contactvariëteiten, die abrupt ontstaan zijn uit twee of meer talen die niet nauw verwant zijn (…). Aangezien de Stadsfriese variëteiten historisch gezien geleidelijk ontstaan zijn en nauw verwant zijn aan de Hollandse dialecten, duiden we hen niet als mengtalen.’[Skeanprinten fan my, RJ]. It opmerklikst is lykwols dat Dyk ferline jier krekt in beskriuwing fan in Hollânsk dialekt besprutsen hat foar Us Wurk: ‘Tessels.Taal over zee.’ Hy skriuwt yn dat besprek:
“En dan is der dus noch de kwestje hoe’t it Tekselsk pleatst wurde moat, en dan foaral yn ferhâlding ta it Frysk. Oftewol: hoe moatte al dy oerienkomsten mei it Frysk ferklearre wurde? [Myn skeanprint, RJ] De kwestje spilet net inkeld foar it Tekselsk, ek foar oare Noard-Hollânske dialekten is er opsmiten, en sels, mar dan geane we noch wat fierder yn ’e tiid tebek, foar hiele Hollân, of yn alle gefal foar de kuststripe. En faaks noch wol driuwender ek foar de mingdialekten yn Fryslân sels, dus de taal fan ’e gruttere stêden, it Bildt, it Amelân en Midslân. It wie Van Bree dy’t in taalkontaktteory as dy fan Van Coetsem (1988) dêrop tapaste en sa de eigenskippen fan sokke dialekten hiel oannimlik pleatse koe; in moai oersjochartikel is bygelyks Van Bree (1997). It idee is dat by in taalwiksel de oarspronklike befolking yn grutte halen de wurdskat fan de “nije” taal oernimt, mar net eleminten fan útspraak en sinbou, en in part net maklik oer te setten wurden ha ek oanstriid om net mei te gean. Ik moat sizze dat iksels altyd wol sjarmearre west haw fan dat model fanwegen syn psygologysk útgongspunt: it opfallende oan in taal, de wurden, nimt de sprekker oer, en dêr’t er him minder bewust fan is, dat lit er gewurde. Boppedat jout it romte om eventuele fariaasje te ferantwurdzjen, sawol oan ‘e kant fan ‘e doeltaal Nederlânsk as de boarnetaal Frysk [Myn skeanprint, RJ]. Sa meie we bygelyks wol oannimme dat Midslanners de begjinkloft sch- of de rûzer g- oan it wurd begjin oernaam ha fan har foarfaars doe’t dy noch Fryskpraten; it Fryske Westers en Aasters op Skylge ha dy lûden ommers ek noch altyd. En it opfallend “ûnfryske” systeem om op it Bildt ferlytsingswurden te foarmjen kin skood wurde op’e ynstream fan foaral Súd-Hollânske boeren [Myn skeanprint, RJ.
(Dyk 2023: 184)
It spitige fan it oanheljen fan Van Bree en de oannames dy’t der yn bebakt sitte (1997), is dat se letter (2008) mei troch dyselde Van Bree nuansearre binne (sjoch hjirboppe); der moat by de analyze neffens it model fan Van Coetsem net (inkeld) fan Nederlânsk mar ek fan Hollânsk útgongen wurde. Troch it mei opsetsin noch altyd fêsthâlden oan it stânpunt om inkeld fan it Nederlânsk út te gean, wurdt it Hollânske elemint bewust skoudere (sjoch tabel 1) en dat hat wer in iensidige syngroane analyze fan gefolgen. Yn de ynlieding fan it MW giet Dyk nammentlik fierder mei: ’Het ontstaan van dergelijke dialecten [d.i. ‘mengdialecten’, RJ] is misschien het beste te begrijpen uit een streven om een andere taal te gaan spreken, een taal die aantrekkelijk was doordat zij een groter prestige had. Dat leren van die andere taal gebeurde spontaan en ongereguleerd [myn skeanprint, RJ]. Wat daarbij het gemakkelijkst uit de taal van de maatschappelijke bovenlaag [blykber it ‘Nederlands’, RJ] overgenomen werd, was datgene wat in het oog, of beter in het oor viel, en dat waren de woorden. Ingesleten patronen op het gebied van uitspraak of zinsconstructie, aspecten van de taal waarvan men zich niet of nauwelijks bewust was, bleven juist gehandhaafd.’ (s. 9) Dat it hjir spesjaal neamd wurdt dat it om ‘spontaan en ongereguleerd’ learen giet, is opfallend. Yndie gie it doe net as yn ús tiid om it bewust oanlearen fan in frjemde taal as Ingelsk op skoalle mei in grammatikaboekje yn in ûnderwiissituaasje, mar dat wol noch net sizze dat it ‘ongereguleerd’ gong. De taalmienskip hat wol deeglik regels foar it goed oanlearen fan in nije fariëteit; brykprate wurdt fuortdaliks sosjaal ôfstraft. Ik tink dat krékt de praktyk de bêste learskoalle is foar naubesibbe fariëteiten. It makket dat de nije fariëteit op it bewuste nivo goed oanleard wurdt. Unbewuste saken as in aksint wurde meinommen yn de oanlearde taal (substraat), mar foar de learder hat er de nije taal oernommen, in taal dy’t krekt as it Stedsk fan de fêstewâl ‘nauw verwant’ is. Brykpraten leit noch minder yn ‘e reden, om’t de nije sprekkers geregeld ek noch yn kontakt stienen mei Hollân. De reden foar dy eksplisite meidieling wurdt lykwols net jûn, mar sil – lykas út ditsoarte fan ming-literatuer bliken docht – te krijen hawwe mei it ym- dan wol eksplisyt lizzen fan de ferbining mei de negative folksaardige beneamingen as ‘grienmank’, in ‘raar mengelmoesje’ en ‘geen vlees en geen vis’. De ûnderlizzende stelling is mei safolle wurden dat der in nije, op himselssteande fariëteit as in synteze ta stân kaam, in ‘pidgin’, dy’t letter memmetaal waard. In skoallefoarbyld fan sa’n synteze is meisje+famke dy’t de nije foarm meiske opsmite soe. Dit didaktyske foarbyld rint dêrom stomp, om’t ferlytsingswurden mei –ke al yn it Noard-Hollânsk foarkamen. Boppedat wurdt der fan dy saneamde ‘mingdialekten’ net ien earder as ein achttjinde iuw fan in spesifike namme foarsjoen, nammentlik pas as it algemiene Nederlânsk as sprektaal begjint ôf te wiken fan dy dialekten; Leewarders, Bilts, Meslânzers. Dêrfoar waarden se net as in spesjaal dialekt neamd, om’t se as part fan it Nederdútsk sjoen waarden. Foar it Meslânzers is net dúdlik wannear’t as in typysk dialekt ‘ûntdekt’ waard. Halbertsma hat it yn 1856 ferlike mei it ‘Harlingersch’ mar it sels gjin eigen namme jûn.
Hoe is dat ynnommen stânpunt fan Standertnederlânsk as referinsjetaal werom te finen yn dit wurdboek? It komt benammen nei foaren yn it skouderjen fan de dialektale Hollânske foarmen yn de grammatika; alles dat ôfwykt fan it tsjinwurdige Standertnederlânsk wurdt sadwaande safolle mooglik oan it substraat fan it Frysk taskreaun. In pear foarbylden: de meartals persoansfoarm by jij/je wete wurdt net mei de Hollânske foarm ferlike (bgl. Wat doene jij yn it Westfries woordenboek fan Pannekeet 1975: 171): ‘Dat doet vermoeden dat Meslânzers jij een Friese achtergrond heeft; het Friese jo regeert ook een meervoudige persoonsvorm.’ (MW: 56), de dou-foarm [en de -st-útgong fan de byhearrende persoansfoarm] (‘Sommige functiewoorden zijn Fries, MW: 10, sjoch ek ****), mar ek ik gaan, wij binne/hewwe, fleis, it mulwurd sûnder ge-prefiks, bgl. ‘hy het et dean’, ensfh. (sjoch tabel 1). It wurdt blykber dreger foar de leksikograaf de Hollânske oarsprong te ûntrinnen as de foarm peard net Frysk (ros/hynder) of net Nederlânsk (paard) is, want dat ‘staat uiteindelijk toch nog weer dichter bij bijvoorbeeld het Noordhollandse peard uit het Westfries’ (s.11), klinkt it sunich…
Beslút
It MW jout gjin nije antwurden op de fragen oer de oarsprong(en) en de krekte ûntsteanstiid fan it Meslânzers, mar werhellet selektyf wat de (fer)âldere literatuer dêroer te melden hie. Dochs kin ik it wol iens wêze mei wat op de ein fan de ynlieding sein wurdt: ‘Het belangrijkste over het Meslânzers is nu met dit woordenboek vastgelegd en beschikbaar.’ Ek al is de ynfalshoeke nochal iensidich út it hjoed-de-dei wei, syngroan, tocht, dochs wurdt der gâns ynformaasje oer dit lytse dialekt bean. It jout bûten de al neamde ynlieding in wiidweidich oersjoch fan lûden, stavering en grammatika. De lûden wurde mei de syngroane ynfalshoeke fansels wer mei it Nederlansk en it Frysk ferlike. Ek by de grammatika binne it hjoeddeiske Nederlânsk en Frysk de referinsjetalen, wat foar de syngroane brûker faaks ek yn ‘e reden leit. It is in deeglik wurkstik fan de wurkgroep en de leksikograaf wurden mei in wiidweidige wurdskat yn it eigentlike wurdboek. De lemmata binne taljochte mei wurdsoarte, lidwurd/foarm, oersetting/útlis yn it Nederlânsk en faak in foarbyldsin. Boppedat is der ek noch in yndeks Nederlânsk-Meslânzers opnommen. De wittenskiplik ûndersiker kin no yn alle gefallen sels goed mei in diagroan rjochte ûndersyk de oerienkomsten mei de Hollânske dialekten yn en bûten Fryslân ferlykje. Allinnich al om dy reden is it Meslânzer Woardeboek in oanwinst!
*Mei tank oan Marcel Plaatsman (*Purmerend 1987) en Arjen Versloot (*Schiedam 1965)
** Johan Winkler jout yn syn grut dialektologyske ûndersyk fan it Algemeen Nederduitsch en Friesch dialecticon dl II yn de njoggentjinde iuw foar it Westers, it Aasters en it Meslânzers noch sk– en g- (1874: 10-20). Alle trije dialekten hawwe tsjintwurdich de anlaut sX– en X– (s.10). It Stedsk en sa (en ek it Frysk) hawwe sk– en g-.
*** “In de jaren na de eeuwwisseling ging ik mij ook bezighouden met het Aalsmeers en het Hollands van de Gouden Eeuw en ik begon mij te realiseren dat in ‘uithoeken’ als Marken en Aalsmeer niet speciaal fries taalmateriaal bewaard was maar dat de dialecten van beide plaatsen (met andere) met name fungeerden als relicten van het Hollands van de Gouden Eeuw, de omgangstaal van o.a. Amsterdam. Zoals Heeroma geconstateerd had dat de taal van Westfriesland in de grond niet ‘frieser’ was dan die van de Zaan, zo meende ik vast te kunnen stellen dat de taal van Marken en Aalsmeer in de grond niet ‘frieser’ was dan die van Bredero.” (Arjen Versloot in Van Bree en Versloot 2008: 7, sjoch ek Versloot 2017)
**** Dat dou noch oant yn de santjinde iuw gewoan ûnderdiel fan de Nederdútske ferkearstaal wie is ûnder oaren op te meitsjen út it feit dat yn it twadde fearn fan de santjinde iuw der noch diskusje by it meitsjen fan de ‘Statenvertaling’ west hat om de ‘netsjesere’ du-foarm fan dou yn plak fan gij te kiezen. It wienen de teologen út de hegere sosjale lagen bûten it Noarden dy’t dy foarm opkeard hawwe, omdat dy al te ‘plat’ wêze soe of yn guon kriten net mear yn gebrûk (mar wol yn it noarden fan Hollân). As der fan it Standertnederlânsk út redenearre wurdt, moat dou wol út it Frysk oernommen wêze (en net út it Hollânsk of de Hollânske ferkearstaal).
Literatuer
Jan Althuysen, Friesche rymlery dl I. Liouwerd 1755. Ek yn A. Feitsma (red.), Frysk út de 18de ieu II. Estrikken XXI. Grins 1960: 116-160.
Philip J. de Boer, Tussen Holland en Friesland. Het eiland Terschelling voornamelijk in de 17e eeuw. Doctoraalscriptie Nieuwe Geschiedenis Rijksuniversiteit Utrecht.Terschelling 1980.
Cor van Bree, Hollandse taalinvloed in Friesland. Yn: Ph.H. Breuker & A. Janse (red.), Negen eeuwen Friesland-Holland. Geschiedenis van een haat-liefdeverhouding. Zutphen 1997: 120-133.
Cor van Bree en Arjen Versloot, De oorsprongen [meartal, RJ] van het Stadsfries. Leeuwarden 2008.
Siebren Dyk, Besprek fan Marcel Plaatsman, Tessels.Taal over zee. Alkmaar 2021. Us Wurk LXXII, 2023: 180-185.
Anne Jeltema, Vermaak der slagterij. S.pl. 1768. Ek yn: A. Feitsma en R. Bosma (red.), Frysk út de 18de ieu III. Estrikken XXII. Grins 1961: 71-80.
Hans Van de Velde, Pieter Duijff, Siebren Dyk, Wilbert Heeringa en Eric Hoekstra, Fries-Nederlandse contactvariëteiten in Fryslân. Ljouwert 2019.
Arjen Versloot, On the nature of mixed languages: The case of Bildts, International Journal of the Sociology of Language 248, 2017: 113-136.
Betje Wolff, No. 40. De Gryzaard. Vervattende LII spectatoriaale vertoogen. dl. 1. Monnikkendam 1768: 513-520.
Siebren Dyk zegt
Jonkman syn stik befettet opmerkings der’t ik myn hanteken sa wol ûnder sette wol. Lykas:
“De nije memmetaal fan de Meslânzers is fansels net ien-op-ien kopiearre en hat troch substraatwurking lienwurden en mooglik oare typysk Fryske eleminten yn him opnommen.”
Dat it Meslânzers net folslein kopiearre is, is bygelyks te sjen oan ‘e ferliking mei it Beemsters. Jonkman fynt dêr yndied in rychje wurden dy’t gelyk binne, mar as men de tekst – in moaie boarne oars! – ris opsiket, dan is der ek gâns dat yn it Meslânzers sa net foarkomt. Bygelyks al dy n-en dy’t as ng foar de hearen komme, as yn wangt foar ‘want’.
Dochs binne der yn syn stik ek passaazjes dy’t wol wat kommintaar fertsjinje. Jonkman syn wichtichste krityk liket ferpakt te sitten yn in trijetrepsraket opmerklik – opmerkliker – opmerklikst. No komme de basisfoarm en de superlatyf eins op itselde del, dat miskien rikt de raket wat minder fier as dat Jonkman tinkt. “Op it foarste plak is opmerklik dat hjir fan Nederlânsk (en net fan dialektaal Hollânsk) útgongen wurdt”, seit Jonkman. En yn in alinea fierderop: “der moat by de analyze neffens it model fan Van Coetsem net (inkeld) fan Nederlânsk mar ek fan Hollânsk útgongen wurde. Troch it mei opsetsin noch altyd fêsthâlden oan it stânpunt om inkeld fan it Nederlânsk út te gean, wurdt it Hollânske elemint bewust skoudere (sjoch tabel 1) en dat hat wer in iensidige syngroane analyze fan gefolgen.” Ik ha dus blykber dat hiele Hollânsk net neamd. Mar wat stiet der op side 10-11 fan de ynlieding fan it wurdboek?:
“Bovendien, ook al doet een woord Nederlands aan, dan nog hoeft het niet volledig gelijk te zijn aan het woord in het Standaardnederlands, bijvoorbeeld omdat de klinker enigszins afwijkt. Een oorzaak daarvan kan gelegen zijn in de sprekers die als richtpunt dienden. In het geval van het Meslânzers moeten we daarvoor waarschijnlijk in de eerste plaats denken aan ambtenaren uit het gewest Holland, maar die spraken ook niet allemaal keurig ABN, zeker niet in de 17e eeuw.”
Hjir wurdt dochs mei safolle wurden sein dat de oriïntaasje wie op Hollânske dialektsprekkers. Boppedat giet it net om it hjoeddeiske dialekt, mar om dat fan ‘e 17de iuw, in faktor dêr’t Jonkman, mei rjocht, ek nochal de klam op leit. Mooglik hat Jonkman finaal oer dizze passaazje hinne lêzen. Mar dan is it wol apart dat him de ferfolchsin net ûntkommen is: “It wurdt blykber dreger foar de leksikograaf de Hollânske oarsprong te ûntrinnen as de foarm peard net Frysk (ros/hynder) of net Nederlânsk (paard) is, want dat “staat uiteindelijk toch nog weer dichter bij bijvoorbeeld het Noordhollandse peard uit het Westfries’ (s.11), klinkt it sunich…””. Der noch even fan ôfsjoen dat de ferliking net is mei ros of hynder mar mei Westers hòs en Aasters hos, dit hat neat mei sunich klinke út te stean; yn in behanneling oer de oarsprong fan it dialekt dy’t mar goed twa siden yn beslach nimt, mei ien sa’n foarbyld genôch wêze.
It komt faker foar dat Jonkman by syn lêzen wat liket te ûntkommen. Cor van Bree wurdt nammentlik ek gjin rjocht dien:
“Yn de toanoanjaande taalkundige literatuer fêstiget him lykwols it idee dat de Meslânzers net de sprutsen taal fan Hollân, it dialekt, mar de ‘Schriftsprache’ mei ‘Substratwirkung’ oernommen hienen: ‘In Midsland, dem Zentrum der Insel, stand eine Burg der holländischen Herrscher, und die Midsländer hätten die höher angesehene Sprache ihrer Herren übernommen.’ (neffens Knop, sa werjûn troch Cor van Bree yn it Handbuch des Friesischen 2001: 134-135). Hjir komt it anagronistyske misbegryp wer nei foaren dat dy Hollanners yn dy tiid al Standertnederlânsk (‘Schriftsprache’) praat hawwe soenen.”
Mar dat komt út dit sitaat hielendal net nei foaren, der stiet nearne dat dy “holländische Herrscher” standertnederlânsk praten. Ik tink dat Jonkman hjir earder reagearret op in passaazje op side 134 fan datselde artikel yn it Handbuch:
” … dasz auch die mit dem Stadtfriesischen verwandten Dialekte von Midsland, Ameland und Kollum durch friesische Substratwirkung auf das (Nord-)Holländische mit der hinzukommenden Schriftsprache entstanden sind”.
Hjir wurdt dus, oars as wat Jonkman seit, de taal fan (Noard-)Hollân wol deeglik neamd. Wat dan de rol fan de “Schriftsprache” yn dit sitaat krekt is, dat is miskien foar mear ynterpretaasjes fetber, mar yn alle gefal net dat dy Skylgers tenei dêr inkeld mar op oergien binne. Nei alle gedachten sil hjir bedoeld wêze dat it Hollânsk like op ‘e skreaune taal dy’t de Skylgers ûnder eagen krigen, bygelyks yn ‘e bibel, en dat sil bydroegen ha oan it prestiizje fan ‘e nije taal.
Werom nei de twatrepsraket, nei de komparatyf fan opmerklik. Jonkman ferwyt my dat ik net konsekwint bin mei de term mingdialekt, omdat ik yn in eardere groepspublikaasje it wurd kontaktfariëteit foar kar naam ha. Dêr hat er gelyk yn, mar men sit yn in kollektyf en dan wol men de beroerdste ek net wêze. Jonkman hie my doe mei dat lange wurd ek itselde ferwyt meitsje kind, omdat ik earder “mingdialekt” brûkte. Je kinne dus ek sizze dat ik de ynkonsekwintens wer ynruile haw. Ik fiel my wol lekker mei dat wurd, want it beskriuwt behindich wêr’t it nei ferwiist. As it in mingdialekt is, wêrom soene we it dan net sa neame?
Fan myn kant haw ik dan wer beswier tsjin Jonkman syn term pidgin yn syn oanhelling “De ûnderlizzende stelling is mei safolle wurden dat der in nije, op himselssteande fariëteit as in synteze ta stân kaam, in ‘pidgin’, dy’t letter memmetaal waard.” In pidgin bestiet út wol hiel primitive taalbousels, en dêr sil hjir gjin kâns op west ha omdat de Skylgers har Hollânske foarbylden grif skoan ferstien hawwe. As foarbyld fan dy synteze brûkt er ferlytsingswurden. No liket it Meslânzer diminutyfsysteem wol hiel bot op dat fan it Frysk, en ek op dat fan it Westers en it Aasters (al sit de foarm -tsje dan wat tusken Aasters -tje en Westers -tse yn). Dat, it leit yn ‘e reden om oan te nimmen dat it stelsel fan ferlytsingsfoarmen troch substraatwurking oernaam is yn it Meslânzers. Neffens Jonkman is dat net sa, it “rint dêrom stomp, om’t ferlytsingswurden mei -ke al yn it Noard-Hollânsk foarkamen.” En dat lêste is wier goed mooglik. Plaatsman set yn syn magnum opus Tessels. Taal over zee (2021) op side 627-628 de ferlytsingsútgongen fan fjouwer Noardhollânske dialekten op in rychje. Wieringen en Opperdoes binne dêr idintyk oan it Frysk, mar it Tessels en Westfries perfoarst net. Mar, dit is de hjoeddeiske tastân. Plaatsman nimt oan dat -ke yndied ek âlder Tessels wie, mar dat moat yn ‘e 18de iuw al oan it ferskowen west hawwe, sadat it ferfongen waard troch -tje en -pie. “Het kan ook zo zijn dat het Tessels en het Westfries deze vormen gelijktijdig uit het Hollands overnamen”, sa skriuwt er op side 630. Dêrmei komt er sa sydlings wol op in potinsjeel probleem. It gewest Hollân wie fansels in grut gebiet, dat talich ek net ienfoarmich wie, en dat, sa moatte wy yn dit gefal begripe, yn it suden dat -ke al folle earder ferlern hie. Dogge jo in berop op Fryskeftige foarmen út it Hollânsk, dan sille jo der faker as ien kear fan út gean moatte dat de foarbyldsprekkers út ‘e kop fan Noard-Hollân kamen, en net bygelyks út Dordrecht. As jo dêrfoaroer by “Fryske” foarmen útgeane fan substraatwurking, dan ha jo dat geografyske probleem net.
Mar Jonkman jout der dus de foarkar oan om by gelikense diminutyffoarmen de ynfloed fan ‘e doeltaal (Hollânsk) de foarkar te jaan boppe de ynfloed fan ‘e boarnetaal (Frysk). En net allinnich by ferlytsingsfoarmen, dit liket, te sjen oan ‘e foarbylden yn syn ien nei lêste alinea, by him in algemien patroan. Ik kin dan as Frysk sjovinist wol roppe fan “substraatwurking!”, en ik kin miskien ek wol sizze dat besteande kennis giet foar nije kennis, mar úteinliks liket my dizze wedstriid om gelikense foarmen yn in lykspul te einigjen, wat de treners dan miskien ek sizze sille oer oerwicht dit of kânsen dat.
Wichtiger binne dêrom de fenomenen dy’t wol dúdlik wize op substraatwurking. Jonkman erkent wol dat soks bestiet, mar hy makket der fierder gjin wurk fan. Noch sterker, hy hellet it foarbyld út ‘e ynlieding fan it wurdboek ûnderút mei it sizzen dat de sch- en de rûzer g- yn ‘e anlaut fan folle letter tiid binne, him dêrby beroppend op Winkler (1874). No kin ik by Winkler neat fine oer dy g-, mar sch- is yn syn transkripsje yndied sk-. En dus kinne dy rûzjende anlauten yn it Meslânzers by de taaloergong dan net meikommen wêze út it eardere Skylgers. Mar dan is it wol wat apart dat it Aasters en Westers hjoeddedei wol dy rûzers sjen litte. Knop, berne yn 1873, seit yn syn Spraakkunst der Terschellinger dialecten (1954) ek planút “Germ. sk, ofri. sk anl. tersch. sx” (s. 92) en “Germ. g is tersch. anl. als stemloze open velaar (gutturale spirans)” (s. 97). Stel dat Knop op syn tsiende in bytsje by syn taalbenul kaam is, dan soe er dochs hast wat fan in útspraak mei [sk-] en [ɡ-] fernommen hawwe moatte, soe men sizze.
It leit dêrom, leau ik, ek in bytsje oars. Staveringen mei sk- fine jo by Winkler net allinnich foar it Meslânzers, mar ek foar it Aasters en Westers. No is der foar it Westers in âldere boarne. Dat binne in stikmannich teksten fan J.S. Bakker (1802-1863), ûnder de titel Ds. J.S. Bakker en het Westerschellingers yn 1972 útjûn troch Tineke J. Steenmeijer-Wielinga, en it docht dêrút bliken Bakker konsekwint sch- staveret. Mar dan soe it Westers yn ‘e foarste helte fan ‘e 19de iuw sch- hân ha, dan even (in pear desennia?) sk-, en dêrnei op ‘en nij wer sch-? Dat soe dochs wol in bîutenwenstich senario wêze. It liket my dêrom wierskynliker dat Winkler dy yn Frysk perspektyf bûtenwenstige stavering mei sch- yn ‘e Skylger oersettings fan syn ynformanten net fertroud hat, en se eigenhandich feroare hat yn sk-. Ik tink dus dat Skylge al hiel lang dy rûzers yn ‘e anlaut hân hat, langer teminsten as dat Jonkman oannimt. As ik gelyk haw, dan soe dat op in ienfâldige wize ferklearje wêrom oft it Meslânzers hjir rûzers yn ‘e anlaut hat, en de oare mingdialekten ploffers. By it oergean op ‘e oare taal binne se simpelwei út ‘e memmetaal meinommen. En sa binne der mear lûdferskynsels dy’t it Meslânzers unyk mei de oare Skylger dialekten mienskiplik hat, yn ferliking dan mei mei de mingdialekten op ‘e fêste wâl en it Frysk dêre. Mar dy sil Jonkman yn it boek grif ek al fûn hawwe.
Dit is ek de reden dat ik skreaun haw dat dy oergong “spontaan en ongereguleerd” wie. Jonkman makket dêr nochal wat wurk fan, mar dit hat wier net “te krijen (…) mei it ym- dan wol eksplisyt lizzen fan de ferbining mei de negative folksaardige beneamingen as ‘grienmank’, in ‘raar mengelmoesje’ en ‘geen vlees en geen vis’.” Jonkman begjint hjir in bytsje troch te draven, ik soe net witte hoe’t er dit hurd meitsje wol. Nee, de oantsjutting is inkeld bedoeld om oannimlik te meitsjen dat dy substraatwurking ek werklik in kâns hie. Hie der by it oanleren fan ‘e nije taal in kursuslieder oan it wurk west, dan hie dy dy ôfwikende klanken der grif út reage.
Ta beslút. Jonkman fettet nei myn smaak syn stik wol aardich gear yn dizze, ek al earder oanhelle, passaazje:
“Troch it mei opsetsin noch altyd fêsthâlden oan it stânpunt om inkeld fan it Nederlânsk út te gean, wurdt it Hollânske elemint bewust skoudere (…) en dat hat wer in iensidige syngroane analyze fan gefolgen”
Dy syngroane analyze, dêr hat er wol wat gelyk oan, en hy jout yn ‘e lêste alinea sels ek al de reden oan. Yndied, dat wurdboek jout yn it foarste plak in beskriuwing fan ‘e hjoeddeiske taal, en hat ek rekken te hâlden mei it referinsjeramt fan ‘e hjoeddeiske brûker. Likegoed, as de data ek oars brûkt wurde kinne, dan is dat allinnich mar moai. Mar dat skouderjen is hjirboppe no wol ûntkrêfte, tinkt my. Dat hat him inkeld mar yn Jonkman syn holle fêstset omdat er wat al te rûch oan it lêzen west hat. Of ha wy hjir te krijen mei in pôt dy’t in tsjettel wat ferwyt as er seit: “It MW (…) werhellet selektyf wat de (fer)âldere literatuer dêroer [ntl. oer de oarsprong(en) fan it Meslânzers, SD] te melden hie.”?
Reitze Jonkman zegt
IKoarte replyk op de retoryk fan Siebren Dyk.
Yn syn reaksje op myn sintrale stelling yn Op syn Meslânzers fan 1 april ll. dat yn it MW fan it (Standert-) Nederlânsk en net fan it (dialektale) Hollânsk útgongen wurdt – Meslânzers – In reaksje op Jonkman fan 8 april ll. – wiist Dyk my yn dat ferbân der op dat ik mooglik finaal oer dizze passaazje yn de ynlieding fan it MW hinne lêzen haw.
“Bovendien, ook al doet een woord Nederlands aan, dan nog hoeft het niet volledig gelijk te zijn aan het woord in het Standaardnederlands, bijvoorbeeld omdat de klinker enigszins afwijkt. Een oorzaak daarvan kan gelegen zijn in de sprekers die als richtpunt dienden. In het geval van het Meslânzers moeten we daarvoor waarschijnlijk in de eerste plaats denken aan ambtenaren uit het gewest Holland, maar die spraken ook niet allemaal keurig ABN, zeker niet in de 17e eeuw.”
Yndie haw ik dêr finaal oer hinne lêzen, jou ik ta. Ik hie by de ûnderbouwing fan myn sintrale stelling folle koarter krieme kind. Yn dy passaazje wurdt de mjitte fan it ôfwiken fan de skriuwtaal net inkeld minimalisearre mei ‘hoeft het niet volledig gelijk te zijn’ en dat de ‘klinker enigszins afwijkt’ de oarsaak ‘kan gelegen zijn (…) waarschijnlijk in de eerste plaats’ yn it taalgebrûk fan Hollânske amtners ‘die spraken niet allemaal keurig ABN’ [Myn skeanprinten, RJ]. Ik lit de anagronismen as ‘Standaardnederlands’ en ‘ABN’ foar de santjinde iuw hjir fierder gewurde, mar der wurdt finaal foarbygongen oan oare skiften fan de Meslânzer befolking dy’t (ek) dialektaal Hollânsk praten. Dyk ‘gunt’ hjir mei safolle wurden wol in plakje oan it Hollânsk, mar dat hie om my wol folle eksplisiter kind. Deselde opset fan redenearjen komme wy tsjin yn in oare – no nochris mei klam troch Dyk oanhelle – passaazje fan Cor van Bree út it Handbuch des Friesischen, dy’t ik – jou ik fuort ta – ek oer de holle sjoen haw ‘ … dasz auch die mit dem Stadtfriesischen verwandten Dialekte von Midsland, Ameland und Kollum durch friesische Substratwirkung auf das (Nord-)Holländische mit der hinzukommenden Schriftsprache entstanden sind’ [Myn skeanprint, RJ]. Ek hjir in befestiging fan it ymplisyt litten wat de ynfloed wie fan it dialektale Hollânsk yn ferhâlding ta de ‘Schriftsprache’ wie en dêrmei it skouderjen fan it (gruttere oanpart fan) dialekt. (Sjoch oars foar in resinte yngeande analyze fan it Biltsk op de neamde punten Arjen Versloot yn 2017)
Myn freegjende retoryk: moat ik noch mear dizze?!