Besprek fan it proefskrift fan Raoul Buurke* Frisian and Low Saxon in Flux. Grins 2025.**
In hiel bysûnder taalsosjologysk en sosjolingwistysk (promoasje)ûndersyk is krekt lyn útfierd troch Raoul Buurke fan de Ryksuniversiteit Grins. It jout ûnder oaren in beskaat ynsjoch yn de resinte stân fan saken fan it Frysk en fan it Nedersaksysk wat it persintaazje sprekkers (taaltelling) oangiet as it soarte Frysk en Nedersaksysk (ferliking fonetyske fariaasje mei wurdlist) dat troch ferskillende generaasjes praat wurdt. Juny 2024 wie de memmetaalbehearsking al foar beide bekend makke; yn Fryslân praat 48% Frysk as earste taal, yn Grinslân en Drinte is dat foar in Nedersaksyske fariant 41%. Foar Fryslân wie dat in lytse tebekgong neffens 2018 (50%), foar it Nedersaksyske gebiet is dat net bekend. Ik rjochtsje my foar de nije útkomsten yn it ramt fan Frisistyk benammen op it besprek fan it Frysk, foar in part oan de hân fan Buurke syn achtste stelling: Meten is weten, maar perfecte meetmethodes bestaan niet. (Ynspirearre op Heike Kamerlingh Onnes, 1882). By it konstruearjen fan beide soarten mjitynstruminten binne ferskillende tûkelteammen te oerwinnen. Ik slút dêrom ôf mei in earste skets yn grutte halen mei in útstel om dy tûkelteammen safolle mooglik te omsilen by takomstich survey-ûndersyk.
Taalsosjologysk part: taaltelling
Dit taalsosjologysk ûndersyk fan de taaltelling is bysûnder yn de skiednis fan surveyûndersyk nei it Frysk, omdat it tagelyk ek yn Grinslân en Drinte dien is en dêrtroch in ferliking mei de taalsituaasje dêr mooglik makket. Boppedat makket it grutte tal ynformanten út Fryslân fan 14.500 dat it der boppe-út kipet. Buurke hat nammentlik gebrûk meitsje kind fan de database fan it noardlike medyske ûndersyksprogramma Lifelines, dat in ynformantebestân is dat net op taalachtergrûn selektearre is. Dochs is dat likegoed net in represintative ôfspegeling fan de hiele Fryske en noardlike befolking; froulju, âlderen en heechoplaten binne oerfertsjintwurdige. Mei in saneamde poststratifikaasje, d.w.s. troch it opheegjen fan de ûnderfertsjintwurdige groepen, is dy populaasje oant op in hichte wol represintativer te meitsjen, mar it grutste probleem sit yn de selsseleksje, dy’t de stekproef útmakket. It smiet nammentlik ek yn dit gefal in non-respons fan 70% op, nei alle gedachten mei in soad minsken dy’t net Frysk of in Nedersaksysk dialekt prate, in bekend probleem fan enkêtes, hielendal digitale. Der is by de digitale fariant nammentlik gjin inkelde oantrún om de fragelist op de kompjûter yn te foljen. Mei in doar-oan-doarenkête kin in goede enketeur de minder-motivearre respondint noch oer de streek helje mei in gesellich praatsje, mar in linkje op jo skerm docht dat net. Dy non-respons is op dy neamde kategoryen mei poststratifisearjen net represintativer te meitsjen, want de non-respons wurket dêryn troch; de sprekkers fan de minderheidsfariëteit bliuwe oerfertsjintwurdige. Buurke hat besocht om dy represintativiteit te ferheegjen troch oan it bekende neamde rychje in fariabele ta te heakjen dy’t wol direkter te linken is oan behearsking fan it Frysk of it Nedersaksysk: de yntinsiviteit fan postkoades dy’t op in urbane dan wol op in rurale wenomjouwing tsjut. Bekend út earder ûndersyk is dat op it plattelân mear sprekkers fan de minderheidstalen wenje as yn de stêd. It lykskeakeljen fan de stekproef mei de hiele populaasje wie Buurke lykwols dêrnei noch net nei ‘t sin. Neffens dy oanpak kamen dy talen noch te heech út de bus. De lêste stap dy’t er dêrom noch dien hat is te sjen nei de ûnderferdieling yn generaasjes by soartgelikens ûndersyk, foar Fryslân, ûnder oaren út 2018 (Klinkenberg-en-dy, Taal yn Fryslân; de folgjende generaasje). Hy hat it persintaazje prate kinnen fan it Frysk fan in generaasje fan 2018 as referinsje nommen en dat fermennichfâldige mei it persintaazje oerdracht fan it Frysk fan 2025. Dêrby opteld kaam noch it persintaazje Fryskpraters dat it yn 2025 bûten de doar byleard hie. Mei dy sifers hat er besocht om de persintaazjes de generaasje benei te kommen.
Yn tabel 1 steane Buurke syn sifers neffens trije generaasjes nêst dy fan Klinkenberg-en-dy 2018. De útkomsten fan dizze aselekte stekproef kinne dêrom – it giet by stekproeven altyd om in beneikommen en gjin eksakte fêststelling – likernôch as in ôfspegeling fan de hiele Fryske populaasje beskôge wurde. By de stekproef dan 2018 is dy oerfertsjintwurdiging fan Frysktaligen net oars en se binne dêrom ridlik ferlykber.
Frysk prate kinne (maklik-goed) | Thústaal Frysk | |||
Bertejier | Buurke 2025 | Klinkenberg- en-dy 2018 | Buurke 2025 | Klinkenberg- en-dy 2018 |
1961-1981 | 65 | 71 | 46 | 60 |
1982-1996 | 60 | 68 | 47 | 62 |
1997-2016 | 59 | 66 | 51 | 62 |
De sifers fan Buurke litte sawol by de behearsking (maklik of goed Frysk prate kinne) as by de thústaal legere persintaazjes sjen yn ferliking mei Klinkenberg-en-dy. Sitte dy foar de behearsking yn 2025 op sa’n 65-59%, earder wie dat 71-66%. Foar de thústaal is it no 46-51%, doe 60-62%. Opfallend is wol dat sawol foar Buurke as Klinkenberg-en-dy mei it jonger wurden fan de generaasjes de thústaal opgeand is mei respektivelijk 46 nei 51% en 60 nei 62%. Dy lêste útkomst moat fansels by in survey net al te abslút besjoen wurde.
De sifers foar it Nedersaksysk binne folle negativer. Yn tabel 2 binne dy foar Grinslân en Drinte opdield en is ek noch in opsplissing yn inkeld Nederdsaksysk as ek noch Nederlânsk makke.
Nedersaksysk prate kinne (maklik-goed) | Thústaal Nedersaksysk (en Nederlânsk) | |||
Bertejier | Grinslân | Drinte | Grinslân | Drinte |
1952-1972 | 51 | 55 | 22 (30) | 28 (37) |
1973-1993 | 39 | 46 | 14 (24) | 19 (33) |
1994-2015 | 28 | 39 | 6 (14) | 10 (23) |
De delgong foar it Nedersaksysk is yn alle kategoryen negatyf: sawol de behearsking yn Grinslân en dy yn Drinte, as ek inkeld Nedersaksysk as thústaal en yn kombinaasje mei it Nederlânsk. De delgong yn de jongste generaasje yn Grinslân is respektivelik mei 28, 6 en 14% it slimst, yn Drinte mei 39, 10 en 23% net folle better.
Sosjolingwistysk part: taalferskowing tusken generaasjes
Utgongspunt foar it sosjolingingwistyske part wie in list mei 133 Nederlânske wurden (yn tabel 3 troch my nei it Frysk oerset) dy’t Goeman, Taeldeman en Van Reenen ein jierren tachtich ferline iuw (1980) oersette lieten nei de eigen lokale wurden yn it Frysk of it Nedersaksysk. Dy wurden binne dêrnei troch deselde ynformanten ynsprutsen. De achtergrûn fan de sprekkers yn beide datasets is relatyf gelyk, omdat meast selekt keazen net-mobile âldere plattelânsmanlju (faak ôfkoarte ta NORM’s) as ynformant tsjinnen.
De wurdlist (N=133) yn Fryske oersetting (mei dialektale farianten). | ||||||
ierde | driigje | huzen | maten | ribben | stil | wy hawwe (e) |
efter | trije | jong | famke (n) | read | stof (túch) | wy klopje |
beg(j)inne | tin | krekt (júst) | moatte (o, u) | riek (ee) | Str(j)itte (u) | wy krije |
bij | doar(r)e | keamers | moarn | rút | str(j)itten (u) | wil |
bine | eigen | kasten | wiet | skea | sûker (ú) | sân |
blau | gewoan | katten | nij | skiep(en) | tiid | sjippe sepe |
blaze | glês | bern | neame | skeel | trouwe | sizze |
bliede | gers | lyts | no | skeppe | twa | sile |
bouwe | griis | klopje | om | skerp | twadde | sels |
baarne (râ) | grien | knidzje (eed) | ús | skuon (unnen) | ûlen (ú) | seis |
breed | helje | kij (koeien) | ek ik | skr(i)uwe | heit | sette |
brekke | hurd | siede (kôkje) | op | skowe | fals(k) | santich |
bûten (ú) | hawwe (e) | krije | hynders | sliepe | fjouwer | siik |
terms (en) | hjit (y) | krom (û) | Peaske | smel | freget | sjocht (u) |
doarren | himel | lilk kwea | piipje | sparje | frij | sulveren (i) |
tsjinje | hoeke | letter | planke | stean | freed | sûnder (o) |
donker tsjuster | hoale | lykje | ploegje | stien | fjoer | soer |
troch | hea | rint | raar nuver | stiennen | witte (ite) | swier |
draaie | hâlde | rinne | rêde | stiif | wy brekke | swimme (e) |
Begjin jierren tweintich dizze iuw hat Buurke foar syn ûndersyk (2020) û.o. dizze wurden op ‘e nij ynsprekke litten troch 74 ynformanten fan deselde wenplakken yn Fryslân en it hiele Nedersaksyske gebiet as by it ûndersyk fan 1980, dus mei Oerisel en Gelderlân (sj. figuer 1 hjirûnder).
Mei noch in ferlykjende ynsprutsen Nederlânske fariant waarden de trije opnamen mei transskripsjes ûnderinoar ferlike op grûn fan de fonetyske transkripsjes fan 1980 en 2020. Der is ferlike mei help fan de Levenshtein-metoade dy’t ferskillen tusken beide kwantifisearret; bygelyks it ferskil tusken ‘mûs’ en ‘mús’ is 1. Der wie in ferliking tusken de NL-fariant en 1980 en ien tusken de NL-fariant en 2025. As de NL-2025 ‘ôfstân’ lytser wurden wie (dus mear feroaring wie) as de NL-1980- ôfstân, dan is der sprake fan opskowen nei (konverginsje mei) it Nederlânsk en as de ferhâlding krekt oarsom wie, is der sprake fan diverginsje. Mei dy ferliking kin mei dizze saneamde real-timemetoade in ferskil yn werklike tiid fan sa’n 40 jier makke wurde. De útkomsten binne abstrakt yn in printsje opnommen mei yn figuer 2 (a) it opskowen (Convergence) nei it Nederlânsk en (b) it ôfstân nimmen (Divergence) fan it Nederlânsk.

Yn grutte halen komme beide plaatsjes der op del dat it Frysktalige gebiet blau-grien kleuret en dus net opskoot nei, en ek net ôfstân nimt fan it Nederlânsk; it Frysk bliuwt taalkundich (likernôch) stabyl. It Nedersaksysk kleuret dêrfoaroer foar it grutste part giel-read, dat it Nedersaksysk is (tige) ynstabyl. It lykje hiele plausibele útkomsten; it giet dêrmei dus net om in pear opfallende losse wurden of in reade wurdfolchoarder mar om feroaring yn de basiswurdskat. Fierders – as byrispinge – is it sa dat ferskillende Fryske dialekten as it Súdwesthoeksk, Wâld- en Klaaifrysk mear op elkoar begjinne te lykjen. De totale taalferoaring metten neffens dy 133 wurden is ek net folle, want yn likernôch 85% fan alle yndividuele klankferlikingen oer alle transkripsjes hinne wie der gjin feroaring. Yn Grinslân is dat krekt it tsjinoerstelde: dêr wurdt it lokale dialekt oanmerkliker Nederlânsker.
Besprek fan de útkomsten
Sawol de útkomsten foar Fryslân as dy foar it Nedersaksyske gebiet binne net ferrassend. Yn Fryslân bliuwe de taalferhâldingen wat taaltelling en taalferoaring oanbelangje (likernôch) stabyl. Al sûnt de jierren tachtich wize de sifers derop dat sa’n helte fan de Fryske befolking Frysk as memme- en as thústaal praat, sa’n twatredde it op syn minst maklik prate kin en de taaloerdracht (justjes) ôfnimt ta minder as de helte. Op wat opfallende wurden as ‘kaai’, ‘hja’, noch wat minder frekwinte (ferâldere) wurden en de Nederlânske tiidwurdfolchoarders as ’litte sitten’ nei bliuwt de bulk fan de basiswurdskat (A1- en A2-nivo fan de hjir brûkte wurdlist) stabyl; bgl. telwurden, dagen fan de wike, kleuren, foarsetsels, ensfh. (sjoch tabel 3) ferskowe net nei de Nederlânske foarmen, ‘trije’ wurdt net ‘drie’, ‘grien’ wurdt net ‘groen’ en ‘efter’ is allang ‘achter’ (en is dus gjin ferskowing). De stap fan it Frysk nei it Nederlânsk is te grut. By it Nedersaksysk is dy stap yn de persepje fan de sprekkers blykber folle lytser; der bestiet in kontinuüm tusken it dialekt en de standertaal Nederlânsk. Foar it Frysk bestiet dat kontinuüm net, mar dat hat net iens safolle út te stean mei it feit dat it Frysk wol in eigen standerttaal hat (en net is!) en it Nedersaksysk nét, want ek lokale dialektale foarmen waarden yn de wurdlist meinommen. Ik tink dat it trochslachjaande ferskil – nêst fansels oare maatskiplik fariabelen as prestiizje en tichtheid fan it sosjale netwurk – út te stean hat mei it besef fan in eigen selsstannige taal. Dat docht ek bliken by de fraach oft de eigen fariëteit los sjoen waard fan it Nederlânsk; 84% fan de Friezen sei fan al en 87% fan de Nedersaksen sei fan net. It taalbewustwêzen is yn Fryslân folle grutter en foarmet in rem op taalferoaring, mar ek dat wie al bekend.
Der is wol wat nijs oer de mjitmetoade te sizzen; yn it ferhaal fan Buurke hat dy net om ‘e nocht sa’n soad omtinken krigen: de survey dy’t út giet fan in represintative stekproef mar dy’t dat troch de non-respons fan net-sprekkers net is en ek nei in poststratifikaasje net wurden is. By it referinsjeûnderdyk fan 2018 wie de non-respons 82% en by Buurke 70%. De sintrale fraach is dêrom hoe’t de non-respons omleech brocht wurde kin. De non-respons hat neat mei de grutte fan de stekproef út te stean. De ûndersiken fan 1980 en 1993 hienen in lege non-respons fan respektivelik 18 en 32%, omdat der mei enketeurs wurke waard dy’t by de foardoar oanbellen en troch in persoanlike oanspraak sosjale druk útoefenje koenen om mei te dwaan, en dat wurke. Sadwaande dienen nei alle gedachten ek mear net-sprekkers mei en kaam der in represintativere stekproef. No is it net mear fan dizze tiid om protten enketeurs en lange listen de doarpen en stêden yn te stjoeren. It kostet tefolle en de minsken hawwe it net mear oan tiid. Om suksesfol tagong te krijen ta de respondinten moat dêrom de oanspraak oan de doar flot en direkt wêze en de fragelist net te lang; de fragen soenen steande by de doar ôfnommen wurde kinne.
Dêrom as ôfsluting in earste skets fan hoe’t op in aselekte wize en neffens de hjoeddeiske regels foar sosjaal ûndersyk soks útfierd wurde kinne soe. Myn útwurking yn grutte halen is sa:
- Om de stekproef ‘behapber’ te meitsjen moat der in kar út alle gemeenten makke wurde. Liuwe Pietersen hat dat by de earste grutskalige survey De Friezen en hun taal (1969) ek dien út it doetiidske oantal fan 44. Hy hat in aselekte kar makke fan 11 gemeenten en Ljouwert dy’t mei-inoar stean koenen foar de hiele provinsje. Fansels sil der by takomstich ûndersyk ferskillende soarten gemeenten yn de stekproef sitte moatte: in (gemeente mei in) grutte stêd, in (gemeente mei in) in grutte flekke, rurale gemeenten mei (in) grut(te) doarp(en) en ien dêr sûnder. As foarbyld fan dy ien-nei-lêste nim ik myn eigen gemeente Opsterlân as rurale gemeente mei it grutte doarp De Gordyk (sa’n 7500 ynwenners).
- Nei de kar foar de gemeente kin der op gemeentlik nivo ek wer in kar makke wurde út bygelyks De Gordyk en in pear oare doarpen, bygelyks Oerterp, Beetstersweach en Bakkefean.
- Op doarpsnivo fan De Gordyk besteane der in lytse 4500 adressen dêr’t ek wer in aselekte kar út makke wurde moat. Stel: men wol mei-inoar sa’n 150 (maklik rekkenjen) dêrfan yn de stekproef, dan kin út de earste 29 adressen op in alfabetyske strjitnammelist in at random begjin kieze litte om dêrnei om de 29 (want ferspringend fan even nei ûneven) húsnûmers oan te beljen.
- As it adres net bewenne, de bewenner(s) net thús te treffen is of de bewenner wegeret om mei te dwaan, wurdt it neikommende adres keazen. Yn it ûndersyk fan Taal yn it grinsgebiet (1990) is sa it Frysktalige gebiet yn it no Grinslânske Westerkertier yn kaart brocht.
- Fansels sille by húshâldingen mei bern faak folwoeksenen oan de doar komme. It is dêrom goed om de leeftydsgrins net te leech te kiezen, bgl. 18 jier. De earste kennis komt al by it soarte wenwyk (S.E.S.) en by de doar mei it geslacht (f/m/û), leeftyd (<30/ 30-50/51-65/<65) en de taalkar fan dy persoan as er yn it Frysk oansprutsen wurdt (Frysk/net-Frysk). By wegering kinne yn alle gefallen dy fjouwer fariabelen meinommen wurde, ek allinnich al om sicht op de non-respons te krijen. As der net in wegering is, kin de persoan oan de doar noch in lyts tal fragen steld wurde.
- Hokker fragen der yn alle gefallen dan steld wurde kin, moat strategysk en praktysk oer neitocht wurde; de list moat net te lang. It belangrykste doel by in taaltelling is ommers kennis oer de ferhâldingen neffens memmetaal, dy neffens de taal mei en memmetaal fan partner, de taal mei de eigen âlden, en mei de eventuele bern (thústaal). Mei dy fragen soe it yn prinsipe takinne. Ien enketeur kin sadwaande in grut tal adressen ôfnimme en de antwurden fuort yntoetse op de telefoan; it databestân is daliks klear.
- De mooglike respondinten wurde fia de lokale media fan te foaren op de hichte brocht dat it om anonym wittenskiplik ûndersyk giet dêr’t de antwurden fan yn gemiddelden ferwurke wurde.
- Alle fragelisten fan de ferskillende stêden en doarpen kinne nei it fjildwurk fuort ferwurke en beskreaun wurde.
Dat nei oanlieding fan it grutskalige surveyûndersyk fan Raoul Buurke. Graach reaksjes op dizze rûge skets foar mooglik lytsskaliger ûndersyk mar in hegere respons, want Meten is weten, maar perfecte meetmethodes bestaan niet.
Buurke, R. (2025). Frisian and Low Saxon in flux. [Thesis fully internal (DIV), University of Groningen]. University of Groningen. https://doi.org/10.33612/diss.1198624783
*Mei tank oan Raoul Buurke foar de nuttige oanwizingen en de tastimming foar it brûken fan de yllustraasjes út syn proefskrift.
** ‘Frisian and Low Saxon In flux’ betsjut ‘yn beweging’, dat kin posityf, mar kin ek negatyf, ‘yn ferfal’ wêze.
Laat een reactie achter